Security en sekuer damjen leit ús koroanabewiistsjekker wol.

doorfriesdammen

Security en sekuer damjen leit ús koroanabewiistsjekker wol.

Mooglik komt it trochdat er okkerdeis 50 wurden is: Dat sekuere damjen fan Bauke Bos. Hy hat it al faker foarinoar krigen dat de skriuwer der hast net om hinne koe om syn namme yn de kop fan it ferslach te fermelden. Wie it de lêste wiken troch syn moaie setjes, diskear komt der in hiele oare eigenskip fan him boppe driuwen: security. Beide wurden sekuer en security binne fansels tige oan elkoar besibbe, dat kin men fan tinken wol ha.

De dammers moasten harren QR bewiis tsjecke litte, oars mochten se it gebou net yn. Dat wie foar gjin inkele Striker in probleem: alle gearre hienen se de saakjes goed foarinoar. No mochten wy as damklup sels de tsjeck wol ôfnimme, dêrom hie de foarsitter Bauke Bos frege oft dy de epp dy’t dêr foar nedich wie wol even delhelje woe. No dat woe er wol. Hy hat earst thús de QR-koade fan syn frou kontrolearre. Dat gie prima, dus Bauke wie klear foar syn taak. Alles wie tsjeckt, doe’t der twa sjongsters sa mar by ús yn de bar kamen. Bauke der op ôf: “Ik moat wol even jim QR-koade tsjecke!” sei er tsjin de froulju. Dy bewizen leinen yn de oare seal, dat dy froulju wisten net hoe rap as se it domein fan de dammers wer ferlieten. We ha se net wer sjoen. Bauke Bos wie mei flage en wimpel slagge foar security-man.

It damjen soe foar Bauke ek gjin probleem opleverje. Hy wûn fan Kees Castelein. Heit Castelein koe it net risse tsjin Hennie de Haan. Jelle Wiersma siet yn Aldegea te damjen foar de Fryslân Kup. Hy soe winne! Ype Boelens en Dicky van der Meer makken der in moaie pot fan. Ype kaam in hout foar, mar koe der úteinlik dochs net mear úthelje as kamp. Dêroermocht Dicky net kleie! De twa oare partijen dienen der frij wat langer oer, mar dêr waard troch dy mannen ek sekuer spile. De útslaggen sjogge jim hjir ûnder.

Utslaggen: Dicky van der Meer – Ype Boelens ½ – ½; Henny de Haan – Jan Castelein 1 – 0; Kees Castelein – Bauke Bos 0 – 1;  Bauke Dykstra – Willem Schaap 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker – Cor Kooistra 0 – 1.

(Tekst: C. Kooistra)

Over de auteur

friesdammen administrator