Rubryk 26-9-2025

doorfriesdammen

Rubryk 26-9-2025

Fan it simmer wie der in primeur foar it Frysk damjen. Oanslutend op it WK hoeks damjen te Kameroen wie der it African Open Frysk damjen. Trije ôffallers fan dat WK kamen hjir ek boppe driuwen. Aleksej Domchev út Litouwen, Nederlanner Jan van Dijk en út Kameroen Jean Marc Ndjofang en Guy Tatou mochten yn de Grutmaster om de priis stride. Fryske toppers wienen net fan de partij. By eintsjebeslút wienen it dochs de mannen dy’t yn Fryslân al faker acte de presence joegen hienen. Van Dijk pakte de priis mei treddel punt. In healtsje foar Domchev, dy’t Ndjofang ek wer in healtsje foar bliuwde. Foar Tatou wienen de grutmasters dúdlik in maatsje te grut. Beskiedend wie de twadde omloop doe’t Van Dijk al yn de iepening in skiif op Domchev wûn en it kreas ôfmakke.

J. van Dijk – A. Domchev, 19.6.2025 Yaounde (Kameroen) twadde omloop Grutmaster African Open 

1.32-27 20-25 2.27-22 17×28 3.33×22 18×27 4.31×22 12×32 5.38×27 14-20 6.36-31 9-14 7.42-38 19-24  8.38-32  11-17 Hjir is 9.41-36 better. 9.34-30 25×34 10.39×19 20×18 11.41-36 13-19 En foar swart hie moatten 11. ..17-21 12.31×11 6×17  12.31-26 17-21?  Wêrom net 8-13? 13.26×17 7-12?? Swart komt in hout efter. Nei 13. ..7-11 14.37-31 11×42 15.48×37 hie swart lyk bleaun, mei noch wol dreech spul. 

14.35-30 12×21 15.30-24 19×30 16.40×7 2×11 17.44-40 10-14 18.36-31 21×41 19.47×36 1-7 20.32-28 18×38 21.37×39 En der waarden noch tweintich setten dien, mar swart krige gjin kânsen mear. De oare deis koe Van Dijk de titel pakke tsjin de Afrikaanske legende Jean Marc Ndjofang. In wrâldtopper yn it hoekse spul en sa stadichoan ek goed bebiten yn it Fryske Spul. Van Dijk kaam mei de skrik frij en hie noch hast in barraazje tsjin Domchev en Ndjofang moatten. 

J. van Dijk – J. M. Ndjofang, 20.6.2025 Yaounde (Kameroen) tredde omloop Grutmaster African Open 

1.32-27 20-25 2.27-22 17×28 3.33×22 18×27 4.31×22 12×32 5.38×27 14-20 6.36-31 11-17 7.27-22 17×28 8.34-30 25×34 9.40×27 13-18 10.41-36 18-22 11.27×18 19×17 12.31-26 7-11 13.37-31 Nei in rêstige iepening begjint it middenspul yn in lykweardige stân. 13. ..8-12 14.31-27 17×37 15.42×31 12-17 16.39-34 2-7 17.44-40 7-12  18.43-38 3-8 19.38-32 17-21 20.26×17 12×41 21.46×37 8-12 22.36-31 better is 37-31. 22. ..12-17 23.34-30 20-25 24.31-27 25×34 25.27×7 11×2 26.40×29 No komt der in skiif dy’t wat wyld stiet. Dêrom is 35×33 better. 26. ..6-11 27.32-27 11-17 28.27×7 2×11 29.48-43 11-17 30.43-39 9-13 31.39-34 13-18 32.34-30 18-22 33.30-24? En wyt stiet der minder op. 33. ..17-21? Nei 33. ..22-27 en bygelyks 34.29-23 1-6 35.49-43 27-31 36.37×26 16×36 komt wyt oan yn de lange hoeke. 34.29-23 10-14 35.50-44 14×34 36.44×24 1-7 en it is wer lykwicht  

In kamp-fr=ariant is 37.37-31 21×41 38.23×21 16×27 39.47×36 7-12 40.49-43 12-18 41.43-38 4-10 42.35-30 10-14 43.24×4 5×3 44.38-33 18-22 45.30-25 15×35 46.45×25 3-8 47.25-20 27-31 48.36×18 8×39 37.23-19? 22-28 Fansels net de efterstreek 4-9, om 37-31. No driget 21-27 en wyt moat offerje. 38.19-14 15×13 39.24-20 21-27 40.37×17 7×27 41.20-15 5×25 42.35×15 27-31 43.45-40 31-36 44.40-35 28-32? No hellet wyt noch kamp. Nei 44…13-18 45.47-41 36×47 46.15-10 46×50 47.10-5 4-10 48.5×6 18-22 wint swart. 

45.47-41! 36×47 46.15-10 47×50 Daamslach giet foar. En wyt set it op slach 47.10-5 50-45 48.5×6 45×5  

Twa problemen fan Ties Slagter 

Nû.1 sw. 3, 7-9, 14, 20, 25, 30 wyt 17, 22, 23, 28, 31, 32, 39, 47  

Nû.2 sw. 2, 6, 10, 12, 18, 20, 24, 40, wyt 16, 21, 26, 37, 39, 42, 46, 48 

Oplossingen noch net stjoere. 

Folkert Groenveld 

Riperwei 6 

8623 XH  Jutryp 

groenveldf@hotmail.com 

Over de auteur

friesdammen administrator