Op basis fan de resultaten fan de earste dei waarden de spilers yndield neffens it Switsersk systeem. Wedstriden Marten Walinga tsjin Teake Kooistra en Jelle Wiersma tsjin Lukasz Kosobudki ûnthjitten nijsgjirrich te wurden. De jongere spilers stiene dizze omloop ek tsjinoer inoar. Sa krigen we al in glim te sjen fan it damspul fan de takomst!
De earste partij dy’t ôfwurke waard wie Folkert Groenveld tsjin Aleksej Domčev. In koarte partij wie gau beslikke yn 9 setten, doe ‘t Folkert Groenveld mei 43 x 3 nei daam kombinearje koe. Doe’t er seach dat it net slagge om de wolf te fangen, joech Domčev it oer.
Nei syn ferlies tsjin Ties Slagter in dei earder, koe Dicky van der Meer in sterke partij spylje tsjin Porter Richardson, wêrby ‘t hy hast konstant foardiel hie. Nettsjinsteande inkelde flaters yn it einspul wie Van der Meer te sterk foar Richardson.
De partij fan Malte Schulz tsjin Siward Walinga wie foar it grutste part fan de partij lykweardich. Ien swakke set fan Walinga liet lykwols de balâns trochslaan yn it foardiel fan Schulz, dy ‘t de partij ôfmakke mei in saneamde ferkeapersoanfal.
Jelle Wiersma tsjin Kosobudski wie in tige komplisearre striid. It slagge Wiersma lykwols om Kosobudki yn in swakke posysje te twingen. Op in stuit wiene der gjin goede setten mear foar him, en Wiersma beslikke de partij mei in moaie kombinaasje.
Fedde Kramer tsjin Willem Schaap wie lange tiid in close match, mar nei in flater fan Kramer wie de partij ynienen foarby. De iennige partij dy ‘t kamp opsmiet wie Hein de Vries tsjin Ties Slagter, nei in lange partij mei likense kânsen barde der de hiele partij neat opmerkliks.
De partij tusken de twa grutmasters Teake Kooistra en Marten Walinga is ek sa ‘n partij dêr ‘t fan alles barre kin. Nei ‘t Kooistra stadichoan yn it foardiel kaam joech er it yn ien set allegearre wei. Walinga stinde net lang op de goede setten om, en Kooistra joech it rillegau op.
Ta beslút boude Petra Duková fan it middenspul ôf aardich wat druk op Auke Zijlstra op. Zijlstra fûn lykwols hieltyd in set dy ‘t spile wurde koe en sa seach se, yn tiidneed, har foardiel stadichoan ferdwinen. By einsluten wist Zijlstra de rollen om te draaien en de partij te winnen.
Utslaggen omloop 2
Marten Walinga – Kooistra 1-0
Wiersma – Kosobudzki 1-0
Kramer – Schaap 0-1
Slagter – De Vries kamp
Groenveld – Domčev 1-0
Zijlstra – Dušková 0-1
Richardson – van der Meer 0-1
Siward Walinga – Schulz 0-1
De tredde omloop waard 30 minuten nei it skoft spile, dat dúdlik te fenrimmen wie . Hjoed wie de earste dei mei twa omlopen. Dat frege in soad enerzjy fan de spilers nei in swiere earste wedstriid.
Marten Walinga, dy ‘t in tige swiere wedstriid hie tsjin Teake Kooistra, waard yn in hoeke drukt troch Willem Schaap. Nei Schaap foardiel jûn te hawwen yn de iepening, ferlear Walinga in stik yn it middenspul. Pas hielendal oan de ein fan de partij, yn in slim yngewikkeld einspul, hie Walinga in kâns om te winnen, mar ûnder tiidsdruk ferlear er de partij.
Porter Richardson bedarre yn in wûne stelling tsjin Aleksej Domčev, mar liet syn oerwinning tsjin de ein slûpe. De wedstriid einige yn kamp. Malte Schulz siet yn dizze omloop tsjin Lukasz Kosobudzki en spile hiel goed yn de earste helte fan de wedstriid. Mar nei in flater koe Kosobudzki in moaie kombinaasje útfiere en sa de wedstriid winne.
De wedstriid tusken Teake Kooistra en Fedde Kramer wie bot yn lykwicht. Neffens Scan hie Kramer op in gegeven momint winne kinnen, mar de wei nei de oerwinning wie tige dreech te finen en de wedstriid einige yn kamp.
Siward Walinga die it bêst yn syn partij tsjin Petra Dusková, mar woe krekt wat te graach yn it einspul. Syn direkte oanfal op twa stikken fan Dusková koen et lije en de Tsjechyske wûn.
Ties Slagter hie yn Jelle Wiersma in lestige tsjinstanner. Hy makke amper flaters en wist yn it einspul in winnende stelling op te bouwen. Hy miste lykwols in krúsjaal detail en liet Wiersma mei remize ûntkomme.
Nei in lange partij einigen Dicky van der Meer en Folkert Groenveld ek yn kamp, omdat Van der Meer lykas Slageer in krúsjaal motyf yn it einspul miste.
Krekt it tsjinoerstelde barde yn de partij tusken Hein de Vries en Auke Zijlstra. De partij like kamp te wurden, mar De Vries wist yn de lêste mominten fan de partij de oerwinning te gripen.
Uitslagen ronde 3
Schaap – Marten Walinga 1-0
Slagter – Wiersma kamp
Van der Meer – Groenveld kamp
Kosobudski – Schulz 1-0
Kramer – Kooistra kamp
Domčev – Richardson kamp
Dušková – Siward Walinga 1-0
Hein de Vries – Auke Zijlstra 1-0
Stân nei omloop 3
Willem Schaap 3 pt.
Jelle Wiersma 2,5 pt.
Ties Slagter, Marten Walinga, Hein de Vries, Folkert Groenveld, Łukasz Kosobudzki 2 pt.
Fedde Kramer, Taeke Kooistra, Dicky van der Meer 1,5 pt.
Auke Zijlstra, Malte Schulz, Petra Dušková 1 pt.
Aleksej Domčev, Porter Richardson 0,5 pt.
Siward Walinga 0 pt.
Loting omloop 4
Jelle Wiersma – Willem Schaap
Marten Walinga – Ties Slagter
Folkert Groenveld – Łukasz Kosobudzki
Fedde Kramer – Hein de Vries
Taeke Kooistra – Dicky van der Meer
Malte schulz – Petra Dušková
Auke Zijlstra – Aleksej Domčev
Porter Richardson – Siward Walinga
Tekst troch: Stifting WFD
By de start fan it tredde WK Frysk damjen yn Harns binne der fansels in soad weromkommende nammen, mar ek in soad nije. Sy hawwe harren weardich bewiisd op toernoaien yn oanrin nei it WK. Dizze spilers meitsje diel út fan in groep fan 16 dielnimmers dy’t 7 omlopen spylje sille neffens it Switsersk systeem. Nei dy 7 omlopen spilet de top 4 in finale oant der úteinlik ien oerbliuwt.
De earste omloop wie op sneon 16 augustus. De spilers waarden wolkom hjitten mei in taspraak troch wethâlder Hendrik Sijtsma, dy’t dêrnei de earste set die. Spyljend yn de prachtige havenstêd Harns fochten de dielnimmers 4 oeren lang dapper foar harren oerwinningen. En mei in soad nije gesichten binne der de kommende twa wiken noch mear nijsgjirrige partijen te ferwachtsjen.
Ien fan dy nije gesichten is de 18 – jierrige Siward Walinga, soan fan Marten Walinga, dy ‘t him kwalifisearre op ien fan de online toernoaien en it spul de ôfrûne jierren yntinsyf bestudearre hat. Hy fersloech sterke spilers as Folkert Groenveld om him te kwalifisearjen. Hy kaam yn syn partij tsjin Willem Schaap mei in licht foardiel út de iepening, mar joech dat op de 13de set wer wei. Dêirnei koe Schaap syn stelling stadichoan slope. Doe ‘t dy ien kear in daam helle hie, wie de partij rap ôfrûn.
In oare nijkommer, de Dútser Malte Schulz, dy ‘t him kwalifisearre yn in online toernoai, die ek in dappere poging, mar it joech him neat tsjin Grinslanner Fedde Kramer dy ‘t him in sterke spiler toand hat by it Fryslân Open. Fedde spile in flaterleaze partij tsjin Malte, dêr ‘t er in lyts foardiel stadich mar wis yn útboude ta winst.
Ties Slagter út Den Bosch is in spiler dy ‘t meardere kearen te gast west hat yn op it Fryslân Open yn Frjentsjer en, noch wichtiger, online. Nei in drege partij tsjin Dikky van der Meer waard der úteinlik in flater makke troch Dicky van der Meer. Ties wifke net, wat Dikky de partij koste.
De Poal Lukaz Kosobudzki docht dit jier foar it earst mei oan it Frysk damspul en kwalifisearre him by it Fryslân Iepen. Syn partij tsjin nijkommer Porter Richardson wie lykweardich oant blunders fan beide kanten úteinlik de winst oan Kosobudzki joegen.
Aleksej Domčev, dy ‘t bekend stiet om syn Nederlânske damprestaasjes, hat him de ôfrûne jierren talein op it Fryske damjen en docht al 7 jier geregeld mei oan it Fryslân Open! Spitigernôch foar him moast er it opnimme tsjin grutmaster Jelle Wiersma, dy ‘t in sterke kânshawwer is foar de titel fan dit toernoai. Nei ‘t Wiersma stadichoan in bettere posysje krigen hie, wûn Wiersma.
De partij tusken Folkert Groenveld en Hein de Vries wie wis in neilbiter, want de foarige útdager foar de wrâldtitel hie it dreech tsjin Hein de Vries. Der waard hast gjin foardiel ferlern of wûn ûnder de partij. Op in stuit joech de kompjûter winst oan foar Groenveld, mar yn it komplekse einspul wist er dy net te finen. Sa einige dizze partij yn kamp.
Regearjend wrâldkampioen Marten Walinga hoecht gjin yntroduksje en dat bewiisde er yn syn partij tsjin de Tsjechyske Petra Dušková, hoewol ‘t Dušková in tige sterke spylster is en alle kearen dat wy har sjogge better wurdt. Walinga boude in foardiel op, mar joech dat oant twa kear ta ek wer wei. Troch tiidneed slagge it Dušková lykwols net om optimaal gebrûk te meitsjen, en sa wûn Walinga dochs de partij.
Last mar wis net least de wedstriid tusken Auke Zijlstra en Teake Kooistra, beiden kwalifisearre yn de earder holden Fryslân Iepen en tige oan elkoar waaide rivalen. Nei in frustrearjende partij foar Auke pakte Teake de winst en fersloech Auke yn it middenspul.
De resultaten binne fan de earste ronde fan it wrâldkampioenskip live te folgjen op twitch op www.twitch.tv/frisiandraughts of opwww.youtube.com/@WarcabyTV. Taskôgers kinne ek in besite bringe oan it Willem Barentsz besikerssintrum oan de Nieuwe Willemshaven yn Harns.
Utslaggen earste omloop: Kosobudzki – Richardson 1 -0
Schaap – Siward Walinga 1 -0
Kooistra – Zijlstra 1 -0
Van der Meer – Slagter 0 -1
Marten Walinga – Dušková 1 -0
Domčev – Wiersma Schulz – Kramer 0 -1
De Vries – Groenveld kamp
pairing tweede ronde:
Marten Walinga – Kooistra
Wiersma – Kosobudzki
Kramer – Schaap
Slagter – De Vries
Groenveld – Domčev
Zijlstra – Dušková
Richardson – Van der Meer
Siward Walinga – Schulz
It barren sil heve fan 16 oant en mei 24 augustus yn ’e prachtige havenstêd Harns. Sechstjin dielnimmers geane meiinoar de striid oan yn sân omlopen. Dêrnei meie de bêste fjouwer troch nei in finale. Mei in protte nije en jonge gesichten kinne de taskôgers mar rekkenje op moaie wedstriden.
Aleksej Domčev – Jelle Wiersma
Taeke Kooistra – Auke Zijlstra
Dicky van der Meer – Ties Slagter
Petra Dušková – Marten Walinga
Łukasz Kosobudzki- Porter Richardson
Malte Schulz – Fedde Kramer
Hein de Vries – Folkert Groenveld
Willem Schaap – Siward Walinga
Salang as it kampioenskip duorret binne besikers fan herte wolkom yn ’e Willem Bartentsz Expo (Willemskade, 8862 RZ), dêr’t de livestream op in grut skerm te folgjen wêze sil en dêr’t men genietsje kin fan it selskip fan oare damfreonen en der gelegenheid is om de spilers te moetsjen. Sjoch foar ynformaasje en iepeningstiden en oare aktiviteiten op WCC 2024 (frisiandraughts.com)
Promoasjefilmke: https://www.youtube.com/watch?v+Fu4CYcN1iy0
Kontaktgegevens foar mear ynformaasje: +31-6-30837586 / dokterom@gmail.com (Liuwe Westra)
Yn dizze lêste rubryk foar it simmerskoft omtinken foar in dammer út Dútslân. Malte Schulz komt fan Hamburg. Troch it ynternet-damjen op lidraughts is de 18-jierrige Malte yn de besnijing fan it Frysk Spul kommen. Foar Lollum-Waaksens damde hy by it klupkampioenskip. En yn febrewaris by it PK wie Malte Schulz de earste dammer fan bûten Fryslân en daalk ek fan bûten Nederlân dy’t hjir oan mei dy. Dat wie yn ‘de tredde acht’ en by eintsjebeslút behelle hy in kreas fjirde plak. Soks hie noch heger útpakke kind. Want mei noch twa finale-omlopen te gean, wie promoasje mooglik. Dat waard him net nei ferliespartijen tsjin de promovendi Cor Kooistra en Kees Tijssen. Yn twa partijen sjogge we dat in better spul noch net wûn is.
M.Schulz-Y.Boelens, Skearnegoutum 1-e omloop PK, 3-e acht 27-1-2024
1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17×37 4.41×32 16-21 5.26×17 12×41 6.46×37 7-12 7.37-31 11-16 8.42-37 1-7 9.47-42 19-24 10.34×14 10×19 11.35-30 25×34 12.39×10 5×14 13.40-35 15-20 14.35-30 20×40 15.44×35 16-21 Beide dammers hawwe de iepening goed spile. De jonge Dútser is net bang om ek dreger spul op te setten. 16.31×11 7×16 17.33-29 19×39 18.38×40 12-17 Der driget 18-22 19.37-31 17-21 Nei 19. ..16-21 etc. giet it al hast op it einspul ta. 20.31×11 16×7 21.42-37 7-11 22.32-28 18×38 23.43×32 11-16 Swart syn bedoeling is helder; oanfalle oan de linkerkant. 24.40-34 8-12 25.34-30 12-17 26.30-24 14×34 27.35×33 13-18 Wyt moat oppasse foar 18-22 28.45-40 3-8 29.40-34 18-23 30.33×13 8×19 31.34-30 17-22 32.32×12 2×22 33.50-44 22-28! In dryste set fan swart. Is dit net te foarlik? 34.30-25 19-23 35.25-20 23-29 36.49-43 9-13 37.43-38 13-18 38.38-32 Wyt set de druk der op. 38. ..18-23 39.44-40 16-21 40.40-35
40. ..6-11? Folle better is 40. ..21-26 41.36×16 6×26 en bygelyks 42.32-27 28-33 43.27-21 26×17 44.35-30 33-39 45.30×19 39-44 46.48-43 44×31 kamp 41.35-30 11-16 42.36-31 21×41 43.37×46 28×37 44.30×19 16-21 45.19-13 21-26 46.13-8 26-31
Schulz mist de winst. 47.20-15 31-36 (wat oars?) 48.46×26 37-41 49.8-2 4-9 50.48-42! 41×43 51.15-10 9-14 52.10×19 43-48 53.19-14 47.8-2? 31-36 48.2×41 36×49 49.20-14 49-32 50.14-9 32-5 51.46-41 5×46
M.Schulz-H.deVries, Lollum 4-e omloop PK, 3-e acht 3-2-2024
Nei in lyk opgeande partij kin Schulz winne fan Hidde de Vries.
40.43-39 (driget 33-28 etc.) 22-28 41.33×22 as 40. ..22-27 41.33-28! 27×49 42.47-42 49×35 43.45×5 40.33-28 22×33 41.43×23 6-11 42.40-34 9-14 43.34-30 14-20 44.30×10 15×4 45.23-18 11-16 46.18-12 16-21Wyt kin nei de daam. 47.12-7 21-27 48.7-1 4-9 49.47-41? 36×47 50.1-23 en kamp. Nei 49.1-23 wie it samar út.
Dan kin de einstân fan de ledderwedstriid opmakke wurde.
1.K.Wiersma, Nij Beets, 388 pt.;
2.Tj.Smedinga, It Hearrenfean 357 pt.;
3. P.Looge, Tsjummearum 325 pt.;
4.G.Tigchelaar, Ysbrechtum 297 pt.;
5.G.IJkema, De Gaastmar 240 pt.;
6.S.van Steinvoren, Dronryp 210 pt.;
7.J.Schilstra, Boalsert 158 pt.;
8.S. de Boer, Burdaard 134 pt.;
F.Wiersma, Easterein 134 pt.;
10.J. de Boer, Berkel en R’rijs 112 pt.
11.J.Wiersma, Wommels 72 pt.;
12.A.Zijlstra, Utert 68 pt.;
13.T.Slagter, Den Bosch 56 pt.;
14.G.Harkema, Snits 54 pt.;
15.P.Sikma, Hartwert 52 pt.;
16.Sj.T.Kooistra, Boalsert 48 pt.;
17.B.Kroon, Blauhús 14 pt.;
18.J.Reade, Manchester 8 pt.;
In goede simmer tawinske.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
Foar de tredde kear op in rige is Taeke Kooistra fan Hartwert winner wurden fan de Fryslân Kup. Willem Schaap fan Jirnsum en dammer by ‘De Stadige Strikers’ fan Skearnegoutum hie de finale helle mei oerwinningen op ûnder mear Jelle Wiersma en Marten Walinga. Ek tsjin Kooistra hie hy in grutte kâns, mar makke it net ôf. It waard kamp en dan wurdt it ‘pingelsjitten yn it einspul FRYSK!’. Kooistra makke it wol ôf.
Blauhús, Finale Fryslân Kup, 22-3-24 T.Kooistra – W.Schaap
1.32-27 20-25 2.31-26 14-20 3.37-31 17*37 4.41*32 11-17 5.47-41 19-24 6.34*14 10*19 Dit is de saneamde Bildtse-iepening, neamd nei de Bildthoeke wêr’t foarhinne faaks sa spile waard. 7.32-27 17*37 8.41*32 20-24 9.26-21 16*27 10.31*22 18*27 11.32*21 4-10 12.36-31 6-11 13.31-26 11*31 14.26*37 1-6 15.37-31 24-29 Beide spilers komme goed troch de iepening. Grutte komplikaasjes binne der foarears net. De swartspiler kriget no wol wat in wyld hout, dat wyt fêst set. 16.33*24 19*30 17.35*24 25*23 18.39-33 7-11 19.40-35 11-16 Wyt soe oer de lange hoeke oanfalle kinne troch 42-37, 38-32, 43-38, 44×42. Syn dûbele hoeke stiet sterk genôch. 20.35-30 10-14 21.30-25 15*35 22.45*25 14-19 23.44-40 12-18 en swart syn wylde hout wurdt ôfruile. Mei 23.42-37 12-18 24.37-32 hie wyt dat keard. 24.33-28 23*32 25.31*33 16-21 26.40-35 21-26 27.42-37 19-23 28.33-29 23*34 29.35*33 18-22 30.50-44 22-27 31.37*17 2-7 32.33-29 7*27 33.29-24 6-11 De stân is lykweardich en hast symmetrysk. Wyt sjocht it gefaar net oankommen en strykt 34.44-40?
34. ..9-14! 35.24*2 26-31 36.2*32 31*15 37.46-41 13-18 Earst 8-12 liket better. 38.41-37 8-12 39.37-31 12-17 40.49-43 5-10 41.43-38 10-14 42.38-32 18-23 Swart stiet goed, mar hjir wie 42. ..14-19 better. 43.48-42 23-29 44.42-37 14-19
45.32-27 17-22 46.27*20 15*24 It stioet wer lyk, mar swart is foarliker. 47.31-26 29-34 48.26-21 34-40 49.21-16 40-45 50.16-11 24-30 Nei 50.45-50 51.11-7? (om 50-45), dus 51.11-6 50-45 52.37-31 45-1 53.31-27 24-29 54.27-21 1×41 55.6-1 29-33 wint swart. 51.11-7 30-34 52.7-1 34-39 53.37-32 39-43 In dreech einspul en swart hat net folle tiid. 54.1-6 43-49 55.32-28 49-21 56.6-1 en hjir lei de winst foar it gripen
56. ..21-17 en swart hellet in twadde daam en sil dan winne 56. ..21-8? 57.28-22 8-26 de tredde set mei de daam, wat oars? 58.1-6 45-50 59.6*46 50*6 en kamp efter.
Dan folget dus FRYSK!, it einspul mei elk fiif skiven op de efterste line. Blauhús, Finale Fryslân Kup, 22-3-24 FRYSK! W.Schaap – T.Kooistra 1.46-41 3-8 2.49-44 8-12 3.48-43 5-10 4.43-38 10-14 5.38-33 14-20 6.44-40 12-18 7.40-35 20-24 8.41-37 2-7 9.37-31? 7-11 Nei bygelyks 9.35-30 24×30 10.50-45 11-16 11.45×25 bliuwt it lykweardich. 10.31-27 1-6 11.47-41?
11. ..18-23! 12.33*13 4-9! 13.13*4 11-17 14.4*11 6*46 en de Kup is foar Kooistra
Alle problemen fan Stellinga-Baron
Nû.25 sw. 8, 10, 11, 18, 27, 45 wyt 26, 28, 38, 43, 47, 50
Nû.26 sw. 10, 11, 13, 16, 19, 21 wyt 22, 28, 31, 33, 43, 39
Nû.27 sw. 1, 9, 14, 15, 17, 18, 27 wyt 29, 33, 34, 36, 37, 43, 45
Nû.28 sw. 2, 4, 8, 10, 16, 26, 36 wyt 18, 25, 32, 33, 35, 47, 50
Oplossingen stjoere foar 19 april.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
De tiid fljocht om. De Peaske is betiid en dêrom hâlde De Strikers ek betiid
op. Om nei de peaskedagen nochris in jûn te belizzen foar it ein fan it seizoen, feroare dochs neat oan de prizen. Der wie in soad praat en it gie foaral oer de finale fan de Fryslân Kup te Blauhûs ôfrûne freedtejûn: Taeke Kooistra tsjin Willem Schaap. Fan de foarsitter, dy’t healwei de jûn binnen kaam yn Blauhûs, moast yn dit stikje sein wurde dat hy op de fraach fan ien út it publyk : “Foar wa bisto, foar dyn broer of foar Willem, silst wol yn in spagaat sitte!” De foarsitter antwurde: “Ik sit net yn in spagaat, ik bin foar Willem!” Dat joech fansels praat.
Dêr yn Blauhûs tochten se mooglik dat der in skeel siet tusken de broers, mar dat wie net sa. Om te begripen wêrom’t dy foarsitter sa op de hân fan Willem wie, moat men de skiednis kenne. Willem kaam mei syn suster Christine as skoalbern op de jeugdklup De Stadige Strikers. De grutte klup bestie doe noch net. De beide Schapen wienen talinten. Willem is altiten lid bleaun oan’t de dei fan no. In master sil syn learling dochs net ôfalle. Oant’t safier.
En no fierder mei it ferslach fan de damaktiviteiten dizze lêste jûn. Sa as
altiten waard der wakkere hurd fluchdamme: fjouwer farianten yn in
kertier.Guon binne dêr ferhipte tûk yn, boppedat jout it in soad wille en gesellichheid. De útslach der fan wie: groep 1: Jelle Wiersma, Willem Schaap en Dicky van der Meer alle trije 8 punten: 2 drûge woarsten elk. Groep 2 ! Cor Kooistra 9 p, 2 Ype Boelens 7, 3 Sjoerd Jan Bakker 5½, 4 Bauke Bos 1½. Groep 3: 1 Tineke Teigeler 8, 2 Jan Castelein 6, 3 Hennie de Haan 5½, 4 Kees Castelein 4½.
Yn it damfermidden fan de Frysk Spul spilers wit elk wol dat Jelle Wiersma in fin mear hat as in bears. Op syn klup is dat net oars. Ek dit damskoft wie der gjin krûd tsjin him woeksen. Fan de 15 partijen moast er ien kamp jaan. No is it sa njonkenlytsen sa dat de kompetysje by de Strikers net in fêststeand patroan kent fan allegearre likefolle spullen. Dat komt troch de grutte fariaasje yn de wurkomstannichheden en de âldens fan de spilers. Elkenien kin him dêr wol yn fine. Gjin probleem! De folsleine útslach: 1 Jelle Wiersma 14½ – 15, 2 Sjoerd Jan Bakker 11 – 16; 3 Willem Schaap 10 – 15; 4 Cor Kooistra 8½ – 17; 5 Dicky van der Meer 8 – 11; 6 Bauke Bos 8 – 18; 7 Ype Boelens 6 –16; 8 Bauke Dykstra 5½ – 12; 9 Tineke Teigeler 5½ – 12; 10 Kees Castelein 5 – 13; 11 Hennie de Haan 1 – 8; 12 Jan Castelein 1 -14.
(CK)
Jûn is yn Blauhús de finale fan de Fryslân Kup. Foar de sânde kear is kluphús ‘Sie-Sa’ fan damklup ‘De Skyfkes’ it toaniel fan it slotstik fan dit knock-out-toernooi. Twa kear Jelle Wiersma, twa kear Siebe Walinga en twa kear Taeke Kooistra dy’t no wer de finale helle hat. Opponent is Willem Schaap en it sil grif in moai spul wurde. Schaap mei graach in aventoerlik spul opsette. En hy is yn foarm sa’t er ek sjen liet by it Frysk Kampioenskip. Nei in wat ‘stroeve start’ mei oardel punt út trije, folgen der fjouwer winstpartijen op in rige. Soks betsjutte nei de promoasje fan ferline jier, in streekrjochte gong omheech nei de Kampioensklasse.
Trije frachminten út de partijen fan Schaap yn de ‘twadde acht’. Hy longeret gauris op in kombinaasje.
F.Kingma – W.Schaap, 27-1-2024 Skearnegoutum, PK twadde omloop
Kingma tinkt swart fêst te setten, mar komt op de kofje nei 40.26-21? 7-11! 41.21×1 14-20 42.1×29 16-21! 43.27×16 6×39
D.v.d.Meer – W.Schaap, 3-2-2024 Lollum, PK fiifde omloop
Mei klupgenoat Dicky van der Meer fan ‘De Stadige Strikers’ hat Schaap gjin moederaasje. En hellet der in ‘klassyk slachje’ út. Nei 43.41-37? stiet it
En it is út nei 43. ..4-10! 44.15×4 17-21 45.26×17 4×27 46.16-21 27×16 47.6×46
De seisde omloop gie it tsjin bûnsfoarsitter Liuwe Westra. Dy stie mei fjouwer punten ferrassend boppeoan. En soe Westra dan promovearje nei de ‘earste acht’. Sa fier soe it net komme. Earst rûn er it op tsjin Schaap en letter ek noch tsjin Blauh;uster Bernard Kroon dy’t sa ek op fjouwer punten kaam.
L.Westra-W.Schaap, 10-2-2024 Hartwert, PK seisde omloop
1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17×37 4.41×32 11-17 5.47-41 19-24 6.34×14 10×19 7.40-34 7-11 8.41-37 1-7 Op 8. ..4-10? Folget de bekinde Tytsma-set: 9.26-21,32-27, x7, 34-30, x4, 35-30 9.31-27 17-21 10.26×17 11×31 11.37×26 16-21 12.26×17 18×16 13.42-37 5-10 14.44-40 10-14 15.50-44 20-24 16.36-31
16. ..24-29 17.34×23 19×28 Wyt moat slaan 18.38×18 13×42 19.43×41 en is dan foarearst út de soargen. Mar der folget 18.32×23? en mei it heakje 15-20 19.35×24 14×21 20.38-33 21-26 komt swart foar en sil gau winne.
Twa problemen fan Stellinga-Baron
Nû.25 sw. 8, 10, 11, 18, 27, 45 wyt 26, 28, 38, 43, 47, 50
Nû.26 sw. 10, 11, 13, 16, 19, 21 wyt 22, 28, 31, 33, 43, 39
Oplossingen noch net stjoere.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
Dat wie al wer in skoftke lyn dat de Stadige Strikers nei in oerwinning skoden yn de freonskiplike striid tsjin de mannen fan Nocht en Kriich. It begjin fan it treffen kaam wat muoisum op gong. De nestor fan ús klup stie yn Aldegea en koe dêrtroch de nestor fan N & K moai meinimme. De striid spile him nammentlik ôf yn it Swettehûs ûnder de klanken fan it nije korps Swettewyn. Oft dy wyn fan ynfloed west hat op it damjen is min te sizzen, mar ien ding waard nei ôfrin wol dúdlik dat de Strikers mei grutte sifers wûn hienen: 8,5 – 2,5.
De skriuwer fan Aldegea ,Folkert Groenveld, hie yn it foar in prachtich
oersichtsje ta-eppe nei de foarsitter fan de Strikers. Dy lêste koe dy gegevens
moai even oer it fuotljocht bringe yn syn iepeningswurdsje. De útslach fan de lêste 14 kear dat it treffen ferspile is, wûnen Nocht & Kriich 8 kear en de
Strikers 6 kear. En it aparte by dit alles wie, dat as men seach nei alle
winstpartijen, beide klups likefolle boerdpunten hienen nammentlik: 89. Hoe is it mooglik net. Folkert moast der fansels ek efkes op ynheakje mei de
opmerking: “Aldegea kin jûn mooglik wol op 100 boerdpunten komme!” Mooglik hat dat de Strikers triggere!
Nei it tige sportyf en gesellich treffen steane De Strikers no op 97,5 punten.
Sa koe it dus ek Folkert. Yn de neisit waard dat fansels noch wol efkes yn
wreaun. Al mei al in moai barren foar de Strikers foaral ek moai omdat de
ûnderste buorden ek punten pakten. No wie dit net de grutste oerwinning op de mannen út it echte Aldegea. Yn 2014 waard it 10 – 2. Wy ferlearen ek in kear hiel dik. Dat wie yn 2017 doe’t Rients Winia foar ús mei in remize noch krekt de ear rêde koe.
Utslaggen fan de spile partijen: Jelle Wiersma – Folkert Groenveld 1 – 0;
Willem Schaap – Pieter Hoogterp 1 – 0; Dicky van der Meer – Siebe Walinga 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker – Rein Jan Walinga ½ – ½; Cor Kooistra – Folkert
Attema 1 – 0; Bauke Dykstra – Sietse de Jong 1 – 0; Ype Boelens – Jolke
Groenveld 1 – 0; Tineke Teigeler – Durk Rypma 0 – 1; Kees Castelein – Almar
Steginga 1 – 0; Hennie de Haan – Beke Haanstra 1 – 0. Strikers – Nocht & Kriich 8½ – 2½.
(CK)
It is fansels altiten wer apart dat men it moai fynt om ris bûten de stringen te stappen. By de Stadige Strikers die it folgjende him foar ôfrûne moandeitejûn 11-03-2024: ien fan de Strikers soe tsjin twa spylje moatte, om’t ien wer wol op rekkene wie, op de ep oanjûn hie dat er net komme koe. Dy iene soe eins damje moatte tsjin Jelle Wiersma en Willem Schaap. Dat kaam it bêste út foar in goed ferrin fan de kompetysje. De opper-befelhabber stelde doe foar dat dejinge dy’t tsjin dy twa kornuten spylje moast twa houtsjes yn it foar fan de tsjinstanner fan it boerd pakke mocht. Gekkichheden en kompetysje ferfalsing fansels, mar it gyng oan.
No wie de gelokkige dy’t it opnimme moast tsjin dy twa nimmen minder as
Tineke Teigeler. Oer it fuortpakken fan twa houtsjes wienen gjin restriksjes
ferbûn. Tineke pakte fuortendaliks fan Willem de rún op fjild 47 en in oar
houtsje op de daamline op fjild 49. No doe seach Willem wol wat benaud om him hinne. Mar goed der moast damme wurde. Doe kaam Jelle ek binnen, hy hie oanjûn dat er wat letter komme soe. Hy hearde fan wat him te wachtsjen stie en it stûn him wakker oan. Tineke pakte wer twa houtsjes en de partij koe los. Jelle pakte it hiel aardich oan en kaam yn it middenspul op ien houtsje minder. Undertusken sloech Tineke by Willem sa mar nei daam en nei in pear setten en wat krimmenaasjes ferlear Willem. De oare partij ûntjoech him wol spannend en dêr sieten prachtige lopen yn. Uteinlik waard it kamp. Foar Tineke dus in gouden jûn.
In oare kear as wy it nochris dogge, moatte wy wol ôfprate dat der mar ien
houtsje fan de daamline ôfhelle wurde mei en it oare houtsje earne oars wei. Al mei al wie it wol in yntressant avontuer. De beide mannen hienen neat oan harren teorysetten. Alles wie oars. Men seit dan wolris mei in houtsje minder dammet it wat fûlder, mar twa minder is in oar ferhaal foaral as dy twa fan de daamline ôhelle wurde.
Utslaggen: Jan Castelein – Hennie de Haan 1 – 0; Willem Schaap – Tineke
Teigeler 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker – Kees Castelein 1 – 0; Ype Boelens – Bauke
Bos 1 – 0; Jelle Wiersma – Tineke Teigeler ½ -½.
(CK)
Foeke Tiemensma fan Frjentsjer makke sa’n fyftsjin jier lyn in spektakulêre opgong by it Frysk Spul. Earder al wie der by it hoeks damjen Frysk kampioen wurden. En it like in kwestje fan tiid dat er soks ek by ús tinksport oprêde soe.
Mar Tiemensma sette it Frysk Spul op in sacht sin. Oant okkerwyks yn syn eigen wenplak; wat in come-back! Earst al it Fryslân Open winne en doe ek noch in 100% skore by de Grutmasters, it eintoernooi fan de fjouwer heechsten. Wêryn de top fan it Frysk Spul him beselskippe: Jelle Wiersma sawn kear Frysk kampioen op in rige, rekôrkampioen Taeke Kooistra en wrâldkampioen Marten Walinga.
F.Tiemensma-T.Kooistra, Frjentsjer 23.2.2024, Grutmasters 1-e omloop Tiemensma mei wyt struts
38.39-34 24×44 39.49×40 23-29 Swart hat oars net as ferplichte setten. 40.38-32 5-10 41.32-27 10-14 42.27-22 14-19 43.21-16 19-24 44.22-18 15-20 44. ..29-33? 45.18-12 7×18 46.35-30! 24×44 47.45×12 45.35×15 29-34 46.40×29 24×33 47.15×24 33-38 48.18-13 38-42 49.13-9 42-4849. ..42-47? om 16-11! etc.. Swart hellet noch in daam, mar it is gau dien. 50.9-4 7-12 51.4-10 48-31 52.16-11 31×1 53.24-20
M.Walinga-F.Tiemensma, Frjentsjer 24.2.2024, Grutmasters 2-e omloop
Walinga wie al in hout efter en stie der op as in brijwein. En mei in slachset makke Tiemensma dien wurk.
Nei 37. 33-29 11-17 38.31×22 20-24 39.29×9 4×31 40.41×21 16×18
F.Tiemensma-J.Wiersma, Frjentsjer 24.2.2024, Grutmasters 3-e omloop
Wiersma hie oardel punt en moast winne foar de priis. Soks like der ek lang yn te sitten, mar de Frysk kampioen ferbarge it einspul. We komme yn de partij nei 31. ..16-21! En wyt moat wol 32.47-41
Wyt stiet no fêst yn de lange hoeke en swart kin in oanfal opsette. 32. .. 7-12 33.34-30 12-18 34.48-43 18-22 35.43-39 14-20 36.30×10 15×4 37.39-33 5-10 38.49-43 10-14 39.44-40 14-20 40.33-28 22×33 41.43×23 4-9 Wyt longere op 41. ..20-25? 42.23-19 4-9 43.19-14! 9×20 44.40-34 en wint 42.40-35 21-27 Wyt wint nei 42. ..9-14? 43.23-18 17×19 44.26×17 11×22 45.31-27 22×31 46.41×21 en nei de daam op 3. 43.26×28 11-16 44.23-18 17×19 44.41-37? 9-13! 45.23×3 17-22! 46.3×21 16×47 45.31-26 20-24 46.41-37 9-13 47.37-31 24-30 48.35×24 19×30 Wyt kin swart net mear keare. 49.31-27 30-35 50.28-22 35-40 51.26-21 40-44 52.36-31
Kamp is 52. ..44-50 53.22-17 50×11 54.21×1 16-21 55.27×16 6×37. Nei 52. ..44-49 is it samar út. Wiersma sjocht apen en bearen. 52. ..13-19? 53.21-17 16×18 54.22×24 44-49 55.27-21 49×16 54. ..44-50 en dan mei 50-33 etc. de wite skiif op fjild 24 fange en wint samar. 56.24-20 16-11 Wyt kin de lange line net besette. 57.31-27 11-16 58.27-22 16-2 Swart hat trije kear mei de daam strutsen 59.22-17 6-11 60.17×6 2-8 61.6-1 8-13 62.1-45 13-22 63.20-14 en ferliest.
Nû.18 sw. 2, 4, 7, 8, 13-15, 25 wyt 17, 22, 28, 29, 36, 38, 40, 41, 49
Nû.21 sw. 9, 21, 22, 24, 26, 31, 40 wyt 33, 41-43, 48,49
Nû.22 sw.8, 10, 13, 16, 19, 39 wyt 22, 27, 31, 32, 41, 48
Nû.23 sw. 1, 3, 9, 12, 14, 16, 17wyt 6, 26, 29, 37, 38, 47-49
Nû.24 sw. 4, 8, 10, 11, 14, 15, 25 wyt 24, 26, 29, 32, 34, 35, 40, 42
Oplossingen stjoere foar 22 maart.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com