Moarn wurde de lêste twa omlopen fan it Frysk kampioenskip ferdamd. Fjouwerspilers hawwe noch kânsen. Mei 3½ ptstean Jelle Wiersma, Taeke Kooistra en Marten Walinga boppe oan. Regearjendkampioen Wiersma moat noch tsjinKooistra en Walinga. Dat it kin alle kanten op. Misskyn soarget Siebe Walinga wol foar in daverjendeferrassing. Hy folget de koprinners op in heal punt en hat in lichter programma. Kooistra en Marten Walinga treffe noch Tsjerk Wybenga. Foar harren ek in dregerit, sjoen nei de wize hoe’t hy Wiersma mei in kombinaasje te fiter naam. Wybenga hie yn de tredde omloop te Jorwert swart tsjin Wiersma en it stie sa.
Wyt woe ôfruilje en spile 25.38-33? en ferlear nei 25. …15-20! 26.35×4 24-30 27.4×1 6-11 28.1×21 16×49
Rekôr-kampioen Kooistra stiet op skerpmoast klupgenoat Hein de Vries yn de fiifde omloop ûnderfine. Nei 34. ..9-14
35.21-17! 7×36 36.47-41 36×47 37.50-45 47×50 38.39-34 50×35 39.45×5 en wyt hat in daam. Dy liket hiel djoer. Mar nei 39. …18-22 wat oars? 40.5×35sil de daam de trije houten opswylje.
Yn de twadde omloop kaam Jelle Wiersma (wyt) tsjin Henk Haanstra mei de skrik frij. Nei 36.22-17 folge
36. ..14-19! 37.34×5 19-23 38.5×28 25-30 39.35×24 20×16 en swart komt in hout foar. It soe dochs noch kamp wurde. In skiif der by troch 38. ..26-31 39.37×26 25-30 etc. en it is samar út.
De oplossingen fan de problemen
Nû.17 1.49-44 2.34-29 3.x24 4.43-39
Nû.18 1.21-17 2.x24 3.16-11 4.44-40
Nû.19 1.30-24 2.x20 3.48-42 4.37-31
Nû.20 1.29-23 2.42-37 3.33-29 4.26-21
En twa nijen fan Hiele Walinga
Nû.21 sw. 2, 4, 6, 12-14, 19, 24 en wyt 16, 28, 33-36, 44, 45, 49
Nû.22 sw. 2, 4, 6, 10, 25, 30 en wyt 11, 19, 21, 26, 27, 39, 41, 49
Oplossingen noch net stjoere.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
Over de auteur