Willem Schaap wie der wer en hoe.

doorfriesdammen

Willem Schaap wie der wer en hoe.

De measte dammers kamen moandeitejûn op ’e proppen. Lykwols slagge it trije fan ús dammers net om oanwêzich te wêzen. Der sieten dus alve dammers klear om harren potsje te striken. Doe fertelde Bauke Dykstra dat Piet Sikma ek noch komme soe om tsjin him foar de Fryslân Kup te spyljen. Dat kaam dus prachtich út. Elk koe no damje sûnder dat der ien bygelyks twa spullen tagelyk dwaan moast. Willem Schaap wie ek wer werom nei twa wiken. En hoe!

De partij tusken good old Sjoerd Jan Bakker en Willem Schaap wie it oansjen mear as wurdich. No moatte alle dammers har fansels tige op har eigen partij rjochtsje, mar it is foar guon ek de muoite wurdich om ris efkes fan siden te kypjen en de buorman yn de gaten te hâlden. Dy buorman wie foar in oantal fan de Strikers Willem en elk wit wol as dy achter it boerd sit, dan bart der wat. Hy doart te striken en is gjin houtsjeferweider sa as wijlen Germ Terpstra sizze soe. Willem besocht mei dat spul Bakker syn solide opbou te ûntregeljen. No wurdt Bakker dêr, sa liket it, kâld noch waarm fan. Hy giet gewoan fierder mei syn eigen spul en lit him net fan de wize bringe. Op in bepaald stuit moast Willem kieze: ôfruilje en dêrtroch in moaie stân oerhâlde of trochgean mei it riskante spekulative spul. Hy keas foar it earste. Helle dêrnei ten koste fan in houtsje as earste in daam. Dochs wie dat net de winstfariant, nee mear as kamp siet der net yn. Dat kaam fansels ek troch it sterke ferdigenjen fan Bakker.

Utslaggen: Sjoerd Jan Bakker – Willem Schaap ½ – ½; Dicky van der Meer – Cor Kooistra 0 – 1; Ype Boelens – Jan Castelein 1 – 0; Kees Castelein – Bauke Bos 0 – 1; Hester Boelens – Tineke Teigeler 0 – 1; Fryslân Kup: Bauke Dykstra – Piet Sikma 1 – 0.

Over de auteur

friesdammen administrator