Troch Stifting WFD
Oant de lêste partij wie it ûnwis oft de hjoeddeistige wrâldkampioen FRYSK! Jelle Wiersma syn titel mei sukses prolongearje koe. Al betiid yn it toernoai moast er yn it stof bite tsjin Tiemensma mar dy foarsprong belytse yn it toernoai ta in heale punt. De lêste partij wie foar beide spilers beskiedend. Dêryn troffen se beiden sterke Italjaanske tsjinstamnders. Wiersma fersloech de sterk spyljende Italjaan Paolo Faleo, mar ek Tiemensma pakte de winst troch de Italjaansk kampioen Davide Gemma fan it boerd te spyljen en pakte dêrmei syn twadde wrâldtitel FRYSK! Oer it algemien spylje alle Friezen mei yn de top mar dit jier foel it op dat de grutmaster Taeke Kooistra en de masters Folkert Groenveld en Hein de Vries in soad spilers út it bûtenlân foar har gean litte moasten. It is dúdlik dat it FRYSK! net allinnich oan populariteit wint mar ek dat it nivo fan de bûtenlânske spilers gaueftich foarút giet. It is noch in kwestje fan tiid dat de nije wrâldkampioenen út it bûtenlân komme sille, benammen no’t de organisaasje, stichting WFD (Wrâldkampioenskip Frysk Damjen), hieltyd mear bûtenlânske partners krijt.
De resultaten en partijen fan it achtste Wrâldkampioenskip FRYSK! fine jo op:
https://lidraughts.org/broadcast/world-championship-frysk-round-7/NJ6Xyw
Webside toernoai: https://www.com/2pagina/136/12/13/fo-2025.html
Organisaasje: Stifting WFD, www.frisiandraughts.com
Over de auteur