Topspanning yn persoanlik kampioenskip

doorfriesdammen

Topspanning yn persoanlik kampioenskip

Jorwert – Troch izel moast de tredde omloop yn it persoanlik kampioenskip in wike ferskood wurde, mar dêr waard it fanwegen de spanningsopbou hielendal net minder om. Mei noch trije omlopen te gean moasten yn ‘e kampioensklasse alle favoriten noch tsjininoar, en nei Jorwert binne se noch mear tsjininoar oan krûpt. Henk Haanstra, Marten Walinga en Jelle Wiersma ha no allegearre 4,5 punt. Allinnich Taeke Kooistra is nei tiisdeitejûn definityf ôfheakke. Mar dy kin it de oaren yn ‘e finale fan kommende sneon fansels noch wol hiel lestich meitsje. It measte omtinken gong út nei de moeting tusken regearjend kampioen Jelle Wiersma en Marten Walinga. It waard in strategysk gefjocht. Walinga kaam lang om let as earste op daam, mar Wiersma hie it hout sa tûk opsteld dat de Waaksenser dêr net al te folle mei koe. It waard úteinliks kamp. Dêr profitearre Henk Haanstra fan. Taeke Kooistra hie krekt wat temin materiaal oan syn linkerkant, wat Haanstra de gelegenheid joech om fia in offerke op daam te kommen. En doe wie it út. Underyn kin it ek noch alle kanten út, foaral omdat Bernard Kroon no fan ‘e nul ôf is. Hy twong Pieter Hoogterp ta in soarte fan offer, en dat hout ekstra wie genôch foar de oerwinning. Folle spektakulêrder gong it yn ‘e partij tusken Siebe Walinga en Willem Schaap om en ta. Schaap waard hielendal yn ‘e tange naam. Dat koe op ‘e langere doer net goed gean. Mei in seisklapper waard it skiep úteinliks de deastek tabrocht. Yn ‘e twadde acht gong Folkert Groenveld syn partij tsjin Cor Kooistra net troch, dat Hein de Vries koe sa allinnich oan kop komme. Yn wat miskien wol de moaiste pot fan ‘e jûn wie fersloech er Liuwe Westra. Kamp waard it tusken Fedde Wiersma en Willem Hoekstra, en tusken Tsjerk Wijbenga en Siebren Dyk. De lêste is dêrmei ek fan ‘e nul ôf. Dat jildt noch net foar Niek Tolsma yn ‘e tredde klasse. Tolsma hold it tsjin Rein Jan Walinga lang fol, oant er twa dammen foar him oer krige. Walinga krijt mei dy oerwinning goede kânsen op promoasje, al hat Hidde de Vries wol in heal punt mear. De Vries wûn fan ‘e oant no ta ferrassend goed spyljende Jurjen Frankena. Ek yn dizze klasse gong in partij net troch: Piet Sikma hie de gryp.

Utslaggen en stannen Kampioensklasse, tredde omloop: Jelle Wiersma (Wommels) – Marten Walinga (Waaksens) 0,5-0,5, Taeke Kooistra (Hartwert) – Henk Haanstra (Aldegea-SWF) 0-1, Pieter Hoogterp (De Gastmar) – Bernard Kroon (Blauhús) 0-1, Willem Schaap (Jirnsum) – Siebe Walinga (Aldegea-SWF) 0-1. Stân: Haanstra, M. Walinga en Wiersma 4,5; Kooistra 2,5; S. Walinga 1,5; Hoogterp en Kroon 1; Schaap 0,5. Twadde acht, tredde omloop: Hein de Vries (Ljouwert) – Liuwe Westra (Lollum) 1-0, Folkert Groenveld (Jutryp) – Cor Kooistra (Nijlân) ústeld, Tsjerk Wijbenga (Arum) – Siebren Dyk (Jorwert) 0,5-0,5, Fedde Wiersma (Easterein) – Willem Hoekstra (Aldegea-SWF) 0,5-0,5. Stân: De Vries 5-4,5; Groenveld 4-3,5; Wiersma en Wijbenga 5-3; Hoekstra 5-2,5; Kooistra 4-1; Westra 5-1; Dyk 5-0,5. Tredde acht, tredde omloop: Jurjen Frankena (Blauhús) – Hidde de Vries (Langsweagen) 0-1, Anne de Boer (Wommels) – Sietze de Jong (Aldegea-SWF) 1-0, Rein Jan Walinga (Aldegea-SWF) – Niek Tolsma (Lollum) 1-0, Sjouke Attema (De Gastmar) – Piet Sikma (Hartwert) útsteld. Stân: De Vries 5-4,5; Walinga 5-4; Frankena 5-3,5; De Boer 5-3; De Jong 5-2; Attema en Sikma 4-1; Tolsma 5-0.

Over de auteur

friesdammen administrator