Auteur archief friesdammen

doorfriesdammen

Kees hat syn earste puntsje binnen.

Moandeitejûn 24-10 sieten der trije Strikers te set oer in partij dy’t spile waard yn it kader fan de Fryslân Kup. De tsjinstnanners kamen efterienfolgjend út de Hommerts, Blauhûs en fan de Gaastmar. Al mei al wie der sadwaande wat mear flecht op ‘e koai as oars Foar Kees Castelein wie it in produktive jûn. Hy struts syn earste punt by-inoar.

Ien kear siet er dit jonge seisoen al hiel ticht by in puntsje. Hy stûn doe in houtsje foar tsjin Tineke. Doe ferlear er it lywols sleau. Syn houtsje foarsprong ferskiet er en hy kaam der doe ek noch ris beroerd op te stean. Moandeitejûn moast er it wer tsjin in frou opnimme: Hennie de Haan. Fan har hat er yn it ferline noch net faak wûn, mooglik noch nea. Hy damme sterk en liet him net sa mar fan streek bringe. Ek die er goeie deeglike setten. Hennie hie mooglik noch wat skerper strike kinnen, mar se soarge der mei foar dat Kees yn de einfaze tapakke koe en dat die er. Syn earste puntsje wie dêrmei binnen.

By de Fryslân-kuppers spilen Willem Schaap en Folkert Groenveld tsjin elkoar. De earste ronde. Dat dienen de oaren ek. De beide mannen dy ek wol faak de degens kruse op it ynternet en sa njonkenlytsen elkoar aardich goed kenne wat it damjen onbelanget, makken der no ek in yntressante partij fan. It gie moai lyk op en der wie net sa folle fan te sizzen oant it momint dat Folkert oan begûn te fallen troch de midden hinne. Hy striek sa mar twa houtsje nei it midden. En dat pakte goed út. Groenveld wûn en giet oer nei de twadde rûnte. Dicky van der Meer hie Marcel Altena lotte. Dat like ek in hiele moaie partij te wurden, mar dat waard it net. Marcel seach wat oer de kop en Dicky profitearre. De Blauhúster leit der dus út. Ferline jier troffen Sjouke Attema en Cor Kooistra elkoar ek yn de earste omloop. Ferline wûn Kooistra frij ienfâldich om ‘t Attema de teory net behearske en dêrtroch frij gau in houtsje efter rekke. Dit jier koe Sjouke him dus revansearje. Fan dat revâns nimmen kaam net sa folle terjochte. Hy ferfoel yn it selde spul as in jier lyn, kaam wer in houtsje efter en ferlear. Spitich foar de partij.

Utslaggen: Ype Boelens – Tineke Teigeler 1 – 0; Kees Castelein – Hennie de Haan 1 – 0; Jan Castelein – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Bauke Bos – Jelle Wiersma 0 – 1; Jelle Wiersma – Ype Boelens 1 – 0. Fryslân Kup: Folkert Groenveld – Willem Schaap 1 – 0; Dicky van der Meer – Marcel Altena 1 – 0; Sjouke Attema – Cor Kooistra 0 – 1.

(Tekst: C. Kooistra)

doorfriesdammen

Rubryk 28-10-2022

Marten Walinga sloech freed 21 oktober in dûbelslach. Mei de oerwinning fan it tweintichste kampioenskip fan Sânfurd, waard hy daalk ek de nije fluchdamkampioen. Yn sawn omlopen ferlear de wrâldkampioen noch wol ien kear, fan Frysk kampioen Jelle Wiersma. En dy kaam ek op seis punten nei kamp tsjin Taeke Kooistra en Folkert Groenveld. De barraazje tusken Wiersma en Walinga wie gau beslikke. De earste partij wie bysûnder mei folop kombinaasjes.

Sânfurd, 21 oktober 2022, fluchdamjen M.Walinga – J.Wiersma, 10 minuten 1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17*37 4.41*32 19-24 5.34*14 10*19 Dit is de saneamde Bildtse iepening. Yn it ferfolch is in ferskaat oan setten mooglik. Sa as 6.35-30 6.40-34 4-10 7.31-27 is ek goed. 7.44-40 11-17 Swart kin hjir ek 7. ..16-21 as 10-14 8.50-44 7-11 en hjir 8. ..19-24 In dryste set fan wyt. 9.46-41 is better. 9.32-27 17*37 10.47*27 1-7 11.27-22 11.27-21 jout minder dreech spul. 11. ..12*32 12.42*22 18*27 13.26*28 16-21 14.31-26 7-12 15.26*17 12*21 In gambyt; swart komt in hout foar mar stiet fêst yn de lange hoeke. Wyt moat ôfwachtsje om wer lyk te kommen. 16.28-22 21*23 17.38-32 11-16

Nei 18.36-31 is ferplichte foar swart 18. ..8-12 19.34-30 25×34 20.40×7 2×11 21.39-34 mei lykwicht. Der hie oars folge 18. ..2-7? 19.31-26 16×36 20.46×26 7-11 21.26-21 11×31 22.33-29! 31×24 23.34×12 8×17 24.35-30 25×34 25.44×2 18.48-42 16-21 19.36-31 21*41 20.46*37 8-12 10-14 kin no wol. As wyt nei daam giet troch 34-30 as 34-29, hellet swart in daam op fjild 48. Wyt kin no wer lyk komme nei 34-30. 21.37-31 12-18 Swart wint nei 21. .19-24! 22.34×14 10×19, driget 19-24


Wat moat wyt? 23.33-29 23×34 24.39×17 15-20! ferliest, lykas 23.35-30 25×34 24.39×17 23-29. Ek net goed is 23.33-28 23-29 24.28×17 15-20! 25.35×24 19×26. En prachtich slachwurk folget nei 23.40-34 19-24! 24.34×14 23-28 25.32×23 20-24! 26.14×34 15-20! 27.35×24 12-18 28.23×14 9×47 as 23.39-34 19-24! 24.34×14 23-28 25.32×23 20-24! 26.14×34 15-20! 27.35×24 12-18 28.23×14 9×47 22.31-26 10-14 Swart wint nei 22. ..23-29! 23.34×23 25-30 24.35×24 20×47 Wyt lit it lizze. Nei 23.34-29 komt hy twa foar. 23.34-30 25*34 24.39*28


Swart wint nei 24. ..23-29! 25.33×4 5-10! 26.4×20 10×50 24. ..13-18 25.33*4 18*47 26.43-39 47*46 en letter wint Wiersma mei twa dammen tsjin ien.

De problemen binne fan Stellinga-Baron.

Nû.5 sw. 11-14, 16, 20, 21, 23, 36, wyt 25, 32-34, 38, 42, 44, 47, 50


Nû.6 sw.10,11, 13, 16, 17, 19, 21, 26, 27, wyt 33-37, 44, 46, 48, 49

Oplossingen noch net stjoere.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

De dammers mei in rotgong troch de spullen hinne.

It bart net sa faak dat de Stadige Strikers earder klear binne as it sjongkoar ferline jier en no dit jier as it korps.. Beide ferienings hawwe in fêststelde eintiid: 10 oere. De dammers ha dat net, want de partijen dy’t sa’n jûn spile wurde en de damklok, bepale de eintiid. Ofrûne moandei wienen de fiif spultsjes dy’t spile waarden foar tsienen út. Mei oare wurden: de dammers giene mei in rotgong troch de spullen hinne.

Net dat der hiel min damme waard, mar dochs hiene de Strikers wol wat mear tiid nimme moatten om alle tûkelteammen en lopen yn de spullen te ûndersykjen. Sa fersinde ús b6este dammer, Jelle Wiersma, him en rekke tsjin Dicky van der Meer in houtsje efter. De lêste stûn der nei dat kadootsje ek noch izersterk op. Van der Meer joech de winst net mear út hannen. Kees Castelein die wat in sleauwe set troch in houtsje fan de daamline te skowen dat der net wei mocht. Bauke Bos sloech fuortendaliks ta.

Willem Schaap rekke in houtsje foar, mar Ype Boeles koe dat in pear streken letter wer rjocht breidzje. Wol hie dat fan gefolgen dat syn stân der foaral net better op wurden wie. Schaap koe dat moai útpuzzelje en wûn gau de partij. De beide froulju Hennie de Haan en Tineke Teigeler makken der in moaie partij fan. Healwei hie Hennie de bêste papieren en dat boude se moai út nei in fertsjinne winst.

Sa lang as de klup bestiet en dat wie yn septimber al 41 jier sitte Sjoerd Jan Bakker en Cor Kooistra al op dizze klup. Alle jierren ha se de degens krúst. Dit jier hoege se mar ien partij, omdat Kooistra ferline jier degradearre is nei de twadde klasse. Yn de partij wie it klasseferskil net te merkbiten. Beide mannen makken gjin flaters, sieten it langst, mar wienen likegoed om kertier foar tsienen ek al út, nei’t se der remize fan makke hienen.

Utslaggen: Tineke Teigeler – Hennie de Haan 0 – 1; Jelle Wiersma – Dicky van der Meer 0 – 1; Willem Schaap – Ype Boelens 1 – 0; Bauke Bos – Kees Castelein 1 – 0; Cor Kooistra – Sjoerd Jan Bakker ½ – ½

(Tekst: C. Kooistra)

doorfriesdammen

Rubryk 14-10-2022

De lêste jierren litte de Blauhúster dammers harren jilde. It earste achttal fan damklup ‘De Skyfkes’ hanthavene him kreas yn de kampioensklasse.  En de foaroanmannen Bernard Kroon en Marcel Altena striden fûleindich om in plak yn de ‘twadde acht’ by it PK.  Se einigen op in dield twadde plak yn de ‘tredde acht’. Altena hie yn it ûnderlinge treffen de winst foar it gripen en ferbarge syn kânsen yn de barraazje.  

B.Kroon – M.Altena, Skearnegoutum  26-2-2022, 5-e omloop tredde acht 

1.32-27 19-24  2.31-26 24-29  3.34×23 18×29  4.33×24 20×29  5.39×19 13×24  6.40-34 24-29  7.34×23 17-21  8.26×17 11×24  9.27-22 12×32  10.38×27 14-20 11.37-31 9-14  12.31-26 8-12  13.42-37 3-8  14.37-31 20-25 15.43-39?  

Altena wint in skiif 15. ..6-11!  16.26×17 12×32 17.31×33 24-30 18.35×24 14×23 mar sil dy letter wer ferspylje mei kamp. Tsjin Jorwerter Siebren Dyk kamen se yn in nijsgjirrich einspul.  Dyk hie fan beiden winne kind, mar de Blauhústers lutsen oan it langste ein. 

M.Altena – S.Dyk,  Skearnegoutum  26-2-2022, 4-e omloop tredde acht 

De stân nei 41. ..14-20 is tige werkenber foar it Frysk Spul. 

42.27-21 16×27 43.26×28 31×22 hie moatten 43. ..4-9 44.31-27 9-13 Ek swart mist de bêste: 20-24. 45.44-40 20-24 46.36-31 13-18    In moaie fariant is 46.27-21 7-11 47.28-23! 13×33 48.27-21 11-16 49.21-17 16×18 50.35-30! 24×44 51.45×12 mei kamp. 47.28×8 7×9 48.27-21 24-29? Sa is it gau út. Skiif 9 nei fjild 20 bringe jout noch spul. 

B.Kroon – S.Dyk, Aldegea-SWF  5-3-2022 7-e omloop tredde acht 

We komme yn it spul nei 25. …25-30 

Oanfalle op elkoars dûbele hoeke. 26. 42-37 30-35 27. 45×25 15×35  28. 37-31 10-15 29. 31-27 15-20  Wyt pakt no ek troch. 30.36-31 16×36 31.46×26 6-11? Alde damwiisheid: net strike yn de mindere hoeke. Boppedat kin wyt letter trochbrekke nei 32.27-21  32.47-41 4-10 33.49-44 1-6 34.27-21  11-16 35.41-36 16×27 36.31×22 20-24 Ek wyt nimt de wiisheid net yn acht.  37.44-39? (26-21 is prima) 24-30  38.50-45 30-34 39.39×30 35×24  40.22-17 24-30 41.17-12 30-34 42.12-8 34-39 43.8-2 39-43 44.26-21 43-49 44.36-31 is folle better. 45.21-17 49-16 46.17-12 16×46 47.2-30 10-14 48.30-43 46-19?  De kânsen wikselje wer. 49. …43-30 19×35 50.45×25 6-11  51.12-8 11-16 52.8-2 16-21 53.2-7??  En it is daalk út nei 53. ..21-27 54.7×10 5×14 55.25-20 14×25 Wylts 53.25-20! en 54.2-16 wint foar swart. 

Nû.1 sw.4, 8, 11, 18, 20, 28 wyt 34, 36-38, 40, 41, 50 

Nû.2 sw.2, 4, 11, 13, 35, 40 wyt 20, 22, 32, 37, 42, 44, 47 

Nû.3 sw. 2, 6, 9-11, 13, 15, 25 wyt 22, 27, 29, 35, 38, 43, 45 

Nû.4 sw. 2, 4, 7, 9, 12, 16, 31 wyt 19, 22, 29, 32, 35, 44, 45 

Twa nijsten binne fan Willem F. Bakker. 

Oplossingen stjoere foar 11 novimber. 

Folkert Groenveld 

Riperwei 6 

8623 XH  Jutryp 

groenveldf@hotmail.com 

doorfriesdammen

De iene damjûn is de oare net.

Damjen by de Stadige Strikers jout altiten wol wer bysûndere mominten. En somtiden riget it iene momint him fêst oan it oare. Sa’n momint hâldt dan eat bysûnders yn. Moandeitejûn 10 oktober like it wol dat der ien of oare goarre troch it sealtsje gong, wêrtroch guon dammers it oer krigen fan de ien op de oar. Yn dit gefal gie it dan om wat sleauwichheden. Oars is der ek wolris in misstreek of in misrekken, mar moandei folge de iene de oare op. Mar ja it is fansels sa: De iene damjûn is de oare net.

Trije dammers koenen noch net oanwêzich wêze. Nije wike hoopje de Strikers mei folle bak wer oan te trêdzjen. Mar no oer it damjen. Kees Castelein en Tineke wienen al út doe’t oaren noch mar krekt troch de iepening wienen. Kees hie him eefkes fersjoen. Ja dat kin gebeure! Hennie de Haan siet tsjin Cor Kooistra. De lêste ferlear foarich seizoen tsjin har en oan alles wie te merken dat hy wat rjochtsette woe. Dat slagge him aardich goed, want nei in healoere stie er in houtsje foar. Der kaam wer wat leven yn him en hy wie wakker oan it ferhaal wêrom at er tee dronk yn plak fan kofje. Tuskentroch die er ek in set. Hy sei letter:”Ik hie it houtsje setten en seach fuortendaliks de blunder!” Hennie joech mei in heakje twa en sloech der fiif ôf. No stûn de foarsitter yn plak fan ien foar twa efter! Hy hie ien gelok, want hy koe frij maklik troch rinne op de linkerflank. Hy pakte wer in hout werom en dêrnei hie Hennie eins neat mear yn te bringen.

Njonken dizze spilers siet Ype Boelens tsjinoer Dicky van der Meer. Se skoden in aardige partij, mar oan de ein fan it spul briek Dicky troch en koe sa in daam skowe. Ype hie noch trij houtstjes en dy hienen einliks neat yn te bringen. Dicky koe dus in daam skowe en dat die er ek. Hy sette ien fan de houtsjes op slach. Ype hie in frije en foar Dicky deadlike set. De lêste sloech it houtsje en Ype joech it deadlike houtsje en Dicky sloech mei syn daam it oare houtsje fan Ype streekrjocht yn de bek. En dy sei hap! Dan tink je de partij yn de bûse te hawwen en dan ferspylje him totaal ûnnedich!

De moaiste partij fan ‘e jûn waard spile troch Jelle Wiersma en Willem Schaap. In prachtige iepen partij mei allegearre driigjende slaggen en lopen. Mar alles waard troch de mannen sjoen. It einstântsje like tige kompleks en in hurdrinner hie faaks tocht dat Willem it mooglik ferlieze soe. Mar Willen seach wat Jelle ûntkommen wie. En de omsteanders seagen it ek net, wylst it efternei mar simpel wie. Sa giet it faker en wurde ienfâldige oplossings oer de kop sjoen.

Utslaggen: Ype Boelens – Dicky van der Meer 1 – 0; Tineke Teigeler – Kees Castelein 1 – 0; Willem Schaap – Jelle Wiersma 1 – 0; Cor Kooistra – Hennie de Haan 1 – 0; Bauke Boelens – Bauke Dykstra 0 – 1.

(Tekst: C. Kooistra)

doorfriesdammen

Bauke Bos brânt der fuortendaliks al yn!

De Stadige Strikers kamen moandeitejûn foar de twadde kear byelkoar. Ferline wike de lêste moaneitejûn fan septimber holden se in jierfergadering. Dêr waarden alle ditsjes en datsjes besprutsen dy ‘t mei it damjen te krijen hienen: de notulen, it jierferslach en de sinteraasje kamen oan bod. Mei de sinten siet it wol goed en de notulen en it jierfeslach sieten goed yn elkoar en waarden moai foarlêzen troch de skriuwer Bauke Bos.

Om noch mar efkes fierder te gean mei Bauke Bos, kinne wy jimme meidiele dat hy foar de earste keear yn de heechste klasse damme sil nei syn promoasje. Hy damme al mear as tritich jier yn de twadde groep en no dus op it heechste nivo. En wat die hy yn syn earste partij: brutaalwei winne tsjin Ype Boelens. Dêr wie neat op oan te merken! No binne de Strikers fansels tige benijd hoe’t er it fierders yn de kompetysje dwaan sil. Mar sa’t Bauke sels sei: “Ik haw yn elts gefal ien punt helle!”

Yn de twdde groep liet Jan Castelein ek eefkes syn tosken sjen. Hy spile hiel konsintrearre makke gjin rare flaters en kaam hieltiten sterker op it boerd te stean. Yn in trije om trije stân tsjin Hennie de Haan pakte er gedegen de winst. Dat soe syn soan Kees ek dwaan. Dy kaam mei moai spul in houtsje foar tsjin Tineke Teigeler. Dat like foar him op winst út te draaien. Hy stie der sa moai op as poes! Mar doe’t de stikjeskriuwer in hoart letter wer seach, wie der net folle mear oer fan syn moaie stân. Hy hie eefkes foar sinteklaas spile en sa Tineke de winst yn de skoat goaid.

Utslaggen: Bauke Bos – Ype Boelens ! – 0. Hennie de Haan – Jan Castelein 0 – 1.Willem Schaap – Bauke Dykstra 1 – 0. Cor Kooistra – Kees Castelein 1 – 0. Tineke Teigeler – Cor Kooistra 0 – 1. Kees Castelein – Tineke Teigelaar 0 – 1.

(Tekst: C. Kooistra)

doorfriesdammen

Rubryk 30-9-2022

Damklup O.K.K. (Oefening Kweekt Kracht) fan Jorwert hat it damjen wer moai op ‘e gleed. Fanút it eigen doarp binne der de lêste jierren wer leden by kaam. En by de kampioenskippen litte nije stjerren harren jilde. Lang moast it komme fan Kees Tijssen. Siebren Dyk en benammen Frâns Kingma slaan no op de trom. Kingma damde him al yn de ‘tredde acht’ en waard dêryn daalk kampioen. En dan dit jier mar trochsette nei de earste acht? De grutste konkurrinsje kaam fanút Blauhús. Bernard Kroon en Marcel Altena moasten tsjin de Jorwerter beiden belies jaan en seagen harren úteinlik op oardel punt fan de kampioen op it twadde plak.

F.Kingma – B.Kroon, earste omloop PK tredde acht, Lollum 19-2-22 1.32-27 20-25 2.27-22 17×28 3.33×22 18×27 4.31×22 12×32 5.38×27 14-20 6.34-30 25×34 7.39×30 11-17 8.43-39 19-24 9.30×19 13×24 10.39-34 20-25 11.34×14 9×20 12.27-22 17×28 13.35-30 25×34 14.40×27 20-25 15.37-31 25-30 16.31-26 10-14 17.42-37 14-20 18.37-31 20-25 19.48-43 3-9 20.43-39 9-14 Nei in foarsichtige iepening

strykt Kingma oer de midden. 21.39-33 30-35 22.33-29! 14-20 En set troch. 23.29-23! 7-11 Nei 24.41-37 wienen der meardere drigingen west. 24.23-18 8×28 25.27×29 2-7 26.31-27 7-12 27.41-37 12-17 28.27×7 11×2 29.37-31 20-24 30.29×20 15×24 30. ..25×14 is better. 31.31-27 24-30 32.46-41 5-10 33.41-37 10-15 34.37-31 2-7 35.45-40 7-11 36.40×20 15×24 36. …14×25 37.50-45? 4-9! 38.45×5 11-17 39.5×11 1×41 40.36-31 41×32 41.26-21 16×27 en swart wint

37.50-45 24-30 38.47-42 4-9 39.42-38 9-14 Hjir hie 39. …1-7 kind. Nei 26-21? folget 16-21 40.38-33 14-19 41.33-28 19-24 42.44-39 24-29 43.39×19 30-34 Der driget 34-40, x, 16-21 44.28-22 11-17 45.22×11 1×32 46.31×33 34×32 47.26-21 16×27 48.19-14 32-38 Wyt wol net 48.49-43 32-37! 49.36×38 35-40! 50.45×34 27-31 51.19-14 31-36 52.14-10 36-41 53.38-33 en swart kin gjin daam strike; winst foar wyt?

49.49-44 25-30! 50.45×34 38-42 51.14-10 42-47 52.44-40 27-32 53.10-5 47-33 wurdt kamp 49.14-10 38-42 50.49-43 42×44 51.45×43 35-40 Kingma makket dien wurk. 52.43-39 40×38 53.10-5 6-11 54.5×45 11-16 55.45-34 27-32 56.34×31 16-21

M.Altena – F.Kingma, tredde omloop PK tredde acht, Jorwert 22-2-22 We komme yn it spul nei 35. …19-23

Altena hellet út mei 36.22-17 16×18 37.40-34 30×39 38.35-30 20×40 39.50×8 4-9 40.8×10 15×4 En sil de partij ferlieze. 41.27-22 39-43 42.22-18 6-11 43.18-13 11×31 44.36×27 43-48 45.13-8 48-30 46.8-2 1×3 47.27-21 30-39 48.21-17 39×46 49.45-40 46-23 50.40-34 23×45 It hie oars rûn nei 37.21-17! 18×16 38.27-21 16×27 39.26×10 15-20 40.10×30 mei de folgjende stân.

41. …6-11 Nei 41. …39-43 folget 42.50-44 en sil wyt de daam mei ien hout fange. 42.30-25 11-16 43.45-40 39-43 44.50-44 43×34 45.35×33 en der sit wol kamp yn foar wyt.

De earste twa problemen foar de ledderwedstriid komme fan Hiele Walinga silger. Noch net stjoere.

Nû.1 sw.4, 8, 11, 18, 20, 28, wyt 34, 36-38, 40, 41, 50

Nû.2 sw.2, 4, 11, 13, 35, 40, wyt 20, 22, 32, 37, 42, 44

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Rubryk 13-5-2022

Freed 30 april wie te Blauhús de útsetter fan it damjier. Damklup ‘De Skyfkes’ hat no foar de seisde kear de Fryslân Kup organisearre. Yn dit knock-out bekertoernooi komme de matsjedoarennei fiif omlopen wol boppe driuwen. Jelle Wiersma en Siebe Walinga wûnenbeide twa kear op in rige en diz’kearpakte Taeke Kooistra de Kup op ‘e nij. De Hartwerter hie in drege reis mei fjouwer ‘earste achters’ op in rige: Folkert Groenveld, Jelle Wiersma, Marten Walinga en yn de finale moastklupgenoat Hein de Vries it belije.

Earst omtinken foar de heale-finale-partij fan Kooistra mei wyt tsjin Marten Walinga. Dat wie noch thús yn Hartwert.1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17*37 4.41*32 11-17 5.47-41 19-24 6.34*14 10*19 7.35-30 25*34 8.39*10 5*14 9.40-35 15-20 10.35-30 20*40 11.44*35 14-20 12.50-44 20-24 13.44-39 9-14 Goed spylber is 13. ..24-30 14.32-27 17*37 15.41*32 16-21 16.26*17 12*41 17.36*47 6-11 18.39-34 24*44 19.49*40 19-24 20.43-39 13-19 21.40-34 24*44 22.39*50 11-17Mei de driging 17-22 23.35-30 17-21En swart driget noch. 24.42-37 21-2625.33-29 19*39 26.38*40 14-19Moai opboud troch wyt. 27.30-24 19*30 28.40*20 8-13 29.45-40 18-22 30.32*14 4*15 31.40-35 3-9 32.48-43 2-8 33.43-39 9-14 34.39-34 8-13 Wyt wol net nei fjild 30, om de tebekruil fan swart nei de rún. 35.34-29 7-1136.37-32 driget mei 32-27

36. ..26-31 37.50-45 31×24 38.35-30 24×35 39.45×5 13-19 (de daam stiet fêst) 40.46-41 1-6 41.41-37 11-17 42.37-32 14-20 en swart fangt de daam mei kamp.36. ..14-20 37.35-30 20*40 38.50*30 11-17 Hjir ferbarget Kooistra de winst

Nei 39.46-41 (fansels net 1-7 om 29-23)39. ..13-18 40.41-37 1-7 41.32-27 26×28 42.29×27 7-12 43.27×7 12×1 44.30-24 as 39. ..17-21 40.41-37 13-18 41.47-41 1-6 42.32-27 26×28 43.29×16 6×26 30-24 silwyt winne. Der folge lykswols 39.32-27 26*28 40.29*7 1*12 41.46-41 13-1842.41-37 18-22 Mei kamp en nei twa kear pingelsjitten, soks betsjut it einspul FRYSK!, moast Walinga belies jaan.

Yn de finale lotte Kooistra wer wyt.1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17*37 4.41*32 11-17 5.47-41 7-11 6.41-37 1-7 7.31-27 17-21 8.26*17 11*31 9.37*26 16-21 10.26*17 18*16 11.32-27 19-24 12.34*14 10*19 13.40-34 4-10Better is 12-17 en 19-24 kin ek. En net 13. ..12-18? om 27-22, 45-40 en 33-2814.27-22 12*32 15.33*31 7-12 16.44-40 19-24 17.34*14 10*19 18.39-34 12-1719.31-26 2-7 Swart hat noch spul nei 19. ..8-12 en nei 3-8 kin de ôfruil troch17-21 en dan oen dy kant strike.

Nei 20.36-31! 16×27 21.34-30 25×34 22.40×29 19×37 23.42×4 5×3 bliuwt itlyk en hat swart wer spul.20.38-33 17-21 21.26*17 16*18 22.42-37 8-12 23.37-31 7-11 24.31-26 18-23? Wyt wint in hout, mar nei bygelyks 24. ..11-17 25.33-28 18×38 26.43×32 komt it foar swart ek net goed.25.33-29 19*30 26.35*04 5*3 Der waard noch efkes strutsen, mar it wie dien.

Dan de oplossingen fan de lêsteproblemen

Nû.25 1.29-23 2.31-27 3.46-41 4.40-34

Nû.26 1.28-32 2.29-24 3.30-25 4.25×1

Nû.27 1.43-38 2.34-30 3.39-34 4.30-25

Nû.28 1.20-15 2.46-41 3.26-21 4.21×5

Mei de einstân fan de ledderwedstriid

1. Joh. de Boer, Berkel&Rodenrijs (472)

2. A.de Schiffart, Wommels (418)

3. K.Wiersma, Nij Beets (316)

4. Tj.Smeding, It hearrenfean (297)

5. G.Tigchleaar, Ysbrechtum (293)

6. P.Looge, Tsjummearum (231)

7. G.IJkema, De Gaastmar (148)

8. Sj.Schilstra, Wommels (134)

9. S.van Steinvoren, Dronryp (115)

10. S.de Boer, Burdaar (104)

11. J.Wiersma, Wommels (72)

12. A.Zijlstra, Utert (68)

13. J.Schilstra, Boalsert (56)

14. F.Wiersma, Easterein (54)

15. Sj.T.Kooistra, Boalsert (48)

16. G.Harkema, Snits (44)

17. P.Sikma, Hartwert (14)

18. B.Kroon, Blauhús (12)

19.Sj.Couperis, Snits (10)

20. J.Reade, Manchester (8)

In goede simmer tawinske.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Taeke Kooistra wint de Fryslân Kup

Freed 29 april is de finale fan de Fryslân Kup 2021-2022 ferspile yn kluphûs SieSa te Blauhús. Yn de finale sieten de klupgenoaten Taeke Kooistra en Hein de Vries tsjin oer elkoar. De striid waard wûn troch Kooistra, der mei pakt hy de kup foar de twadde kear op rige.

Hein de Vries en Taeke Kooistra oan it begjin fan de striid.
Hjir wurdt djip neitocht troch Hein de Vries
De finalisten, mei Taeke as winner


doorfriesdammen

Rubryk 29-4-2022

Foar de Skearnegoutumer klup

‘De Stadige Strikers’ wie it 40-ste jierfan har bestean in poerbêst damjier. Mei grutte oermacht op ‘e nij klupkampioenfan Fryslân, harren kopman Jelle Wiersma op ‘e nij Frysk kampioen en in primeur foar Dicky van der Meer mei promoasje nei de ‘earste acht’. Hy helle it twadde plak yn de ‘twadde acht’ foarBauke Dijkstra, ek al fan de Strikers, dy’t yn in barraazje Willem Hoekstra en Liuwe Westra de baas wie. 

D.v.d.Meer – F.Groenveldearste omloop PK twaddeacht, Lollum 19-2-22

1.32-27 20-25 2.27-22 12×32 3.38×27 19-23 4.31-26 14-19 5.33-29 17-21 6.26×17 11×31 7.41×21 16×27 8.37×17 7.36×27 is skerper. 8. ..18×16 9.29×20 25×14 10.34-30 7-11 11.30-25 11-17 12.39-34 17-21 13.34-30 8-12 14.43-38 21-26 15.38-32 12-17 16.30-24 14×34 17.44×24 17-21 18.49-44 9-14 19.48-43 14×34 20.44×24 6-11 21.40-34 11-17 22.34-30 13-18 23.42-37 1-6 24.43-38 3-9 25.36-31 21×41 26.47×36 17-21 Earst 26. .. 9-14 wie better, lykas daalk26. ..18-22 27.24-20 15×24 28.30×17 21×12 29.38-33 12-17? 

Swart rint yn in blyn loopke. 30.32-27! 26×39 31.50-44 39×50 32.35-30 50×20 33.25×1 10-14 34.37-32 14-19 35.1-40 4-9 Nei 36.40-49 hie swart itwol hiel dreech krigen. 36.32-28 9-14 En driget 14-20 en 17-22. 37.40-18?

Swart wint nei 37. ..19-24 38.18-31 24-29 39.28×30 17-21 40.31×15 5×34 As 38.18-1 16-21 39.1×41 24-29 40.28×30 17-21 41.41×15 5×3437. ..19-23 38.18×4 5×3 39.28-23 3-9 40.45-40 9-14 41.40-34 14-20 42.34-29 17-22 43.23×21 16×27 44.36-31 27×36 45.46×26 6-11 46.29-23 11-17 47.23-18 17×19 48.26-21 mei kamp.

W.Hoekstra – D.v.d.Meertredde omloop PK twaddeacht, Jorwert, 22-2-22

1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17×37 4.41×32 12-17 5.47-41 7-12 6.32-27 17×37 7.41×32 12-17 8.33-28 17-21 9.26×17 11×33 10.43×23 20-24 11.34×14 10×26 12.36-31 26×37 Der wurdt ôfruile nei in rêstige, lykweardige posysje. 13.38×36 8-12 14.42-37 12-17 15.49-43 17-21 16.37-31 21×41 17.36×47 2-7 18.35-30 25×34 19.39×30 16-21 20.30-25 15×35 21.45×25 21-27 En op elkoars lange hoeke ta. 22.40-35 7-11 23.48-42 11-16 24.50-45 1-7 25.25-20 9-14 26.20×9 3×14 27.43-39 16-21 28.39-34 7-11 29.34-30 11-16 30.44-40 14-20 31.30×10 5×14 32.40-34 14-19 32.42-37 21-26 33.37×17 16×18 34.46-41 en wyt hat letter nei 41-37 swart yn ‘e skjirre 33.42-37 21-26 34.37×17 16×18 35.36-31 19-24 36.34×14 4rx24 rint op kamp út.35.34-30 18-23 18-22 hie moatten. Nei 36.46-41 wint wyt 36.30-25 19-24 

37.46-41 6-11 38.41-37 11-16 39.37-31 Wyt ferbarget syn lêste kâns op kamp. Swart kin daalk sa mar nei de daamrinne. 39.45-40 4-10 40.37-31 26×37 41.47×27 24-29 42.40-34 etc. en beide spilers sille mei in daam yn in lykweardich einspul komme.39. ..26×37 40.47×27 24-29 41.35-30 29-33 42.30-24 33-38 43.24×22 38-42 44.22-18 42-48 45.18-13 48-26 46.27-22 26-3 47.13-9 3×14 48.22-18 14-3 49.25-20 3×25 50.18-12 25-34 Swart makket it goed ôf.51.12-8 34-12 52.8×17 16×18

De lêste problemen foar de ledder

Nû.25 sw. 2, 4, 12, 15, 17, 20, 22 wyt 26, 29, 31, 39, 40, 46, 50

Nû.26 sw. 2, 4, 8, 10, 16, 26, 36 wyt 18, 28-30, 37, 38, 40

mei twa nijen fan Hiele Walinga.

Nû. 27 sw. 2, 6, 7, 9, 10, 18-20 wyt 16, 33-36, 39, 43, 49 

Nû. 28 sw. 2, 4, 5, 7, 17, 37 wyt 20, 23, 26, 34, 40, 46, 50 

Oplossingen stjoere foar 10 maaie.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com