(Tektst: C. Kooistra)
It wie in ferhipt lyts oantal dammers dat moandeitejûn opsetten kaam nei it Swettehûs yn Skearnegoutum. It wie mar goed dat der ek noch in partij yn it kader fan de Fryslân Kup ferdamme waard. Doe kaam it oantal dammers moai op in even oantal út: acht. Us beide froulju misten wy ek, mar dat kaam ek troch it sinte Marten rinnen. Boppedat moast ien fan ús nei Hartwert foar de Kup. Hoe’t it ek gie, Sjoerd Jan Bakker wie hast wer âlderwetsk op dreef.
As good old Sjoerd Jan noch wat better op syn iepenst west hie, dan koe de winst him net mear ûntglippe tsjin Jelle Wiersma. Bakker stie al in moai houtsje foar en moast it allinne noch eefkes goed ôfbreidzje. Dan komt it faaks oan op ien set. Dy iene streek wie krekt ferkeard. Hy gyng mei dy streek yn de oanfal, mar hy hie oars strike moatten en de houtsjes fan Jelle op ‘e bealch strike moatten. Trije tsjin twa dat wie dan altiten klear kommen. It gie oars en Jelle skuorde der sa kamp út.
Bauke Dykstra striek ek wer sterk. Hy sette Ype Boelens aardich ûnder druk, kaam in houtsje foar en pakte sa de winst.Foar de Fryslân Kup spilen Willem Schaap en Anne de Boer fan de Hartwerter klup. Yn it middenspul stie der sa mar in swarte daam yn de lange hoeke yn it foardiel fan Willem Schaap. Hy wûn dizze partij dan ek al spinpoate Anne noch tige tsjin. Mar dat mocht foar him net mear bate. Willem giet oer nei de winnersronde.
Dicky van der Meer moast ek foar de Kup tsjin Fedde Wiersma yn Hartwert. Wy wienen der fansels wakker nijsgjirrich nei hoe’t dat ôfrinne soe. De partijen wienen al út en doe hearden wy goed nijs út Hartwert wei. Dicky hie wûn nei in hiele moaie en spannende partij. Al mei al dus goed nijs en by dat nijs heart ek noch de útslach fan de partij tusken de foarsitter en siktaris: Cor Kooistra tsjin Bauke Bos. De foarsitter wûn.
Utslaggen: Sjoerd Jan Bakker – Jelle Wiersma ½ – ½; Bauke Dykstra – Ype Boelens 1 – 0; Bauke Bos – Cor Kooistra 0 – 1; Anne de Boer – Willem Schaap 0 – 1. FK.
Over de auteur