Auteur archief friesdammen

doorfriesdammen

FREED 31 MAART FINALE FRYSLANKUP FRYSK DAMJEN

De finale fan de Fryslankup giet dit jier tusken Tjerk Wijbinga (Arum) en Taeke Kooistra (Hartwerd). Tjerk fersloeg yn de heale finale Folkert Groenveld en Taeke wûn fan Marten Walinga. Taeke wie ek vorig zeizoen winaar.  Tjerk sil syn uterste bêst dwan om de titel oer te nimmen. Beide mannen lid fan damklup Hartwerd sille der grif in spannende partij fan meitsje.

Ek wurd der foar alle oare dammers in toernooi frysk (5 tsjin 5) hôlden en presenteerd de dambûn it promotiefilmke fan it frys damjen.

Freedtejûn om 20.00 wurd de finale spyle yn de dam arena Siesa te Blauhús. Dus bij deze nodigd damklup de skyfkes jim alleghjear út. Oant freed.

De finale is ik live te folgjen op ús website.

doorfriesdammen

Strikers ferlieze aldermachtichst fan Aldegea, mar gjin djipterekôr.

De Stadige Strikers hienen der al net sa’n soad ferdúsje yn, doe’t se nei damklup Nocht en Kriich yn Aldegea – SWF ôfreisgen. Sûnder kampioen Jelle, sûnder good old Sjoerd Jan Bakker en sûnder ús twa sterke froulju soe it in hiele toer wurde tsjin it sterke Aldegea. Dochs die oan de ein fan de striid, mei in blik op de útslaggen út ferline, bliken dat dit net it grutste ferlies ea wie tsjin de mannen fan striid en nocht. Yn 2017 ferlearen se thús mei in heal tsjin acht en in heal. Rients Winia, hy is net mear ûnder ús, wie de ienige dy’t der kamp út skuorde.Dan foel de útslach fan ôfrûne moandeitejûn noch mei en kinne wy net sprekke fan in djipterekôr. De útslach waard: 5,5 – 1,5.

Bûten de striid om op it boerd wie de sfear tige gesellich. Gjin rarichheden, hoewol… It sil de útslach net beYnfloede ha, mar op in bepaald stuit gong it alarm ôf en dat gejank dat bleau in moai skoft troch sketterjen. Guon tochte nal dat it in taktyske set fan de thúsklup wie, mar dat wol de skriuwer net oan, want taktyske streken hoegden der foar Nocht en kriich net oan te pas te kommen. Doe’t dy brulboei begûn te âljen, siet de thúsklup al op fluwiel. 

Dicky van der Meer wûn úteinlik fan Siebe Walinga, de lêste hat wol wakker yn de skrep west om dy janker it swijen op te lizzen. Neffens de skriuwer stie foar dat foarfal hy al op ferlies stie. Ja Dicky moat men net útpûtse fan fansels. It kampke waard nei in hiele moaie partij, dy’t de folsleine tiid op de klok yn beslach naam , berikt troch Willem Hoekstra en Cor Kooistra.

Utslach: Siebe Walinga – Dicky van der Meer 0 – 1; Henk Haanstra – Bauke Dykstra 1 – 0; Pieter Hoogterp – Ype Boelens 1 – 0; Folkert Groenveld – Willem Schaap 1 – 0; Willem Hoekstra – Cor Kooistra ½ – ½; Rein Jan Walinga – Bauke Bos 1 – 0; Gosse de Vries – Kees Castelein 1 – 0.

doorfriesdammen

Willem Schaap wie op reis om kampioen te wurden, mar

Twa wiken efterelkoar wie Willem Schaap net fan de partij. Hij wie net rjocht fit neffens eigen sizzen, mar moandei wie er wer paraat. It kaam wat ûngelokkich út mei it oantal dammers: in ûneven oantal. Dêrom lotten Jelle Wiersma en Willem oer wa’t fan beide  tsjin twa damje moast. Dat waard Willem. Hy moast tsjin Jelle en tsjin Cor Kooistra. Op dat stuit, by it begjin fan dy twa spullen like Willem op reis te wêzen nei it klupkampioenskip, mar…

Willem hie tsjin beide mannen swart. Dan is it altiten wer ôfwachtsjen hoe’t de wytstriker begjint. Om koart te gean der kamen twa hiele ferskillende spullen op de buorden. Op tiid hoegden de mannen net te sjen. It oerwurk spile kwa tiid gjin rol, allinne waard de klok wol yndrukt om te witten wa’t oan set wie. Tsjin Jelle hie Willem de beide foarige partijen wûn, dat hy stie der gewoan prima foar. Dochs slagge it him diskear net. Hy waard mei in moaie flypflap fan it boerd reage. Doe koe er him folslein op it oare spul tasette. Dêrfan wie doe eins noch neat te sizzen. De stân wie sa’n bytsje yn it lykwicht. Geandewei de partij kaam Kooistra der wat better op te stean, mar de kop fan him moast der goed by. De wyks dêrfoar wie er noch sa sleau yn in setsje rûn en no moast er om in ferriedelik heakje tinke. It gie goed foar Kooistra en doe’t er noch in houtsje offere om nei daam ta strike te kinnen, liken syn kânsen op de sege grut. Dat like net allinne sa, de oerwinning liet er him net mear ûntglippe. Spitich foar Willem, dy’t no mooglik minder kâns hat om de kampioensbeker oer in wike as fjouwer yn ûntfangst te nimmen. Damjen kin wreed wêze!

Ferline wike waard de loftrompet blaasd foar Hennie de Haan, dy’t sterk wûn fan Tineke Teigeler. No moast se tsjin Kees Castelein. No kin dy Kees sa njonkenlytsen ek ek al in aardich streekje sette, mar dan moat er yn begjin fan de partij gjin rare fiten úthelje. Diskear gong dat prima en yn in stân fan acht om acht koe it noch alle kanten út, mar sa op it earste each liken de winst kânsen fan Kees it grutst. Yn it Frtyske spul sittte altiten in soad farianten. Dus om koart te gean: jo witte it mar noait. Mar Kees wist it wol, want hy pakte Hennie even goed oan en wûn de partij.

Utslaggen: Bauke Dykstra – Bauke Bos 1 – 0; Jelle Wiersma – Willem Schaap 1 – 0; Hennie de Haan – Kees Castelein 0 – 1; Cor Kooistra – Willem Schaap 1 – 0.

doorfriesdammen

Rubryk 17-3-2023

Frjentsjer wie begjin maart it sintrum fan de Frysk-damwrâld, misskyn wol fan de hiele damwrâld. Stifting WFD koe nei de koroana wer treflik organisearje, trije dagen it Fryslân Open, oanslutend it grutmaster- en mastertoernooi en as útsetter it WK FRYSK!. Analist en âld-wrâldkampioen Alexander Schwarzman seach Folkert Groenveld en Jelle Wiersma mei 6,5 pt. boppe oan einigjen yn it Fryslân Open. Twa oare Friezen, Marten Walinga en Henk Haanstra, beselskippen harren yn de grutmasters. Dat sette útein yn de moaiste seal fan Fryslân, it planetarium fan Eise Eisinga. Dammers fan bûten ús provinsje damden har ek yn de kiker. Wat te tinken fan Auke Zijlstra fan Utert mei de WK-titel yn de einspul-fariant FRYSK! en de Tsjechyske Petra Duskova mei de moaiste kombinaasje fan it toernooi. Grutte man wie lykswols Henk Haanstra fan Aldegea-SWF. Jierrenlang damde hy krekt tsjin de top oan en no wie it einliks raak. 

M.Walinga – H.Haanstra, Frjentsjer 4.3.2023, tredde omloop Grutmasters1.32-27 20-25 2.27-22 17×28 3.33×22 18×27 4.31×22 12×32 5.38×27 11-17 6.27-22 17×28 7.34-30 25×34 8.40×27 14-20 9.39-34 20-25 10.43-38 10-14 11.34-29 19×39 12.38×40 14-20 In rêstige iepening, Walinga kin der noch gjin tûkelteammen yn frisselje.13.37-31 13-19 14.31-26 19-24 15.42-37 5-10 16.47-42 9-14 Wyt besiket wat oars 17.42-38 7-11 18.37-31 8-12 19.41-37 En dan letter oanfalle mei 37-32, mar swart nimt in grutte ôfruil

19. ..11-17! 20.27×18 6-11 21.26×17 24-30 22.35×24 25×43 23.44×42 20-25 Posysjoneel bouwe yn it middenspul.24.46-41 14-20 25.40-35 20-24 26.36-31 3-8 27.31-26 8-12 28.26-21 10-14 29.41-36 14-20 30.42-37 24-30 Swart hat sa in goede hek-stelling, mar ferbrekt dy daalk ek wer. Dat kan altiid noch wol. Earst 30. ..12-18 is better. 31.35×24 25×23 32.36-31 20-25 33.37-32 12-17 34.21×12 2×42 35.48×37 1-7 It giet op in lykweardich einspul ta. 36.31-27 7-11 37.50-44 15-20 De tinktiid wurdt minder en sa komme der mindere setten en kânsen. Foar wyt is 38.45-40 better en swart hie de ôfruil 38. ..23-29 nimme moatten.38.44-39 20-24 39.37-32 4-10 Wyt hie winstkânsen nei 39.49-43 4-9 40.39-33 23-29 41.43-38. 40.49-44 25-30 41.39-33 23×43 42.44×42 30-34 43.27-22  

De partij Wiersma – Groenveld wie al kamp wurden en Haanstra hie no ek oan kamp genôch foar de priis. 43. ..11-16 44.32-28 16-21! 45.45-40! 21×32 46.40×20 10×30 47.42×2 is dat, mar ek folstiet 43. ..10-14 44.22-17 11×22 45.32×12 34-40 46.45×34 24×44 47.12-7 44-50 48.7-1 50-28 49.1-6 28-46 50.42-38 14-20

Yn de fjifde omloop fan it Fryslân Open struts Tsjerk Wijbenga mei swart24. ..6-11 en ôfruilje 13-19, mar Petra Duskova helle út mei 25.24-20! 15×24 26.40-34 24×44 27.27-22 21×23 28.43-39 44×31 29.37×28Earst noch de oplossing fan it drege probleem nû.18 1.28-23 x31 2.42-38 x34 3.47-42 x32 3.x27 x22 4.42-37 etc.

Nû.21 sw. 2, 4, 6-9, 13, 35 wyt  16, 20, 24, 28, 29, 32, 41, 49

Nû.22 sw. 5-9, 17, 15, 16, 20, 25 wyt 26, 27, 34-36, 40, 41, 45, 47, 49

En twa nijen fan Stellinga-Baron

Nû.23 sw. 8, 10, 11, 13, 16, 18, 19, 26 wyt 25, 27, 32, 34-36, 40, 43

Nû.24 sw. 2, 6, 9, 10, 13, 19, 26, 29, 45 wyt 16, 17, 28, 30, 32, 36, 46, 49, 50

Oplossingen stjoere foar31 maart.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Hennie de Haan wie wêr paraat en hoe.

It sit de Stadige Strikers op ‘t heden net mei: se ha te meitsjen mei personele problemen. Sjoerd Jan Bakker sit al fjouwer wiken thús en Hennie kin yn dizze tsjustere dagen net mear fan hûs fanwege sykte fan har man. It fantastyske ynternasjonale damtoernooi Fryslân Iepen waard ôfrûne wike yn Frjentsjer ferdamme, dat betsjutte wol dat guon fan de dielnimmende Strikers harren  deistige wurk no wer ynhelje moasten. Al mei al begripe jo wol dat it groepke de lêste wiken ferhipte lyts wie. Mar gelokkich Hennie de Haan wie wer paraat en hoe!

Ferline wike spile se al hiel sterk tsjin Bauke Bos. Spitich foar har gyng it oan de ein fan de partij krekt net goed en doe wie Bauke der as de wearlich by om dat ôf te straffen. Hy koe op syn gemak troch strike nei daam. Hennie warde noch wol tsjin, mar Bauke liet him net mear ferkatse. Ofrûne moandei moast se har twadde partij tsjin Tineke Teigeler , de frou yn foarm, spylje. As de skriuwer dêr wat oer skriuwe kin dan moat er it út de tûme sûge en dat kin fansels net. Wat hjir skreaun wurdt moat wol neffens de wierheid wêze. It wie sa de skriuwer siet sels ek wakker dreech te damjen en doe stapten de beide froulju op om nei hûs te gean. Wol hearde er dat Hennie wûn hie. No dat wie in prachtich punt.

De twa fan de fjouwer Stadige Strikers dy’t meidiene yn Frjentsjer en dus trije dagen yn it tallship sieten te damjen gongen yn it eigen damhûs te Skearnegoutum figuerlik wer it skip yn. Dicky van der Meer moast yn Bauke Dykstra, ek in Fryslân Iepen dielnimmer, syn meardere erkenne. Dat is hielendal net sa frjemd, want dyselde Bauke ferlear okkerdeis dan wol fan Tineke, mar hy kin fansels omraak damje. Yn Frjentsjer kaam er net yn de prizen, mar dat hie sa mar oars kinnen.

Cor Kooistra wie de oare dielnimmer oan it toernooi. Hy die it hiel aardich en stie nei de earste dei boppe-oan. En nei de twadde dei siet er noch by de trije heechsten. Uteinlik waard er fyfde. Dêrtroch is er mooglik wat te grutsk wurden en hat er tocht: Hjir op de klup sil ik se ek in poepke rûke litte. No dat wie dus net sa. Hy trape yn in âlde fout. Der siet in moai slachje yn foar Ype Boelens, mar dat seagen se beide. Twa setten letter kaam dat loopke der wer yn, mar dêr hie de man net mear by stilstien. Hoe wie it mooglik dat soks him al foar de twadde kear oerkaam dit jier. It wurdt minder mei him. Ype wûn mei dy moaie kombinaasje.

Jelle Wiersma wie dizze jûn net fan de partij, mar yn Frjentsjer wol. Hy wûn prizen yn it Fryslân Iepen toernooi ( twadde) yn it grutmaster toernooi (ek twadde) en yn it Frysk, dat is fiif tsjin fiif b3ehelle er it tredde plak, efter Dicky van der Meer.

Utslaggen: 27-2: Jan Castelein – Kees Castelein 0 – 1;Ype Boelens – Tineke Teigeler 1 – 0; Hennie de Haan – Bauke Bos 0 – 1.  06 – 3: Hennie de Haan – Tineke Teigeler 1 – 0; Dicky van der Meer – Bauke Dykstra 0 – 1; Cor Kooistra – Ype Boelens 0 – 1.

doorfriesdammen

Tineke Teigeler soarget foar konsternaasje by de Stadige Strikers.

Faaks is it sa dat wat de útslaggen fan de damspullen wêze sille, wol te foarsizzen is. Elk wit wol de sterkten fan de spilers en as dan ris de útslach oars útfalt as ferwachte dan jout dat de nedige reuring en konsternaasje. Tineke Teigeler soarge dêr moandeitejûn foar.

Al faker kaam Tineke dit damjier sterk út de hoeke. Sa fersloech se al ris in kear in sterke dammer fan de Hartwerter klup en in pear wike lyn koe se noch kamp spylje tsjin foarsitter Cor Kooistra, mar doe ferprutste se it, omdat se winne woe. Moandei siet se tsjin de nestor fan de Strikers: Bauke Dykstra. Dy Bauke is fansels in knaap fan in dammer, dy’t alle damteoryen wol dreame kin. Tineke is net ien fan de teory. Sy giet út fan har eigen krêft. Dat is yn it begjin ôfruilje sa lang as dat goed en foardelich kin. Sa hold se yn de partij tsjin Bauke ek goed stân. Bauke dy sei noch doe’t er in in pear stappen troch it sealtsje die: “Dy Tineke dammet sterk, se moast eins noch ris wat teory leare, dêr soe se noch better fan wurde” Teory of gjin teory de praktyk wie dat frou Teigeler der hieltyd better op kaam te stean. Doe kaam it momint dat Dykstra eins net oars koe as in houtsje te offerjen om sa nei daam te striken. Dat hold wol yn dat Tineke dat ek koe en noch wol adanich dat sy twa streken earder in daam hie as har tsjinstanner. Sy koe har daam op de lange line parkeare en doe koe se mar ôfwachtsje wat de man út De Tynje dwaan soe…..

It omsteande laach seach mei spanning ta. Guon dy’t oars faak al fuort binne stûnen no te sjen. Dy woenen witte hoe’t soks ôfrinne soe. Doe’t de âld-Hartwerter in daam strutsen hie en dêrmei in houtsje op slach sette, kaam Tineke hiel beret mei har streek: se skode dat bewuste houtsje sa dat Bauke twa houtsjes slaan moast mei in houtsje en kaam op de lange line terjochte en doe slokte Tineke har daam dat houtsje en de daam fan Bauke op en de partij wie sa út as poepkak. In geweldige ûntlading by Tineke en dat wie te begripen. Fan alle kanten waard se lokwinske. Yn it foarste plak troch Bauke Dykstra sels. Letter sei se noch bûten In sigretsje smokend: “Ik bin bang dat ik de hele nacht gjin each ticht doch, mar wat bin ik hjir bliid mei!”

Utslaggen: Kees Castelein – Bauke Bos 0 – 1; Cor Kooistra – Jan Castelein 1 – 0: Dicky van der Meer – Willem Schaap 0 – 1; Bauke Dykstra – Tineke Teigeler 0 – 2.

doorfriesdammen

Rubryk 17-2-2023

Jelle Wiersma fan Wommels, lid fan de Stadige Strikers fan Skearnegoutum, is foar de tsiende kear Frysk kampioen wurden. Nei de fiifde omloop wienen der fjouwer kânshawwers. Henk Haanstra mocht noch hoopje mei trije punten, mar heake ôf troch in ferliespartij tsjin Folkert Groenveld. Marten Walinga stie mei fjouwer punten boppe oan, mar tippele yn in kombinaasje tsjin koprinner en rekôrkampioen Taeke Kooistra.

Nei 23.49-44? 6-11! 24.26×6 2-7 25.6×19 15-20 26.30×10 5×32 27.42×22 17×28 wie it gau dien en kaam Kooistra op fiif punten. Hy hie it yn hâldershân mei noch ien partij te gean. Al hime Wiersma him mei 4,5 punten yn de nekke. De winst wie tsjin Siebe Walinga, ferline jier hast kampioen, mar no de partij ferbarge en degradaasje drige. Dyselsde Walinga soe yn de lêste omloop dochs de trochslach jaan yn de race om de titel. Jelle Wiersma weefde ôf mei Marten Walinga en broer Siebe wûn fan Kooistra. Dat by eintsjebeslút wie it wer Wiersma mei syn seisde titel op in rige. J.Wiersma – M.Walinga, PK 2023, 7-e omloop, De Gaastmar, 11.2.2023 1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17×37 4.41×32 16-21 5.26×17 12×41 6.46×37 11-16 7.37-31 7-12 8.42-37 2-7 9.47-42 7-11 De rún fan stâl en komt soks goed yn de lange hoeke? Mar wyt, lykas swart, damje neffens it boekje. 10.31-26 16-21 11.26×17 18×16 12.37-31 19-24 12. ..12-17 13.31-26 17-21 14.26×17 16×18 15.42-37 9-13! is goed foar swart. De lange hoeke is frij en 16.34-30 kin net, dan kriget swart in daam. 13.34×14 10×19 14.40-34 16-21 15.44-40 21×41 Wyt kin moai tebek slaan. 16.36×47 19-24 17.34×14 4×24 18.32-27 24-29 19.33×24 20×29 20.39×19 13×24 21.49-44 1-7 22.27-22 12×32 23.38×27 11-17 24.40-34 17×37 25.34×14 9×20 26.42×31 8-12 27.44-40 12-17 27. ..20-24 hie better west. 28.40-34 5-10 29.50-44 3-9 30.44-40 9-13 Wyt hat in sterk blok yn de dûbele hoeke en altiid de oanfal mei 34-30. 31.47-41 7-11 32.31-26 17-21 33.26×17 11×22 34.41-37 6-11 35.37-31 11-16 36.43-38 13-19 37.38-32 22×42 38.48×37 10-14 Wyt komt yn in winnende posysje.

Nei 39.37-32 19-24, swart kin net oars, der folget 40.34-29 24×33 41.32×34 en it is yn de koartste kearen dien. 39.31-27? 19-24 40.34-29 24×33 41.35-30 25×34 42.40×38 20-24 43.37-32 24-30 44.27-21 16×27 45.32×21 30-34 46.21-17 15-20 47.17-12 No lit swart kamp lizze.

Earst 47. ..34-40 48.45×34 20-24 49.34-30 24×35 50.12-7 35-40 47. ..20-24? 48.38-33 34×32 49.12-8 32-37 50.8-3 14-19 51.3-17 Alles stiet op slach en swart jout op.

Nû.17 sw. 1, 4, 12-14, 19, 20, 23, 36 wyt 6, 25, 32, 33, 38, 39, 41, 43, 44 Nû.18 sw. 1, 2, 4, 8, 10, 12-14, 36 wyt 22, 24, 25, 28, 32, 42, 43, 47, 49

En noch twa fan Stellinga-Baron

Nû. 19 sw. 11, 13, 14, 17, 20, 21, 24, 30 wyt 29, 33, 37, 39, 42-44, 47

Nû. 20 sw. 7, 14-16, 19, 20, 26, 36 wyt 27, 28, 34, 37, 38, 41, 47, 49

Oplossingen stjoere foar 3 maart. Folkert Groenveld Riperwei 6 8623 XH Jutryp groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Jelle Wiersma dochs wer kampioen Frysk damjen

De Gastmar – Hy moast fier wei komme, Jelle Wiersma. Hy sette it persoanlik kampioenskip yn it Frysk damjen sels yn mei in ferliespartij. Mar nei de sande en lêste omloop stie er, lykas de lêste jierren, wer gewoan boppeoan.

De ynhelrace fan de Wommelser mocht besjen lije. Ek yn ‘e tredde omloop moast er tsjin Taeke Kooistra noch in heal punt tajaan, mar dêrnei sloech er it paad omheech foargoed yn. By it yngean fan ‘e finale hied er syn efterstân werombrocht ta noch mar in heal punt. Der stiene no noch twa spilers boppe him, Marten Walinga en Taeke Kooistra. Dy moasten de moarns fuortdaliks tsjin inoar, dat fan dy konkurrinten soe ek ien weifalle. It waard Walinga. Hy liet nochal wat gatten yn syn stelling ta, en dan nimme jo by it Frysk damjen in risiko. Mei in tûke slach kaam Kooistra op foarsprong, en in pear setten letter hie de Waaksenser it wol besjoen.

Wiersma hie ûnderwilens dy syn broer Siebe fan him ôfskodde. De Aldegeaster, dy’t wakkere wikselfallich út ‘e hoeke komme kin, seach oer de holle dat Wiersma efter in skiif rinne koe dy’t net mear te ferdigenjen wie. It smiet ek fuortdaliks in daam op, mar dy wachte Walinga mar net iens mear ôf.

Mar de middeis liet dizze selde Siebe Walinga tsjin Kooistra in hiele oare kant fan him sjen. No foel it yn ‘e Hartwerter te priizgjen dat er de risiko’s net mijde. Mei syn heale punt foarsprong op Wiersma hied er ek in ferdigenjende taktyk oanhâlde kinnen. Kooistra naam dêrfoaroer krekt in agressive foarpost yn. Mar dy smiet him net folle op, en geandewei krige er der sels hyltyd mear lêst fan. Boppedat begûn Walinga syn rjochterkant wat langer wat mear Kooistra syn sintrumskiven te bedriigjen. In offer koe net útbliuwe. Walinga kaam as earste op daam, en breide der dêrnei kreas in ein oan.

Kooistra syn ûnferwachtse ferlies joech oan Wiersma de gelegenheid om ta te slaan, mar dêrfoar moast er noch al Marten Walinga geweken nimme. Lang gong de partij lykop. Yn in stân fan trije om trije offere Wiersma in hout, mar dat makke wol dat er as earste op daam kaam, en dat wie genôch foar de oerwinning. En foar al wer syn tsiende kampioenskip.

Underyn wie der ek noch wol spektakel te belibjen. By it yngean fan ‘e lêste omloop stie de Terhernster Dicky van der Meer noch sûnder punten stiif ûnderoan, mar Hein de Vries, Henk Haanstra en Folkert Groenveld moasten mei elkmis 2½ punt ek foar har damjen op it heechste nivo yn noed sitte. Yn ‘e lêste omloop moasten Haanstra en De Vries tsjin inoar, en Groenveld like it op papier it maklikste te hawwen tsjin Van der Meer. Mar papier is gewillich. Groenveld gong kopke-ûnder, en de oare beide mannen spilen kamp, sadat de beide promovendy streekrjocht wer werom koene nei de twadde acht. Se wurde ynwiksele tsjin Tsjerk Wijbenga en Pieter Hoogterp, dy’t in jier earder krekt wer degradearre wiene.

Utslaggen en einstannen (mei tusken heakjes it SB-getal) Kampioensklasse, sechsde omloop:

Siebe Walinga (Aldegea-SWF) – Jelle Wiersma (Wommels) 0-1, Marten Walinga (Waaksens) – Taeke Kooistra (Hartwert) 0-1, Henk Haanstra (Aldegea-SWF) – Folkert Groenveld (Jutryp) 0-1, Dicky van der Meer (Terherne) – Hein de Vries (Ljouwert) 0-1. Sande omloop: Wiersma – M. Walinga 1-0, Kooistra – S. Walinga 0-1, De Vries – Haanstra 0,5-0,5, Groenveld – Van der Meer 0-1. Einstân: Wiersma 5,5; Kooistra 5; M. Walinga 4; Haanstra 3,5 (23); S. Walinga 3,5 (21,5); De Vries 3; Groenveld 2,5; Van der Meer 1.

Twadde acht, sechsde omloop: Bauke Dijkstra (Nijbeets) – Tsjerk Wijbenga (Arum) 0-1, Pieter Hoogterp (De Gastmar) – Willem Hoekstra (Aldegea-SWF) 1-0, Liuwe Westra (Lollum) – Frans Kingma (Jorwert) 0,5-0,5. Sande omloop: Wijbenga – Hoogterp 1-0, Hoekstra – Dijkstra 0-1, Kingma – Bernard Kroon (Blauwhús) 1-0. Einstân nei seis partijen: Wijbenga 5; Hoogterp 3,5 (18); Dijkstra 3,5 (16); Kingma 2,5 (16,5); Westra 2,5 (13,5); Kroon 2 (12); Hoekstra 2 (9).

Tredde acht, sechsde omloop: Willem Schaap (Jirnsum) – Ype Boelens (Menaam) 1-0, Siebren Dyk (Jorwert) – Fedde Wiersma (Easterein) 0-1, Hidde de Vries (Langsweagen) – Klaas Wiersma (Nijbeets) 1-0. Sande omloop: K. Wiersma – Dyk 1-0, F. Wiersma (Easterein) – De Vries 1-0. Einstân na vijf partijen: Schaap 5; F. Wiersma 3,5; De Vries 3; K. Wiersma 2,5; Boelens 1; Dyk 0.

doorfriesdammen

Offalrace by Frysk damjen

Offalrace by Frysk damjen Der komt wat tekening yn ‘e striid om it persoanlik kampioenskip yn it damjen Frysk spul. Wiene der sneon yn Hartwert by it yngean fan ‘e fjirde en fyfde omloop noch in seis dammers dy’t der fan dreame mochten om mei de heechste eare út te naaien, dan wie oan ‘e ein fan ‘e dei dat tal al tebekrûn ta de helte.

De moarns heakke as earste Folkert Groenveld ôf. Hy moast tsjin Jelle Wiersma in hout ôfstean, en dat betsjutte in ferliespartij. Opfallender wie it ferlies fan ‘e ferline jier sa ferrassend út ‘e hoeke kommen Siebe Walinga. Tsjinstanner Henk Haanstra kaam dêrmei op gelikense hichte as koprinner Taeke Kooistra, dy’t sels in kostber heal punt ferskiet tsjin Hein de Vries. Marten Walinga foege him nei in oerwinning op Dicky van der Meer by har. De ûnderste man aksele noch wol bot tsjin, en helle der sels in moaie daam út, mar dy bliek úteinliks dochs te kostber.

Mar Haanstra hie net lang wille fan ‘e weelde. De middeis gong it tsjin Taeke Kooistra earst wol moai lykop, mar yn in stân fan fjouwer tsjin fjouwer waard er twongen om in hout op te jaan, en doe wie it dien mei de Aldegeaster. Soks kaam Folkert Groenveld ek oer tsjin Marten Walinga, sadat Kooistra en Walinga no yn ‘e mande de kopposysje besette. Se wurde lykwols op mar in heal punt folge troch Jelle Wiersma, dy’t tsjin Dicky van der Meer in prachtige daamset op it boerd tsjoende. Ien fan dizze trije mannen sil kommende sneon yn ‘e finale op ‘e Gastmar wol oan langste ein lûke.

Utslaggen en stannen
Kampioensklasse, fjirde omloop: Folkert Groenveld (Jutryp) – Jelle Wiersma (Wommels) 0-1, Dicky van der Meer (Terherne) – Marten Walinga (Waaksens) 0-1, Henk Haanstra (Aldegea SWF) – Siebe Walinga (Aldegea-SWF) 1-0, Hein de Vries (Ljouwert) – Taeke Kooistra (Hartwert) 0,5-0,5;
fyfde omloop: Wiersma – Van der Meer 1-0, M. Walinga – Groenveld 1-0, S. Walinga – De Vries 0,5-0,5, Kooistra – Haanstra 1-0.
Stân nei fiif wedstriden: Kooistra en M. Walinga 5-4;Wiersma 3,5; Haanstra 3; S. Walinga 3,5; Groenveld en De Vries 1,5; Van der Meer 0.

Twadde acht, fjirde omloop: Frans Kingma (Jorwert) – Tsjerk Wijbenga (Arum) 1-0, Bernard Kroon (Blauhús) – Pieter Hoogterp (De Gastmar) 0,5-0,5, Liuwe Westra (Lollum) – Bauke Dijkstra (Nijbeets) 0-1; fyfde omloop: Wijbenga – Kroon 1-0, Hoogterp – Kingma 1-0, W. Hoekstra (Aldegea-SWF) – Westra 0-1. Stân: Tsj. Wijbenga 4-3; Dijkstra en Hoogterp 4-2,5; Westra 4-2; Kingma 3-1; Kroon 3-1; Hoekstra 2-0.

Tredde acht, fjirde omloop: Hidde de Vries (Langsweagen) – Willem Schaap (Jirnsum) 0-1, Klaas Wiersma (Nijbeets) – Ype Boelens (Menaam) 1-0; fyfde omloop: Schaap – Fedde Wiersma (Easterein) 1-0, Boelens – Siebren Dyk (Jorwert) 1-0. Stân: Schaap 4-4; De Vries 3-2; F. Wiersma & K. Wiersma 3-1,5; Boelens 4-1; Dyk 3-0.

doorfriesdammen

Rubryk 3-3-2023

Foar de lêste omloop fan it Frysk kampioenskip  hie rekôrkampioen Taeke Kooistra fan Hartwert in goede kâns om syn njoggentsjinde(!) titel te heljen.  Mei fiif punten stie der in heal foar op Jelle Wiersma en in fol punt op Marten Walinga. Dy twa moasten tsjin elkoar en de striid gie lang lyk op. Oan de ein wikselen de kânsen, mei Wiersma by eintsjebeslút as winner. Kooistra siet doe noch tsjin Siebe Walinga. Mei kamp soe der lyk komme mei Wiersma.  En dan in barraazje om it kampioenskip. Sa fier soe it net komme. 

T.Kooistra – S.Walinga, De Gaastmar 11 febrewaris 2023, 7-e omloop PK  

1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17×37 4.41×32 16-21 5.26×17 12×41 6.46×37 11-16 7.36-31 8-12! Meastal folget 7. ..7-12 en mei de folgjende set stiet wyt ta dat swart oerdwers ôfruilje kin. 8.34-30 liket better. 8.31-27 18-22 9.27×18 19×17 10.37-31 3-8 11.42-37 9-14 Dan no mar 12.34-30 25×34 13.39×30 20-25 14.44-39 25×34 15.39×30 14-20 Efterstrike troch 30-25 kin fansels net om 17-22 16.50-44 20-25 17.44-39 25×34 18.39×30 15-20 Swart hollet wyt syn rjochterkant út. 19.30-24 20×29 20.33×24 10-15 Daalk 17-22 en 22-27 is noch better. Wyt letter troch 34-30 oanfalle. 20. ..21-27 is in prima alternatyf. 21.40-34 17-22! 22.47-42 22-27! Swart jout in hout wei. 

Mar kriget it gauw erom mei in stân as in dyk. Wylts wyt der minder goed op stiet. 23.31×22 16-21 24.22-17 7×47 25.48×46 21-26 26.49-44 6-11 27.44-40  Daalk 27.34-30 is better. Swart moat dan wol 13-19. Lykswols nimt swart net it skerpe 27. ..13-18 en dan 12-17 foar kar. 27. ..13-19 28.24×13 12×14 29.34-30  8-12 30.30-24 14×34 31.40×29 11-16  Wyt kin opbouwe troch 29-24 en letter 43-39 en 39-34. No folget in dryste set. 32.32-28!? 12-17 33.43-39 1-6 34.42-37  Wyt wol oerdwers ôfruilje troch 37-31 

Mei de forcing 34. ..26-31! 35.37×26 16×36 36.46×26 7-11 sil swart gau winne.  34. ..17-21? 35.39-34 15-20? Better is de oanfal troch 6-11 en 11-17 mei de grutte driging 37-31. Wyt kriget no wer spul. 36.34-30 20×40 37.35×44  Foarút slaan is hjir better. Nei 37.45×34 2-7 38.38-33 21-27 39.37×17 16×38 40.33×42 liket wyt noch wat spul te hawwen. 37. ..2-7 38.44-39 21-27 39.37×17 7×27 40.45-40 27-31 41.28-22 31-36 42.22-17 16×18 Wat oars? Der drige 36-31 en 26-21 mei trochbraak.  No hâldt de skiif op 46 twa swarten fêst. 43.38-32 6-11 44.39-34 18-22 45.32×12 11×13 46.40-35 13-19 47.29×9 4×13  Swart strykt it goed út. 48.35-30 13-19 49.30-25 5-10 50.34-30 10-14  

En wyt moat noch in hout jaan. 51.30-24 14×34 52.25-20 34-40 53.20×18 40-44 54.18-12 44-50 55.12-8 50-28 56.8-3 36-41 Wyt jout op. Nei 57.46×37 28×46 hellet swart in twadde daam mei winst. In daam helje op fjild 4 ferliest ek 54.18-13 44-49 55.13-9 49-32 56.9-3 32-10 Wyt net de line 4-36 besette litte. Dat is kamp. 57.3-12 36-41 etc. as 54. ..44-50 55.13-9 50-28 56.9-4 28-32 57.4-15 32-5 Wyt moat fan de line 4-36 en swart hat krekt noch ien set mei de daam. 58.15-33 36-41 etc. Soks betsjutte Wiersma syn tsiende kampioenskip.

In nij problemen fan Hiele Walinga 

Nû.21 sw. 2, 4, 6-9, 13, 35 wyt  16, 20, 24, 28, 29, 32, 41, 49  

Ut in partij, swart strykt 12-17 en ferliest, ynstjoerd troch Bauke Dijkstra. 

Nû.22 sw. 5-9, 12, 15, 16, 20, 25 wyt 26, 27, 34-36, 40, 41, 45, 47, 49 

Oplossingen noch net stjoere. 

Folkert Groenveld 

Riperwei 6 

8623 XH  Jutryp 

groenveldf@hotmail.com