Tineke Teigeler kin net alle moandeitejûnen komme te damjen by de Stadige Strikers. Dat is fansels spitich, mar har wurk dat net in baan is fan achten oant fiven stiet dat net ta. As se kin dan is se fan de partij en dat jout altiten wer wat ekstra’s yn it bestean fan de damklup. Moandeitejûn 5 febrewaris 2024 hie se in moaiejûn: se profitearre fan Ype syn dip.
Ja de partij wie noch jong en doe wie it hast ek al beslikke. Ype sette syn net sa fortúnlike foarm yn de persoanlike kampoenskippen ûnbedoeld mar net minder wier fierder troch. Damjen is in kwestje fan jins kop der alle setten fan hûndert persent der by hâlde en as dat net slagget, dan kin it sa mar finaal ferkeard rinne. Ype sit yn dy faze. Soms dammet er de stjerren fan de loft en op it heden slagget dat net. It komt fêst wer klear, mooglik lit er kommende sneon yn de lêste twa rondes fan it kampioenskip sjen, dat der noch terdege rekken mei him holden wurde moat. Foar Tineke wie it ferhaal fansels folslein oars. Wêr’ t ferliezers binne, binne ek winners. Tineke: “No bin ik wat betiid thús en dan sil myn man wol sizze: ferlern seker!” Moai no…
Utslaggen: Kees Castelein – Bauke Bos 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker – Jan Castelein 1 – 0; Tineke Teigeler – Ype Boelens 1 – 0;Willem Schaap – Bauke Dykstra 1 – 0; Jelle Wiersma – Cor Kooistra 1 – 0.
(CK)
Over de auteur