Op ‘e nij en foar de tredde kear op in rige, earder al yn 2018 en 2021, is Marten Walinga fan Waaksens wrâldkampioen wurden. Nei in lange en fûle striid kaam hy by de einstreek in heal punt boppe Frysk kampioen Jelle Wiersma út. It toernooi, ein augustus te Harns, sette útein mei sechtjin dammers. Kwalifisearre troch it Fryslân Open en toenooien op lidraughts. De sterke Kanstantsin Nord (Wyt-Ruslân) en Mikael Batunin (Ukraïne) koene spitigernôch net komme. Sawn omlopen fierder hienen Wiersma en Taeke Kooistra 5,5 pt., wylts Walinga op 4,5 pt. stie mei grutte ferrassing Ties Slagter fan Den Bosch en Grinslanner Fedde Kramer. Nei de barraazje foel Kramer ôf en yn de finale koe Slagter it net risse en ferlear alle spullen yn de dûbele omlopen. Al hie er foar de priis noch in wichtige slach slein kind. De ûnderlinge partijen Walinga, Wiersma en Kooistra wienen dêrom beskiedend. Walinga en Wiersma pakten elk in punt mei in kombinaasje.
M.Walinga-J.Wiersma, Harns 23.8.2024 Finale WK, omloop 2A
Mei sterk spul hie Wiersma in bettere stân opboud. 29.37-31 hie moatten. Nei 29.45-40? 24-29! 30.39×17 13-18 31.17×19 9×16 spinpoate wyt noch wat troch, mar wie it spul wol dien. Lykswols pakte Walinga deselde dei yn de middeispartij in punt werom.
J.Wiersma-M.Walinga, Harns 23.8.2024 Finale WK, omloop 2B
Nei minder sterke setten fan wjerskanten 17.36-31 (better is 42-37) 14-19 (15-20!)
blundert wyt mei 18.46-41? en folget 18. ..30-35! 19.45×5 11-16 20.5×37 16×27 en it is daalk út. Nei letter bliken dwaan soe, beskiedend puntferlies foar Wiersma. Dy’t dochs wol as grutste favoryt sjoen waard en it lykas yn 2018 by de ein fan it toenooi lizze liet. Op de lêste dei moast Walinga (2,5 pt.) twa kear tsjin Slagter (0 pt.) en Wiersma (3 pt.) twa kear tsjin Kooistra (2,5 pt.).
M.Walinga-T.Slagter, Harns 24.8.2024 Finale WK, omloop 3A
Nei in lyk opgeande partij struts Walinga it foar de hân lizzende 27.32-27? en hie him grif de titel koste at Slagter taslein hie mei 27. … 35-40! 28.50×10 15-20 29.10×30 25×41 30.47-42 41×43 31.44x Mar it spul rûn oars en Walinga wûn.
Beide spullen tusken Wiersma en Kooistra waarden kamp. In oare kear sille we sjen dat Wiermsa deryn grif kânsen op winst hie. En doe’t Slagter him yn it einspul tsjin Walinga ferseach wie it tredde kampioenskip in feit. ‘Winners telle punten, ferliezers telle kânsen!’
Dan twa problemen fan Ties Slagter.
Nû.1 sw. 4, 7-11, 13, 17-20 wyt 27, 29, 32-34, 36-39, 41, 49
Nû.2 sw. 4, 5, 8-10, 13, 18, 19 wyt 15, 25, 28, 35, 36, 40, 42, 44
Oplossingen noch net stjoere.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
Over de auteur