Auteur archief friesdammen

doorfriesdammen

Foeke Tiemensma makket come-back by Frysk damjen

Ynternasjonaal damtoernoai Fryslân Iepen te Frentsjer – dei 3

FRJENTSJER – Nei ‘t er doedestiids tsjin de absolute top oanskoaske, hie Foeke Tiemensma him al in tal jierren net mear sjen litten by wedstriden yn it Frysk damjen. Oant hy dizze wike frij ûnferwachte syn opwachting makke by it toernoai Fryslân Open yn Frjentsjer. Dêr die bliken dat de pleatslike ynwenner dizze eigensinnige fariant fan it damspul noch hielendal net ferleard wie. Al nei de earste dei nestele er him boppe-oan, en dêr soe er bliuwe, wylst de iene nei de oare konkurrint fuortfoel. De lêste dy ‘t Tiemensma noch byhâlde koe wie de ferrassende Grinslanner Fedde Kramer. Beide koene sa stadichoan de druk mar min oan: juster yn de moarnsomloop kaam Kramer net fierder as remize tsjin Auke Zijlstra, en ek Tiemensma moast him tsjin Henk Haanstra tefreden stelle mei in lykspul. Middeis troffen de beide hoantsen dan inoar yn in beslissende partij. Dêrby sloech Tiemensma al yn ‘e iepening ta mei in kombinaasje dy ‘t him in skiif foardiel opsmiet. Kramer besocht der dêrnei noch wat fan te meitsjen, mar moast úteinlik dochs kapitulearje.

Dy nederlaach bea oan Jelle Wiersma en Marten Walinga de gelegenheid om har nei it twadde plak ta te wrotten. De earste wûn deeglik fan Cor Kooistra en Auke Zijlstra. Walinga hie yn Taeke Kooistra en Henk Haanstra in swierder programma. Nettsjinsteande wûn de Waaksenser, dy ‘t oant dan gjin oertsjûgjend toernoai flibe, beide partijen. De oerwinning op Kooistra wie sûnder mear yndrukwekkend. Noch yn ‘e iepeningsfaze tsjoende Walinga in hiel djippe kombinaasje op it boerd. It moast hast wol in studearkeamerset wêze, mar Walinga ûntstried dat by heech en by leech en hold út dat er ien en oar op it plak sels betocht hie. It stik tiid dy ‘t er derfoar brûkt hie, bewiisde syn gelyk. Troch harren nederlagen moasten Kooistra en Kramer noch in beslissingspartij spylje om út te meitsjen wa ‘t talitten wurde soe ta hokker finalegroep. Kooistra wûn de barraazje úteinlik troch in kombinaasje, en dêrmei docht er mei de grutmasters, tegearre mei Tiemensma, Wiersma en Walinga. Kramer makket dus syn opwachting by de masters, en dêr moat er it opnimme tsjin Henk Haanstra, Hein de Vries en de tige ferrassend út de hoeke komme yn Kosobudzki. De Poal hat him op it ynternet it Frysk damjen eigen makke, en begûn geandewei it toernoai hieltyd sterker te spyljen. Juster sette er earst de Tsjechyske Petra Dušková oan de kant, en dêrnei spile er tige fertsjinstlik kamp tsjin Taeke Kooistra. De finales wurde sneon 24 febrewaris ôfwurke yn it stedhûs fan Frjentsjer. De neamde spilers binne troch harren plak by de earste acht fan it toernoai ek automatysk pleatst foar it wrâldkampioenskip yn it Frysk damjen, dat nei’t grute wurdt yn augustus yn Harns spile wurde sil. Ek Auke Zijlstra en de nei in swak begjin dochs noch goed weromkommen Tsjerk Wijbenga kwalifisearren harren dêrfoar.

Barraazje fan Fedde Kramer (l) tsjin Taeke Kooistra (foto Stifting WFD)
Lukasz Kosobudzki (foto: Stiftimng WFD)

Einútslach foaromlopen Fryslân Open 2024

1 Foeke Tiemensma 6,5 p.
2-3 Jelle Wiersma en Marten Walinga 6 p.
4 Taeke Kooistra (nei barraazje)
5 Fedde Kraamer (nei barraazje)
6-8 Henk Haanstra, Lukasz Kosobudzki, Hein de Vries 5 p.

9-10 Auke Zijlstra, Tsjerk Wijbenga 4,5 p.

11-15 Petra Dusková, Fedde Wiersma, Aleksej Domchev, Cor Kooistra, Dicky van der Meer 4 p.
16-19 Ties Slagter, Hidde de Vries, Porter Richardson, Renaud Braye
20 Patrick Casaril 3 p.
21 Piet Sikma 2,5 p.
22 Herbert Tulleken 2 p.
23 Menno Kamminga 1 p.
24 Leo van Dorp 0 p.

Pleatst foar it WK

Teake Kooistra (al pleatst as Nederlânsk kampioen)
Jelle Wiersma (al pleatst as Frysk kampioen)
Petra Duskova (al pleatst as Tsjechysk kampioen)

Tiemensma, Walinga, Kramer, Haanstra, Kosobudzki, Hein de Vries, Auke Zijlstra, Tsjerk Wijbenga: pleatst yn it Fryslân Open fan dizze wike

**STREAMING**

Twitch: https://www.twitch.tv/checkersonlinetv

YouTube: https://www.youtube.com/channel/UC6QAafD28ps9NZJGabgcYMg (all streams by Damian Reszka; offering each day a separate item on Fryslân Open 2024)

www.frisiandraughts.com -> LIVE

** Games with analysis mode:

www.lidraughts.org -> Watch -> Broadcast

** Standings and results:

https://toernooibase.kndb.nl/ (look up the tournament in the tournament list (‘Alle toernooien’ -> Frysk Spul -> Fryslân Open 2024, and then select ‘Alle uitslagen’ )

Contact: Liuwe Westra 06-30837586

doorfriesdammen

Grinzer Fedde Kramer reuzedeader by Frysk damjen

Ynternasjonaal damtoernoai Fryslân Iepen te Frentsjer – dei 2

FRJENTSJER – By it damtoernoai Fryslân Open wie der juster in wol tige ferrassend optreden fan Fedde Kramer. De Grinzer hie it de earste deis mei twa oerwinningen al net min dien, mar juster wûn er sels alle trije partijen. En dat wylst er him yn ’e Fryske fariant fan it damspul eins noch nea op in belangryk toernoai sjen litten hat. Nei’t er him yn de fjirde en fyfde omloop fan ’e dochs tige sterke Friezen Cor Kooistra en Hein de Vries ûntdien hie, wachte him de wiere masterproef tsjin de persoanlik Frysk kampioen Jelle Wiersma. Kramer spile in skerpe iepening, dy’t Wiersma al ier yn it spul neutralisearje miende te moatten. De striid gie dêrnei lange tiid lykop, oant Kramer yn in stân fan seis om seis in ferbjustjerjende kombinaasje op it boerd tsjoende. Kramer joech Wiersma in wolf en offere twa houten, en dêrnei makke er gebrûk fan de regel dat wolfslach by it Frysk damjen foargiet. Wiersma hold dêrnei noch mar ien skiif oer, en joech him planút wûn.

Wiersma hie dêrfoar ek al fan Taeke Kooistra ferlern. Mei in punt foarsprong like dy sa it toernoai maklik op syn namme skriuwe te kinnen. Mar dêrby rekkene er bûten de pleatslike favoryt Foeke Tiemensma. Mei in subtile finesse bruts dy yn it einspul troch nei daam. Omdat Tiemensma op syn bar it ferlieze moast fan Wiersma, kaam it der by eintsjebeslút op del dat der no nei seis omlopen trije koprinners binne: Kooistra, Tiemensma èn Kramer.

Fan de bûtenlanners spile de Poal Łukasz Kosobudki benammen  net swak by.. Hy wûn fan Piet Sikma en fan de sterke Brabanner Ties Slagter en hat no 3,5 punt. De Tsjechyske Petra Dušková folget him op in heal punt. Hja wûn fan ’e Belch Patrick Casaril en fan de Arumer Tsjerk Wijbenga. Dat lêste mei in fraaie kombinaasje, wêrnei’t se de partij mei deeglik spul nei har ta luts.

Lukasz Kosobudski en Ties Slagter (foto Stifting WFD)
Foeke Tiemensma en Fedde Kramer (foto: Stifting WFD)

**STREAMING**

Twitch: https://www.twitch.tv/checkersonlinetv

YouTube: https://www.youtube.com/channel/UC6QAafD28ps9NZJGabgcYMg (all streams by Damian Reszka; offering each day a separate item on Fryslân Open 2024)

www.frisiandraughts.com -> LIVE ** Games with analysis mode:
www.lidraughts.org -> Watch -> Broadcast

** Standings and results:
https://toernooibase.kndb.nl/ (look up the tournament in the tournament list (‘Alle toernooien’ -> Frysk Spul -> Fryslân Open 2024, and then select ‘Alle uitslagen’ )
** General information and earlier press releases:
www.frisiandraughts.com -> Tournaments -> Fryslân Open -> FO-2024


doorfriesdammen

Rubryk 23-2-2024

En dochs wie it by de einstreek wer Jelle Wiersma, dy’t syn alfde titel pakte. Nei seis omlopen koe it noch alle kanten út. Marten Walinga hie treddel punt, Hein de Vries in healtsje mear, lykas rekôrkampioen Taeke Kooistra dy’t yn de lêste partij tsjin Wiersma kaam te sitten. En dy hie ek al 4 punten. Rille gau pakte Walinga de winst tsjin Henk Haanstra en de ferrassend sterke de Vries kaam út op kamp tsjin Pieter Hoogterp. Kooistra en Wiersma sieten doe noch. It like lang op kamp út te draaien en soenen der fjouwer dammers lyk boppe oan komme. Mar dus dochs wer Wiersma dy’t oan de ein fan de fûke de iel fong, wûn fan Kooistra en sa foar de sawnde kear op in rige Frysk kampioen wurden is.

J.Wiersma – T.Kooistra, 10.2.2024, Hartwert, 7-e omloop PK 

1.31-26 19-24 2.37-31 24-29 3.39×19 14×23 4.34-30 20-25 5.41-37 25×34 5.42-37 wurdt faak spile. 6.44×22 17×39 7.43×34 11-17 8.34-30 7-11 9.46-41 1-7 10.30-25 15-20 11.25×14 13×15 It middenspul begjint lykweardich. 12.40-34 15-20 13.34-30 20×40 14.35×44 10-15 15.44-40 15-20 16.49-43 4-10 17.31-27 9-13 18.27-22 Nei posysjoneel striken komme de dammers elkoar wer op ‘e lea. 18. ..17×28 19.32×23 13×33 20.38×29  

19. ..18×29 20.43-39! 29×49 21.38-32 49×31 22.41×1 en kin swart de daam mei lyk hout werom nimme? 20. ..11-17 21.40-35 10-15 22.43-39   20-25 23.39-34 18-23 24.29×18 17×19 25.42-38 8-13 26.34-29 19×39 27.38×40 12-17 28.48-43 13-19 29.43-39 7-11 30.39-34 19-23 31.37-31 23-29  

31.36-31! 16×38? om 34-30 etc. en it swarte hout op fjild 38 giet ferlern, dus 31. ..16×27 32.34-30 25×34 33.40×7 2×11 34.37×17 11×22 en wyt wat better. 32.34×23 17-21 33.26×17 11×24 34.31-26 5-10 35.40-34 24×44 36.50×39 10-14 It giet hoeden op it einspul ta. 37.41-37 3-8 38.39-34 14-20 39.37-31 8-13 40.47-42 13-19 41.42-38 19-24 42.34×14 20×9 43.38-33 9-14 44.33-29 14-20 45.31-27 2-8 46.27-21 16×27 47.26×28 6-11 48.36-31 8-13 49.31-27 

47. ..8-13 48.36-31? 13-19! 49.29×9 25-30 50.35×24 20×26, dus 48.18-22 6-11 49.36-31 11-16 50.31-27? 25-30! 51.35×24 20-25, dus 50.22-17! 16×18 51.31-27 25-30 52.35×24 20-25 53.27-21 en sil kamp wurde. 49. ..20-24 50.29×20 25×14 51.35-30 14-20 52.30×10 15×4 53.45-40 13-19 54.40-35 

54. ..4-10 55.35-30 10-15 56.28-22 wyt komt oan 56. ..11-16 57.22-17 16×18 58.27-21 18-23. Net mei skiif 19 nei de daam, dan komt skiif 18 gau op slach. En ek dit sil kamp wurde. 54. ..11-16 55.35-30 4-9 56.28-22 19-24 57.30×19 9×29 58.22-18 29-34 59.18-12 34-40 60.12-7 40-45 61.27-22 45-50 62.22-18  

It brekpunt fan de partij yn it fiere einspul. Kamp is it nei 62. ..16-21 63.7-1 50-45 as 63.7-2 21-27 64.18-12 50-45 65.2-7 45-40 en ek 63.18-12 50-6 64.7-2 6-1 65.2-11. Wiersma wrot nei de twadde daam en is wer kampioen. 62. ..50-33?  63.7-1 33-17 64.18-13 16-21 65.1×41 17-3 66.41-23  

Nochris probleem 18

Nû.18 sw. 2, 4, 7, 8, 13-15, 25 wyt 17, 22, 28, 29, 36, 38, 40, 41, 49 

En twa nijen fan Hiele Walinga 

Nû.21 sw. 9, 21, 22, 24, 26, 31, 40 wyt 33, 41-43, 48,49 

Nû.22 sw.8, 10, 13, 16, 19, 39 wyt 22, 27, 31, 32, 41, 48  

Oplossingen noch net stjoere. 

Folkert Groenveld 

Riperwei 6 

8623 XH  Jutryp 

groenveldf@hotmail.com 

doorfriesdammen

Friezen yn eigen damfariant oan kop

Ynternasjonaal damtoernoai Fryslân Iepen te Frentsjer – dei 1

FRJENTSJER – Yn it juster fan start giene ynternasjonale damtoernoai Fryslân Iepen lykje de Friezen dochs noch altyd de measte sjoege te hawwen fan it Frysk damjen. Nei trije omlopen binne allinnich Jelle Wiersma fan Wommels, Taeke Kooistra fan Hartwert en de pleatslike favoryt Foeke Tiemensma noch sûnder punteferlies. Benammen fan Tiemensma mei dat in ferrassing neamd wurde. De Frjentsjerter hat al in tal jierren it Frysk damjen op in sêft sin set, mar it die bliken, hy wie it spul noch net ferleard. De Belch Renaud Braye wie yn de earste omloop as ’t treft noch net de dreechste tsjinstanner, mar de oerwinning op Hein de Vries dêrnei mocht der wêze, en Tiemensma makke yn de tredde omloop ek Cor Kooistra lytsman.

Dat Taeke Kooistra en Jelle Wiersma har ek oan kop nestelen, lei mear yn de line fan de ferwachting. Beide hawwe de ôfrûne desennia ommers mei izeren hân oer it Frysk damjen regearre. Benammen Wiersma hie in drege lotting, al foel dy yn de earste omloop tsjin Porter Richardson dan noch wol ta. Mar yn de twadde omloop moast er dêrnei fuortendaliks oantrede tsjin it damkanon Marten Walinga. Dy wist hy mei strategysk spul te ferslaan, en dat werhelle him dêrnei tsjin Henk Haanstra. De winner fan ferline jier begûn dus mei in falske start, mar dêrnei moast er yn de twadde omloop tsjin de Brabanner Ties Slagter ek al in heal punt lizze litte.

Taeke Kooistra die ek wêr ‘t er goed yn is: winne. Yn de earste omloop wie de Litouwer Aleksej Domchev it slachtoffer, en Dicky van der Meer koe yn de twadde omloop ek net tsjin him út. Dêrnei wie Kooistra ek te sterk foar Fedde Kramer. Mei Kramer is ien fan de net-Friezen neamd dy ‘t wol deeglik ferrassend út de hoeke kamen. De Grinzer wûn yn de earste twa omlopen nammentlik fan Tsjerk Wijbenga en fan de Poal Łukasz Kosobudski. Ek de Uterter Auke Zijlstra stiet nei oerwinningen op Tsjerk Wijbenga en Marten Walinga al op twa punten. Benammen it lêste resultaat mei der wêze, ek al liket it der op dat Walinga mei mar ien punt net yn syn bêste foarm stekt.

Hjoed sette de 24 dielnimmers út fiif lannen yn Frjentsjer de striid troch, yn it sfearrike dekor fan twa histoaryske sylskippen. De acht heechstklassearre dammers kwalifisearje har foar de finale dy ‘t kommende freed en sneon ôfwikkele wurdt, ek yn Frjentsjer.

De earste set troch Elbrich Bruinsma oan it boerd fan ’e Frjentsjerter Foeke Tiemensma
(Foto Stifting WFD)
De Tsjechyske Petra Dušková tsjin Aleksej Domchev út Litouwen
(Foto Stifting WFD)

**STREAMING**

Twitch: https://www.twitch.tv/checkersonlinetv

YouTube: https://www.youtube.com/channel/UC6QAafD28ps9NZJGabgcYMg (all streams by Damian Reszka; offering each day a separate item on Fryslân Open 2024)

www.frisiandraughts.com -> LIVE ** Games with analysis mode:
www.lidraughts.org -> Watch -> Broadcast

** Standings and results:
https://toernooibase.kndb.nl/ (look up the tournament in the tournament list (‘Alle toernooien’ -> Frysk Spul -> Fryslân Open 2024, and then select ‘Alle uitslagen’ )
** General information and earlier press releases:
www.frisiandraughts.com -> Tournaments -> Fryslân Open -> FO-2024

doorfriesdammen

Fryslân Open 2024

Morgen, dinsdag 20 februari 2024, wordt in Franeker het startsein gegeven van het internationaal denksportevenement Fryslân Open 2024 van Stifting WFD. De deelnemers komen uit Fryslân, de rest van Nederland, België, Italië, Tsjechië, Polen en Litouwen.

Er wordt in twee spelvormen gespeeld: Fries Dammen (klassiek) en FRYSK! (Fries Dammen met 5 schijven per speler).

Het eerste onderdeel is een toernooi voor basisschoolkinderen: het Waadhoeketoernoai in Theater De Koornbeurs, dinsdag 20 februari 15:00 uur. Spelvorm: FRYSK!

Dinsdagavond vanaf 20.00 uur worden de spelers welkom geheten in De Bogt fen Guné door wethouder René de Vries van de gemeente Waadhoeke.

Woensdag, donderdag en vrijdag spelen 25 dammers 8 ronden op Tallships Antigua en Elizabeth aan de Oostelijke Industrieweg. De 8 hoogst eindigende spelers plaatsen zich voor het Derde WK Fries Dammen in augustus 2024, hoogstwaarschijnlijk te houden in Harlingen. Spelvorm: Fries Dammen (klassiek).

Vrijdagavond en zaterdag spelen deze 8 WK-kandidaten een Grutmaster- en Mastertoernoai in het Planetarium en het historische Stadhuis van Franeker. Spelvorm: Fries Dammen (klassiek).

Zaterdag wordt er ook een open Kwalificatietoernooi FRYSK! gehouden in Theater De Koornbeurs. Spelvorm: FRYSK!

Zaterdagavond worden alle WK-kandidaten en internationale spelers ontvangen door wethouder Jan Dykstra van de gemeente Waadhoeke.

Zondag wordt het Zevende Wereldkampioenschap FRYSK! gehouden in het historische Stadhuis. Spelvorm: FRYSK!

Zondagmiddag vanaf 4 uur vindt de prijsuitreiking plaats door Commisaris van de Koning Arno Brok in het historische Stadhuis.

Iedere dag worden er na afloop van de partijen persberichten verstuurd.

Alle partijen zijn met livestream en live commentaar door oud-wereldkampioen Alexander Shvartsman te volgen op www.frisiandraughts.com

Voor vragen: Liuwe H. Westra, secretaris Stifting WFD 06-30837586

doorfriesdammen

Jelle Wiersma dochs wer kampioen Frysk damjen


HARTWERT – Regearjend kampioen Jelle Wiersma hie in beroerde start, mar wraksele him yn ‘e rin fan it persoanlik kampioenskip damjen Frysk spul dochs omheech. By it begjin fan ‘e lêste twa omlopen stie er mei trije oare dammers noch mar in heal punt achter koprinder Marten Walinga. Likegoed krige er oan ‘e ein fan in lange damdei de krânse wer om ‘e nekke, lykas de lêste jierren al hyltyd it gefal wie. Meiinoar is it no sels al wer de alfte kear dat it kampioenskip nei Jelle Wiersma giet.

De opgong fan Wiersma hie yn dit kampioenskip in spegelbyld yn ‘e delgong fan Marten Walinga. Nei fjouwer omlopen stie de Waaksenser nota bene op oardel punt foarsprong. Mar ferline wike, yn in ferliespartij tsjin Hein de Vries, wie it omslachpunt al berikt, en de negative spiraal sette him sneon yn ‘e finale yn Hartwert gewoan troch. Yn ‘e sechsde omloop kamen de mannen foarinoar oer te sitten. Wiersma offere yn it begjin in hout, mar dat koe er al gaueftich wer werom krije. Hy kaam hiel sterk te stean oan syn rjochter kant, en dêr gong Walinga even te lakonyk mei om. Hoe’t Wiersma it dêrnei ôfmakke, dat wie in kampioen mear as wurdich.
Wiersma naam mei dy oerwinning de kop oer. Mar dêr stie er net allinne. Tanksij in machtige slach tsjin Henk Haanstra kaam dy oare mannichfâldich kampioen, Taeke Kooistra, op likense hichte. De beide matsjedoaren waarden op dat stuit op in heal punt folge troch Marten Walinga en Hein de Vries, dy’t tsjin Pieter Hoogterp oars net fierder kaam as in remize.
It kaam sa út dat de nije koprinners it yn ‘e sande en lêste omloop tsjininoar opnimme moasten. De striid gong lange tiid lykop, oant beiden nei daam trochbrutsen en Wiersma der krekt even geunstiger op kaam te stean. Dat bliek genôch foar de oerwinning, en dus ek foar it kampioenskip. Marten Walinga koe ûnderwilens troch winst op Henk Haanstra noch krekt it twadde plak besette, al gong dat al op wjerstânspunten, want Hein de Vries, dy’t in poerbêst toernoai spile, kaam troch in knappe oerwinning op Siebe Walinga op inselde tal wedstriidpunten. Dat betsjutte wol dat dy oare Walinga degradearje moast, en dat wylst hy ek al sa’n goed toernoaibegjin hie. Siebe Walinga wurdt oars beselskippe troch de Arumer Tsjerk Wijbenga, dy’t in ûngelokkich toernoai spile.
In soartgelikens drama as yn ‘e kampioensklasse spile him ek yn ‘e twadde acht ôf. Ferline wike hie de Lollumer Liuwe Westra dêr de kop naam, mar no ferlear er efterinoar fan Willem Schaap en Bernard Kroon. Schaap gong him dêrmei foarby, en Folkert Groenveld slagge dêr tanksij oerwinnings op Bauke Dijkstra en Dicky van der Meer ek yn. Sybeiden meie it takom’ jier yn ‘e kampioensklasse besykje.
Yn ‘e tredde acht komt der noch in barraazje, want de koprinners Cor Kooistra en Kees Tijssen wiene beide te sterk foar de Jorwerter Siebren Dyk en de Hamburger Malte Schulz. De pas 17-jierrige Dútser, dy’t him it Frysk damjen op it ynternet eigen makke hat, debutearre oars mei in fjirde plak tige fertsjinstlik.

Utslaggen en einstannen (mei tusken heakjes de wjerstânspunten):

Kampioensklasse, sechsde omloop: Marten Walinga (Waaksens) – Jelle Wiersma (Wommels) 0-1; Taeke Kooistra (Hartwert) – Henk Haanstra (Aldegea-SWF) 1-0; Siebe Walinga (Aldegea-SWF) – Tsjerk Wijbenga (Arum) 0,5-0,5; Pieter Hoogterp (De Gaastmar) – Hein de Vries (Ljouwert) 0,5-0,5.
Sande omloop: Wiersma – Kooistra 1-0, Haanstra – M. Walinga 0-1, De Vries – S. Walinga 1-0, Wijbenga – Hoogterp 0-1.
Einstân: 1. Wiersma 5; 2. M. Walinga 4,5 (26,5); 3. H. de Vries 4,5 (26); 4. Kooistra 4; 5. Hoogterp (17); 6. Haanstra 3 (16); 7. S. Walinga 2,5; 8. Wijbenga 1,5.


2 / 2Twadde acht, sechsde omloop: Bauke Dykstra (De Tynje) – Folkert Groenveld (Jutryp) 0-1; Dicky van der Meer (Terherne) – Frans Kingma (Jorwert) 1-0; Liuwe Westra (Lollum) – Willem Schaap (Jirnsum) 0-1; Fedde Wiersma (Easterein) – Bernard Kroon (Blauhús) 1-0.
Sande omloop: Groenveld – Van der Meer 1-0, Kingma – Dykstra 0-1, Kroon – Westra 1-0, Schaap – Wiersma 1-0.
Einstân: 1. Schaap 5,5; 2. Groenveld 5; 3. Kroon (31); 4. Westra 4 (19); 5. Wiersma (15); 6. Van der Meer (13); 7. Dijkstra; 8. Kingma.

Tredde acht, sechsde omloop: Klaas Wiersma (Nijbeets) – Willem Hoekstra (Aldegea-SWF) 0-1; Hidde de Vries (Langsweagen) – Ype Boelens (Menaam) 0,5-0,5; Siebren Dyk (Jorwert) – Cor Kooistra (Nijlân) 0-1; Malte Schulz (Hamburg) – Kees Tijssen (Reduzum) 0-1.
Sande omloop: Willem Hoekstra (Aldegea-SWF) – Hidde de Vries (Langsweagen) 0-1; Ype Boelens (Menaam) – Klaas Wiersma (Nijbeets) 0,5-0,5; Kees Tijssen (Reduzum) – Siebren Dyk (Jorwert) 1-0; Cor Kooistra (Nijlân) – Malte Schulz (Hamburg) 1-0.
Einstân: 1. Kooistra en Tijssen 6; 3. Hoekstra 4; 4. Schulz 3 (18); 5. De Vries 3 (16); 6. Wiersma 2,5; 7. Boelens 2; 8. Dyk 1,5.


doorfriesdammen

Rubryk 9-2-2024

Te Hartwert binne moarn de lêste twa omlopen fan it persoanlik kampioenskip. Noch fiif fan de acht dammers meitsje kâns op de titel. Marten Walinga is koprinner mei 3,5 punt. Op in heal punt folgje Taeke Kooistra, Jelle Wiersma, Henk Haanstra en Hein de Vries. Mei syn ferrassende oerwinning op Walinga soarge De Vries derfoar dat de spanning wer hielendal werom is. Walinga siket altiid nei komplikaasjes en dreger spul. Soks pakte tsjin rekôr-kampioen Kooistra goed út.

T.Kooistra-M.Walinga, Jorwert 30.1.2024, 3-e omloop PK

Nei 40.46-41? helle Walinga út mei

40. ..22-28! 41.33×22 8-12! 42.22×2 5-10 43.2×20 10×50 en wie it gau dien. En doe’t Walinga yn de fjirde omloop broer Siebe mei in einspulfinesse te pakken hie, wie der in gat fan oardel punt mei de konkurrinsje slein.

M.Walinga-H.de Vries, Lollum 3.2.2024, 5-e omloop PK

Walinga hie in dizze partij ek wer keazen foar in wat dryste opset. Mei in wat nuodlike stân nei 28. ..5-10

Wyt hie him der út rêde kinnen mei it tiidlike offer 25.32-27! 26×28 26.39-34 8-13 27.38-32 10-14 28.32×12 13×11. Mar folge mei 29.39-34 18-22 30.32×12 8×17 en soe it letter oprinne en sa is de spanning oan de top kompleet. Sa kaam regearjend kampioen Jelle Wiersma mei in moaie kombinaasje tsjin promovendus Pieter Hoogterp ek wer daalk efter Walinga.

J.Wiersma-P.Hoogterp, Lollum, 3.2.2024, 5-e omloop PK

31. ..13-19? leit yn de reden, mar

Wiersma kombinearre nei de daam mei32.26-21 17×48 33.37-32 48×31 34.41×3

Yn de ‘twadde acht’ hat bûnsfoarsitter Liuwe Westra ferrassend de lieding. It wierre him ek wol mei, lykas yn de partij tsjin Fedde Wiersma. Earst krige hy in ‘achtklapper’ om de earen nei 18.39-34?

18. ..19-24! 19.34×14 20-24! 20.14×34 15-20! 21.35×24 18-23 22.24×22 16-21 23.31×11 6×28. Mei twa skiven efter noch efkes strike 24.43-39 13-19 25.36-31 12-17 26.46-41 5-10? en mei it bline

27.31-27! 17×46 28.48-43! 46×33 29.43×5 helle Westra in daam. Wiersma wie fan slach en ek noch kamp ferbargje.

De problemen fan Willem F. Bakker
Nû.17 sw. 2, 4, 10, 11, 13, 17, 26 wyt 20, 28, 29, 38, 41, 47, 50
Nû.18 sw. 2, 4, 7, 8, 13-15, 25 wyt 17, 22, 28, 29, 36, 38, 39, 41, 49
Nû.19 sw. 4, 11, 15, 17, 23, 25, 28 wyt 26, 32, 34, 35, 42, 45
Nû.20 sw. 4, 11, 15, 18, 20, 25 wyt 26, 27, 29, 35, 38, 45

Oplossingen stjoere foar 23 febrewaris.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Tineke Teigeler profitearret fan de dip fan Ype Boelens.

Tineke Teigeler kin net alle moandeitejûnen komme te damjen by de Stadige Strikers. Dat is fansels spitich, mar har wurk dat net in baan is fan achten oant fiven  stiet dat net ta. As se kin dan is se fan de partij en dat jout altiten wer wat ekstra’s yn it bestean fan de damklup. Moandeitejûn 5 febrewaris 2024 hie se in moaiejûn: se profitearre fan Ype syn dip.

Ja de partij wie noch jong en doe wie it hast ek al beslikke. Ype sette syn net sa fortúnlike foarm yn de persoanlike kampoenskippen ûnbedoeld mar net minder wier fierder troch. Damjen is in kwestje fan jins kop der alle setten fan hûndert persent der by hâlde en as dat net slagget, dan kin it sa mar finaal ferkeard rinne. Ype sit yn dy faze. Soms dammet er de stjerren fan de loft en op it heden slagget dat net. It komt fêst wer klear, mooglik lit er kommende sneon yn de lêste twa rondes fan it kampioenskip sjen, dat der noch terdege rekken mei him holden wurde moat. Foar Tineke wie it ferhaal fansels folslein oars. Wêr’ t ferliezers binne, binne ek winners. Tineke: “No bin ik wat betiid thús en dan sil myn man wol sizze: ferlern seker!” Moai no…

Utslaggen: Kees Castelein – Bauke Bos 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker – Jan Castelein 1 – 0; Tineke Teigeler – Ype Boelens 1 – 0;Willem Schaap – Bauke Dykstra 1 – 0; Jelle Wiersma – Cor Kooistra 1 – 0.

(CK)

doorfriesdammen

Marten Walinga noch oan kop by Frysk damjen

LOLLUM – Even liek it der sneon yn Lollum op dat it persoanlik kampioenskip yn it Frysk damjen al beslikke wie. Marten Walinga hie him tiisdeitejûn nei de tredde omloop allinnich oan kop set, en yn ‘e fjirde omloop wierre him ek alles mei. Sels wûn er fan syn broer Siebe. Dat wie foaral in kwestje fan stûf folhâlden; it wie al foar de twadde kear yn dit kampioenskip dat de Waaksenser in einspul fan elkmis in daam en in hout dochs winnend ôfsleat.

De konkurrinsje hie ûnderwilens al wer allegearre stekken falle litten, nota bene tsjin leger pleatste spilers. Jelle Wiersma kaam tsjin reade lantearnedrager Tsjerk Wijbenga net fierder as kamp, en Taeke Kooistra helle inselde resultaat tsjin Pieter Hoogterp. Henk Haanstra ferlear sels fan Hein de Vries. It kaam der op del dat Marten Walinga op dat stuit mar leafst oardel punt foarsprong hie op in peloton fan fiif, dat it mei it trochsneedtal fan 2 punten dwaan moast.

​En dochs kaam alles wer op ‘e kop te stean. Miskien kaam it omdat nei de lange bruorrestriid by Walinga de wurgens tasloech, mar de grutske koprinder krige mar gjin fet op it spul fan Hein de Vries. De Ljouwerter stie oan syn rjochterkant op trochbrekken, en al hoe’t Walinga ek tsjinaksele, der wie gjin ferwin mear op.

​En de konkurrinsje? Dy wist no dat de bûter jild jilde moast. Taeke Kooistra sette Tsjerk Wijbenga in prachtige daamslach foar de noas. Dy fan Jelle Wiersma tsjin Pieter Hoogterp wie noch moaier, ek al frege dat noch wol om sekuer fierder spyljen. It dreechste hie Henk Haanstra it, mar hy krige Siebe Walinga lang om let dochs op ‘e knibbels. Om koart te kriemen, Marten Walinga hat noch altyd in foarsprong, mar dy is sa minimaal dat foar itselde jild ien fan syn fjouwer efterfolgers oare wike yn Hartwert de kampioenskroan op ‘e holle sette kin.

​Yn ‘e twadde acht wie it in grutte dei foar de pleatslike favoryt Liuwe Westra. Hy wûn twa kear, en naam dêrmei de kop oer fan Bernard Kroon, dy’t net fierder kaam as ien kampspul. Yn ‘e tredde acht bewize de beide feteranen Cor Kooistra en Kees Tijssen dat ûnderfining mooglike slytaazje fan ‘e grize sellen maklik kompinsearje kin. Se steane teminsten boppeoan, en hawwe grutte kâns dat se takom’ jier wer meidwaan meie yn ‘e twadde acht.​

​Utslaggen en stannen

Kampioensklasse, fjirde omloop: Tsjerk Wijbenga (Arum) – Jelle Wiersma (Wommels) 0,5-0,5; Pieter Hoogterp (De Gaastmar) – Taeke Kooistra (Hartwert) 0,5-0,5; Siebe Walinga (Aldegea-SWF) – Marten Walinga (Waaksens) 0-1; Hein de Vries (Ljouwert) – Henk Haanstra (Aldegea-SWF) 1-0.
Fiifde omloop: Wiersma – Hoogterp 1-0; Kooistra – Wijbenga 1-0;M. Walinga – De Vries 0-1; Haanstra – S. Walinga 1-0.
Stân: M. Walinga 3,5; De Vries, Wiersma, Kooistra en Haanstra 3; S. Walinga 2; Hoogterp 1,5; Wijbenga 1.

Fjirde omloop: Willem Schaap (Jirnsum) – Folkert Groenveld (Jutryp) 1-0; Fedde Wiersma (Easterein) – Dicky van der Meer (Terherne) 0-1; Liuwe Westra (Lollum) – Bauke Dykstra (De Tynje) 1-0; Bernard Kroon (Blauhús) – Frans Kingma (Jorwert) 0,5-0,5. Fyfde omloop: Groenveld – Wiersma 1-0; Van der Meer – Schaap 0-1; Dykstra – Kroon 1-0; Kingma – Westra 0-1.
Stân: Westra 4; Schaap 3,5; Groenveld en Kroon 3; Van der Meer en Wiersma 2; Dykstra 1,5; Kingma 1.

Fjirde omloop: Cor Kooistra (Nijlân) – Willem Hoekstra (Aldegea-SWF) 0,5-0,5; Malte Schulz (Hamburg) – Hidde de Vries (Langsweagen) 0,5-0,5; Siebren Dyk (Jorwert) – Klaas Wiersma (Nijbeets) 0-1; Kees Tijssen (Reduzum) – Ype Boelens (Menaam) 1-0. Fyfde omloop: Hoekstra – Schulz 0-1; De Vries – Kooistra 0-1;Wiersma – Tijssen 0-1; Boelens  – Dyk 0,5-0,5.
Stân: Kooistra en Tijssen 4; Hoekstra en Schulz 3; Wiersma 2; Dyk en De Vries 1,5; Boelens 1.

(Sybren Dyk)

doorfriesdammen

Marten Walinga noch oan kop by Frysk damjen

1 / 2
Marten Walinga noch oan kop by Frysk damjen


LOLLUM – Even liek it der sneon yn Lollum op dat it persoanlik kampioenskip yn it Frysk damjen al beslikke wie. Marten Walinga hie him tiisdeitejûn nei de tredde omloop allinnich oan kop set, en yn ‘e fjirde omloop wierre him ek alles mei. Sels wûn er fan syn broer Siebe. Dat wie foaral in kwestje fan stûf folhâlden; it wie al foar de twadde kear yn dit kampioenskip dat de Waaksenser in einspul fan elkmis in daam en in hout dochs winnend ôfsleat.

De konkurrinsje hie ûnderwilens al wer allegearre stekken falle litten, nota bene tsjin leger pleatste spilers. Jelle Wiersma kaam tsjin reade lantearnedrager Tsjerk Wijbenga net fierder as kamp, en Taeke Kooistra helle inselde resultaat tsjin Pieter Hoogterp. Henk Haanstra ferlear sels fan Hein de Vries. It kaam der op del dat Marten Walinga op dat stuit mar leafst oardel punt foarsprong hie op in peloton fan fiif, dat it mei it trochsneedtal fan 2 punten dwaan moast.
En dochs kaam alles wer op ‘e kop te stean. Miskien kaam it omdat nei de lange bruorrestriid by Walinga de wurgens tasloech, mar de grutske koprinder krige mar gjin fet op it spul fan Hein de Vries. De Ljouwerter stie oan syn rjochterkant op trochbrekken, en al hoe’t Walinga ek tsjinaksele, der wie gjin ferwin mear op.
En de konkurrinsje? Dy wist no dat de bûter jild jilde moast. Taeke Kooistra sette Tsjerk Wijbenga in prachtige daamslach foar de noas. Dy fan Jelle Wiersma tsjin Pieter Hoogterp wie noch moaier, ek al frege dat noch wol om sekuer fierder spyljen. It dreechste hie Henk Haanstra it, mar hy krige Siebe Walinga lang om let dochs op ‘e knibbels. Om koart te kriemen, Marten Walinga hat noch altyd in foarsprong, mar dy is sa minimaal dat foar itselde jild ien fan syn fjouwer efterfolgers oare wike yn Hartwert de kampioenskroan op ‘e holle sette kin.
Yn ‘e twadde acht wie it in grutte dei foar de pleatslike favoryt Liuwe Westra. Hy wûn twa kear, en naam dêrmei de kop oer fan Bernard Kroon, dy’t net fierder kaam as ien kampspul. Yn ‘e tredde acht bewize de beide feteranen Cor Kooistra en Kees Tijssen dat ûnderfining mooglike slytaazje fan ‘e grize sellen maklik kompinsearje kin. Se steane teminsten boppeoan, en hawwe grutte kâns dat se takom’ jier wer meidwaan meie yn ‘e twadde acht.
 
 
Utslaggen en stannen

Kampioensklasse, fjirde omloop: Tsjerk Wijbenga (Arum) – Jelle Wiersma (Wommels) 0,5-0,5; Pieter Hoogterp (De Gaastmar) – Taeke Kooistra (Hartwert) 0,5-0,5; Siebe Walinga (Aldegea-SWF) – Marten Walinga (Waaksens) 0-1; Hein de Vries (Ljouwert) – Henk Haanstra (Aldegea-SWF) 1-0.
Fiifde omloop: Wiersma – Hoogterp 1-0; Kooistra – Wijbenga 1-0; M. Walinga – De Vries 0-1; Haanstra – S. Walinga 1-0.
Stân: M. Walinga 3,5; De Vries, Wiersma, Kooistra en Haanstra 3; S. Walinga 2; Hoogterp 1,5; Wijbenga 1.

Fjirde omloop: Willem Schaap (Jirnsum) – Folkert Groenveld (Jutryp) 1-0; Fedde Wiersma (Easterein) – Dicky van der Meer (Terherne) 0-1; Liuwe Westra (Lollum) – Bauke Dykstra (De Tynje) 1-0; Bernard Kroon (Blauhús) – Frans Kingma (Jorwert) 0,5-0,5.
Fyfde omloop: Groenveld – Wiersma 1-0; Van der Meer – Schaap 0-1; Dykstra – Kroon 1-0; Kingma – Westra 0-1.
Stân: Westra 4; Schaap 3,5; Groenveld en Kroon 3; Van der Meer en Wiersma 2; Dykstra 1,5; Kingma 1.

Fjirde omloop: Cor Kooistra (Nijlân) – Willem Hoekstra (Aldegea-SWF) 0,5-0,5; Malte Schulz (Hamburg) – Hidde de Vries (Langsweagen) 0,5-0,5; Siebren Dyk (Jorwert) – Klaas Wiersma (Nijbeets) 0-1; Kees Tijssen (Reduzum) – Ype Boelens (Menaam) 1-0.
Fyfde omloop: Hoekstra – Schulz 0-1; De Vries – Kooistra 0-1; Wiersma – Tijssen 0-1; Boelens  – Dyk 0,5-0,5.