Troch de gesellichheid fergeaten guon Strikers om te damjen.

doorfriesdammen

Troch de gesellichheid fergeaten guon Strikers om te damjen.

De freonskiplike twastriid tusken damklup Hartwert en de damklup De Stadige Strikers fan Skearnegoutum hat wer plakfûn. Nei dizze twastriid sjogge de dammers altiten wer mei nocht nei út. Dat de Strikers diskear sûnder harren froulike leden oantrede moasten, wie eins wol spitich. Mar ja it koe net oars. De gesellichheid hie der net ûnder te lijen. Of fergeaten  guon fan de Strikers troch dy gesellichheid te damjen?

Sa like it wol. De jûn wie noch mar hiel jong en doe stienen de Strikers al mei 2 – 0 efter. Guon fan dy nullen hie puer te meitsjen mei striken sûnder de konsekwinsjes nei te gean. Twa nul efter! Ja dan wurdt it noch in hiele toer om dat om te bûgen nei in geunstich resultaat. Lykwols rûchelen der ek wol puntsjes binnen dêr’t net mear op rekkene waard as men de stannen op de buorden goed beskôge. Mar ja yn de dammerij hat men altiten wol in pear útslaggen wêr’t men no net sa gau rekken mei holden hie. Ferrassingen binne altiten moai, foaral as it de goeie kant útfalt.

Al mei al wie it in moaie en sportive striid mei in net ûnaardige útslach: 5 – 4. De Strikers binne wol ris mei gruttere sifers fan it boerd ôffeegd. Mei de útslach koenen sy wol libje wittende dat Hartwert it tiim noch sterker besette kinnen hie. Dat se net op harren sterkst sieten, seit ek wat fan de freonskiplike en sportive hâlding fan de Hartwerter klup. Sjapo dêr foar.

Utslach: Taeke Kooistra – Willem Schaap 0 – 1; Tsjerk Wijbenga – Jelle Wiersma 0 – 1; Hein de Vries – Dicky van der Meer 1 – 0; Sjoerd Teake Kooistra – Sjoerd Jan Bakker ½ – ½; Klaas Abma – Bauke Dykstra ½ – ½; Ids Boersma – Cor Kooistra 0 – 1; Hidde de Vries – Ype Boelens 1 – 0; Tom Vellinga – Bauke Bos 1 – 0; Douwe Nammensma – Kees Castelein 1 – 0. Hartwert – De Stadige Strikers 5 – 4.

CK

Over de auteur

friesdammen administrator