Ofrûne tiisdei wiene yn Jorwert de earste twa omlopen fan it Iepen Kampioenskip fan it “Wapen van Baarderadeel”. Der hiene 22 dielnimmers har opjûn, fjouwer mear as ferline jier. Se waarden ferparte oer trije klassen, fan respektyflik 8, 8 en 6 dammers.
De A-klasse is sterk beset, mei dammers dy’t har de lêste jierren yn de heechste regioanen bewiisd ha. Dat jildt miskien net hielendal letterlik foar de Jorwerter Willem Dykstra, mar dy hie rjocht op it eareplak op grûn fan risseltaten behelle yn it ôfrûne jier. Dykstra helle kamp tsjin Hein de Vries, en sa’n útslach hie der ek minimaal yn sitten tsjin Folkert Groenveld as dy mei de klok op fallen der net noch in moaie slach út helle hie. Groenveld hie dêrfoar al ferlern fan Jelle Wiersma, dy’t dêrnei ek mei De Vries ôfweefde.
Marten Walinga stiet mei de Wommelser as iennichste noch op ‘e folle winst. Dat gong ten koste fan Tsjerk Wijbenga en Taeke Kooistra.
Yn ‘e B-klasse foel it damjen fan ‘e pleatslike favoryt Frans Kingma op. Hoewol, ek wer net hielendal, Kingma hat him ferline jier by de persoanlike kampioenskippen knap hanthavenje kind yn ‘e twadde acht. No fersloech er Fedde Wiersma en de Hilaarder Rinze Schukken, dy’t yn ‘e earste omloop wat ferrassend Willem Hoekstra fan him ôfslein hie. De oare koprinder is hjir Willem Schaap, dy’t te sterk wie foar Hidde de Vries en Jelte Dykstra.
De grutste sensaasje wie miskien wol te belibjen yn ‘e C-klasse, alhiel beset troch leden fan ‘e pleatslike damklup OKK. It wat mysterieuze personaazje HiHa wie ien fan harren. It bliek in gearfloeiing te wêzen fan Harry Kaspers (dy’t dizze earste jûn net koe) en Hindrik Terpstra (idem foar de twadde jûn). Terpstra dammet noch net sa hiele lang, mar hy hie dochs hiel kreas de âlde rôt Jan Nauta te pakken, en hy makke dêrnei tsjin it nije OKK-lid
Jelle Anema ek gjin flater. Men soe sizze, dy twa punten moatte oare wike foar Harry Kaspers dochs genôch basis wêze om ien fan ‘e troch him sponsore prizen yn te pikken.
Utslaggen:
A-klasse, earste omloop: Marten Walinga (Waaksens) – Tsjerk Wijbenga (Arum) 1-0; Dicky van der Meer (Terherne) – Taeke Kooistra (Hartwert) 0-1; Folkert Groenveld (Jutryp) – Jelle Wiersma (Wommels) 0-1; Hein de Vries (Ljouwert) – Willem Dykstra (Jorwert) 0,5-0,5. Twadde omloop: Kooistra – Walinga 0-1; Wijbenga – Van der Meer 0-1; De Vries – Wiersma 0-1; Dykstra – Groenveld 0-1. Tuskenstân: Walinga en Wiersma 2; Groenveld, Kooistra en Van der Meer 1; Dykstra en De Vries 0,5; Wijbenga 0.
B-klasse, earste omloop: Willem Hoekstra (Aldegea) – Rinze Schukken (Hilaard) 0-1; Fedde Wiersma (Easterein) – Frans Kingma (Jorwert) 0-1; Jelte Dykstra (Jorwert) – Siebren Dyk (Jorwert) 1-0; Hidde de Vries (Langsweagen) – Willem Schaap (Jirnsum) 0-1. Twadde omloop: Schukken – Kingma 0-1; Schaap – Dykstra 1-0; Dyk – Wiersma 0-1; De Vries – Hoekstra 0-1.
Tuskenstân: Kingma en Schaap 2; Dykstra, Hoekstra, Schukken en Wiersma 1; Dyk en De Vries 0.
C-klasse, earste omloop: Jan Nauta (Bitgummole) – HiHa (Jorwert) 0-1; Jelle Anema (Jorwert) – Sjoerd Theo van der Hem (Jorwert) 1-0; Bonne Hylkema (Jorwert) – Emke Dykstra (Jorwert) 0,5-0,5.Twadde omloop: Anema – HiHa 0-1; Dykstra – Nauta 0,5-0,5; Van der Hem – Hylkema 0-1.
Tuskenstân: HiHa 2; Hylkema 1,5; Anema en Dykstra 1; Nauta 0,5; Van der Hem 0.
Over de auteur