WK Frysk Damjen wurdt spannend!

doorfriesdammen

WK Frysk Damjen wurdt spannend!

Wiersma keard mei Kooistra en Walinga deun op ’e hakken

Freed 23 maart like Jelle Wiersma syn oerwinningstocht troch te setten mei in fraaie oerwinning tsjin Marten Walinga. De lêste hie it oer in ‘ toppartij ‘ fan syn tsjinstanner. Yn de twadde omloop smiet er it dan ek oer in oare boech en befrissele in fyn ynleine kombinaasje yn de stelling. Wiersma trape yn de fâle en waard mei spektakulêr slachwurk fan it boerd fage.

Oan it oare boerd foel it foar Ties Slagter net ta. Hy beoefenet it Fryske spul noch mar 5 jier. Yn dy tiid is er in bjusterbaarlik sterke tsjinstanner wurden, mar oan spilers mei in libbenslange ûnderfining lykas de oare trije finalisten hat er meastal noch klauwen. Ek no ferlear er wer, nei dreech krewearjen, stadichoan beide partijen.

Dat betsjut dat Jelle Wiersma (3 punten) en Marten Walinga en Teake Kooistra (beide 2 punten) sneon 24 augustus útfjochtsje moatte, wa ‘t de nije wrâldkampioen wurde sil. Walinga spilet twa partijen tsjin Slagter, en Wiersma twa tsjin Kooistra. In útslach mei trije spilers dy ‘t like heech einigje, is dêrmei útsletten. Wol is it mooglik dat twa spilers like heech einigje. Yn dat gefal wurdt der noch in barraazje spile mei de helte fan de tinktiid. As de wrâldkampioen bekend is, sil dy de wikselpriis en de keningskrânse ûntfange út hannen fan ’e boargemaster fan Harns, Ina Sjerps.

Foarôfgeand oan de beide omlopen fan hjoed waarden de finalisten en oare dammers wolkom hjitten troch deputearre Abel Kooistra fan de provinsje Fryslân. Hy lei de klam op it bysûndere belang fan dizze unike tinksport foar it gehiel fan de Fryske kultuer.

Hjoed sleat ek de tredde partnerorganisaasje him oan by de Stifting WFD, de organisator fan it wrâldkampioenskip Frysk Damjen. It gie, nei earder de Tsjechyske Dambond en de Feriening foar Damsport yn it Italiaanske Aosta om de Grinzer klup Fries yn Grunn. Mei it partnerskip nimt de klup op him, om op syn minst ien kear yn it jier in offisjele wedstriid te organisearjen dy ‘t diel útmakket fan de wedstriidsyklus fan de Stifting WFD.

Under de beide omgongen waarden der op de Barentszwerf teamwedstriden spile yn de farianten Italiaansk en Ynternasjonaal (Hollânsk ). Net ferwûnderlik wûn it Italiaanske team de earste wedstriid, mei in ynternasjonaal gearstald team as twadde. De ‘ Hollânske ’ wedstriid waard wûn troch it ynternasjonale team, mei de Italianen as twadde.

Deputearre Abel Kooistra docht de earste set oan it boerd fan Ties Slagter (l) en Taeke Kooistra. Op de eftergrûn (l)wethâlder en lokoboargemaster Hendrik Sijtsma.
(Foto: Stifting WFD)
Fedde Kramer (l) en Marten Walinga ûndertekenje de partneroerienkomst tusken Damclub Fries yn Grins (Foto: Stifting WFD)

Over de auteur

friesdammen administrator