Yn 2019 en 2022 waarden de Stadige Strikers klupkampioen! Ofrûne sneon hiene se de kâns om dêr in trijekaart fan te meitsjen. Dat slagge net. Dêr wienen wy as Strikers ek net fanút gien. Lollum-Waaksens mei de klupnamme De Rûge Wolf pakte no foar de earste kear de kampioenstitel. Wat moat it Marten Walinga in grutsk gefoel jûn ha om mei twa soannen yn
it achttal kampioen te wurden. Moai foar it damjen dat no wer ris in nijenien de heechste eare pakt hat. Foar de Stadige Strikers siet dat der net yn, mar se hawwe har wol hanthavene en dat is ek geweldich.
Moandeitejûn is der fansels noch wiidweidich oer neipraten, oer dat kampioenskip. Dan komme de tekoartkommingen en de blunders oer it fuotljocht. En dan wurdt der sein: in oare kear wer better. De realiteit is dat de Stadige Strikers ek foar in wichtich part út âlde knarren bestiet en as der net wat nij bloed by komt dan sjocht it der net sa geunstich út. Der wie ek dizze jûn mar in hantsje fol dammers en dy makken dêr fansels it bêste fan fan wat se te biedeb hienen. De spannenste partij waard spile troch Willem Schaap en Bauke Bos. De earste moast yn de einfaze der noch hiel lang oer neitinke om de bêste fuortsetting te kiezen. Dêr kaam er wol goed út. Bauke Dykstra spile tsjin Ype Boelens. It wie in teoryspul wêr’t Dykstra de fijne kneepkes goed fan wit. Dy kneepkes fan him misten wy yn Easterein om’t er dêr net oanwêzich wêze koe. Ype moast it al gau opjaan.
Utslaggen: Sjoerd Jan Bakker – Jelle Wiersma 0 – 1; Ype Boelens – Bauke Dykstra 0 – 1; Bauke Bos – Willem Schaap 0 – 1; Jan Castelein – Cor Kooistra 0 – 1.
Understeand inkele foto’s fan de klupkampioenskippen 2023 yn Restaurant en Partycentrum Bergsma Easterein. De foto’s binne makke troch bûnsfotograaf Bauke Bos.
It klupkampioenskip yn it damjen Frysk spul is ôfrûne sneon ûnferwachte wûn troch “De Rûge Wolf”. De klup út Lollum-Waaksens wie noch nea earder as earste einige. Ek al wierre it yn Easterein ek net tsjin.
Dat it sa goed foar de Lollumers beteare soe, dêr like it yn ‘e earste omloop noch net fuortendaliks op. Wis, Blauhús waard mei 5½-2½ ferslein, mar it wie yn it foar al dúdlik dat de Blauhústers it dreech krije soene. Dan wie de oerwinning mei deselde sifers fan Hartwert op Skearnegoutum folle oertsjûgjender. Hartwert is fansels fanâlds in sterke klup, mar it wie twa jier lyn wol degradearre, wylst Skearnegoutum de lêste twa kears it kampioenskip krekt op syn namme skreaun hie. De bûter moast jild jilde yn ‘e twadde omloop, doe’t de beide winners it tsjin inoar opnimme moasten. Yn ‘t earstoan rûn de striid lykop. De beide ûnderste buorden by Lollum, beset troch twa soannen fan earsteboerdspiler Marten Walinga, soargen yn ‘e mande foar in punt, en dat diene ek de beide Hollânske gastspilers Auke Zijlstra en Hans Jansen. Mar Hartwerter Germ Bruinsma sette syn ploech op in foarsprong. Dy like op it earste boerd útboud te wurden troch Taeke Kooistra, dy’t mei twa houtsjes in blokje fan fjouwer fêsthold. Marten Walinga koe de opsluting dochs noch ferbrekke, mar fierder as in kampspul soe er wol net komme kinne. Dat hie it ek wurden as Kooistra syn daam nei in slach net al te hastich wer delset hie. De ferbjustere taskôgers wisten net wat se seagen fan deselde man dy’t dochs wier yn syn libben achtjin kear persoanlik kampioen west hat. Dat it de master misse kin, wie even letter ek te sjen by Kooistra’s soan Sjoerd-Teake, dy’t in wûne stân ferblundere. Selden sil in dammer der sa ferslein by sitten ha. De goede Hartwerter kânsen wiene dan ek yn ien kear omslein, foaral ek omdat Hein de Vries yn tiidneed der net mear útkaam tsjin de Lollumer Jouke Algra. Likegoed hie Lollum yn ‘e lêste omloop yn Skearnegoutum noch in drege tsjinstanner. Mar dêr waard dochs frij handich mei ôfweefd. Benammen de seisklapper dêr’t Liuwe Westra Ype Boelens mei fan it boerd reage, makke yndruk. Mar miskien noch wol mear de finesse dy’t Hans Jansen yn syn einspul befrissele. De Lollumer oerwinning hat dêrnei eins ek gjin momint mear yn gefaar west. Blauhús rûn tsjin Hartwert ûnderwilens tsjin syn tredde ferliespartij oan, dat dy mannen sille it it takom’ jier in nivo leger sykje moatte. Se wurde ferfongen troch Aldegea, dat de foarrige kears degradearre wie, mar dat fersin no fuortdaliks wer goedmakke. Noch Jorwert noch De Gaastmar koe oan harren damkwaliteiten ek mar yn ‘e fierste fierte tippe.
Utslaggen en einstannen Kampioensklasse, earste omloop: Skearnegoutum – Hartwert 2,5-5,5; Lollum – Blauhús 5,5-2,5. Twadde omloop: Blauhús – Skearnegoutum 3-5; Hartwert – Lollum 3-5. Tredde omloop: Lollum – Skearnegoutum 5-3; Hartwert – Blauhús 5-3. Einstân kampioensklasse, mei tusken heakjes de buordpunten: 1. Lollum 3 (15,5); 2. Hartwert 2 (13,5); 3. Skearnegoutum 1 (10,5); 4. Blauhús 0 (8,5).
Twadde en tredde klasse, earste omloop: Aldegea – Jorwert 7-1; Lollum II – Hartwert II 2,5-5,5; De Gaastmar I – De Gaastmar II 7-1. Twadde omloop: Jorwert – De Gaastmar I 3-5; De Gaastmar II – Lollum II 4-4; Hartwert II – Aldegea 1,5-6,5. Tredde omloop: Aldegea – De Gaastmar I 5-3; Hartwert II – De Gaastmar II 8-0; Jorwert – Lollum II 5,5-2,5. Eindstân twadde klasse: 1. Aldega (SWF) 3 (18,5); 2. De Gaastmar 2 (15); 3. Jorwert 1 (9,5). Eindstân tredde klasse: 1. Hartwert II 2 (15); 2. Lollum II 0,5 (9); 3. De Gaastmar II 0,5 (5).
De kommene wiken steane de grutte wedstriden op it programma. Moarn te
Easterein it klupkampioenskip, de twa wiken dêrop it persoanlik kampioenskip en as útsetter it Fryslân Iepen. As foaroanman en earste boerd spiler fan de Lollummer klup sil Marten Walinga misskyn wol de kampioenstsjelke heech hâlde meie. Soks soe foar ‘De Rûge Wolf’in primeur wêze. Dan moatte se al ôfweve mei kampioen Skearnegoutum en Hartwert, werom op it heechste nivo. En poets de Blauhústers ek net út. Walinga hat ienris de Fryske titel wûn. Faaks siet er der hiel tichteby. Syn aventoerlike spul hat him hjir misskyn wol behindere. Mar ek hiel wat brocht, sa as de wrâldtitel en in fracht oan prizen op dammerijen, lykas yn Blauhús ferline
wike freed.
F.Groenveld – M.Walinga, Blauhús 13-1-2023, Stryk-ta 1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 1737 4.4132 16-21 5.2617 1241 6.4637 11-16 7.36-31 7-11 Swart wol it oars. 7. ..7-12 is wenst. 8.47-41 2-7 9.41-36 8-12 Op wyt syn lange hoeke oan. 10.34-30 2534 11.4424 2029 12.3324 1930 13.3524 18-22 Strykt swart nei fjild 21, folget der in ôfruil en hat wyt de rún wer op stâl. 14.40-35? Hjir hie 14.39-33 as 50-44 moatten. Nei 14. ..13-18 folget skiifwinst foar swart. 14. ..22-28? 15.3223 1344 16.5039 11-17 12-17 en 9-13 mei driging kin ek. 17.37-32 7-11 18.32-28! driget 24-19 mei daam 18. ..1-7 ek om de ôfruil troch 28-22 foar te wêzen. 19.28-23 9-14 20.39-34 14-20 21.34-29 20-25 22.24-19 3-9 Wyt oerfalt swart mei fjouwer dryste setten.
23.38-33 9-13 der drige 35-30 mei daam 24.233 42 25.29-23 17-21 Wat oars?
26.33-28 2141 27.3647 11-17 28.28- 22 1232 29.4211 617 en it giet op in lykweardich einspul ta. 30.49-44 17-22 31.2321 16*27 32.43-38 27-31
Moai is 33.19-14! 10×19 34.35-30 25×34 35.44×13 5-10 (ferpl.) 36.47-41 31-36
37.13-9 36×49 38.9-4 49×16 39.4×25 kamp 33.48-43 7-12 34.19-14 1513 35.354 53 36.44-40 12-17 37.40-35 17-21 38.35-30 2-7 39.30-24 13-19 40.2413 323 41.45-40 7-11 42.40-35 31-36 43.38-33 23-28 44.3322 2123 45.43-38 liket better, mar wint net. 45.35-30 23-28 46.30-24 28-32 47.24-19 32-37 48.4727 36-41 49.19-13 41-46 Beide spilers ha amper noch tiid. 50.13-8 46-5 51.43-38 5-23
Wyt is bang foar 11-17, mar hie mei 8-3 de daam op slach setten en gau kamphawn. 52.27-21? 1131 53.8-3 23-46 54.38-33 31-37 55.33-28 37-42 56.3-21 465 57.21-49 5-46 58.49-27 42-48 en wyt gie troch de klok, mei swart trije
tellen noch.
Tsjin Tsjerk Wijbinga koe Walinga der in moaie kombinaasje ynfrisselje. Nei 37.30-24 14×24 38.35×33 12-17 stie it Walinga hie wyt en wikkele ôf mei
38.25-20! 10×30 39.33-29! 30×28 40.41-36 21×32 41.36×27 en soe it einspul winne
Nei lotting binne de prizen fan de krystpuzzel foar 1.Sj.Schilstra Wommels); 2.G.IJkema (De Gaastmar) en 3.Tj.Smedinga (It Hearrenfean).
Nû. 13 sw. 8, 9, 11, 14, 16, 25, 26 wyt 20, 23, 30, 34, 36-38
Nû. 14 sw. 8, 11, 13, 15, 20, 31, 36 wyt 28, 29, 32, 38-40, 47
en twa nijen fan Hiele Walinga
Nû.15 sw. 2, 10, 11, 19, 26, 30, 36 wyt 27, 28, 42, 44, 47
Nû.16 sw. 2, 3, 6, 10, 15, 30, 35 wyt 16, 18, 21, 22, 28, 36, 39, 44, 49
Oplossingen stjoere foar 4 febrewaris.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
De damferslachjes binne der sa’n bytsje by yn sketten sa om âld en nij hinne. Dêrom is hjir in ynhelslach, wêr’t yn ek oandacht oan de striid tusken de Strikers en Hartwert. Fierders noch twa klupjûnen mei de nijsgjirrichheden. It is allegear âld nijs mar wol foar it earst oan it
papier tabetroud. Op moandeitejûn de 19de fan desimber kaam it der dan dochs noch fan: de striid tusken Skearnegoutum en Hartwert. Dat wie foar de lêste kear spile yn 2019. Yn 20 en 21 koe it net troch gean yn ferbân mei de pandemy. No dat hawwe wy witten. It ûnthâld is blykber net al te goed mear by guon dammers, want guon wisten eins net mear wêr’t de lêste striid ferspile west hie. Oant in wike fan te foaren tochten guon dat it yn Hartwert plakfine moast. Yn Skearnegoutum waarden de ôfspraken mei it bestjoer fan it Swettehûs wer opsein. Doe’t in pear dagen letter it dochs dúd;lik waard, mei swart op wyt, dat de Strikers de gasthearen wienen, moast de klup alles op ‘e nij mei it Swettehûs regelje. Klear dat wie ek net sa’n puint, mar it die wat sullich oan.
Op de 19de kamen net allinne Stadige Strikers yn it boarterslokaal fan de skoalle, mar noch folle mear “Hartwerters”. Hoe is it mooglik soe men sizze dat sa’n doarpke fan om en de by 100 ynwenners sa’n mânske damklup hat. Moai dat se der wienen. It die fuortendaliks fertroud oan. Praat ja oan praat gjin gebrek. Men koe sa wol merke dat de striid tusken de klups mei jûchhei ûntfongen waard. Nei wat praat fan de foarsitters krigen de houtsjes harren gerak. It waard in moai barren. De puntsjes giene yn it begjin foaral nei de gasten, dy’t njonken de tsien spilers ek noch seis losse dammers hienen, dy spilen in eigen kompetysjepartij. Hoewol it wol spannend wie, moasten de Strikers mei it ferlies tefreden wêze. Utslach: Strikers – Hartwert. Dicky van der Meer – Taeke Kooistra 0 – 1; Jelle Wiersma – Tsjerk Wybenga 1 – 0; Sjoerd Jan Bakker – Fedde Wiersma 0 – 1; Willem Schaap – Germ Bruinsma 1 – 0; Ype Boelens – Ygram Wybenga 0 – 1; Cor Kooistra – Klaas Wiersma 1 – 0; Bauke Bos – Ids Boersma 1 – 0; Tineke Teigeler – Lieuwe Eringa 0 – 1; Kees Castelein – Tom Vellinga 0 – 1; Jan Castelein – Siebe Elzinga 0 – 1. Einstân 4 – 6.
De beide kompetysjejûnen fan de Strikers yn it nijejier wie wat oantallen oanbelanget wol oare koek as mei de “clash” tsjin Hartwert. Nee de Strikers ha te krijen mei tsjinslaggen en de foarnaamste dêrfan is sykte. Sa wienen der op de earste jûn tsien en op de twadde moandeitejûn sân dammers.Dat sjocht der net sa florisant út. De útslaggen 9-1: Bauke Bos – Cor Kooistra 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker – Dicky van der Meer 1 – 0; Kees Castelein – Tineke
Teigeler 0 – 1; Willem Schaap – Jan Castelein 1 – 0. Op 16 – 1: Jan Castelein – Bauke Bos 0 – 1; Ype Boelens – Cor Kooistra 1 – 0; Willem Schaap – Sjoerd Jan Bakker 1 – 0; Fryslân Kup: Dicky van der Meer – Folkert Groenveld -0 – 1.
Op 7 jannewaris wie der wer in damdei yn Hartwert. Yn 2021 en 2022 koe dizze damdei fanwegen koroana net troch gean. It wie moai waar, der koe net reedriden wurde en de ljippen binne ek noch net warber. It bestjoer hie dan ek op wat mear dammers rekkene/hope as de 15 dy’t der wol wiene: 11 leden fan de damklup út Hartwert en 4 dammers fan oare klups.
Yn de eareklasse wiene de beide toppers fan damklup Hartwert harren tsjinstanners de baas. Yn de haadklasse A hiene 2 Hartwerters beide 2 punten. Yn de earste klasse, in groep mei trije dammers, waard 45 minuten op de klok damt en waard twa kear tsjin elkoar damt om foar te kommen dat ien 3 oeren omrinne moast. De dammers dy’t der wiene hiene in moaie damdei en dêr giet it om. Sa no en dan waard der in lyts flaterke makke, mar der kamen ek moai winstsetten op de buorden.
Utslaggen: Eareklasse 1: 1. Taeke Kooistra, Hartwert 3 punten 2. Folkert Groenveld, Jutryp 2 punten. Eareklasse, groep 2: 1. Hein de Vries, Ljouwert 3 punten 2. Dicky van der Meer, Terherne 2 punten. Haadklasse A: 1. Klaas Abma, Hartwert 2 punten 2. Germ Bruinsma, Wommels 2 punten. Earste klasse: 1. Sjouke de Boer, Eksmoarre 3 punten 2. Hidde de Vries, Langezwaag 2 punten.
Sa’n tsien jier lyn kaam der troch de ynisjativen fan de Stifting WFD nij elan by it Frysk damjen. Jierlyks wurdt it Fryslân Iepen ferspile mei dielname fan bûten de provinsje- en lânsgrinzen. Hiel wat hoekse dammers spylje no ek it Frysk Spul. Wat te tinken fan de wrâldkampioenen Alexander Georgiev en Alexander Schwarzman. En ek nasjonale kampioenen, sa as Patrick Casaril fan België, Aleksej Domchev fan Litouwen, Vaclav Krista fan Tsjechië en Hans Jansen, trijefâldich Nederlânsk kampioen. Jansen wûn okkerwyks it NK FRYSK!. Soks betsjut dat hy de earste dammer is dy’t by it oerhoeks as by it Frysk Spul in nasjonale titel wûn hat.
FRYSK! is de einspulfariant mei fiif skiven fanút de begjin line. Nei sawn omlopen kaam Dicky van der Meer boppe oan te stean. Soks is wer in bewiis fan syn damkwaliteiten. Oer in moanne docht er mei yn de earste acht fan it Frysk kampioenskip. Jansen dielde it earste plak mei him foar de Fryske toppers Jelle Wiersma, Taeke Kooistra en Marten Walinga. No folget de barraazje, dy’t Jansen wûn.
H. Jansen – D.v.d.Meer, barraazje NK FRYSK!, Harns, 30 desimber 2022 1.46-41 3-8 2.41-37 8-12 3.49-43 12-17 4.43-38 17-21 5.37-31 21*41 6.47*36 In posysjoneel korrekte ôfruil. 6. ..5-10 7.36-31 10-14 8.38-32 2-7 9.32-27 7-11 10.31-26 14-19 11.27-21 11*31 It spul giet lyk op, mar de spanning rint op. 12.26*37 1-7 13.37-32 7-11 13. ..19-24 is better. No ferliest swart tempo en 7-11 kin letter ek noch wol. 14.32-27 4-9 15.48-43 Mar ek wyt hie better. Strike mei skiif 50 en swart sil oankomme, al is soks nei acht setten.
No ferliest van der Meer it spul. Kamp wurdt bygelyks 15. …19-24 16.43-39 24-29 17.39×19 9×29 as 16. …24-30 17.39-33 9-14 18.33-28 14-19 19.28-22 11-16 20.22-17 16×18 15. ..19-23? 16.50-44 9-14 16. ..23-29 kin net. Wyt rint dan efter, nei fjild 28 en oars komt swart oan. Mear kâns jout noch 16. ..11-16 17.43-38 9-14 18.44-40 14-20 19.40-35 20-24 20.38-32 23-29 21.27-22 29-34 22.35×33 24-30 17.44-39 14-19 18.39-34 11-16 Net 18.39-33 om de plakker 11-17 19.43-38 19-24 20.34*14 23-29 21.14-10 29-34 22.38-33 34*21
Dan noch twa kombinaasjes fan Jansen by it Fryslân Iepen. Yn 2019 stie Hein de Vries der mei swart yn it einspul deeglik op, mar liet him dochs te pakken nimme. De wite skiif op 31 stiet faai. Mar nei 41. …12-17? folge it bline
42.28-22! 17×39 43.50-44 39×50 44.31-27 50×20 45.25×3 In jier letter moast Aleksej Domchev, mei swart, it belije nei 15. ..14-20?
16.37-31! 17×28 17.38×18 8×28 18.39-33 28×39 19.43×5
Dan twa problemen fan Stellinga-Baron
Nû. 13 sw. 8, 9, 11, 14, 16, 25, 26 wyt 20, 23, 30, 34, 36-38
Nû. 14 sw. 8, 11, 13, 15, 20, 31, 36 wyt 27, 28, 32, 38-40, 47
Oplossingen noch net stjoere.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
Amsterdammer Hans Jansen is na een beslissingspartij tegen Dicky van der Meer overtuigend kampioen FRYSK! Geworden. Op vrijdag 30 december 2022 werd vanaf 1 uur het Nederlands Kampioenschap FRYSK! gespeeld in Het Brouwdok te Harlingen. Sinds de match Marten Walinga-Folkert Groenveld om de wereldtitel van 10-22 augustus 2021, ook in Harlingen, is er geen kampioenschap gehouden vanwege corona. Nu was er weer een kampioenswedstrijd Fries Dammen.
Met dit kampioenschap is de 66-jarige drievoudig Nederlands kampioen dammen Hans Jansen automatisch gekwalificeerd voor het eerstvolgende Wereldkampioenschap FRYSK!, dat gepland staat op zondag 5 maart in Franeker. Van 28 februari tot en met 5 maart wordt in Franeker het Fryslân Open 2023 en bijbehorende toernooien gehouden.
Aanvankelijk zag het er niet naar uit dat Jansen kampioen zou worden, hij verloor verrassend in de eerste ronde. Favoriet, wereldkampioen Fries dammen Marten Walinga ging met vier overwinningen sterk van start. Hij leek rechtstreeks op de titel af te gaan. Hij werd echter in de zesde ronde achterhaald door Hans Jansen die met een inhaalrace begonnen was. Het kampioenschap ging over zeven ronden. Uiteindelijk eindigde Dicky van der Meer verrassend gelijk met Hans Jansen zodat een beslissingspartij noodzakelijk geworden was. Favoriete kampioenen Fries dammen als Taeke Kooistra en oudkampioen FRYSK! Jelle Wiersma kwamen te kort. Walinga en Wiersma werden gedeeld derde. Voor de uit Terhorne afkomstige Fries Dicky van der Meer was dit zijn beste prestatie in zijn dam carrière tot nu toe.
FRYSK! is dammen volgens de Friese regels met slechts vijf schijven per speler. In het internationale of Hollandse spel eindigt dit steevast in remise, in het Friese spel blijft het een krachtmeting op het scherpst van de snede en is de remisemarge nog steeds klein. De uitgangspositie met vijf schijven per speler maakt het Friese spel toegankelijk voor nieuwe spelers uit binnen- en buitenland.
Tijdens het NK waren niet alleen verschillende Friese kampioenen en oud-kampioenen aanwezig, maar ook oud-kampioen van België Patrick Casaril en oud-wereldkampioen Alexander Sjvartsman. Deze geboren Rus is getrouwd met een Oekraïense vrouw en verkeert met zijn gezin sinds het begin van de oorlog in de Oekraïene in ballingschap in Nederland. Hij probeert met damtoernooien en lessen in het levensonderhoud van zijn gezin te voorzien, en is dan ook blij dat ook de internationale wedstrijden Fries Dammen weer van start gaan. Hij werd tiende.
Beelden van het toernooi werden live gestreamd en zijn te zien op de website www.lidraughts.org. Onderstaand enkele foto’s van het toernooi gemaakt door Johan Wolfard.
Voor meer informatie: Siep Buurke, 0614172563, s.h.buurke@gmail.com