Spannende striid om klupkampioenskip Frysk damjen ferwachte

doorfriesdammen

Spannende striid om klupkampioenskip Frysk damjen ferwachte


Kommende sneon stride de ferienings dy’t oansletten binne by it Dambûn Frysk Spul yn seal Bergsma yn Easterein wer om it klupkampioenskip. Ferline jier gie yn ‘e kampioensklasse de heechste eare op ‘en nij nei de damklup út Hartwert. Hoewol’t de Hartwerters útsoarte wer de grutste favoryt binne, is it net sein dat se dat ek wiermeitsje kinne, want de ferskillen tusken de klups binne net grut. Hartwert hat dit jier net allinne rekken te hâlden mei Aldegea-SWF, mar moat ek ôfweve mei “De Stadige Strikers” út Skearnegoutum, dy’t Jelle Wiersma, de sterkste dammer fan allegearre, yn ‘e ploech hawwe. Lollum-Waaksens is miskien yn ‘e bridte wat minder sterk, mar de ploech bliuwt in gefaarlike outsider dy’t eltse favoryt samar stroffelje litte kin.
De striid yn ‘e twadde klasse is noch folle minder oer te sizzen. Blauhús, De Gaastmar, Jorwert en Hartwert II, se kinne elk foar oar promovearje, mar de kâns op degradaasje is like grut.

Over de auteur

friesdammen administrator