5e NK FRYSK! – Jelle Wiersma kampioen en entree van een verrassende debutant

doorfriesdammen

5e NK FRYSK! – Jelle Wiersma kampioen en entree van een verrassende debutant

Juster is de Wommelser Jelle Wiersma mei oermacht Nederlânsk Kampioen FRYSK! wurden. FRYSK! is Frysk Damjen, mar dan mei fiif skiven de spiler. Dizze fariant is spesjaal ûntwurpen, mei stipe fan de Provinsje Fryslân, om de drompel foar it tige komplekse Frysk Damjen, de iennichste autochtoane tinksport fan Nederlân, te ferleegjen.

Yn it toernoai op Tresoar moasten de 15 dielnimmers allegear seis omlopen spylje. Wiersma wie de iennichste, dy’t alle seis wûn. Op it twadde plak kaam Teake Kooistra út Hartwert, mei 4,5 punt. Kooistra en Wiersma hearre beide by de absolute top fan it Frysk Damjen.

Ferrassend wie it risseltaat fan debutant Siep Buurke út Eelde. Hy damt en skaakt al syn libben lang en wie wol bekend mei de Fryske regels, mar hie noch net earder in partij spile, lit stean in toernoai. Syn 3 punten, goed foar in 7de plak, binne it bêste bewiis dat de nije fariant FRYSK! it skitterjende Fryske damspul tagonklik meitsje kin foar in grutte groep tinksporters. De organisaasje hopet dan ek, dat in protte oare dammers en skakers syn foarbyld folgje sille!

Jelle Wiersma is no de tredde dy’t him pleatst hat foar it WK FRYSK! op 8 maart 2020 te Frjentsjer. De beide oaren binne de jonge Andrea Peirano út Aosta, Italiaansk Kampioen
FRSYK! en Petra Dušková út Praach, Tsjechysk Kampioen FRYSK! Ien kandidaat kin him noch pleatse fia in ynternet-toernoai op 19 jannewaris 2020, en dan binne der noch 12 plakken dy’t inkeld fertsjinne wurde kinne yn ’e wike fan it Fryslân Open yn Frjentsjer, fan 3 oant en mei 7 maart 2020.

Hjirûnder de einstân. Foar mear ynformaasje: Liuwe Westra (06-30837586) / Marten Walinga (06-34561133)

Omrop Fryslân Tillevysje bestege ek noch omtinken oan it kampioenskip yn it nijs: sjoch https://www.omropfryslan.nl/nijs/928317-dammers-stride-om-nederlansk-kampioenskip-frysk

Foto: rjochtefrij te brûken mei fermelding Marten Walinga / Stifting WFD
Sieb Buurke (l) yn petear mei Jelle Wiersma

Over de auteur

friesdammen administrator