Lukasz Kosobudzki út Poalen is de grutte ferrassing fan 2024. Daalk al by syn earste dielname oan it Fryslân Iepen te Frjentsjer wûn hy de Masters en by it WK waard hy dield seisde en de heechste bûtenlanner. Kosobudzki is net benaud om in spul op te setten en siket graach nei kombinative mooglikheden. Dat ûnderfûnen erkende Fryske toppers as Hein de Vries en Willem Schaap.
L.Kosobudzki – H.de Vries 24-2-2024 Fryslân Open, Masters 3-e omloop
1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17×37 4.41×32 11-17 5.46-41 18-22! Jurjen Tolsma hat in ieu lyn dizze iepening wiidweidich útsocht. En fûn dat wyt it hiel dreech krije sil. Mar Kosobudzki hat ek stúdzje dien. Der driget 6-11 en 22-27 as 20-24 6.33-28 22×33 7.43×14 10×19 8.49-43 4-10 9.41-37 7-11 10.34-30 25×34 11.35×33 1-7 It spul is lykweardich. 12.31-27 17-21 13.26×17 11×31 14.36×27 7-11 15.40-35 19-24 16.39-34 20-25 17.34×14 9×20 18.44-40 20-24? Dit ferswakket de swarte stân. 2-7 wie folle better 19.37-31!
Wat moat swart? Op 10-14 folget 31-26, 27-21, 32-27, 33-28. Fansels kinne 3-9 en 12-18 net. Op 19. ..2-7 komt 20.27-22 12-18 21.31-26 mei daam as 20. ..12-17 21.42-37 mei winst. Ek 21. ..3-9!? 22.22×2 7-12 23.2×22 24-30 24.40×20 10×30 25.35×24 25×41 26.47×36 ferliest. Wyt komt no ek in hout foar. 19. ..24-30 20.35×24 earst 40×20 wie better 20. ..25×23 21.31-26 16×36 22.27-21 11×31 23.32-27 31×22 24.33-28 22×33 25.38×18 2-7 26.43-39 10-14 27.40-35 7-11 28.39-34 11-16 De daamslach troch 36-41 en 11-17 jout neat. 29.50-44 6-11 30.34-29 15-20? 14-20 en swart kin noch wat tsjinakselje. No is it yn ien kear dien. 31.18-13 3×34 32.44×13
W.Schaap – L.Kosobudzki 19-8-2024 6-e omloop WK te Harns
1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17×37 4.41×32 11-17 5.47-41 19-24 6.34×14 10×19 7.40-34 4-10 8.44-40 19-24 9.34×14 10×19 10.40-34 7-11 Lykas Kosobudzki is Schaap in aventoerlike dammer. Mar hy hie no 11.50-44 strike moatten. 11.32-27 17×37 12.41×32 11-17 mei 12-17 hâldt swart foardiel. 13.50-44 1-7 14.44-40 18-22 driget 6-11 en 18-22 as 20-24 15.34-30 25×34 16.39×10 15×4 Wyt kin troch 39-34, 42-37 en 38×47 goed fuort sette. Mar nimt de ferkearde kar om de driging der út te krijen. 17.33-28? 22×33 18.43×14 13×15 19.49-43 7-11 20.32-28 17-21 21.26×17 11×33 22.38×29 15-20
Der driget 16-21 en nei 5-10 is der noch in sterke oanfal. 23.31-27? 16-21 24.27×16 6×26 25.36×16 12-17 26.16×18 8×50 27.43-38 50×47 28.46×48 20-25 29.35×15 en swart wint.
Nû.5 sw. 7, 10, 13, 14, 17, 21, 27 wyt 25, 29, 36, 37, 42, 44
Nû.6 sw. 24, 38, 43 wyt 12, 35, 49
Nû.7 sw. 2, 6-8, 10, 13, 18, 24, 30 wyt 16, 27, 28, 33, 36-39, 43
Nû.8 sw. 3, 5, 9, 11, 17, 26, 31 wyt 19, 20, 30, 39, 42, 46, 47
De nije problemen binne fan Ties Slagter en Stellinga-Baron.
Oplossingen stjoere foar 22 novimber.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
Over de auteur