Rubryk 9-5-2025

doorfriesdammen

Rubryk 9-5-2025

At it âlde maaie wurdt geane de dambuorden yn ‘e kast. De einstân fan de ledderwedstriid kin opmakke wurde. 

1. P.Looge, Tsjummearum 388 pt.; 

2.Tj.Smedinga, It Hearrenfean 357 pt.; 

3.G.Tigchelaar, Ysbrechtum 297 pt.; 

4.G.IJkema, De Gaastmar 295 pt.; 

5.S.van Steinvoren, Dronryp 273 pt.; 

6.J.Schilstra, Boalsert 212 pt.; 

7.J. de Boer, Berkel en R’rijs 174 pt. 

8.F.Wiersma, Easterein 154 pt.; 

9.T.Slagter, Den Bosch 91 pt.; 

10.J.Wiersma, Wommels 72 pt.; 

11.A.Zijlstra, Utert 68 pt.; 

12.G.Harkema, Snits 54 pt.; 

13.P.Sikma, Hartwert 52 pt.; 

14.Sj.T.Kooistra, Boalsert 48 pt.; 

     K.Wiersma, Nij Beets, 48 pt.; 

16.B.Kroon, Blauhús 14 pt.; 

17.J.Reade, Manchester 8 pt.; 

Yn dizze lêste rubryk fan dit damjier omtinken foar bûnsfoarsitter Liuwe Westra. Fansels hat hy gâns drokte mei bestoerlike saken. En foar de Stifting WFD set hy ek hiel wat op priemmen. Sa as it Fryslân Open en it twajierlikse Wrâldkamioenskip. Westra damt ek in protte op lidraughts en heart sa stadichoan ta de subtop fan it Frysk damjen. Te Frjentsjer by it Fryslân Open helle hy in hiel kreas fjierde plak en gie troch nei it Grutmastertoernooi. Dat wie noch te dreech foar him. Lykas de ‘earste acht’ by it Persoanlik Kampioenskip. Al siet hy mei in tredde plak yn de ‘twadde acht’ tichteby. Yn de lêste omloop gie it mis tsjin konkurrint Bernard Kroon. No in pear oare spullen út it PK fgan de ‘twadde acht’. 

L.Westra – K.Tijssen, Aldegea(SWF), 25-1-2025, 2-e omloop PK 2-e acht 

We komme yn it spul nei twa dryste setten fan wyt.  33.27-22! 9-14 34.22-18! 7-11 35.44-40 Wyt set de boel op slach. 

Nei 35. ..11-17! 36.40×29 17×28 37.26-21 16×27 38.31×33 is it wer lyk en ek 36.40×9 4×22 is lykweardich. Nei 35. ..14-20 folget 36.18-13! en dan mar 35. ..30-35?, mar Westra slaat ta 36.18-12! 35×44 37.45×43 11×13 38.33-29 24×33 39.43×5  

D.v.d.Meer  - L.Westra, Hartwert 1-2-2025, 4-e omloop PK 2-e acht 

1.32-27 20-24   2.31-26 15-20   3.27-21 11×31   4.36×27 16×36  5.46×26 17-22 
6.37-32 22×31  7.26×37 10-15  8.41-36 6-11? 7-11 hie moatten  9.34-30 4-10 9. ..20-25? 10.33-28 25×34 11.40×20 14×25 12.28-22 18×27 13.37×6. Wyt hellet in daam, mar swart countert. 

10.40-34 20×29 11.35-30 24×35 12.33×4 1-6 13.45×25 15×35 14.4×45 18-23 23 15.45×20 12-17 16.20×16 6×46     

Swart moat de daam frij meitsje. Wyt kin winne troch de fang nei 44-40, 39-34, 47-41 en dan 49-44. 17.39-33 11-16  18.33-28 13-19 19.44-39 43-39 is better 16-21  20.47-41 7-12 21.28-23! 19×28 22.38×7 8×6 en nei 39-33, 43-38 en 49-43 wurdt de wite daam fongen.  21.39-33 12-17  En wer mist wyt in kâns. 22.28-23! 19×39 23.49×29! 46×19 24.32-27 19×32 25.42×31  22.43-39 19-24    23.39-34 24×44   24.50×39 9-14 24.49×40 46×35 25.33-29! 35×31 26.37×26 wie noch mooglik. Swart pakt de kâns 25.39-34 17-22 26.28×26 46×30  27.49-43 30-24  28.43-39 24-15  29.39-33 15-10 30.33-29 8-13 31.48-43 10-4 

T.Wijbinga – L.Westra, Blauhús 8-2-2025, 6-e omloop PK 2-e acht 

We komme yn it spul nei 40. ..9-14 

Westra hat de driging der yn hâlden en Tjerk Wijbinga is ferrifele. 41.42-38? 30-35! 42.45×23 6-11! 43.26×8 2×44 

In goed simmer tawinske. 

Folkert Groenveld  

Riperwei 6 

8623 XH  Jutryp 

groenveldf@hotmail.com 

Over de auteur

friesdammen administrator