Auteur archief friesdammen

doorfriesdammen

Marten Walinga noch oan kop by Frysk damjen

1 / 2
Marten Walinga noch oan kop by Frysk damjen


LOLLUM – Even liek it der sneon yn Lollum op dat it persoanlik kampioenskip yn it Frysk damjen al beslikke wie. Marten Walinga hie him tiisdeitejûn nei de tredde omloop allinnich oan kop set, en yn ‘e fjirde omloop wierre him ek alles mei. Sels wûn er fan syn broer Siebe. Dat wie foaral in kwestje fan stûf folhâlden; it wie al foar de twadde kear yn dit kampioenskip dat de Waaksenser in einspul fan elkmis in daam en in hout dochs winnend ôfsleat.

De konkurrinsje hie ûnderwilens al wer allegearre stekken falle litten, nota bene tsjin leger pleatste spilers. Jelle Wiersma kaam tsjin reade lantearnedrager Tsjerk Wijbenga net fierder as kamp, en Taeke Kooistra helle inselde resultaat tsjin Pieter Hoogterp. Henk Haanstra ferlear sels fan Hein de Vries. It kaam der op del dat Marten Walinga op dat stuit mar leafst oardel punt foarsprong hie op in peloton fan fiif, dat it mei it trochsneedtal fan 2 punten dwaan moast.
En dochs kaam alles wer op ‘e kop te stean. Miskien kaam it omdat nei de lange bruorrestriid by Walinga de wurgens tasloech, mar de grutske koprinder krige mar gjin fet op it spul fan Hein de Vries. De Ljouwerter stie oan syn rjochterkant op trochbrekken, en al hoe’t Walinga ek tsjinaksele, der wie gjin ferwin mear op.
En de konkurrinsje? Dy wist no dat de bûter jild jilde moast. Taeke Kooistra sette Tsjerk Wijbenga in prachtige daamslach foar de noas. Dy fan Jelle Wiersma tsjin Pieter Hoogterp wie noch moaier, ek al frege dat noch wol om sekuer fierder spyljen. It dreechste hie Henk Haanstra it, mar hy krige Siebe Walinga lang om let dochs op ‘e knibbels. Om koart te kriemen, Marten Walinga hat noch altyd in foarsprong, mar dy is sa minimaal dat foar itselde jild ien fan syn fjouwer efterfolgers oare wike yn Hartwert de kampioenskroan op ‘e holle sette kin.
Yn ‘e twadde acht wie it in grutte dei foar de pleatslike favoryt Liuwe Westra. Hy wûn twa kear, en naam dêrmei de kop oer fan Bernard Kroon, dy’t net fierder kaam as ien kampspul. Yn ‘e tredde acht bewize de beide feteranen Cor Kooistra en Kees Tijssen dat ûnderfining mooglike slytaazje fan ‘e grize sellen maklik kompinsearje kin. Se steane teminsten boppeoan, en hawwe grutte kâns dat se takom’ jier wer meidwaan meie yn ‘e twadde acht.
 
 
Utslaggen en stannen

Kampioensklasse, fjirde omloop: Tsjerk Wijbenga (Arum) – Jelle Wiersma (Wommels) 0,5-0,5; Pieter Hoogterp (De Gaastmar) – Taeke Kooistra (Hartwert) 0,5-0,5; Siebe Walinga (Aldegea-SWF) – Marten Walinga (Waaksens) 0-1; Hein de Vries (Ljouwert) – Henk Haanstra (Aldegea-SWF) 1-0.
Fiifde omloop: Wiersma – Hoogterp 1-0; Kooistra – Wijbenga 1-0; M. Walinga – De Vries 0-1; Haanstra – S. Walinga 1-0.
Stân: M. Walinga 3,5; De Vries, Wiersma, Kooistra en Haanstra 3; S. Walinga 2; Hoogterp 1,5; Wijbenga 1.

Fjirde omloop: Willem Schaap (Jirnsum) – Folkert Groenveld (Jutryp) 1-0; Fedde Wiersma (Easterein) – Dicky van der Meer (Terherne) 0-1; Liuwe Westra (Lollum) – Bauke Dykstra (De Tynje) 1-0; Bernard Kroon (Blauhús) – Frans Kingma (Jorwert) 0,5-0,5.
Fyfde omloop: Groenveld – Wiersma 1-0; Van der Meer – Schaap 0-1; Dykstra – Kroon 1-0; Kingma – Westra 0-1.
Stân: Westra 4; Schaap 3,5; Groenveld en Kroon 3; Van der Meer en Wiersma 2; Dykstra 1,5; Kingma 1.

Fjirde omloop: Cor Kooistra (Nijlân) – Willem Hoekstra (Aldegea-SWF) 0,5-0,5; Malte Schulz (Hamburg) – Hidde de Vries (Langsweagen) 0,5-0,5; Siebren Dyk (Jorwert) – Klaas Wiersma (Nijbeets) 0-1; Kees Tijssen (Reduzum) – Ype Boelens (Menaam) 1-0.
Fyfde omloop: Hoekstra – Schulz 0-1; De Vries – Kooistra 0-1; Wiersma – Tijssen 0-1; Boelens  – Dyk 0,5-0,5.


doorfriesdammen

Marten Walinga nimt kop by Frysk damjen

JORWERT – Fan ‘e fjouwer koprinders yn it persoanlik kampioenskip damjen Frysk spul bleau tiisdeitejûn oan ‘e ein fan ‘e tredde omloop mar ien oer. Marten Walinga wûn fan neiste konkurrint Taeke Kooistra, wylst de oare kânshawwers allegearre op remize stykjen bleaune.

Nei in lange oanrin mei in soad strategysk gesko sloech Walinga syn slach mei in moaie kombinaasje dêr’t er in daam mei helle. Dy stie ek fuorten-daliks sa geunstich dat er de oerbleaune trije skiven fan Kooistra yn ‘e stringen hâlde koe. Walinga syn broer Siebe kaam ûnderwilens tsjin de op papier swakkere Pieter Hoogterp net fierder as kamp. Hoogterp kaam der yndied minder op te stean, mar syn daam pakte úteinliks genôch fijanlike houtsjes.

In oare wichtige moeting, dy tusken Henk Haanstra en titelferdigener Jelle Wiersma, einige ek ûn beslist. Haanstra moast offerje om nei daam trochbrekke te kinnen, en skode úteinliks bekwaam nei remize. De fjirde wedstryd hie grif ek yn in lykspul einige as Hein de Vries mei in moaie finesse syn tsjinstanner Tsjerk Wijbenga net te pakken naam hie. Daam-slach giet yn it Fryske spul no ienris foar, en dat wie de Arumer even fergetten. De Vries is dêrmei fan it lêste plak ôf.

Spektakel wie der by de twadde acht. Koprinder Fedde Wiersma kaam mei in machtigen slach tsjin Liuwe Westra twa houtsjes foar. Mar dy helle syn gram troch in noch fernimstiger kombinaasje. De sa helle daam wie Wiersma dêrnei te machtich. Fan dy misstap profitearre Bernard Kroon. Troch in deeglike oerwinning op Willem Schaap hat de Blauhúster no ferrassend de kop oernaam.

Yn ‘e tredde acht rûn Cor Kooistra troch in remize tsjin de altyd deeglike Kees Tijssen syn earste skea op. Willem Hoekstra koe tanksij in oerwinning op reade lantearnedrager Ype Boelens sa op likense hichte komme. Kommende sneon wurdt it persoan kampioenskip fuortset yn Lollum.

Utslaggen en tuskenstannen
Kampioensklasse: Jelle Wiersma (Wommels) – Henk Haanstra (Aldegea-SWF) 0,5-0,5, Taeke Kooistra (Hartwert) – Marten Walinga (Waaksens) 0-1, Siebe Walinga (Aldegea-SWF) – Pieter Hoogterp (De Gaastmar) 0,5-0,5, Hein de Vries (Ljouwert) – Tsjerk Wijbenga (Arum) 1-0. Stân: M. Walinga 2,5; Haanstra en S. Walinga 2; Kooistra en Wiersma 1,5; Hoogterp en De Vries 1; Wijbenga 0,5.

Twadde acht: Folkert Groenveld (Jutryp) – Frans Kingma (Jorwert) 0,5-0,5, Dicky van der Meer (Terherne) – Bauke Dykstra (De Tynje) 1-0, Liuwe Westra (Lollum) – Fedde Wiersma (Easterein) 1- 0, Bernard Kroon (Blauhús) – Willem Schaap (Jirnsum) 1-0. Stân: Kroon 2,5; Groenveld, Westra en Wiersma 2; Schaap 1,5; Van der Meer 1; Dykstra en Kingma 0,5.

Tredde acht: Willem Hoekstra (Aldegea-SWF) – Ype Boelens (Menaam) 1-0, Hidde de Vries (Langsweagen) – Klaas Wiersma (Nijbeets) 0-1, Siebren Dyk (Jorwert) – Malte Schulz (Hamburg) 1-0, Kees Tijssen (Reduzum) – Cor Kooistra (Nijlân) 0,5-0,5. Stân: Hoekstra en Kooistra 2,5; Tijssen 2; Schulz 1,5; Dyk, De Vries en Wiersma 1; Boelens 0,5.

doorfriesdammen

In foutefestival yn it Swettehûs.

It gong moandeitejûn net sa sear oer de te spyljen partijen, mar mear oer de fouten en blunders , dy’t makke waarden op de persoanlike kampioenskippen. De earste en de twadde ronde waarden ôfrûne sneon spile yn it Swettehûs te Skearnegoutm. De fouten dy’t dêr makke binne, kamen wer werom op de buorden by de Strikers moandeitejûn. Opfallend wie dat dy blunders net allinne yn de leechste groep makke waarden, mar ek yn de kampioensklasse. It wie al mei al yn ien wurd in foutefestival.

Dêr hienen de spilers moandeitejûn net sa sear lêst fan. Dêr wie striid folop, hoewol’t der ek ien wie dy’t net damje woe, om’t er de oare jûns op ‘en nij spylje moast yn Jorwert, de tredde ronde fan it kampioenskip. Willem Schaap en Ype Boelens dearde dat net en gyngen  fuorten daliks de striid oan. Ype sloech de lange hoeke der út. Willem joech goed antwurd en doe’t Ype tocht dat er in moaie set dien hie, moast er konstatearje dat soks net sa wie en hy kaam efter: ien houtsje. Doe wie de partij spile!

Kees Castelein hie gjin lêst fan kampioenspartijen. Hy gong de striid oan mei syn heit. Dat die er net sa sachtsinnich. Hy raamde der fuort op yn en joech syn heit net mear de kâns om werom te kommen. It is fansels al wat om jins eigen heit sa te plak te setten. En hoe set sa’n oerwinning him fierders noch troch yn “huize” Castelein….

Tineke Teigeler hold it noch aardich lang út tsjin de man yn foarm: Sjoerd Jan Bakker. Mar oan de ein fan it middenspul liet Bakker wer eefkes sjen werom er al sa’n soad partijen wûn hat. Bauke Bos koe it net hâlde tsjin Dicky van der Meer en dat wie wol wat foar de hân lizzend, mar oan de oare kant hie Dicky him net fan de bêste kant sjen litten de sneons. As er it sa trochsette soe, dan hie Bauke mooglik in kânske. Spitich foar Bauke, mar moai foar Dicky, de lêste wûn.

Utslaggen: Jan Castelein – Kees Castelein 0 – 1;  Sjoerd Jan Bakker – Tineke Teigeler 1 – 0; Bauke Bos – Dicky van der Meer 0 – 1; Willem  Schaap – Ype Boelens 1 – 0.

CK

doorfriesdammen

Rubryk 26-1-2024

Moarn begjint it kampioenskip fan Fryslân. Twa dammers hawwe dizze ieu de titels ferparten: Taeke Kooistra en Jelle Wiersma. Kooistra is mei 19 titels rekôrhâlder, mar de lêste seis kearen wie it hieltiden Wiersma, dy’t de teller no op 10 stean hat. As kin Marten Walinga, dy’t yn 2000 syn ienige titel helle, foar in ferrassing soarchje? Wylst broer Siebe der in pear jier lyn ek hiel tichteby wie. En flak Henk Haanstra ek net út no’t hy mei de Grutmaster-winst yn Frjentsjer syn earste echt grutte priis pakt hat. Okkerdeis by it Klupkampioenskip sette Wiersma wol wer de toan, troch as earste-boerd-spiler fan Skearnegoutum alle trije spullen te winnen. De beide Walinga’s en ek Kooistra moasten bûge.

J.Wiersma – M.Walinga, Easterein 13-1-24, Klupkamp., 2-e omloop, 1-e boerd 


Nei 17. …2-7 longere swart op 31-27 fan wyt. Dizze set lei wol yn de reden. Dan hie swart úthelle en twa dammen krigen mei in prachtige kombinaasje. 18.31-27? 16-21!  19.27×16 19-24!  20.34×5  17-21  21.5×22 18×47  22.48×46 7-12 23.16×18 8×50  24.26×17 13-18 25.17×19 9×49 Wiersma fertroude 31-27 net, sûnder de kombinaasje te sjen en struts  18.34-30 

T.Kooistra – J.Wiersma, Easterein 13-1-24, Klupkamp., 1-e omloop, 1-e boerd 

1.32-27 19-24 2.31-26 20-25 3.37-31 17*37 4.41*32 11-17 5.34-30 25*34 6.40*20 14*25 7.35-30 25*34 8.33*35 15-20 9.32-27 17*37 10.47*27 7-11 Wyt makket terjochte dalliks romte. 11.27-22 18*27 12.31*22 12*32 13.38*27 11-17 14.27*7 2*11 15.42-37 8-12 16.37-31 12-17 Dizze matsjedoaren komme goed troch de iepening. 17.39-34 16-21! Wiersma makket spul. It deeglike 17. ..10-15 kin fansels ek. Wyt kin tichtstrike, mar kiest 18.43-38 21*41 19.46*37 1-7 20.37-31 9-14 21.44-39  Fansels net 21. ..20-24 om de plakker 26-21. Wyt wol tebek mei 34-30, dus 21. ..20-25 22.35*15 5*25 23.31-27 17*37 24.26-21 11*31 25.36*47 En hat Kooistra de rún wer op stâl. 25. ..13-19 26.38-32 7-11 27.39-33 19-24 28.32-27 24*44 29.45*43 25-30 30.47-41 11-16 Wyt moat op swart syn dûbele hoeke oan. Dat liket in dreech ferhaal. 31.48-42 14-20 32.41-37 20-25 33.37-32 10-15 34.43-39 4-9 35.32-28 liket net de bêste. Swart komt op fjild 45.  


35. .. 30-34 36.33*35 25*45 37.39-34 15-20 38.42-37 9-13 Hjir litte beide spilers stekken falle. 38.34-29 hie moatten. Swart pakt de kâns net. Nei 38. ..20-24 etc. kin swart sa trochrinne nei de dûbele hoeke fan wyt. 39.49-43 13-18 Wyt drige mei 27-21!, mar 3-9 wie better. It giet noch hieltiid lykop. 40.28*8 3*12 41.43-39 6-11 42.37-32 12-17 43.27*7 11*2 44.32-27 2-8  45.39-33 8-13 Swart lit no kamp lizze. 


46.33-29 13-18 47.29-23 18×40 48.50×10 as 46. ..20-25 47.27-22! 16-21 48.29-24! 25×23 49.22×24 en soe wyt noch winnen kinne. In daam op 5 en in hout op 25, mei swart net nei 15 mei de daam te kearen om 5-19! 46.33-28? 13-19 47.28-22 20-25 Wyt komt oan en moat in skiif jaan. 48.22-17 16*18 49.27-21 19-23 50.21-16 23-28 51.16-11 28-32 52.11-7 32-37 53.7-1  Kooistra hellet noch al in daam en wint it hout werom. 53. ..18-23 54.1*29 37-41 Mar it swarte hout op 45 is in net te nimmen behindering. 55.29-1 41-47 56.1-6 47-42 57.50-44 45*43 Kooistra gie troch de klok. Soks betsjutte it ienige punt foar de Skearnegoutumer Stadige Strikers tsjin Hartwert. Dy klup soe ek de oare twa omlopen winne en sa oertsjûchjend Klupkampioen wurde. 

Twa problemen fan Willem F. Bakker 


Nû.17 sw. 2, 4, 10, 11, 13, 17, 26 wyt 20, 28, 29, 38, 41, 47, 50 

Nû.18 sw. 2, 4, 7, 8, 13-15, 25 wyt 17, 22, 28, 29, 36, 38, 39, 41, 49 

Oplossingen noch net stjoere. 

Folkert Groenveld 

Riperwei 6 

8623 XH  Jutryp 

groenveldf@hotmail.com 

doorfriesdammen

By kampioenschap Frysk damjen leit alles noch iepen

SKEARNEGOUTUM – By de earste twa omlopen fan it persoanlik kampioenskip yn it damjen Frysk spul kaam net ien der ôfrûne sneon yn ‘e kampioensklasse sûnder skawankje ôf. De grutste misstap die regearjend kampioen Jelle Wiersma. Tsjin Siebe Walinga kaam er frij ienfâldich in skiif yn ‘t efter, en doe joech er de Aldegeaster ek fuortdaliks mar de hân. Walinga moast dêrnei efter it boerd tsjin in oare favoryt, njoggentjinfâldich kampioen Taeke Kooistra. Nei in ûnoersichtlike pot waard it kamp, al wiisde it omsteand laach der nei ôfrin al op dat Kooistra de winst sitte litten hat.

​In tredde favoryt, Marten Walinga fan Waaksens, liet tsjin Tsjerk Wijbenga ek al in stek falle. De Arumer hie it dreech, mar koe him likegoed út ‘e swierrichheden knokke, mei in remize as poerbêst resultaat. Hast hie Walinga tsjin Pieter Hoogterp noch mear skea oprûn, mar in lykweardich einspul mei elkmis in daam en in hout koe er dochs noch yn syn foardiel omsette. De Gaastmarder helle oars yn ‘e earste omloop tsjin outsider Henk Haanstra wol in knappe remize. Doe’t alle reekwolken oplutsen wiene, die bliken dat mar leafst de helte fan ‘e dielnimmers himmei oardel punt koprinder neame mei: njonken de bruorren Walinga hearre dêr ek Kooistra en Haanstra ta.

​By de twadde acht is it opfallend dat de promovearre Fedde Wiersma as iennichste noch sûnder averij is. Dat jildt yn ‘e tredde acht ek foar Cor Kooistra. Opfallend wiene dêr de prestaasjes fan ‘e Dútser Malte Schulz. De Hamburger, dy’t troch it ynternet de smaak fan it Frysk damjen te pakken krige hat (“nijsgjirriger as skaken”), nimt mei oardel punt in dield twadde plak yn.

Utslaggen en tuskenstannen

Kampioensklasse, earste omloop: Siebe Walinga (Aldegea-SWF) – Jelle Wiersma (Wommels) 1-0, Hein de Vries (Ljouwert) – Taeke Kooistra (Hartwert) 0-1, Tsjerk Wijbenga (Arum) – Marten Walinga (Waaksens) 0,5-0,5, Pieter Hoogterp (De Gaastmar) – Henk Haanstra (Aldegea-SWF) 0,5-0,5;

Twadde omloop: Wiersma – De Vries 1-0, Kooistra – S. Walinga 0,5-0,5, M. Walinga – Hoogterp 1-0,  Haanstra – Wijbenga 1-0.

Tuskenstân: Haanstra, Kooistra, M. en S. Walinga 2-1,5; Wiersma 2-1; Hoogterp en Wijbenga 2-0,5; De Vries 2-0.

Twadde acht, earste omloop: Liuwe Westra (Lollum) – Folkert Groenveld (Jutryp) 0-1, Bernard Kroon (Blauhús) – Dicky van der Meer (Terherne) 1-0, Willem Schaap (Jirnsum) – Bauke Dykstra (De Tynje) 0,5-0,5, Fedde Wiersma (Easterein) – Frans Kingma (Jorwert) 1-0;

Twadde omloop: Groenveld – Kroon 0,5-0,5, Van der Meer – Westra 0-1, Dykstra – Wiersma 0-1,  Kingma – Schaap 0-1.

Tuskenstân: Wiersma 2-2; Groenveld, Kroon en Schaap 2-1,5; Westra 2-1; Dykstra 2-0,5; Kingma en Van der Meer 2-0.

Tredde acht, earste omloop: Siebren Dyk (Jorwert) – Willem Hoekstra (Aldegea-SWF) 0-1, Kees Tijssen (Reduzum) – Hidde de Vries (Langsweagen)1-0, Cor Kooistra (Nijlân) – Klaas Wiersma (Nijbeets) 1-0, Malte Schulz (Hamburg) – Ype Boelens (Menaam) 0,5-0,5;

Twadde omloop: Hoekstra – Tijssen 0,5-0,5, De Vries – Dyk 1-0, Wiersma – Schulz 0-1, Boelens – Kooistra 0-1.

Tuskenstân: Kooistra 2-2; Hoekstra, Schulz & Tijssen 2-1,5; De Vries 2-1; Boelens 2-0,5; Dyk en Wiersma 2-0.

doorfriesdammen

In gesellige jûn mar net sa’n soad echte yngewikkelde partijen.

De Stadige Strikers soenen graach in blyk mei dammers iepenje, mar ja dat giet sa mar net. Ferline jier sieten wy wol gauris mei sykte en dat is dit jier net oars. Boppedat hat fansels it wurk ek faak foarrang op it damjen. En dat is folkomen te begripen: moai dat men wurk hat. Mar it is wol ris sa dat as men gjin wurk hat it damjen der by guon better op wurdt. Sa’n foarbyld rint der ek om by de Strikers. Al mei al wie it wol in gesellige damjûn. Mei mar ien partij,  dêr’t it oant de lêste set der om gie.

Dat wie de partij tusken Ype Boelens en Sjoerd Jan Bakker. Der waard yn dat spul sterk skood. Sjoerd Jan mei swart sloech yn de iepening de lange hoeke der út by wyt. Dat binne de Strikers wol fan him wend. Dus siet Bakker fuortendaliks al yn syn faforite spul. Hy krige ek al gau in houtsje op fjild 36. Dat koe Ype fuortendaliks rjochtsette, mar Bakker bleau oanfallen. Ja hy is de man dy’t net mear wurket en hieltiten better begjint te damjen. Op it lêst hie er it wer perfekt foarinoar troch op de set ôf te winnen.

Der waard ien partij foar de Fryslân Kup ferspile. Willem Schaap ûntfong klupgenoat Dicky van der Meer.  Foar de lêste gyng it yn it begjin al ferkeard en kaam doe in houtsje efter. Dy foarsprong joech Willem net mear út hannen en hy sit no yn de heale finale.

Utslaggen: Bauke Bos – Jelle Wiersma 0 – 1; Ype Boelens – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Jelle Wiersma – Kees Castelein 1 – 0; Cor Kooistra – Jan Castelein 1 – 0;  FK Willem Schaap – Dicky van der Meer 1 -0.

(Tekst: CK)

doorfriesdammen

Fan degradant dochs noch nei it tredde plak.

Ofrûne sneon wienen de Stadige Strikers der al hieldal  op ynsteld dat se nei ûnderen gean soenen. Se stienen doe op dat stuit mei 4 – 3 efter en it like der net op dat de partij dy’t noch siet in hiele punt op leverje soe. In healtsje dat wol, mar dat wie net genôch. Grut wie dan ek de ûntlading doe’t ús dammer nei in fout fan de tsjinstanner noch de hele punt der út sleepte. Moandeitejûn waard der yn in hiele lytse groep noch oer nei praten: fan degradant nei it tredde plak.

Ja somtiden dan geane partijen oars as men ferwachtet. Dat wie foaral sa yn de partij tusken Sjoerd Jan Bakker en Cor Kooistra. De lêste iepene wol hiel oars as gewoanwei, mar dêr kaam er goed út. Allinnich hat er nei dy iepening tocht dat de gefaren geweken wienen. Hy seach dan ek hielendal neat fan de bedoelingen fan Bakker. Dy hie der in moai klassyk loopke yn breide en dêr rûn de foarsitter mei iepen eagen yn. De stân wie doe noch gelyk, mar de partij wie ferlern.

Ype Boelens joech Jan Castelein damles. Hy die dat nei’t er foar kommen wie en de partij yn syn foardiel beslist hie. Bauke Bos kaam yn de partij tsjin Willem Schaap yn de iepening al in houtsje efter en dan witte jo it wol. Willem siet tagelyk ek tsjin Kees Castelein te damjen. Kees krige krekt as syn heit ek damles. It wie al in aardichheid hoe’t dy Casteleinen de foefkes en trúkjes har eigen besochten te meitsjen.

Utslaggen: Ype Boelens – Jan Castelein 1 – 0; Cor Kooistra – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Willem Schaap – Bauke Bos 1 – 0; Willem Schaap – Kees Castelein 1 – 0.

(Tekst: CK)

doorfriesdammen

Hartwert klupkampioen Frysk damjen

De klupkampioenskippen fan it Dambûn Frysk Spul krigen in tradysjonele winner. Lykas sa faak wie Hartwert wer de sterkste, en dat wie dit jier ek knap oertsjûgjend, want de trije wedstriden waarden allegearre wûn. De earste, tsjin Skearnegoutum, sels ferpletterjend, mei 7-1. No moat al sein wurde dat De Stadige Strikers twa gefallen fan sykte yn ‘e ploech hiene, en dy moasten oanfolle wurde mei dammers fan dochs wat mindere kwaliteit.

Dêrfoaroer wie Hartwert dit jier op folle oarlochsterkte, en dat die ek wol bliken yn ‘e twadde omloop, want in oerwinning mei 6-2 op it renomearre Aldegea mei der ek wêze. Hoewol, de Aldegeasters ha wol better tiden kind. Yn ‘e lêste omloop kamen se tsjin Skearnegoutum net fierder as 4-4, en dat betsjutte degradaasje. De Hartwerters gongen ûnderwilens fol betrouwen de lêste omloop yn. In lykspul tsjin regearjend kampioen Lollum wie genôch, want de Lollumers hiene yn ‘e twadde omloop mei in lykspul tsjin Skearnegoutum dochs wol in stek falle litten. Tsjin Hartwert ha se eins ek nea echt in kâns hân. It einspul tusken Marten Walinga en de Hartwerter Taeke Kooistra eage foar de omstanners dan wol wakkere spektakulêr, mar beslissend foar it kampioenskip wie it al net mear. Walinga ferlear oars, en dêrmei waard de einstân 5-3 foar Hartwert.

It útlitten achttal fan kampioen Hartwert (foto S. Dyk)

Sa krige it ferrassende klupkampioenskip fan 2023 no foar de Lollumers gjin ferfolch. Likegoed is in twadde plak ek knap. Lollum fiert de lêste jierren in aktyf belied om leden bûten de provinsje te winnen, en dat docht ridlik fertuten, al liek it twadde boerd foar de Brabanner Ties Slagter dan wer wol wat al te ambysjeus, want de man ferlear alles. Mar de oardel punt op it tredde boerd foar de Uterter Fries om utens Auke Zijlstra koene der op troch, en dat gau al hielendal foar de treddeheal punt dy’t Malte Schulz wer mei weromnaam nei Hamburg.

De ploegen yn ‘e twadde en tredde klasse spilen allegearre in kear tsjininoar. Blauhús wûn de twadde klasse, en dêrmei komt it nei ien jier wer werom op it heechste plan. De oerwinning mei mar leafst 7-1 op neiste konkurrint Hartwert II wie dêrfoar ek dúdlik genôch, mar likegoed moasten de Blauhústers de promoasje noch bewurkmasterje op buordpunten, want se kamen tsjin De Gaastmar en Jorwert net fierder as in lykspul. Dy útslach wie foar de Jorwerters tagelyk wer krekt genôch om de kampioenstsjelke fan ‘e tredde klasse mei nei hûs te nimmen.

Utslaggen en einstannen
Kampioensklasse: Lollum – Aldegea 5-3, Hartwert – Skearnegoutum 7-1; Skearnegoutum – Lollum 4-4, Aldegea – Hartwert 2-6; Hartwert – Lollum 5-3, Aldegea – Skearnegoutum 4-4.
Einstân (mei tusken heakjes it tal buordpunten): 1. Hartwert 3 (18); 2. Lollum 1,5 (12); 3. Skearnegoutum 1 (9); Aldegea 0,5 (9).

Twadde en tredde klasse: De Gaastmar – Lollum II 7,5-0,5, Jorwert – Blauhús 4-4, Aldegea II – Hartwert II 2,5-5,5; Hartwert II – De Gaastmar 5-3, Jorwert – Aldegea II 4-4, Lollum II – Blauhús 0-8; Blauhús – Hartwert II 7-1, De Gaastmar – Aldegea II 6-2, Lollum II – Jorwert 1- 7; Blauhús – De Gaastmar 4-4, Hartwert II – Jorwert 5-3, Aldegea II – Lollum II 7-1; Hartwert II – Lollum II 6,5-1,5, De Gaastmar – Jorwert 5,5-2,5, Blauhús – Aldegea II 7-1.
Einstân twadde klasse: 1. Blauhús 4 (30); 2. Hartwert II 4 (23); 3. De Gaastmar 3,5 (22). Einstân tredde klasse: 1. Jorwert 2 (20,5); 2. Aldega II 1,5 (16,5); Lollum II 0 (4).

(Tekst: S. Dyk)

doorfriesdammen

Rubryk 12-1-2024

Tusken alle Fryske matsjedoaren wie Grinslanner Frederik Bos by it NK te Drachten in nije stjêr. En doe’t hy yn de fiifde omloop fan wrâldkampioen Marten Walinga wûn like der in sensaasje oan te kommen. Mei noch twa omlopen te gean tsjin Jelle Wiersma en Taeke Kooistra te gean siet in eareplak der yn. Mear misskyn noch wol. Mar soks betearde oars mei twa kear in ferlies en swile Kooistra de titel op.

F.Bos – M.Walinga, NK Drachten, 5-e omloop, 21-12-2023

1.32-27 20-25 2.27-22 17×28 3.33×22 18×27 4.31×22 12×32 5.38×27 19-24 6.34-30 25×34 7.39×19 13×24 8.37-31 14-20 9.31-26 20-25 10.42-37 9-14 11.37-31 14-20 12.41-37 10-14 13.43-38 14-19 14.37-32 8-13 15.27-21 16×27 16.32×21 24-30 17.35×24 19×30 18.46-41 30-35 De wytspiler is goed troch de iepening kommen. Foar nije dammers jout soks faaks tûkelteammen. Bos hat in protte traind op lidraughts. 19.21-16 13-19 Swart ferbrekt de symmetry 20.38-32 19-24 21.41-37 24-30 22.31-27 5-10 Wyt hie better 22.32-27, lykas it swarte antwurd 3-8. 23.37-31 10-14 24.27-21 14-19 25.32-27 3-8 Mei 25. ..19-24 de symmetry herstelle is better. Wyt hat foardiel. 26.48-43 4-9 27.43-39 8-12 28.27-22 12×32 29.31×33 11×31 30.36×27 7-12

De stân is dreech troch te sjen. Goed foar wyt is 31.27-21 en ek swart hat better mei 19-24. 31.33-28 2-7 32.27-21 19-24 33.28-23 24×22 34.21×23 6-11 35.47-41 9-14 Nei de ôfruil hâlde de twa skiven op 16 en 26 der trije fan swart fêst.

36.23-18 12×23 37.40-34 35×33 38.39×10 15×4 39.44-40 4-10 40.40-35 10-15 41.35×24 25×23 42.41-37 20-24 Wyt wol de swarte opbou nei fjild 29 keare. Dan soe der ôfruile wurde kinne troch 11-17. 43.45-40 24-30 44.40×20 15×24 45.50-44? In set dy’t yn de reden leit. Mar swart de kâns op kamp jout. 45.37-31 hie moatten.

45…24-29! (46.44-39? 11-17! 47.39×28 17-22 etc.) 46.37-31 11-17 47.16×18 23×12 (48.44-39? 12-17 etc.) 48.26-21 29-33 (49.49-43? 7-11 en 12-17) 49.44-39 33×44 50.49×40 12-17 51.21×12 etc. 45. ..24-30? 46.44-39 30-35 47.49-44 1-6 48.37-32 23-28 49.32×23 11-17 50.16×18 7-11 51.18-13 11-16 52.26-21 16×27 53.13-9 27-31 54.9-3 35-40 55.44×35 31-37 Wyt kin swart fan de daam hâlde en wint. 56.3-26 37-41 57.26-37 41×32

De problemen fan Stellinga-Baron

Nû. 13 sw. 1, 9, 14, 15, 17, 18, 27 wyt 29, 33, 34, 36, 37, 43, 45

Nû. 14 sw. 2, 4, 8, 10, 16, 26, 36 wyt 18, 28-30, 37, 38, 40

Nû 15 sw. 4, 12, 18, 19, 36 wyt 20, 30, 38, 41, 49

Nû 16 sw. 7, 24, 25, 31, 36 wyt 16, 32, 33, 40, 47

Oplossingen stjoere foar 27 jannewaris.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Oan de ein fan de fûke fangt men de fisk.


It damjen Frysk Spul is ûnder mear sa moai en yntressant, om’t faak de slach slein wurdt yn it einspul. De toppers ûnder de dammers kinne faak op de set útrekkenje hoe’t se winne kinne en wat de farianten binne. Dy fariaasjes binne der faak noch folle mear as dat men  as hurddraver sa op it earste each besjocht. De toppers kinne rekkenje oant de lêste set ta. Moandeitejûn de earste klupjûn yn it nije jier stie wer yn it teken fan de siswize: Oan de ein fan de fûke fangt men de fisk.

Om mei de partij te begjinnen wêr ‘t dizze siswize foar jilde, moat men witte dat de topper fan de klup, Jelle Wiersma, dizze wize wurden him hielendal eigen makke hat.Hy moast it opnimme tsjin good-old Sjoerd Jan Bakker yn it ferline ferskate kearen kampioen fan de klup en al 65 jier lang foar Wurdum en Skearnegoutum meidie oan de klupkampioenskippen. Dan kin men fan tinken wol ha dar der in aardich protsje ûnderfining en erfaring yn sa’n man wennet. Hy damme moai lyk op mei de topper. En it wie echt net in ôfruilspultsje. Nee Bakker doarde wol te striken en gie al gau it boerd oer, neat gjin kantsje strikerij. Dat de lêzer dy’t der in bytsje ferstân fan hat, kin wol begripe dat der in hiele moaie stân op it boerd kaam te stean. De einfaze kaam sa’n bytsje yn sicht en doe tekene it ferlies him al in bytsje ôf. Jelle hie it wer moai foarelkoar. Hy beneamde neierhân ek de farianten, moai om ta sjen. Hy keas wol de goeie fuortsetting en Bakker koe noch wat tsjin spartelje mar dat joech neat mear: oan de ein fan de fûke fangt men de fisk.

Der waard ek in partij ferdamme yn it kader fan de Fryslân Kup de twadde ronde. Dat gyng tusken Dicky van der Meer en Hein de Vries fan damklup Hartwert. Beide mannen hienen elkoar al ferskate kearen troffen op it damboerd. It begûn al mei ir NK yn Drachten en op de freonskiplike striid tsjin Hartwert sieten de mannen ek tsjin oer elkoar. Doe wûn Hein. No wie der wer in nije kâns foar Dicky om ta te slaan. No dat taslaan foel wol wat ôf. De mannen holden elkoaraardich yn lykwicht. It like dat de Vries der dochs wat sterker útkaam. Hy hie in hiel foarlik hout dat er krigen hie troch in rjochte slach nei foaren en dat like in sterke set. Mar nei in pear streken krige er yn de gaten dat dat sterke hout feroare yn in swakke skeakel. Dicky koe dêrfan moai gebrûk meitsje en sette Hein sa mar ûnder druk. Hein keas foar de bêste oplossing en de partij like op kamp út te draaien. Van der Meer hie in daam en in houtsje en De Vries in daam. Dat houtsje woe de iene der troch ha en de oare woe dat foarkomme. Soks komt krekt. Men hoecht mar ien ferkeard streekje te dwaan en men is de pisang. Hein makke dat foutsje en ferlear. Dicky is in ronde fierder en moat dan tsjin Willem Schaap.

Utslaggen:Jelle Wiersma – Sjoerd Jan Bakker 1 – 0; Willem Schaap – Jan Castelein 1 – 0; Tineke Teigeller – Bauke Bos 0 – 1; Cor Kooistra – Ype Boelens 1 – 0; FK: Hein de Vries – Dicky van der Meer 0 – 1;

CK