Rubryk 6-1-2023

doorfriesdammen

Rubryk 6-1-2023

Sa’n tsien jier lyn kaam der troch de ynisjativen fan de Stifting WFD nij elan by it Frysk damjen. Jierlyks wurdt it Fryslân Iepen ferspile mei dielname fan bûten de provinsje- en lânsgrinzen.  Hiel wat hoekse dammers spylje no ek it Frysk Spul. Wat te tinken fan de wrâldkampioenen Alexander Georgiev en Alexander Schwarzman.  En ek nasjonale kampioenen, sa as Patrick Casaril fan België, Aleksej Domchev fan Litouwen, Vaclav Krista fan Tsjechië en Hans Jansen, trijefâldich Nederlânsk kampioen. Jansen wûn okkerwyks it NK FRYSK!. Soks betsjut dat hy de earste dammer is dy’t by it oerhoeks as by it Frysk Spul in nasjonale titel wûn hat. 

FRYSK! is de einspulfariant mei fiif skiven fanút de begjin line. Nei sawn omlopen kaam Dicky van der Meer boppe oan te stean. Soks is wer in bewiis fan syn damkwaliteiten. Oer in moanne docht er mei yn de earste acht fan it Frysk kampioenskip. Jansen dielde it earste plak mei him foar de Fryske toppers Jelle Wiersma, Taeke Kooistra en Marten Walinga. No folget de barraazje, dy’t Jansen wûn. 

H. Jansen – D.v.d.Meer, barraazje NK FRYSK!, Harns, 30 desimber 2022 1.46-41 3-8 2.41-37 8-12 3.49-43 12-17 4.43-38 17-21 5.37-31 21*41 6.47*36 In posysjoneel korrekte ôfruil. 6. ..5-10 7.36-31 10-14 8.38-32 2-7 9.32-27 7-11 10.31-26 14-19 11.27-21 11*31 It spul giet lyk op, mar de spanning rint op.  12.26*37 1-7 13.37-32 7-11  13. ..19-24 is better. No ferliest swart tempo en 7-11 kin letter ek noch wol. 14.32-27 4-9 15.48-43 Mar ek wyt hie better. Strike mei skiif 50 en swart sil oankomme, al is soks nei acht setten. 

No ferliest van der Meer it spul. Kamp wurdt bygelyks 15. …19-24 16.43-39 24-29 17.39×19 9×29 as 16. …24-30 17.39-33 9-14 18.33-28 14-19 19.28-22 11-16 20.22-17 16×18 15. ..19-23? 16.50-44 9-14  16. ..23-29 kin net. Wyt rint dan efter, nei fjild 28 en oars komt swart oan. Mear kâns jout noch 16. ..11-16 17.43-38 9-14 18.44-40 14-20 19.40-35 20-24 20.38-32 23-29 21.27-22 29-34 22.35×33 24-30 17.44-39 14-19 18.39-34 11-16 Net 18.39-33 om de plakker 11-17 19.43-38 19-24 20.34*14 23-29 21.14-10 29-34 22.38-33 34*21 

Dan noch twa kombinaasjes fan Jansen by it Fryslân Iepen. Yn 2019 stie Hein de Vries der mei swart yn it einspul deeglik op, mar liet him dochs te pakken nimme. De wite skiif op 31 stiet faai. Mar nei 41.  …12-17? folge it bline 

42.28-22! 17×39 43.50-44 39×50 44.31-27 50×20 45.25×3 In jier letter moast Aleksej Domchev, mei swart, it belije nei 15. ..14-20? 

16.37-31! 17×28 17.38×18 8×28 18.39-33 28×39 19.43×5 

Dan twa problemen fan Stellinga-Baron 

Nû. 13 sw. 8, 9, 11, 14, 16, 25, 26 wyt 20, 23, 30, 34, 36-38 

Nû. 14 sw. 8, 11, 13, 15, 20, 31, 36 wyt 27, 28, 32, 38-40, 47 

Oplossingen noch net stjoere. 

Folkert Groenveld 

Riperwei 6 

8623 XH  Jutryp 

groenveldf@hotmail.com 

Over de auteur

friesdammen administrator