Wiersma wint Wapenpartij

doorfriesdammen

Wiersma wint Wapenpartij

Wiersma wint Wapenpartij Op ‘e tiisdeitejûnen 1 en 8 novimber waard yn Jorwert wer it Iepen Kampioenskip fan “Het Wapen van Baarderadeel” ferspile. Foar lju dy’t muoite ha om har te foegjen yn ‘e moderne tiden: earder wie dit de Littenseradielpartij, en noch earder de Baarderadielpartij. Dy lêste syn earste kear wie al yn 1942. Wedstriidlieder Willem Dykstra besifere dat dit no de 79ste ôflevering wie. We prate dus fan in ynstitút mei tradysje. Likegoed wie it foar guon persoanlike damynstituten pas de earste kear dat se meidiene. Taeke Kooistra en Fedde Wiersma binne út it wurk en seagen kâns om sûnder slieptekoart no ek ris in kear mei te dwaan. Dat makke dat der úteinliks 18 dammers op ‘e list kamen, in moai tal om der trije klassen fan te foarmjen.

Benammen de A-klasse wie sterk beset mei kanonnen as mearfâldich Wapenkampioen Folkert Groenveld, Jelle Wiersma, Marten Walinga, Tsjerk Wijbenga en de al earder neamde Taeke Kooistra. Dêr moast noch ien by om it seistal folslein te krijen. Omdat hy ferline jier nei de heechste klasse by de persoanlike kampioenskippen promovearre is, waard Dicky van der Meer dêr foar slachtoffere. Efterôf sjoen is dat wurd yndied fan tapassing. De earme Dicky ferlear alles, mar hat foar de striid fan kommende febrewaris hooplik wol in soad opstutsen.

Nei de earste jûn hiene twa dammers de folle winst. Taeke Koaistra fersloech Wijbenga en Van der Meer, en Jelle Wiersma wie foar de Terhernster ek te sterk. Folkert Groenveld koe ek al net tsjin Wiersma op, hoewol’t dy noch fol goede moed efter it boerd sitten gong omdat er yn syn earste partij hiel knap Marten Walinga fersloech, as in soarte fan wraakoefening op it foar him frij desastreus ferrûne wrâldkampioenskip.

Mei tank oan it Switsersk systeem makken dy útslaggen dat Kooistra en Wiersma yn ‘e tredde omloop foarinoar oer kamen te sitten. Kooistra hie it dreech. Wiersma boude de boel goed op, en frissele allegearre drigings yn syn stân. Mar Kooistra koe him dêr oan ûntwine, dat de partij rûn úteinliks kamp. De mannen bleauwen dêrmei wol oan kop, mar Groenveld en Walinga rûnen wol op har yn troch harren oerwinnings op respektyflik Wijbenga en Van der Meer. It ferskil wie no noch mar in heal punt, dat yn ‘e fjirde omloop koe der noch fan alles barre.

En der barde yndie fan alles yn dy lêste omloop. Groenveld die bêste saken troch fan Kooistra te winnen; it smiet him in twadde plak op. Yn ‘e striid tusken Wiersma en Walinga kaam it op in stuit hiel iepen te lizzen. Beide dammers drigen de oar te fiter te nimmen. Uteinliks luts Wiersma oan ‘e langste ein troch in machtigen slach, wêrby’t er earst noch in daam weijoech, mar sa dochs op skiifwinst kaam, en dêr hie Walinga gjin ferwin mear op. En sa betearde it dat Jelle Wiersma syn kampioenskip fan “Het Wapen van Baarderadeel” kontinuearje koe. De

B-klasse joech noch folle mear spanning, sels oant it maksimale ta. Nei de earste jûn hiene de tige sterk spyljende Cor Kooistra en de pleatslike favoryt Willem Dykstra noch de folle winst. Yn ‘e tredde omloop kopiearren dy mannen it patroan fan ‘e A-klasse: se spilen tsjin inoar ek wer kamp. Yn ‘e lêste omloop wûnen se beiden wer. Kooistra wie te sterk for Jorwerter Frans Kingma, en Dykstra lei Fedde Wiersma om. Doe hiene se dus noch altyd likefolle punten. Noch sterker: harren SB-punten wiene mei elkmis 10,75 ek like heech! En dat de mannen oaninoar weage wiene die ek noch wer ris bliken yn ‘e barraazje mei tsien menuten tinktiid. Dy like Dykstra op syn namme te skriuwen, oant er op it lêst dochs in lyts flaterke makke. Dizze partij hie ek yn in kampspul einige, as Kooistra op dat stuit net as earste troch it reade flachje flein wie.

De C-klasse wie in folsleine Jorwerter oangelegenheid. Dêr diene úteinliks sân man oan mei. Rinze Schukken fan Hilaard koe de twadde jûn net, en Jelte Dykstra wie de earste jûn net rjocht halich, dat dy beide mannen smieten de lapen gear ûnder de namme Rinze-Jelte Schukstra út Hylwert. Dat houlik bliek fruchtber, want se naaiden úteinliks út mei de earste priis, in koer mei allegearre lekker guod lykas tsizen en woarsten, krekt as alle prizen fersoarge troch de buorkerijwinkel “Op de Him”, en sponsere troch makelaardij Kaspers. Hoe’t de skieding fan dy prizeboel fierders krekt beteard is, dat bliuwt in priveekwesje.

Einstannen mei tusken heakjes it SB-getal: A-klasse: 1. Jelle Wiersma 3,5; 2. Folkert Groenveld 3; 3. Taeke Kooistra 2,5; 4. Marten Walinga 2; 5. Tsjerk Wijbenga 1; 6. Dicky van der Meer 0. B-klasse: 1. Willem Dykstra 3,5 (10,75) (nei barraazje). 2. Cor Kooistra 3,5 (10,75); 3. Frans Kingma 2; 4/5/6. Siebren Dyk, Willem Schaap & Fedde Wiersma 1. C-klasse: 1. Rinze-Jelte Schukstra 3 (13,5). 2. Harry Kaspers 3 (7); 3. Bonne Hylkema 2 (6,5); 4 en 5. Emke Dykstra en Hindrik Terpstra 2 (4); 6. Jan Nauta 0. (siebren dyk)

Over de auteur

friesdammen administrator