Tredde omloop Frysk damjen mei in grutte ferrassing

doorfriesdammen

Tredde omloop Frysk damjen mei in grutte ferrassing

De tredde omloop fan it Nederlânsk kampioenskip yn it Frysk damjen kin mei rjocht en reden in grutte ferrassing neamd wurde. Marten Walinga, dy’t earder troch twa sterke winstpartijen mei oan ‘e kop gong, waard no yn it einspul troch Frans Kingma fan it boerd reage. En dat wylst Kingma oant no ta allinne noch mar ferlern hie.

Yn ‘e partij fan Jelle Wiersma tsjin Taeke Kooistra liek Wiersma lange tiid sterk te stean. Ien lytse ûnkrektichheid waard Wiersma lykwols fataal. It sterke kompûterprogramma SCAN seach ek yn ien klap in winstgong fan 22 setten. Sa djip rekkene Kooistra net, mar hy brocht de partij dêrnei wol sûnder mankearen nei de winst.

Frederik Bos helle mei in trochbraak tsjin Folkert Groenveld de winst nei him ta. Dicky van der Meer spile op ‘en nij in sterke partij, no tsjin Hein de Vries. Mar yn it einspul die er in ferkearde kar, en dy waard dêrnei sûnder moederaasje mei tempofoardiel en in trochbraak troch de Ljouwerter ôfstraft.

Taeke Kooistra giet no allinnich oan ‘e lieding. Hy hat oant no ta noch gjin punt sitte litten.

Over de auteur

friesdammen administrator