Taeke Kooistra kampioen fluchdamjen 2019

doorfriesdammen

Taeke Kooistra kampioen fluchdamjen 2019

Nei in oantal jierren yn Hartwert, waard it kampioenskip fluchdamjen dit jier holden yn doarpshûs De Nije Haven yn Lollum. It tal dielnimmers foel net ta. De winner fan de ôfrûne jierren, Foeke Tiemensma, wie der net om syn titel te ferdigenjen. Ek Marten Walinga, de nûmer twa fan 2018, wie fanwegen wurk net oanwêzich.

Lokkich wiene der al trije oerhoekse dammers: Jan van Dijk (Oerterp), Auke Zijlstra (Utert) en Frederik Bos (Grins). Dizze mannen diene yn febrewaris ek mei oan it Fryslân Open yn Frentsjer en hiene doe al sjen litten yn it Frysk Damjen ek yn de top mei dwaan te kinnen.

Foar de ferdieling fan de prizen (ek dit jier droege woarsten) hie it bestjoer de dammers yndield yn trije groepen: groep A: dammers út de trije achttallen; groep B: dammers út de haadklasse en de oerhoekse dammers en groep C de dammers út de 1e, 2e en 3e klasse.

Kampioen waard Taeke Kooistra; hy wûn 6 partijen en spile yn de lêste rûnte kamp tsjin Folkert Groenveld. In hiele sterke en ferrassende nûmer twa waard Jan van Dijk. Hy ferlear alline fan Taeke en spile kamp tsjin Willem Schaap.

Understeand de folsleine útslach.

1. Taeke Kooistra, 6,5 pnt (A1)

2. Jan van Dijk, 5,5 (B1)

3. Jelle Wiersma, 5 (A2)

4. Bernard Kroon, 5 (B2)

5. Folkert Groenveld, 5 (A3)

6. Fedde Wiersma, 4 (A4)

7. Auke Zijlstra, 4 (B3)

8. Sjoerd Kooistra, 4 (B4)

9. Dicky van der Meer, 4 (A5)

10. Bauke Bos, 4 (C1)

11. Willem Schaap, 3,5 (A6)

12. Frederik Bos, 3,5 (B5)

13. Liuwe Westra, 3 (A7)

14. Jappie de Jong, 3 (C2)

15. Klaas Wiersma, 3 (B6)

16. Frans Kingma, 3 (B7)

17. Piet Sikma, 3 (C3)

18. Jeljer Westra, 3 (C4)

19. Leo Altena, 2 (C5)

20. Paul Borghaerts, 2 (C6)

21. Siebren Dijk, 1 (A8)

22. Murk Nijdam, 0 (C7)

Over de auteur

friesdammen administrator