Tineke Teigeler soarget foar konsternaasje by de Stadige Strikers.

doorfriesdammen

Tineke Teigeler soarget foar konsternaasje by de Stadige Strikers.

Faaks is it sa dat wat de útslaggen fan de damspullen wêze sille, wol te foarsizzen is. Elk wit wol de sterkten fan de spilers en as dan ris de útslach oars útfalt as ferwachte dan jout dat de nedige reuring en konsternaasje. Tineke Teigeler soarge dêr moandeitejûn foar.

Al faker kaam Tineke dit damjier sterk út de hoeke. Sa fersloech se al ris in kear in sterke dammer fan de Hartwerter klup en in pear wike lyn koe se noch kamp spylje tsjin foarsitter Cor Kooistra, mar doe ferprutste se it, omdat se winne woe. Moandei siet se tsjin de nestor fan de Strikers: Bauke Dykstra. Dy Bauke is fansels in knaap fan in dammer, dy’t alle damteoryen wol dreame kin. Tineke is net ien fan de teory. Sy giet út fan har eigen krêft. Dat is yn it begjin ôfruilje sa lang as dat goed en foardelich kin. Sa hold se yn de partij tsjin Bauke ek goed stân. Bauke dy sei noch doe’t er in in pear stappen troch it sealtsje die: “Dy Tineke dammet sterk, se moast eins noch ris wat teory leare, dêr soe se noch better fan wurde” Teory of gjin teory de praktyk wie dat frou Teigeler der hieltyd better op kaam te stean. Doe kaam it momint dat Dykstra eins net oars koe as in houtsje te offerjen om sa nei daam te striken. Dat hold wol yn dat Tineke dat ek koe en noch wol adanich dat sy twa streken earder in daam hie as har tsjinstanner. Sy koe har daam op de lange line parkeare en doe koe se mar ôfwachtsje wat de man út De Tynje dwaan soe…..

It omsteande laach seach mei spanning ta. Guon dy’t oars faak al fuort binne stûnen no te sjen. Dy woenen witte hoe’t soks ôfrinne soe. Doe’t de âld-Hartwerter in daam strutsen hie en dêrmei in houtsje op slach sette, kaam Tineke hiel beret mei har streek: se skode dat bewuste houtsje sa dat Bauke twa houtsjes slaan moast mei in houtsje en kaam op de lange line terjochte en doe slokte Tineke har daam dat houtsje en de daam fan Bauke op en de partij wie sa út as poepkak. In geweldige ûntlading by Tineke en dat wie te begripen. Fan alle kanten waard se lokwinske. Yn it foarste plak troch Bauke Dykstra sels. Letter sei se noch bûten In sigretsje smokend: “Ik bin bang dat ik de hele nacht gjin each ticht doch, mar wat bin ik hjir bliid mei!”

Utslaggen: Kees Castelein – Bauke Bos 0 – 1; Cor Kooistra – Jan Castelein 1 – 0: Dicky van der Meer – Willem Schaap 0 – 1; Bauke Dykstra – Tineke Teigeler 0 – 2.

Over de auteur

friesdammen administrator