Lollum ferrassend klupkampioen Frysk damjen

doorfriesdammen

Lollum ferrassend klupkampioen Frysk damjen

It klupkampioenskip yn it damjen Frysk spul is ôfrûne sneon ûnferwachte wûn troch “De Rûge Wolf”. De klup út Lollum-Waaksens wie noch nea earder as earste einige. Ek al wierre it yn Easterein ek net tsjin.

Dat it sa goed foar de Lollumers beteare soe, dêr like it yn ‘e earste omloop noch net fuortendaliks op. Wis, Blauhús waard mei 5½-2½ ferslein, mar it wie yn it foar al dúdlik dat de Blauhústers it dreech krije soene. Dan wie de oerwinning mei deselde sifers fan Hartwert op Skearnegoutum folle oertsjûgjender. Hartwert is fansels fanâlds in sterke klup, mar it wie twa jier lyn wol degradearre, wylst Skearnegoutum de lêste twa kears it kampioenskip krekt op syn namme skreaun hie. De bûter moast jild jilde yn ‘e twadde omloop, doe’t de beide winners it tsjin inoar opnimme moasten. Yn ‘t earstoan rûn de striid lykop. De beide ûnderste buorden by Lollum, beset troch twa soannen fan earsteboerdspiler Marten Walinga, soargen yn ‘e mande foar in punt, en dat diene ek de beide Hollânske gastspilers Auke Zijlstra en Hans Jansen. Mar Hartwerter Germ Bruinsma sette syn ploech op in foarsprong. Dy like op it earste boerd útboud te wurden troch Taeke Kooistra, dy’t mei twa houtsjes in blokje fan fjouwer fêsthold. Marten Walinga koe de opsluting dochs noch ferbrekke, mar fierder as in kampspul soe er wol net komme kinne. Dat hie it ek wurden as Kooistra syn daam nei in slach net al te hastich wer delset hie. De ferbjustere taskôgers wisten net wat se seagen fan deselde man dy’t dochs wier yn syn libben achtjin kear persoanlik kampioen west hat. Dat it de master misse kin, wie even letter ek te sjen by Kooistra’s soan Sjoerd-Teake, dy’t in wûne stân ferblundere. Selden sil in dammer der sa ferslein by sitten ha. De goede Hartwerter kânsen wiene dan ek yn ien kear omslein, foaral ek omdat Hein de Vries yn tiidneed der net mear útkaam tsjin de Lollumer Jouke Algra. Likegoed hie Lollum yn ‘e lêste omloop yn Skearnegoutum noch in drege tsjinstanner. Mar dêr waard dochs frij handich mei ôfweefd. Benammen de seisklapper dêr’t Liuwe Westra Ype Boelens mei fan it boerd reage, makke yndruk. Mar miskien noch wol mear de finesse dy’t Hans Jansen yn syn einspul befrissele. De Lollumer oerwinning hat dêrnei eins ek gjin momint mear yn gefaar west. Blauhús rûn tsjin Hartwert ûnderwilens tsjin syn tredde ferliespartij oan, dat dy mannen sille it it takom’ jier in nivo leger sykje moatte. Se wurde ferfongen troch Aldegea, dat de foarrige kears degradearre wie, mar dat fersin no fuortdaliks wer goedmakke. Noch Jorwert noch De Gaastmar koe oan harren damkwaliteiten ek mar yn ‘e fierste fierte tippe.

Utslaggen en einstannen Kampioensklasse, earste omloop: Skearnegoutum – Hartwert 2,5-5,5; Lollum – Blauhús 5,5-2,5. Twadde omloop: Blauhús – Skearnegoutum 3-5; Hartwert – Lollum 3-5. Tredde omloop: Lollum – Skearnegoutum 5-3; Hartwert – Blauhús 5-3. Einstân kampioensklasse, mei tusken heakjes de buordpunten: 1. Lollum 3 (15,5); 2. Hartwert 2 (13,5); 3. Skearnegoutum 1 (10,5); 4. Blauhús 0 (8,5).

Twadde en tredde klasse, earste omloop: Aldegea – Jorwert 7-1; Lollum II – Hartwert II 2,5-5,5; De Gaastmar I – De Gaastmar II 7-1. Twadde omloop: Jorwert – De Gaastmar I 3-5; De Gaastmar II – Lollum II 4-4; Hartwert II – Aldegea 1,5-6,5. Tredde omloop: Aldegea – De Gaastmar I 5-3; Hartwert II – De Gaastmar II 8-0; Jorwert – Lollum II 5,5-2,5. Eindstân twadde klasse: 1. Aldega (SWF) 3 (18,5); 2. De Gaastmar 2 (15); 3. Jorwert 1 (9,5). Eindstân tredde klasse: 1. Hartwert II 2 (15); 2. Lollum II 0,5 (9); 3. De Gaastmar II 0,5 (5).

Over de auteur

friesdammen administrator