Op de earste sneon fan it nije jier organisearret damklup Hartwert al sûnt har bestean har jierlikse wedstriid. Der wiene 18 dammers op dizze damdei ôfkommen. Nei elkoar de bêste winsken te jaan en nei de gebrûklike iepeningswurden fan de foarsitter waard elk yndield yn groepkes op wearde fan harren damkwaliteit. Der waard ferskuorrendst damd. Sa yn it begjin fan it nije jier wol guon harren noch wol ris healwiis fersjen, mar dat barde hjoed mar by inkele dammers.
De winst yn de eareklasse gie tusken Taeke Kooistra en Folkert Groenveld. Beide mannen hiene harren partijen wûn, dus moast de ûnderlinge partij de winner oanwize. It like dat Folkert dit yn syn foardiel beslisse soe, mar troch in lyts flaterke wûn Taeke dizze partij. Yn de haadklasse wie Dicky van der Meer de grutte man. Twa kear winst en ien kamp. Liuwe Westra gie mei de twadde priis nei hûs.
Germ Bruinsma sloech feninich ta yn groep 1 fan de earste klasse. Hy wûn alle trije partijen. As twadde einige Sjoerd Kooistra dy’t allinne belies jaan moast tsjin de priiswinner. Yn de oare groep fan de earste klasse pakte Frans Kingma de earste priis. De twadde priis wie foar Sjouke de Boer.
Yn de twadde klasse liet Klaas Wiersma sjen dat hy noch wol damje kin. De man út Nij Beets ropt al wiken dat der net mear damme kin. No dat wie net te sjen want hy wûn alle trije partijen. De twadde priis wie foar de jeugdige dammer Herre Klaas Ykema fan De Gaastmar. It die wol bliken dat hy talint hat want hy ferlear allinne syn partij fan de priiswinner.
Folsleine útslach: Eareklasse: 1. Taeke Kooistra, 2. Folkert Groenveld. Haadklasse: 1. Dicky van der Meer, 2. Liuwe Westra. 1e klasse groep 1: 1. Germ Bruinsma, 2. Sjoerd Kooistra. 1e klasse groep 2: 1. Frans Kingma, 2. Sjouke de Boer. 2e klasse: Klaas Wiersma, 2. Herre Klaas Ykema
Over de auteur