Troch: Bauke Bos
Ofrûne moandei hiene we ús einjûn en inkelde dammers hieneit swit op ‘e holle. Dizze jûn waard der omraak damd, mar dat die de namme fan de klup gjin eare oan, want der waard ferhipte rap damd. Fjouwer spullen yn in kertier. In gewoanspul, fiif tsjin fiif, earst kwyt en damje op it skaakboerd. En dit alles mei droege woarsten as priis. It bestjoer siet yn ien groep en dit waard wûn troch de foarsitter. Yn de heechste groep wiene de measte woarsten foar Jelle Wiersma en yn de leechste groep foar Tineke Teigeler.
Ek wurdt der op de einjûnin ferlotting hoden om de kas wat te spekken en as lêste is ittiid foar de priisútrikking. Dit is altyd in ferrassing foardyjingen dy’t nea op de skoare-list sjogge. En wurdt der dan in priis wûn dan sjogge sommige dammers nuver op want dyhiene it dan net ferwachte. Dochs lige de útslaggen net en de kompetysjelieder hie útsocht dat der 95 partijen damd binneyn dit damskoft.
Yn it einwurd helle de foarsitter noch efkes wat punten oan en elts is fan miening dat we in gesellige klupha en hooplik komme der noch ris wat dammers by, want dykinne we wol brûke. Dus liket it jo wat ta, heakje dan einseptimber by ús oan en genietsje mei fan de gesellichheid en itmoaie Fryske damspul!
Utslaggen: heechtste groep: 1. Jelle Wiersma 15 ½ út 17; 2. Willem Schaap 14 ½ út 19; 3. Sjoerd Jan Bakker 13 út 20; 4 Dicky van der Meer 11 ½ út 18; 5. Ype Boelens 11 út 18; 6. Cor Kooistra 9 ½ út 17. Twadde groep: 1. Tineke Teigeler 5 ½ út 16; 2. Bauke Bos 5 út 20; 3. Bauke Dijkstra 5 út 20; 4. Jan Castelein 3 út 17; 11. Kees Castelein 1 ½ út 6; 12. Hennie de Haan ½ út 13
Over de auteur