Hjir is de lotting fan de twadde ronde fan de Fryslankup.
Siebe Walinga – Winaar Hein de Vries – Tjerk Wybinga.
Marten Walinga – Klaas Wiersma.
Leo Altena – Siebren Dyk.
Epke Bootsma – Dicky v/d Meer.
Teake Kooistra – Pieter Hoogterp.
Cor Kooistra – Bauke Dykstra.
Marcel Altena – Folkert Groenveld.
Herman t/v Scheltinga had steand nr.
De lotting foar de tredde ronde is op freed 27 december yn Blauhus.
De toto kin ynlevere wurde oant snein 8 december bij Jappie de Jong.
Juster is it kampioenskip Frysk Damjen foar basisskoallen by Hotel Duhoux te Wurdum wûn troch it Italjaanske team fan de skoalle Istituto Scolastico Eugenia Martinet út Aosta. Twadde wie de Sint Gregorius-skoalle út Blauhús.
Yn de twadde klasse wie de oerwinning foar it tredde team fan Mienskipsskoalle De Legeaën út Sibrandabuorren. Dat team promovearret sadwaande nei de earste groep.
De bêste yndividúele spiler wie Adrea Peirano út Aosta. Hy wûn alle sân spullen. Dat wie in unikum yn de skiednis fan it toernoai: oars moasten der om it earste plak altiten beslissingswedstriden spile wurde, mar dit wie in oerwinning mei oermacht. Foar de earste 20 spilers wiene der prizen.
Hjirûnder steane de útslaggen per team en per spiler.
Groep I
1. Eugenia Martinet Valle Aosta 5,6 pt
2. St. Gregorius Blauwhuis 4 pt.
3. It Fûnemint Wommels 3,8 pt
4. De Legeaën Sibrandabuorren 3,6 pt.
5. St. Maarten Bolsward 3 pt.
Groep II
1. De Legeaën III Sibrandabuorren 3,87 pt.
2. De Legeaën II Sibrandabuorren 3,5 pt.
3. It Fûnemint II Wommels 3,38 pt.
4. De Steven Franeker 3,13 pt.
5. It Fûnemint III Wommels 2 pt
1 Andrea Peirano, Eugenia Martinet 7
2 Lorenzo Schifino, Eugenia Martinet 5.5
3 Adelina Bulat, Eugenia Martinet 5.5
4 Teije Stor, St. Maarten 5
5 Watze Anne Postma, It Funemint 2 5
6 Marco Gemma, Eugenia Martinet 5
7 Marco Giacosa, St Martinet 5
8 Willem Kroon, St. Gregorius 5
9 Martsen Van Der Goot, De Legeaën 1 5
10 Ruben Buma, De Legeaën 2 4.5
11 Doutzen Twijnstra, De Legeaën 3 4
12 Marcus Kroon, St. Gregorius 4
13 Jelte Hoekstra, De Legeaën 2 4
14 Ytzen Hoekstra, De Legeaën 3 4
15 Jorrit Frankena, St. Gregorius 4
16 Rens Bos, It Funemint 2 4
17 Hiske Bos, It Funemint 1 4
18 Jitze Draaisma, De Steven 4
19 Maarten Koopman, It Funemint 1 4
20 Bart Bijstra, De Legeaën 3 4
21 Rients Huitema, De Legeaën 3 3.5
22 Louise Hoekstra, De Steven 3.5
23 Gerrit Kramer, De Legeaën 1 3.5
24 Hedzer Prinsen, St. Maarten 3
25 Lars Salverda, De Steven 3
26 Lute Talsma, It Funemint 3 3
27 Jelmer Bijma, De Legeaën 2 3
28 Jurre Jansen, St. Gregorius 3
29 Klaske Gaastra, It Funemint 1 3
30 Sander Kramer, De Legeaën 2 3
31 Anne Rikst Bakker, De Legeaën 1 3
32 Milan Wispelwey, De Legeaën 1 3
33 Wytze Krikke, De Legeaën 2 3
34 Ruurd van Althuis, St. Maarten 3
35 Elisah de Boer, It Funemint 2 2.5
36 Femke Dijkstra, It Funemint 1 2.5
37 Corne Ebbendorf, It Funemint 2 2
38 Teun Wisman, It Funemint 3 2
39 Ids Delea, It Funemint 3 2
40 Kimberly Engbrenghof, De Steven 2
41 Jurre Spijksma, St. Maarten 2
42 Lieuwe van Der Kamp, St. Maarten 2
43 Julia Dijkstra, It Funemint 3 1
Tekst: Liuwe Westra
De utslaggen fan de eerste ronde foar de Fryslankup .
Liuwe Westra – Leo Altena 0 – 1
Marten Walinga – Jurjen Frankena 1 – 0
Bauke Bos – Klaas Wiersma 0 – 1
Frans Kingma – Teake Kooistra 0 – 1
Fedde Wiersma – Siebe Walinga 0 – 1
Tjerk Wijbinga – Hein de Vries N.n.g.
Sjouke Attema – Pieter Hoogterp 0 – 1
Herman T/w/v scheltinga – Sietse de Jong 1 – 0
Siebren Dyk – Bernard Kroon 1 – 0
Cor Kooistra – Rein Jan Walinga 1 – 0
Manfred de Wolff – Folkert Groenveld 0 – 1
Gert Jan Kamp – Dicky van der Meer 0 – 1
Bauke Dykstra – Piet Sikma 1 – 0
Epke Bootsma – Johannes Hoekstra 1 – 0
Marcel Altena – Jappie de Jong 1 – 0
De loting foar de twadde ronde is op freed 29 november yn Jorwerd.
De measte dammers kamen moandeitejûn op ’e proppen. Lykwols slagge it trije fan ús dammers net om oanwêzich te wêzen. Der sieten dus alve dammers klear om harren potsje te striken. Doe fertelde Bauke Dykstra dat Piet Sikma ek noch komme soe om tsjin him foar de Fryslân Kup te spyljen. Dat kaam dus prachtich út. Elk koe no damje sûnder dat der ien bygelyks twa spullen tagelyk dwaan moast. Willem Schaap wie ek wer werom nei twa wiken. En hoe!
De partij tusken good old Sjoerd Jan Bakker en Willem Schaap wie it oansjen mear as wurdich. No moatte alle dammers har fansels tige op har eigen partij rjochtsje, mar it is foar guon ek de muoite wurdich om ris efkes fan siden te kypjen en de buorman yn de gaten te hâlden. Dy buorman wie foar in oantal fan de Strikers Willem en elk wit wol as dy achter it boerd sit, dan bart der wat. Hy doart te striken en is gjin houtsjeferweider sa as wijlen Germ Terpstra sizze soe. Willem besocht mei dat spul Bakker syn solide opbou te ûntregeljen. No wurdt Bakker dêr, sa liket it, kâld noch waarm fan. Hy giet gewoan fierder mei syn eigen spul en lit him net fan de wize bringe. Op in bepaald stuit moast Willem kieze: ôfruilje en dêrtroch in moaie stân oerhâlde of trochgean mei it riskante spekulative spul. Hy keas foar it earste. Helle dêrnei ten koste fan in houtsje as earste in daam. Dochs wie dat net de winstfariant, nee mear as kamp siet der net yn. Dat kaam fansels ek troch it sterke ferdigenjen fan Bakker.
Utslaggen: Sjoerd Jan Bakker – Willem Schaap ½ – ½; Dicky van der Meer – Cor Kooistra 0 – 1; Ype Boelens – Jan Castelein 1 – 0; Kees Castelein – Bauke Bos 0 – 1; Hester Boelens – Tineke Teigeler 0 – 1; Fryslân Kup: Bauke Dykstra – Piet Sikma 1 – 0.
Op moandei 18 novimber gie it persoanlike kampioenskip yn de tredde acht los. It dambûn Frysk Spul wurket mei trije achttallen as it om de persoanlike kampioenskippen giet: de kampioensklasse, de reserve acht en de tredde acht. Dy tredde acht spile de earste omloop yn It Swettehûs yn Skearnegoutum. Om op jûn te spyljen is in noviteit. Dat ferrûn fierders allegearre prima. De útslaggen fan de earste rûnte wiene:
Ype Boelens – Liuwe Westra 0-1
Piet Sikma – Fedde Wiersma 0-1
Bernard Kroon – Siebren Dyk 0-1
Marcel Altena – Dicky van der Meer 0-1.
Dus alle swart-spilers wisten de partij te winnen. By de earste 3 partijen kaam de witspiler yn it middenspul in skiif efter en wie de striid dan ek ridlik gau beslikke. De partij tusken Marcel en Dicky duorre wat langer, mar doe t Marcel by acht om acht in foute set die, wie dy partij ek direkt út. Bernard ferlear eins twa kear, om t hy en Siebren ôfpraat hiene dat de partij ek mei telde foar de Fryslan Kup.
De twadde rûnte fan it persoanlike kampioenskip yn de tredde acht is op tongersdei 28 novimber yn de Gaastmar.
Al wit hoe lang damt Kees Tijssen mei yn de top fan it Frysk damjen. Mei in grutte kennis fan de iepeningen strykt hyflot op. Dat is him grif goed útkommenby de lêste kampioenskippen. Doe waard der foar it earst neffens Fischer-tiid spile. Dat wol sizze trije kertier foar de partij mei 90 tellen de set. Yn nochal wat omlopen kaam it amper oan itmiddenspul ta. Tijssen wûn sa fjouwerkear en noch twa kear yn in langer spul:
in dúdlike promoasje nei de earste acht.
Tsjin Sjoerd Jan Bakker (wyt) gie it sa
1.32-27 19-24 2.33-29 24×33 3.34×32 17-21 4.39-33 12-17 5.44-39 7-12 betteris 5.28-23 6.27×7 21-27 7.37×19 13×24 8.7×18 8×26 Wyt stiet der al minder op en komt ek noch in hout efter. 9.50-44?26-31 10.36×27 24-30 11.35×24 14×21
It fergie Folkert Groenveld mei swartnoch minder 1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17×37 4.41×32 16-21 5.26×17 12×41 6.46×37 11-16 7.36-31 7-12 8.31-27 16-21 9.27×16 6×26 10.32-28 19-24 11.34×14 10×19 12.40-34 4-10
13.28-22 12×41 14.47×16 8-12 Oantsafier bekinde iepeningstéory. 15.33-28 2-8?? Mei de klapper 16.45-40 25×45 17.28-23 13×35 18.42-37 45×34 19.44×2
Nei 15. …25-30! 16.34×23 18×27 17.39-33 2-8 wie der foar swart neat loos west.
Al earder wûn Tijssen fan Willem Schaap dy’t ek net goed iepene.
1. 32-27 19-24 2. 31-26 20-25 3. 37-31 17×37 4. 41×32 14-20 5. 34×14 10×19 6. 35-30 25×34 7. 39×10 5×14 8. 31-27 15-20 9. 27-21 11×31 10. 26×37 16-21 11. 40-35 7-11 12. 33-29 19×39 13. 38×40 11-16 14. 35-30 20-25 14….13-19 en tebek ôfruilje. 15. 44-39 25×34 16. 39×30 1-7 17. 40-35 21-26 18. 50-44 14-19 18. …18-22 is better. 19. 44-40 9-14 20. 32-28 18×38 21. 37×39 4-10 22. 43-38 12-17 23. 36-31 26×37 24. 38×36 17-21 25. 49-44 7-12 Oant twa kear ta litswart de ôfruil troch 19-24 sitte.
26. 30-25 21-26 27. 39-34 19-24
No moat in skiif offere wurde, der driget34-29. 28. 25×23 13×33 29. 34×32 12-17 30. 35-30 2-7 31. 40-35 14-19 32. 42-37 17-21
Hjir hie Tijssen de partij daalk útmeitsjekind troch 33.46-41!! 26×46 en de plakker 24.37-31 46×20 25.31×2!
Twa nije problemen fan Hiele Walinga
Nû.9 sw. 4, 8, 9, 12, 21, 27, 36
wyt 15, 19, 20, 38, 39, 42-44
Nû.10 sw. 4, 7, 8, 10, 11, 16, 18, 41
wyt 20, 27, 30, 32, 36, 38, 40, 47
Oplossingen noch net stjoere.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
Elkenien fan dejingen dy’t it damjen Frysk spul tige genegen is, wit, dat Bauke de Boer tige fertroud is mei dit spul. It die him dan ek tige sear om mei te dielen dat er it fysyk net mear risse koe om op de klup te kommen. Hy kaam fuortendaliks ek mei in oplossing: hy stelde út om de partijen by him thús te spyljen. Foar kofje of tee mei der wat by soe er foar soargje. Syn earste thúswedstriid hat er wûn.
De klup wie it der unanym oer iens dat soks altiten barre moast. It bestjoer hie ien betingst: op de klupjûn leaver net of it soe sa útkomme moatte. By in ûneven oantal dammers bygelyks. De Stadige Strikers ha de leden wol nedich. Al in in oantal jûnen wienen der troch ferskate redenen te folle weibliuwers. Mar goed wy wienen it der dus oer iens dat wy op it fersyk fan De Boer, ús nestor, snein is er 97 jier wurden en like lang lid is as de klup âld is, posityf yn gean moasten.
Hennie de Haan soe as earste de striid oan gean. No en in striid soe it wurde. De nestoer liet him net sa mar ferkatse, dat kin men fan tinken wol ha. Hoewol’t syn fysyk gestel minder wurdt, syn geast is noch as dy fan in jongkeardel. Ferline jier koe er alle titels fan de boeken dy’t er op ’e mulo foar it eksamen lêze moast, noch sûnder mankearen opsizze. En sa is it ek mei it damjen. Net dat it in man is mei in hiele koerfol oan teoryen. Nee dat net, mar is er earst troch de iepening hinne, dan dammet er noch ûnferstelber sterk.
No wie Hennie de Haan fansels wol op de hichte fan De Boer syn damkapasiteiten. En sy wist ek dat hy it meastal fan har wûn hie. No wie it foar De Boer ek noch in thúswedstriid. No om it mar gau te ferklappen: it wie in prachtige en spannende partij. De leden fan de klup krigen op What’s App in foto fan de einstân trochstjoerd. Doe wist elk wol dat it der spannend om ta gie. Uteinlik koe Hennie it net bolwurkje en koe De Boer syn earste puntsje op de kalender sette.
Utslaggen: Hennie de Haan – Bauke de Boer 0 – 1; Hester Boelens – Jan Castelein ½ – ½; Kees Castelein – Tineke Teigeler 0 – 1; Bauke Bos – Ype Boelens 0 – 1; Bauke Dykstra – Sjoerd Jan Bakker ½ – ½; Cor Kooistra – Sjoerd Huitema 1 – 0.
Yn neifolging fan it súkses fan de Blauhúster Fryslân Kupdocht it dambûn no hiel foarsichtich in proef mei it spyljen fan ’e kampioenskippen yn de tredde acht útsmard oer it seizoen: yn novimber begjinne, en de finale gelyk mei de kampioensklasse en de twadde acht op sneon 15 febrewaris2020.
Yn de foaromlopen hawwe fjouwer dammers spile foar twaplakken yn de tredde acht: de Blauhústers Marcel Altena, Jappie de Jong en Bernard Kroon en Klaas Wiersma fan de damklup út Hartwert.
De trije foaromlopen binne spile op moandei 21 oktober ynHartwert, op freed 1 novimber yn Blauhûs en op moandei 11 novimber yn Aldegea (SWF). De útslach wie dúdlik: Bernard Kroon 3 punten, Marcel Altena 2, Jappie de Jong 1 en Klaas Wiersma 0 punten.
Bernard en Marcel sille dus meidwaan oan it kampioenskip ynde tredde acht. De earste rûnte is op moandei 18 novimber ynSkearnegoutum. De partijen binne fanôf 19:30 oere ek live te folgjen fia ynternet. www.friesdammen.nl as https://toernooibase.kndb.nl/
It wedstriidskema en de útslaggen binne ek te finen op https://toernooibase.kndb.nl/
It wie moandeitejûn in gesellige en sportive drokte yn it Swettehûs te Skearnegoutum. Der sieten net allinne de fertroude gesichten fan de Stadige Strikers harren boppekeamer te pinigjen. Ut tal fan plakken stapten dammers de dam-arena fan de Strikers binnen. Allegearre mei mar ien doel: besykje om de tsjinstanner te ferslaan.
Sa sieten der acht man fan de tredde acht (it dambûn Frysk Spul wurket mei trije achttallen as it om de persoanlike kampioenskippen giet: de kampioensklasse, de reserve acht en de tredde acht). Dy tredde acht spile moandeitejûn de earste omloop. Om op jûn te spyljen is in noviteit.Dat ferrûn fierders allegearre prima. ( It spiet de stikjeskriuwer suver al dat er ferline jier nei de twadde acht promovearre is). Oer it fierdere ferrin en de útslaggen kin men earne oars wol terjochte.
Der waarden fjouwer partijen foar Fryslân Kup ferdamme. Bauke Bos wist de brijwein fan Klaas Wiersma net fan it boerd te reagjen en ferlear de partij. Cor Kooistra en Rein Jan Walinga spilen in hiele moaie partij. Der siet fan alles yn, mar net ien fan beiden gyng yn de fout. Kooistra seach kâns om earder op de daamline te kommen troch in houtsje te offerjen. Hy hie it aardich yn ‘t kopke: it koe net mear misse. Sûnder fierder te tinken sette er in pear houtsjes op slach, wylst der efternei in folle bettere en deadliker set west hie. Mar ja as je dat dan yn de kop ha…. Stom fansels. Rein Jan hat der ek lang oer neitocht mar seach gjin mooglikheden mear en joech de hân. Doe hearde men de omstanners: “Rein Jan jonge hiest itwinne kinnen”.Dat wie ek sa. Rein jan en Cor ha der beide miskien net goed fan sliepe kinnen: de earste net omdat er it net seach en de twadde net om’t er him sels ferwiet dat er net earst even fatsoenlik nei tocht hie foar’t er de set skode.
Sjoerd Jan Bakker wûn foar de kompetysje fan Jelle Wiersma. De lêste is op ‘t heden wat oan it ekspearimintearjen sa liket it wol. In pear wike lyn waard hjir skreaun dat Wiersma lêst hie fan in ferstânsferbjustering. Dat kin elk wol ris oerkomme, mar wy hoege net te tinken dat Jelle út foarm is of sa. Hy as kampioen fan Sânfurd spilet as it der op oan komt sa mar wer de stjerren fan de loft. Wy wolle fansels de prestaasjes fan Sjoerd Jan bakker net lytsachtsje, nee it is krekt oarsom. Hy hat dizze kompetysje noch net ferlern. Dat seit dus genôch!
Utslaggen: Hennie de Haan – Hester Boelens 1 – 0; Sjoerd Jan Bakker – Jelle Wiersma 1 – 0; Tineke Teigeler – Bauke Dykstra 0 – 1; Fryslân Kup: Klaas Wiersma – Bauke Bos 1 – 0; Cor Kooistra – Rein Jan Walinga 1 – 0; Jurjen Falkena – Marten Walinga 0 – 1; Bernard Kroon – Sybren Dyk 0 – 1.
Wat joech Sjoerd Huitema partij oan Willem Schaap. It wie foar alle omsitters in genot om nei te sjen. Bauke Dykstra spile ek in meunstereftige partij tsjin jelle Wiersma. Dy twa spullen soargen yn elts gefal foar striid. Dat koe men fan de rest fan de partijen eins net sizze.
It begûn al aardich nei de ein te rinnen en Sjoerd Huitema hold net allinne goed stân tsjin Willem Schaap, nee hy like der sterker út te kommen. No moat men Willem altiten yn de smizen hâlde, want dy kin altiten moaie loopkes yn syn spul breidzje. Dêr wie er no ek wer wakker mei dwaande. Foar Sjoerd wie it saak om de kop der by te hâlden. Dat er de kop der net by hie, kin men net sizze. Lykwols fleach er dochs noch op kop en earen yn Willem syn falle: In klasyk einspulloopke! Sneu foar de Snitser, hy hie mear fertsjinne, mar foar Willem dochs noch in fol punt en dêr hie er eins net mear op rekkene.
Bauke Dykstra komt alle moandeitejûnen út Nij Beets om hjir syn keunsten te fertoanen. Hy besit in enoarme iepeningsteory. Dat betsjut dat er eins nea yn in iepening in partij ferliest of in ferkearde streek docht. Fouten makket er ek wol, mar dy komme dan altiten oan de ein fan in spul. Hy moast it opnimme tsjin Jelle Wiersma. Dy siet tagelyk tsjin Bauke Bos te damjen. Dat wûn er al frij gau en dêrnei koe er him hielendal talizze op it spul tsjin Dykstra. Dy stie der yntusken prima op. Jelle iepene de grutte trukedoaze om der noch winst út te heljen. Bauke trape dêr net yn mar gie streekrjocht troch sa as er it yn de plasse hie. Dat levere him de winst op.
Utslaggen: Jan Castelein Hennie de Haan 0 – 1; Cor Kooistra – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Dicky van der Meer – Ype Boelens 1 – 0; Sjoerd Huitema – Willem Schaap 0 – 1; Jelle Wiersma – Bauke Bos 1 – 0; Jelle Wiersma – Bauke Dykstra 0 – 1.