(Tekst: S. Dyk)
De tiisdeitejûnen fan 29 oktober en 5 novimber wie Jorwert wer it striidtoaniel fan it iepen kampioenskip fan “Het Wapen van Baarderadeel”. Yn ‘e jachtweide fan it kafee mei dyselde namme stiene de tafels al klear mei buorden en klokken, en de pelletkachel joech in noflike waarmte ôf. Wat koe der noch misgean?
No, miskien de besetting fan it toernoai. Mei 20 dielnimmeres wie dy justjes minder as ferline jier, mar seker kwalitatyf moast dersûnder wenstige kanonnen as Folkert Groenveld, Teake Kooistra en Jelle Wiersma dochs wol ynlevere wurde. No like it der op dat Marten Walinga wol frij spul krije soe om syn kampioenskip fan ferline fuort te setten. En sa kaam it ek wol in bytsje út. Walinga weefde de earste jûn fuortendaliks al ôf mei Willem Schaap en ien fan ‘e pleatslike favoriten, Frans Kingma. Kingma prestearde it ferline jier by it Nederlânsk kampioenskip yn Drachten noch om Walinga te ferslaan, in prestaasje dêr’t er net in lyts bytsje grutsk op wie. Mar diskear hied er gjin inkelde kâns. De iennichste dy’t Walinga dy earste jûns noch in bytsje byhâlde koe, wie Willem Hoekstra. De Aldegeaster fersloech Liuwe Westra en dy oare pleatslike favoryt, Willem Dykstra.
Kreas wurk dus fan de man dy’t ferline noch meidie yn ‘e B-klasse. Mar ja, doe moast er de twadde jûns fuortendaliks tsjin Walinga, en doe wist Willem Hoekstra wer wat syn plak wie. Likegoed fersloech er dêrnei noch wol Frans Kingma, en dat smiet him mei 3 punten in kreas twadde plak yn it einklassemint op. Want Marten Walinga slagge it ek en set de altyd lestige Tsjerk Wijbenga oan ‘e kant, en dat betsjutte definityf dat it kampioenskip sines wie. En dat sûnder puntferlies, sikerwier in prestaasje. Wijbenga kaam mei syn treddel punt net fierder as it tredde plak, nei oerwinnings op Schaap en Dykstra en in kamppartij tsjin Kingma.
De B-klasse telde seis dielnimmers, hast allegearre lid fan it pleatslike “Oefening Kweekt Kunst”. Op Sietze de Jong nei dan, en dy Aldegeaster naaide ek noch mei de earste priis út. De earste jûn troch dochs taaie dammers as Jelte Dykstra en Rinze Schukken út te skeakeljen. Op ‘e twadde jûn drige it even mis te gean doe’t De Jong tsjin Siebren Dyk in hout efter kaam. Dy miende dat er dêrnei noch wol ekstra falkûle yn ‘e stân grave koe, mar doe krige de Jorwerter fuortdaliks it lid op ‘e noas. De Jong syn lêste pot einige oars kurieus. Hy wie yn ‘e spanning fan it einspul hielendal fergetten dat daamslach yn it Fryske spul foar giet, dat sa helle er dochs noch in nul, tsjin kastlein Emke Dykstra ek noch wol. Mar it koe mei De Jong wat lije, want oan syn trije punten hied er likegoed genôch foar de earste priis. Siebren Dyk en Rinze Schukken hiene oan ‘e ein in heal punt minder, mar omdat Schukken in justjes better SB hie, mocht dy de twadde priis nei Hilaard weromride.
Yn ‘e C-klasse die ek in Aldegeaster mei, en it ferhaal driget ientoanich te wurden, mar dy Almar Stegenga gong ek al mei de heechste eare wer nei syn wenplak werom. Allinnich de baas oer allegearre OKK-ers, en hoe! Oft dat no feteranen wiene as Bonne Hylkema of Jan Nauta, of opkommende talinten as Sjoerd van der Hem of Hindrik Terpstra, hy reage se allegearre oan ‘e kant. Mei de folle winst fan 4 punten wie Stegenga de mear as terjochte winner fan ‘e earste priis. Fierders bliek dat yn Jorwert it opkommende talint de feteraan al foarbystribbe hat. Terpstra besette teminsten it twadde plak mei 3 punten, in fol punt mear as Hylkema.
Doe wie it oan it útdielen fan ‘e prizen ta, kreas fersoarge troch streekbuorkerij “De Him”, en besponsore troch makelderij Kaspers. Guon dammers bleauwen noch lang sitten. Mar net elkenien, want it wie ûnderwilens knap mistich wurden.
Utslaggen en einstannen
A-klasse, earste omloop: Liuwe Westra (Lollum) – Fedde Wiersma (Easterein) 1-0; Marten Walinga (Waaksens) – Willem Schaap (Jirnsum) 1-0; Willem Dykstra (Jorwert) – Willem Hoekstra (Aldegea) 0-1; Tjerk Wijbenga (Arum) – Frans Kingma (Jorwert) 0,5-0,5.
Twadde omloop: Hoekstra – Westra 1-0; Kingma – Walinga 0-1; Wiersma – Dykstra 0-1; Schaap – Wijbenga 0-1.
Tredde omloop: Walinga – Hoekstra 1-0; Dykstra – Wijbenga 0-1; Westra – Kingma 0-1; Wiersma – Schaap 0,5-0,5.
Fjirde omloop: Wijbenga – Walinga 0-1; Kingma – Hoekstra 0-1; Dykstra – Westra 1-0; Schaap – Wiersma 1-0.
Einstân: Walinga 4; Hoekstra 3; Wijbenga 2,5; Dykstra 2; Kingma en Schaap 1,5; Westra 1; Wiersma 0,5.
B-klasse, earste omloop: Harry Kaspers (Jorwert) – Siebren Dyk (Jorwert) 0-1; Rinze Schukken (Hilaard) – Emke Dykstra (Jorwert) 1-0; Jelte Dykstra (Jorwert) – Sietze de Jong (Aldegea) 0-1.
Twadde omloop: E. Dykstra – Kaspers 1-0; Dyk – J. Dykstra 1-0; De Jong – Schukken 1-0.
Tredde omloop: Dyk – De Jong 0-1; Kaspers – Schukken 0-1; E. Dykstra – J. Dykstra 1-0.
Fjirde omloop: Schukken – Dyk 0,5-0,5; De Jong – E. Dykstra 0-1; J. Dykstra – Kaspers 1-0.
Einstân: De Jong 3; Schukken 2,5 (7,75); Dyk 2,5 (6,25); E. Dykstra 2; Kaspers en J. Dykstra 1.
C-klasse, earste omloop: Almar Stegenga (Aldegea) – Bonne Hylkema (Jorwert) 1-0; Jan Nauta (Bitgummole) – Sjoerd Theo van der Hem (Jorwert) 0-1; Hindrik Terpstra (Jorwert) – Jelle Anema (Jorwert) 1-0.
Twadde omloop: Van der Hem – Stegenga 0-1; Hylkema – Terpstra 0-1; Anema – Nauta 0-1.
Tredde omloop: Terpstra – Stegenga 0-1; Nauta – Hylkema 0-1; Anema – Van der Hem 1-0.
Fjirde omloop: Stegenga – Nauta 1-0; Hylkema – Anema 1-0; Van der Hem – Terpstra 0-1.
Einstân: Stegenga 4; Terpstra 3; Hylkema 2; Anema, Van der Hem en Nauta 1.
Over de auteur