Slachfjild Jorwert

doorfriesdammen

Slachfjild Jorwert


De tredde omloop fan it persoanlik kampioenskip yn it damjen Frysk spul wurdt tradysjoneel ferspile op in tiisdeitejûn op ‘e boppeseal fan kafee “Het Wapen van Baarderadeel” yn Jorwert. Like tradysjoneel is dat dêr nuveraardige útslaggen te notearjen binne. Dat wie dit jier ek wer net oars. Noch sterker: alle koprinders lieten wol in stek falle.

It raarst gong it yn ‘e kampioensklasse. Marten Walinga hie ôfrûne sneon as iennichste beide partijen wûn, en stie dus grutsk boppeoan. Miskien soe dit it jier wurde dat er wer ris persoanlik kampioen wurde koe? Wel, efter dy fraach moat nei Jorwert wol in hiel grut fraachteken set wurde. Walinga iepene mei 32-27, en einige de dêropfolgjende slaanderij op fjild 27. Allegearre frij standert, wie it net sa dat Taeke Kooistra de iepeningsset mei 20-24 beantwurde hie. Ien jaan, twa weromslaan, en op ‘e sechsde set al in hout foar. Walinga besocht noch al om der wat fan te meitsjen, mar rekke fierderop yn it spul in twadde hout efter, dat dit wie úteinliks net te hâlden.

Dêrmei stiet Kooistra no mei 2,5 punt allinne boppeoan. Hy wurdt folge troch trije man mei 2 punten. Dêr heart ek Jelle Wiersma by. Tsjinstanner Henk Haanstra joech lange tiid neat ta, mar waard oan ‘e ein dochs de benaudichheid yn stjoerd. De Arumer Tsjerk Wijbenga hat ek al twa punten. Hy is yn it kampioenskip oant no ta de man fan ‘e kombinaasjes. Hied er sa sneon de hearskjende kampioen Wiersma te fiter, no waard Willem Schaap it slachtoffer.

Yn ‘e twadde acht stroffele de koprinder ek, yn alle gefal foar in part. Hein de Vries besocht it tsjin Willem Hoekstra al, mar de Aldegeaster ferdigene him knap, dat it waard kamp. Dy útslach wie yn dizze klasse dochs al oerhearskjend. Allinne Folkert Groenveld helle de folle winst, dat dy klaude sa wer wat by de wâl op.

De tredde acht, dy’t oant no ta syn fjouwer omlopen as gast op ien fan ‘e klupjûnen ferspile hie, die no foar it earst mei by de grutte jonges. It trof sa dat de beide koprinders, de DFS-haadbestjoersleden Fedde Wiersma en Liuwe Westra, it opnimme moasten tsjin ‘e beide Blauhústers Bernard Kroon en Marcel Altena. En alhiel yn ‘e geast fan ‘e jûn gongen de matsjedoaren hjir ek wer kopke-ûnder, ek al hold Altena de taskôgers lang yn spanning. Troch it ferlies fan Wiersma en Westra is Dicky van der Meer harren no foarbystutsen. Mei in ferneatigjende slach reage hy Ype Boelens oan ‘e kant.

Utslaggen en tuskenstannen

Kampioensklasse, tredde omloop: Jelle Wiersma (Wommels) – Henk Haanstra (Aldegea SWF) 1-0, Marten Walinga (Waaksens) – Taeke Kooistra (Hartwert) 0-1, Tjerk Wijbenga (Arum) – Willem Schaap (Dearsum) 1-0, Pieter Hoogterp (De Gaastmar) – Kees Tijssen (Reduzum) 1-0.
Stân: Kooistra 2,5; Walinga, Wijbenga & Wiersma 2; Hoogterp, Tijssen & Schaap 1; Haanstra 0,5.

Twadde acht, tredde omloop: Hein de Vries (Ljouwert) – Willem Hoekstra (Aldegea SWF) 0,5-0,5, Siebe Walinga (Aldegea SWF) – Bauke Dijkstra (De Tynje) 0,5-0,5, Folkert Groenveld (Jutryp) – Cor Kooistra (Nijlân) 1-0, Sjoerd Jan Bakker (Snits) – Sjoerd Couperus (Snits) 0,5-0,5.
Stân: De Vries 2,5; Hoekstra & Walinga 2; Couperus & Groenveld 1,5; Dijkstra & Kooistra 1; Bakker 0,5.

Tredde acht, fyfde omloop: Liuwe Westra (Lollum) – Marcel Altena (Blauhús) 0-1, Fedde Wiersma (Easterein) – Bernard Kroon (Blauhús) 0-1, Siebren Dyk (Jorwert) – Piet Sikma (Hartwert) 1-0, Dicky van der Meer (Terherne) – Ype Boelens (Menaam) 1-0.
Stân: Van der Meer 4; Westra & Wiersma 3,5; Boelens 2,5; Altena, Kroon & Dyk 2; Sikma 0,5.


Over de auteur

friesdammen administrator