Baliakin oan kop by NK damjen

doorfriesdammen

Baliakin oan kop by NK damjen

Omloop njoggen fan it Nederlânsk kampioenskip brocht trije flotte útslaggen, en dat wie yn dit toernoai noch net earder bard. Koprinder Jan Groenendijk spile al frij gau kamp tsjin Jitse Slump. Martijn fan IIzendoorn hantearre in oare taktyk. Mei fluch spul besocht er Wouter Ludwig fan ‘t sintrum te bringen, mar Ludwig hold hoek. Gabriël Heerema spile in bekende iepening, mar op in stuit wiek er ôf, en doe ferlear er al gaueftich in hout. Wouter Sipma wie dêrtroch de gelokkige, en koe sa syn tredde oerwinning byskriuwe. Dêrmei kliuwt Sipma nei in falske start dochs yn ‘e ranglist omheech. Op dit stuit stiet er fyfd.

         Jan van der Star prestearre it en lûk yn it middenspul foar ien set krapoan 50 menuten út. Dat liek wat tefolle fan it goede, Hein Meijer begûn syn tsjinstanner te besingeljen en koe de partij letter mei in moaie kombinaasje beslisse. Gerlof Kolk helle in treflike remize tsjin Ben Provoost. Anton van Berkel wûn in hout tsjin Luuk Terweijden, mar dy hie foar dy efterstân wol wat kompinsaasje. Nei wat iggewearjen koe Van Berkel de partij likegoed winne.

         De spannendste striid waard útfochten troch de jonge Matheo Boxum en Alexander Baliakin, in man mei frachten ûnderfining en ek al in kearmannich Nederlânsk kampioen. Demonstrater Harm Wiersma joech der gâns omtinken oan en liet allegearre nijsgjirrige ferwikkelings sjen. Lang om let kaam der in komplisearre einspul op it boerd mei mar leafst fjouwer dammen. Doe makke Boxum dochs noch in flater, en sa koe Baliakin de kop oernimme. Moarn stiet yn hotel Van der Valk yn Drachten de lêste dûbelde omloop op it programma.

Over de auteur

friesdammen administrator