Troch Cor Kooistra
Skearnegoutum. It is sa’n bytsje de gewoante dat as der in ûneven oantal dammers is, ien spiler tsjin twa tagelyk dammet. Diskear wie dat Ype Boelens. Hy spile tsjin de beide Casteleinen. Heit Jan koe op alle mominten oproppen wurde om te wurkjen. Hy hie nammentlik stoaringtsjinst. Likegoed woe er wol damje mei de moglikheid dat er it kerwei net ôfmeitsje koe.
Fan it oproppen en fuortroppen kaam it gelokkich net. Hy koe moai troch strike. Syn soan is altiten wat rapper. Ek diskear. It hie better foar him west dar er wat stadiger de mooglikheden dy’t it spul joech besjoen hie. Mooglikheden plenty, mar ja as jo dan wat hastich binne dan sjogge jo dat oer de kop. Om koart te gean: Kees ferlear. Heit Jan hold aardich stân mar lang om let koe er it dochs net hâlde.
De partij fan de jûn waard spile troch Sjoerd Jan Bakker en Dicky van der Meer. In spul dat moai lykop gong en úteinlik yn in stân fan beide: in daam en twa houtsjes. Dicky syn daam stûn yn de lange hoeke en syn houtsjes wennen dêr ek. Sjoerd Jan syn daam stie yn de koarte hoeke en syn houtsjes stiene oan beide kanten fan de lange line. Dy Sjoerd Jan is fansels in âlde damrôt dy’t donders goed wit wêr’t er de houtsjes del sette moat. Sa gie it no ek. Dicky sjeesde mei syn dam noch in kear hinne en wer fan hoeke nei hoeke, mar wist ek net krekt hoe ’t er it ha moast. Sjoerd wist dat wol, wylst guon fan de omstanners tochten dat Dicky winne soe, naaide Sjoerd der mei de winst fan troch.
Utslaggen: Sjoerd Jan Bakker – Dicky van der Meer 1 – 0; Ype Boelens – Jan Castelein 1 – 0; Ype Boelens – Kees Castelein 1 – 0; Willem Schaap – Jelle Wiersma 0 – 1; Cor Kooistra – Bauke Bos 1 – 0.
Over de auteur