Rubryk 16-4-2021

doorfriesdammen

Rubryk 16-4-2021

Trije wike lyn stoar hommels Sjoerd Huitema. Jierrenlang hearde hy by de Fryske sub-top yn it oerhoeks damjen. Bysûnder is dat hy in jier as seis lyn ek ynteresse krige foar it Frysk damjen. En hy lid waard fan damklup  ‘De Stadige Strikers’ fan Skearnegoutum. Al rille gau koe Huitema him goed rêde mei ús fariant. En die ek mei oan priisdammerijen. Sa as it renomearre Fryslân Open te Frjentsjer. Yn maart 2017 wie hy fan de partij en kaam yn de fjirde omloop mei swart tsjin Kees Tijssen te sitten. Dy damt al lang yn de subtop en Huitema joech prima partij.

1.32-27 20-25 2.27-22 17×28 3.33×22 18×27 4.31×22 12×32 5.38×27 11-17 6.27-22 17×28 7.34-30 25×34 8.40×27 19-24 9.37-31 14-20 10.31-26 20-25 Huitema is goed troch de iepening kaam. Hie no ek foar de ôfruil 10. ..24-30 kieze kinde. 11.39-34 7-12 12.34×14 9×20 13.42-38 20-24 14.41-37 10-14 15.37-31 14-20 16.27-21 16×27 17.31×22 12×32 18.38×27 13-19 19.27-21 8-13  Om oan te fallen mei 24-30. 20.44-40 5-10 21.36-31 10-14 22.21-16 24-30 23.35×24 19×30 24.40-35 14-19 25.35×24 19×30 Moai opboud troch swart. It spul is lykweardich.26.31-27 30-35 27.27-21 13-19 28.46-41 19-24 29.41-36 3-9 30.47-42 9-14 31.42-38 24-30 Swart hâldt him oan it âlde prinsipe; strike yn de sterke hoeke.32.43-39 4-10 Is 20-24 better? 33.49-44 14-19 34. 38-33? No lit Huitema it lizze.

34. ..19-23 35.33×13 35-40 36.44×24 20×47  Moai kombinearre nei de daam. Mar wyt kin dat no ek. 37.13-8 2×13 38.16-11 6×17 39.21×5 47-20 Wyt hat no it bettere spul en sil winne. 40.5-46 1-6 41.26-21 25-30 42.36-31 20-25 43.21-16 6×37 44.46×35 25-48 45.35×5 48-34 46.50-44 34-30 47.5-10 30-24 48.44-40 24-33 Swart hie moatten 35. ..6-11 36. 16×7 2×31 37.30-34 39×30 38.20×27 mei in moai einspul. 39.13-8 10-14 Wyt kin lang gjin daam strike. 40.50-44 1-6 41.44-40 35×44 42.45×43 6-11 43.43-39 11-16 44.39-34 14-20 Noch altiid kin de daam net. 45.34-39 27-32 46.8-3 20-24 47.29×20 15×24 48.3-26 32-38 kamp.

Twa problemen fan Stellinga-Baron

Nû. 27 sw. 6,7, 10, 13, 15, 19, 25, 29, 30 wyt 17, 21, 27, 28, 36, 38, 39, 42, 44

Nû. 28 sw. 1, 3, 10, 11, 13, 18-21, 27 wyt 30, 32, 34-36, 38, 40, 42, 43, 49

Oplossingen noch net stjoere.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

Over de auteur

friesdammen administrator