Rubryk 31-1-2020

doorfriesdammen

Rubryk 31-1-2020

Moarn begjint yn Hartwert it PK. Titelhâlder Jelle Wiersma is op ‘e nij favoryt. Taeke Kooistra en Marten Walinga binne op papier de grutste konkurrinten. Yn de ‘tredde acht’ binne al fjouwer omlopen ferspile en steane de beide bûnsbestjoerders Liuwe Westra en Fedde Wiersma oan kop mei 3,5 pt. Dicky van der Meer folget op in heal en Ype Boelens op ien punt. Wiersma hie al twa kear in oerwinning helle nei in lichte kombinaasje. Yn de tredde omloop mei wyt tsjin Siebren Dyk.1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17×37 4.41×32 11-17 5.47-41 7-11? 5. …17-21 as 19-23 binne goede setten.

6.32-27 17×37 7.41×32 11-17 8.33-28 1-7 9.34-30 25×34 10.44×24 20×27 11.31×11 6×17 12.26×6 10-14 De dammers binne no beide it paad bjuster. 13.40-34? Wyt kin daalk in daam strike.  13. .17-22 14.39-33? 22-27 15.32×21 18-22 16.21×23 19×30?  16. ..19×37 17.42×31 7-11 18.6×17 12×41 En de partij is wer folslein yn lykwicht. 17.35×24 14×34 18.6-1 9-14 19.38-33 34×32 20.42×22 12×32 21.1×25 15×35 22.45×25 wyt is in hout foar en wint.

Yn thúshaven Blauhús moast debutant Marcel Altena (wyt) it yn de fjirde omloop belije. 1.32-27 19-24 2.31-26 20-25 3.37-31 17×37 4.41×32 14-20 5.34×14 10×19  6.35-30 25×34 7.39×10 5×14 8.47-41 16-21 9.26×17 18×16 10.40-35 12-17  11.44-39 7-12 12.50-44 15-20 13.31-26 12-18 14.32-28 20-24

Wyt hie net goed opboud en ferlear nei 15.35-30 24×35 16.45×25 18-23 17.33-29 23×34  18.39×30 17-21 19.26×17 11×33  20. 38×29 19×50

En twa problemen fan Hiele Walinga

Nû.17 sw. 11-13, 16, 23, 26, 28 wyt 32, 34-37, 44, 48

Nû.18 sw. 7, 10, 12, 13, 16, 18, 23, 36 wyt 20, 32, 37, 38, 43, 49, 50

Oplossings noch net stjoere.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

Over de auteur

friesdammen administrator