Rubryk 25-4-2025

doorfriesdammen

Rubryk 25-4-2025

Nei trije omlopen yn de ‘tredde acht’ hie Willem Hoekstra de lieding mei in 100% skore. En soe dit útbouwe ta in ûnbedrige earste plak en promoasje nei de ‘twadde acht’. Dat wie ek wol de ferwachting want krekt foar it kampioenskip hie der noch Frysk kampioen Jelle Wiersma út de Fryslân Kup knikkere. Dy trije partijen hienen in lyk ferrin. Oan it einspul ta in op it each likense stân en dan pakte Hoekstra troch. Yn de earste  omloop yn thúshaven Aldegea moast debutant Sjouke Attema nei in forcing yn it einspul bûge. 

Swart spile 29. ..13-19 en driget daam mei 17-21. 30.34-29 19-24 31.39-34 24×33 32.34-30 20-25 33.32×24 is net goed foar wyt dus 30.31-26 20-25 31.32-27 17×37 32.47×27 12-18 (skerper is  13-19) en lykswols komt wyt oan 33.27-22 18×27 34.26×28 6-11 35.39-33 19-24 

Tsjin klupgenoat Rein Jan Walinga gie it yn de twadde omloop lang lyk op.  

39.41-37 7-11 40.47-42! 20-25 41.37-32! en driget mei it heakje 36-31 41. ..16-21 41. ..17-21 42.26×17 16×18 is better 42.38-33 4-9 43.45-40 25-30? 44.40×20 15×24 45.33-29 etc. 43. ..9-14 9-13 jout better tsjinspul. 44.33-29 14-20 45.40-34 11-16 46.50-44 20-24 47.34×14 15×13 48.29-24 25×23 49.32-28 23×32 50.42×31 13-19 51.44-40 Good-old Bauke Dijkstra foarme noch in bedriging. Yn de seisde omloop te Blauhús gie it yn it lette middenspul mis. 

Wytspiler Hoekstra bringt der wer in driging yn mei it heakje 45-40. 36.48-43 24-29? 37.39×19 20×18 en wyt hat de oanfal oan de rjochterkant. Better wie 36. ..4-9, 9-13 en dan de ôfruil troch 24-30. Wyt spilet it goed út. 38.26-21   6-11 39.31-26 11×31 40.26×37 8-12 41.37-31 12-17 42.31-27 17×37 43.47×27 4-9 44.49-44 1-7 45.27-21     en swart sit fan twa kanten yn ‘e knipe, komt daalk oan en ferliest.  

Nû.29 sw. 8, 9, 17, 18, 20, 30 wyt 29, 32, 36, 39, 40, 42 

Nû.30 sw. 8, 10, 11, 18, 27, 45 wyt 26, 28, 38, 43, 47, 50  

En noch twa fan Stellinga-Baron. 

Nû.31 sw. 7, 12, 13, 17, 18, 23, 33 wyt 26, 32, 34, 36, 37, 41, 43 

Nû.32 sw. 8, 9, 11, 14, 16, 25, 26 wyt 20, 23, 30, 34, 36-38 

Oplossingen stjoere foar 9 maaie. 

Folkert Groenveld  

Riperwei 6 

8623 XH  Jutryp 

groenveldf@hotmail.com 

Over de auteur

friesdammen administrator