Rubryk 20-11-2020

doorfriesdammen

Rubryk 20-11-2020

It dambûn hie freed 13 novimber in priisdammerij op lidraughts.org útskreaun. Nei oardel oere kamen de bekinde kopstikken boppe driuwen. Marten Walinga wie net te bedamjen en wûn alle spullen. Jelle Wiersma, good-old Sjoerd Couperus, Folkert Groenveld en Teake Kooistra mochten it oare prizenjild ferpartsje. Mar wat te tinken fan de Wyt-Rus Konstantin Nord. Hy makke al grutte yndruk by it Fryslân Open en wie mei Walinga de ienige dy’t gjin ferlies ferwurkje moast. It lêste spul fan Walinga tsjin Frysk kampioen Jelle Wiersma mei wyt. De tinktiid wie beheind; tsien minuten en acht tellen de set der by. 1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17×37 4.41×32 16-21 5.26×17 12×41 6.46×37 11-16 7.36-31 7-12 8.31-27 16-21 9.27×16 6×26 10.32-28 10-14 11.37-32 5-10 De ôfruil troch 11. ..25-30 12.34×25 19-24 as 20-24 kin ek. 12.42-37 1-7 13.37-31 26×37 14.32×41 12-17 15.28-23 19×28 16.33×11 7×16 17.34-30 25×34 18. 39×30 20-25 (ferpl.) 19. 44-39 25×34 20. 39×30 15-20 21.30-25 18-22 Swart moat oer rjochts, de oare kant stiet fêst. 22.49-44 13-19 22.38-33 is better, dan wurdt de swarte opbou nei fjild 19 fersteurt. 23.38-32 22×42 24.48×37 16-21(ferpl.) 25.37-31 21-27 etc. mei lykwicht 25.43-39 21-26 26.39-34 8-13 Der drige 41-36! 27. 34-29 19×39 28. 44×33 20-24 29. 25×23 13-19 30. 35-30 19×39 31. 40×38 14-20! Swart lit him opslute oan de linkerkant, mar kin al oan in oanfal bouwe. 32.30-25 10-14 33.38-33 9-13 34.33-29 13-19 35.29×9 4×13 36. 45-40

36. ..20-24! 37.25×23 13×33 38.50-45 2-7 39.40-35 7-12 40.45-40 12-18 en wyt rint stomp. 36. …2-7 Wyt kin noch kamp meitsje troch fjild 28 te besetten. 37.40-34 20-24 38.25×23 13×35 39.37-32 3-8 40.32-28 37. 50-45 7-12 38. 40-35 20-24 No wol! 39. 25×23 13×33 40. 45-40 14-20 41. 40-34 12-18! Swart komt in hout efter, mar strykt wyt moai fêst. 42. 34×32 3-8 43. 47-42 8-12 44. 42-38 18-23 45. 38-33 23×43 46. 32-28 20-24 Noch oppasse foar 46. 43-48? 47.28-23 48×31 48.41×21 26×17 47. 37-32 12-17 48. 41-37 17-21 en wyt jout op.

De oplossingen fan de problemen en wer twa nijen fan Willem F. Bakker Nû.5 1.29-23 2.×35 3.×21 4×34 5.28-22 Nû.6 1.50-45 2.31-26 3.×9 4.40-34 5.34-296.35-30 Nû.7 1.31-26 2.42-37 3.48-43 4.20-14 Nû.8 1.37-32 2.×41 3.41-36 4.×20 5.×30 Nû.9 1.25-20 2.43-39 3.28-23 4.×22 5.37-32 6.×5 7.×48 8.48-34 9.×34 Nû.10 1.47-42 2.29-23 3.25-20 4.33-28 Nû.11 sw. 7, 8, 12, 14, 20, 23, 30 wyt 16, 32, 36, 37, 40, 48

Nû.12 sw. 6, 8, 13, 14, 19, 30 wyt 16, 28, 36, 37, 39, 48 Oplossingen noch net stjoere. Folkert Groenveld Riperwei 6 8623 XH Jutryp groenveldf@hotmail.com

Over de auteur

friesdammen administrator