Weryntrêder Jan de Jager fan de partij.

doorfriesdammen

Weryntrêder Jan de Jager fan de partij.

As de foarsitter Jan de Jager it boekje Oer Alles bringt, dan damme se altiten in potsje en strike noch in pear spultsjes fiif tsjin fiif. Dan docht bliken dat er noch goed yn de gaten hat, hoe’t it spultsje Frysk Spul yninoar stekt. Meastal seit er dan ek: “Ik soe ek wol ris wer op de klup sjen wolle!” Dat sei er ferline wike ek. Doe is it regele. Bauke Bos woe him wol oppikke. Sa kinne wy wol stelle dat wy wer in weryntrêder op de klup ha.

Hy waard ek fuort oan it wurk setten: damme tsjin syn sjauffeur Bauke Bos. Dat soe fêst in moaie partij wurde, want De Jager hat altiten in taaie rakkert west. No die dochs bliken dat er noch wat wenne moast, want hy ferseach him en rekke in houtsje achter. Syn oppenint stûn as in hûs. De Jager hat it noch wakker besocht, mar Bos joech gjin krimp. Sa koe De Jager syn come-back gjin ekstra glâns jaan troch in moaie winst, mar dy winstpunten sille seker komme as er troch giet. Hy is de jongste net mear. It nijste is der ôf, mar it is wol fantastysk dat sa’n man mei twa achten op ’e rêch it noch oandoard.

De meast wûnderlike partij spilen Jelle Wiersma en Willem Schaap. Beide mannen spylje ek wol gauris tsjin elkoar op de damapp. No dus út echt achter in houten boerd. Dêr skrokken se miskien wol in bytsje fan en rekken se wat fan harren apropos. Willem helle yn it middenspul sa mar in prachtich damke. Dy daam bleau ek in hiele hoart stean. Beide mannen wienen it der oer iens dat der geweldige lopen en streken yn sieten. Hoewol’t dy daam prachtich stûn, rekke Willem dy wolf wol kwyt. En doe ynienen liken de winstkânsen foaral op Jelle ôf te kommen. Hy kaam ek noch in houtsje foar. Gewoanwei is it dan oer mei de keapman. Mar keapman Schaap breide der noch moaie streekjes en faltsjes yn. Dêr hie er ek noch gelok mei, want Jelle tûmele der yn.

Utslaggen: Tineke Teigeler – Hennie de Haan ½ – ½; Bauke Bos – Jan de Jager 1 – 0; Sjoerd Jan Bakker – Sjoerd Huitema ½ – 1; Willem Schaap – Jelle Wiersma 1 – 0; Fryslân Kup: Cor Kooistra – Bauke Dykstra 1 – 0.

(Tekst: Cor Kooistra)

Over de auteur

friesdammen administrator