Rubryk 30-4-2021

doorfriesdammen

Rubryk 30-4-2021

Yn de simmer fan 2018 waard Marten Walinga de earste wrâldkampioen Frysk damjen. Ferline jier yn maart tsjinne it Fryslân Iepen as kandidatentoernooi. De winner krige it rjocht om de wrâldkampioen út te daagjen. Soks sil yn in twakamp, fan it simmer fan 10 oant 22 augustus, heve. Yn alve partijen sil Folkert Groenveld it opnimme tsjin Walinga. We sjogge no nei harren earste ûnderlinge partij by it niisneamde wrâldkampioenskip. Dat wie te Ljouwert op 6 augustus en Groenveld hie wyt.1. 32-27 19-24 2. 31-26 20-25 3. 37-31 17×37 4. 41×32 14-20 5. 34×14 10×19 Dit is de saneamde Bildtse iepening. Wyt kin no ek 6.35-30 spylje. Sa wol Walinga as Groenveld meie graach in spul op sette. 6. 40-34 11-17 7. 47-41 4-10 8. 32-27 17×37 9. 41×32 12-17 10. 44-40 7-12 11. 50-44 19-24 12. 34×14 10×19 13. 40-34 1-7 De stân is wer symmetrysk. 14. 44-40 7-11 15.35-30! is in moaie set. 15. 32-28 16-21! In prachtige stân mei folop kânsen.

Nei 16.1-27 21×23 17.33-28 23×32 18.38×16 20-24 19.34×23 13×44 20.43-39 44×33 21.35-30 25×34 22.40×38 komt swart der wat better op te stean. Ek kin 15. ..18-22 16.31-27 17×37 17.28×17 16×18 18.42x31as 16. ..22×31! 17.36×18 19×17 18.38-32 16×36 19.46×26 11-16 20.28-23 16×36 21.23-18! 8×37 22.41×31 36×27 23.33-28 27×29 24.39×30 17-21 Wyt hat in hout mear, mar stiet fêst yn de dûbele hoeke.16. 46-41! 19-24 Swart nimt in ôfruil foar kar.17. 34×14 11-16 is 21-27 better?18. 31×22 18×29 19. 33×24 20×29 20. 39×19 13×4 21. 41-37 12-17 22. 37-31 2-7 23. 43-39 Wyt wol ôfruilje, mar swart hat it trochsjoen en in kombinaasje ynboud.

23. ..6-11! 24. 26×6 15-20 25. 35×24 8-12 26. 6×10 5×21 Lyk om, mar de wite stân is ferlern. 27. 38-32 11-16 28. 32-27 21×32 29. 36-31

De lêste problemen foar de ledder, alle fjouwer fan Stellinga-Baron.

Nû. 27 sw. 6,7, 10, 13, 15, 19, 25, 29, 30 wyt 17, 21, 27, 28, 36, 38, 39, 42, 44

Nû. 28 sw. 1, 3, 10, 11, 13, 18-21, 27 wyt 30, 32, 34-36, 38, 40, 42, 43, 49

Nû. 29 sw. 11, 13, 14, 16, 24, 26, 45 wyt 28, 33, 36, 42, 48-50

Nû. 30 sw. 13, 14, 17, 20, 24, 26, 45 wyt 15, 32, 33, 39, 41, 48, 50

Oplossingen stjoere foar 9 maaie.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

Over de auteur

friesdammen administrator