Apen en bearen

doorfriesdammen

Apen en bearen

Dizze jûn wiene der mar fjouwer dammers: it folsleine bestjoer en Tineke Teigeler. Tineke moast it opnimme tsjin Ype Boelens en Ype naam in gok en Tineke trape hjir yn en die de minste set dy’t se dwaan koe en rekke wat hout achter en de partij wie al gau út. Cor Kooistra spile syn twadde partij tsjin Bauke Bos en dit gyng moai lykop oant Bauke him ferseach en in houtsje achter rekke. Ype seach Cor al yn ‘e hannen wriuwen en miende dat dit kaam omdat er tocht dat er al wûn hie. Mar sa is ús foarsitter net en eins moat Ype dat ek wol witte. De wiere reden wie dat Cor it kâld hie en de partij wie noch lang net wûn en dit seach Ype ek wol. Us foarsitter seach apen en bearen omdat Bauke it him noch tige lestich makke. Lokkich foar ús foarsitter en spitich foar ús skriuwer makke Kooistra gjin flaters en wûn er de partij. Mar de grutste oerwinning foar him wie it genietsjen fan it goeie damjen en de tsjinstân fan Bos, want dy hat no twa kear achter mekoar knap tsjinstân jûn oan syn learmaster.

Over de auteur

friesdammen administrator

Je moet inloggen om een reactie te kunnen plaatsen.