Rubryk 6-11-2020

doorfriesdammen

Rubryk 6-11-2020

Dejingen dy’t dizze rubryk troch de jierren folge ha witte dat der eins twa ‘hofleveranciers’ binne wat de problemen oanbelangje. Hiele Walinga en Willem F. Bakker ha beiden in ryk ferskaat oan problemen neilitten. Noch altiid kin út dizze boarnen putten wurde. Fierders hat Roel Bergsma ek in protte problemen makke. Yn de foarige ieu kaam der noch wolris in probleem fan de mysterieuze Stellinga-Baron yn de krante. Nimmen wist wa’t efter dizze skûlnamme stie. Mar no is der dochs klearheid kommen. Arne van Mourik is sammelder fan alles wat mar mei it damjen te krijen hat. Van Mourik hat in part fan de neilittenskip fan Karel W. Kruiswijk krigen. Foar van Mourik, mear thús yn it hoekse spul, wie it abacadabra. Oant hy it op de eigen klup te Utert sjen liet oan Auke Zijlstra, Fries om utens. Auke hie wol yn de gaten dat it problemen Frysk spul wienen. Mar wa soe se makke ha? Misskien wist Marten Walinga, jawis soan fan, der wol mear fan. Dy hat in stikmannich problemen besjoen en âlde kranten der by helle en doe foel it kwartsje. Steven Wytze Duursma, berne en grut wurden yn Noard-Hollân, gie efter de namme Stellinga-Baron skûl. Auke Zijlstra hat war dien en de problemen fan Stellinga_Baron neisjoen. Jim kinne se op lidraughts.org fine ûnder it kopke ‘studies’. Bygelyks dizzen, dy’t jim oplosse kinne foar de ledder. Earst noch dy’t stienen. Nû.5 sw. 3, 6, 7, 9, 12-14, 19, 30 wyt 15, 16, 28, 29, 37-39, 41 Nû.6 sw. 3, 8, 13, 16, 17, 19, 20, 23, 29 wyt 31, 32, 35, 36, 38-41, 48, 50

Nû.7 sw. 6, 9, 16, 28, 29, 33, 35 wyt 20, 24, 31, 40, 42, 44, 48

Nû.8 sw. 13, 14, 17, 22-24, 26 wyt 33, 34, 37, 40, 43, 44, 50

Nû.9 sw. 4,6,7, 10, 11, 13, 14, 17, 19, 26 wyt 25, 28, 31, 33, 37, 40, 41, 43, 45, 47

Nû. 10 sw. 2, 7, 10, 11, 15, 16-18, 21, 36 wyt 25, 29, 32, 33, 37-41, 47 De seis oplossingen foar 20 novimber. Folkert Groenveld Riperwei 6 8623 XH Jutryp groenveldf@hotmail.com

Over de auteur

friesdammen administrator