As Jan efkes langer de tiid nommen hie om te slaan.

doorfriesdammen

As Jan efkes langer de tiid nommen hie om te slaan.

It soe dizze jûn foaral net driok wurde. It soe net optille fan de dammers. Nee it hie der fan te foaren alle skyn fan dat it in betiid-út spultsje wurde soe. Mar leafst fjouwer man lieten ferstek gean. Dat stie yn ‘t foar al fêst. It wie dan ek tige by tige om heit en soan Castelein  binnen kommen te sjen. En as heit Jan wat mear tiid nommen hie foar it slaan, dan..

As elkenien der is, binne der 14 dammers en damsters. Fjouwer wienen der dus net. Dat men hoecht net in grut rekkenwûnder te wêzen om te witten dat der tsien Strikers en Stryksters oanwêzich wienen. Jan en soan Kees koenen sa prachtich ynpast wurde yn de kompetysje. Jan moast it opnimme tsjin Tineke Teigeler en  Kees tsjin Hester Boelens. Dy partij fan Jan dy gong der om. It like der sa oan de ein fan de rit op dat Castelein senior wol ris winne koe.  Hy hie in prachtich wyt damke op it boerd. Mei dat damke koe er in hiele haal dwaan, mar doe’t er al in oantal houtsjes fan Tineke der ôfslein hie, hat er mooglik tocht: No sa is it moai genôch. Dat wie spitich. Hy koe der yn dyselde slach noch in houtsje by pakke. Hie er dat dien, dan hie Tineke de bakker en de slachter wol ôf sizze kinnen. Mar goed hy die it net en hoe wie it mooglik, mar krekt dêrtroch ferlear er it spul.

Kees krige al gau yn de gaten dat dy Hester wol damje kin. Kees dy’t in jiermannich lyn de earste begjinselen fan it damjen fan de foarsitter op de basisskoalle leard hie, koe it net risse tsjin har. It twadde potsje gyng trouwens hiel oars. Kees hie al rap by leard en joech doe sa mar goed partij. Spitich foar him dat dat earste spultsje foar de kompetysje jilde en it twadde net. 

Utslach: Ype Boelens – Hennie de Haan 1 – 0; Jan Castelein – Tineke Teigeler 0 – 1; Kees Castelein – Hester Boelens 0 – 1; Sjoerd Huitema – Jelle Wiersma 1 – 0; Bauke Dykstra – Cor Kooistra ½ – ½.

Over de auteur

friesdammen administrator