De tiid hâldt gjin skoft

doorfriesdammen

De tiid hâldt gjin skoft

De tiid hâldt gjin skoft seit in Frysk sechje. Wat fljocht dy tiid om. Noch mar kwalik útein setten en no is de kompetysje al wer oan de kant. De houtsjes kinne yn de doaskes en dy houtsjes gunne wy de hiele lange maitiid en simmer harren wol fertsjinne rêst. Alle moandeitejûnen fan ein septimber ôf oant no ta ha sy it ús mooglik makke dat wy ús moaie Fryske spul spylje koenen. Op de lêste jûn ha se ús noch wakker geriifd. Damhoutsjes op in skaakboerd bygelyks. Dy houtsjes moatte dêr wol oer kinne fansels. It kin op de lêste jûn.

Moai op tiid ha de Stadige Strikers moandeitejûn 1 april it damskoft  yn in tige gesellige sfear ôfsluten. Op ien man nei wie elk oanwêzich. Der is sa as meastal wer wakker mei alderhande damfarianten spile. Nei de earste ronde waarden lotsjes ferkocht foar de lotterij mei in fracht oan prizen. Sa waarden de Strikers ek noch sponsere troch Poiesz. De mem fan ús jeugdleden hie dat by har baas regele. En der stûn fansels ek wer in hearlike taart, bakt troch Tineke, tusken de prizen. Alle leden hienen in priis meinommen. Der waarden hiel wat lotsjes ferkocht, dus ús ponghâlder hie in bêste jûn, syn damjen hie wol wat better kinnen. Mar ja men kin ek net alles hawwe.

Nei de twadde ronde waarden de prizen ferlotte. Troch al dy prizen naam dat hiel wat tiid yn beslach. Wat hiel opfallend wie en dat sjocht men wol faker, dat guon de iene priis nei de oare binnen helje, wylst in oar mar gjin pryske gund wurdt troch it lot. It gelok skyt meastentiids op de grutte bult.

Nei de tredde en lêste ronde waarden de prizen útdield. Yn de folchoarder fan de winners siet net sa folle ferskil mei ferline jier. De beide earste plakken yn de twa klassen hienen deselde winners as ferline jier. Jelle Wiersma, hoe kin it ek oars, yn de earste klasse en Bauke Bos yn de twadde. Hjirûnder stiet de folsleine útslach. Fansels hoopje wy dat yn septimber elk wer fan de partij wêze sil. It soe ek moai wêze as der dan ek wer ris in ynwenner fan Skearnegoutum oansitte soe. No binne it foar de helte âld-Skearnegoutumers.

Utslach kompetysje. Earste klasse: 1 Jelle Wiersma 15½ út 16; 2 Willem Schaap 10 – 15; 3 Sjoerd Jan Bakker 10 – 16; 4 Dicky van der Meer 9 – 16; 5 Cor Kooistra 8 – 16; 6 Bauke Dykstra 6½ – 12; 7 Ype Boelens 6 – 17.

Twadde klasse: 1 Bauke  Bos 9½ út 17; 2 Bauke de Boer 9 – 16; 3 Sjoerd Huitema 7- 15; 4 Paul Borghaerts 5 – 8; 5 Tineke Teigeler 4½ – 16; 6 Hennie de Haan 1- 12; 7 Hester Boelens 2 – 5; 8 Hessel Boelens 0 – 2.

(Tekst: Cor Kooistra)

Over de auteur

friesdammen administrator