Moandeitejûn wie it al wer de twadde kear yn it nije jier dat der yn
Skearnegoutum damme waard. Diskear waard der gjin inkelde damjûn op
moandei oerslein, om’t alle jûnen tusken de feestdagen yn foelen. Dizze
twadde kompetysjejûn stie ek yn it teken fan de Fryslân Kup. Twa Aldegeaster gasten blieken te sterk foar de Strikers.
It wie ek wol wat in bjusterbaarlike jûn foar heit en soan Castelein. Beide
mannen behellen kamp yn harren partij. Jan Castelein spile yn in in moai spul kamp tsjin Tineke Teigeler. Meastal wûn Tineke de foargeande partijen tsjin Jan, mar dy tiid liket no foarby. Hoewol ien kampke seit fansels ek net alles. Tineke komt fêst wer werom. Soan Kees sei sels dat er wat gelok hie mei syn remize tsjin Bauke Bos. Der ûntstie wat in komplisearre stân op it boerd en der moast even goed by nei tocht wurde om goed te slaan. It wie in gesellich treffen tusken de beide mannen, mar Bauke fergeat even om goed te slaan en sa koe Kees fan dy fout profiteare en dat die er fansels. Uteinlik waard it troch dy misser kamp.
Ype Boelens sloech ek wer aardich op de grutte trom. Sa as wy sa’n bytsje
wend binne by de Strikers is dat Ype sa en dan hiel sterk út de hoeke komme kin. Dat die er moandeitejûn ek. Hy hie der net iens sa lang oer dien om dochs te winnen fan good old Sjoerd Jan Bakker. Tiden ha tiden sille wy mar rekkenje.
Foar de Frylân Kup moast Jelle Wiersma it opnimme tsjin Willem Hoekstra. No wurdt der sa hjir en dêr al grute dat Willem Hoekstra op ‘t heden yn topfoarm is. Yn in prachtige partij waard it kamp. Doe moasten de beide mannen noch in kear yn in fiiif om fiif partij. Dat wûn Willem en dy giet fierder yn de winnerspoel.
Folkert Groenveld siet tsjinoer Cor Kooistra. Yn in partij mei in soad lopen en slaggen dy’t ûnskealik makke waarden, luts Groenveld dochs oan it langste ein en giet dus fierder yn de winnerspoel.
Utslaggen: Jan Castelein – Tineke Teigeler ½ – ½; Dicky van der Meer – Willem Schaap 1 – 0; Hennie de Haan – Dicky van der Meer o – 1; Ype Boelens – Sjoerd Jan Bakker 1 – 0; Kees Castelein – Bauke Bos ½ – ½; FK. Willem Hoekstra – Jelle Wiersma ½ – ½, 1 – 0; FK. Folkert Groenveld – Cor Kooistra 1 – 0.
(C. Kooistra)
Over de auteur