Rubryk 8-3-2024

doorfriesdammen

Rubryk 8-3-2024

Foeke Tiemensma fan Frjentsjer makke sa’n fyftsjin jier lyn in spektakulêre opgong by it Frysk Spul. Earder al wie der by it hoeks damjen Frysk kampioen wurden. En it like in kwestje fan tiid dat er soks ek by ús tinksport oprêde soe. 

Mar Tiemensma sette it Frysk Spul op in sacht sin. Oant okkerwyks yn syn eigen wenplak; wat in come-back! Earst al it Fryslân Open winne en doe ek noch in 100% skore by de Grutmasters, it eintoernooi fan de fjouwer heechsten. Wêryn de top fan it Frysk Spul him beselskippe: Jelle Wiersma sawn kear Frysk kampioen op in rige, rekôrkampioen Taeke Kooistra en wrâldkampioen Marten Walinga. 

F.Tiemensma-T.Kooistra, Frjentsjer 23.2.2024, Grutmasters 1-e omloop Tiemensma mei wyt struts 

38.39-34 24×44 39.49×40 23-29 Swart hat oars net as ferplichte setten. 40.38-32 5-10 41.32-27 10-14 42.27-22 14-19 43.21-16 19-24 44.22-18 15-20 44. ..29-33? 45.18-12 7×18 46.35-30! 24×44 47.45×12 45.35×15 29-34 46.40×29 24×33 47.15×24 33-38 48.18-13 38-42 49.13-9 42-4849. ..42-47? om 16-11! etc.. Swart hellet noch in daam, mar it is gau dien. 50.9-4 7-12 51.4-10 48-31 52.16-11 31×1 53.24-20  

M.Walinga-F.Tiemensma, Frjentsjer 24.2.2024, Grutmasters 2-e omloop 

Walinga wie al in hout efter en stie der op as in brijwein. En mei in slachset makke Tiemensma dien wurk. 

Nei 37. 33-29 11-17 38.31×22 20-24 39.29×9 4×31 40.41×21 16×18 

F.Tiemensma-J.Wiersma, Frjentsjer 24.2.2024, Grutmasters 3-e omloop 

Wiersma hie oardel punt en moast winne foar de priis. Soks like der ek lang yn te sitten, mar de Frysk kampioen ferbarge it einspul. We komme yn de partij nei  31. ..16-21! En wyt moat wol 32.47-41 

Wyt stiet no fêst yn de lange hoeke en swart kin in oanfal opsette. 32. .. 7-12 33.34-30 12-18 34.48-43 18-22 35.43-39 14-20 36.30×10 15×4  37.39-33 5-10 38.49-43 10-14 39.44-40 14-20 40.33-28 22×33 41.43×23 4-9 Wyt longere op 41. ..20-25? 42.23-19 4-9 43.19-14! 9×20 44.40-34 en wint  42.40-35 21-27 Wyt wint nei 42. ..9-14? 43.23-18 17×19 44.26×17 11×22 45.31-27 22×31 46.41×21 en nei de daam op 3. 43.26×28 11-16 44.23-18 17×19 44.41-37? 9-13! 45.23×3 17-22! 46.3×21 16×47   45.31-26 20-24 46.41-37 9-13 47.37-31 24-30 48.35×24 19×30 Wyt kin swart net mear keare.  49.31-27 30-35 50.28-22 35-40 51.26-21 40-44 52.36-31  

Kamp is 52. ..44-50 53.22-17 50×11 54.21×1 16-21 55.27×16 6×37. Nei 52. ..44-49 is it samar út. Wiersma sjocht apen en bearen. 52. ..13-19? 53.21-17 16×18 54.22×24 44-49 55.27-21 49×16 54. ..44-50 en dan mei 50-33 etc. de wite skiif op fjild 24 fange en wint samar. 56.24-20 16-11 Wyt kin de lange line net besette. 57.31-27 11-16 58.27-22 16-2 Swart hat trije kear mei de daam strutsen 59.22-17 6-11 60.17×6 2-8 61.6-1 8-13 62.1-45 13-22 63.20-14 en ferliest. 

Nû.18 sw. 2, 4, 7, 8, 13-15, 25 wyt 17, 22, 28, 29, 36, 38, 40, 41, 49 

Nû.21 sw. 9, 21, 22, 24, 26, 31, 40 wyt 33, 41-43, 48,49 

Nû.22 sw.8, 10, 13, 16, 19, 39 wyt 22, 27, 31, 32, 41, 48  

Nû.23 sw. 1, 3, 9, 12, 14, 16, 17wyt 6, 26, 29, 37, 38, 47-49 

Nû.24 sw. 4, 8, 10, 11, 14, 15, 25 wyt  24, 26, 29, 32, 34, 35, 40, 42

Oplossingen stjoere foar 22 maart. 

Folkert Groenveld 

Riperwei 6 

8623 XH  Jutryp 

groenveldf@hotmail.com 

Over de auteur

friesdammen administrator