Auteur archief friesdammen

doorfriesdammen

Favoriten nimme de kop en offerjen blykt wer sterk yn it Fryske spul

NK damjen en NK Frysk damjen, 14 o/m 23 desimber 2023 yn Drachten. Dei 2 (15 desimber), omloop 2 Frysk damjen en omlopen 2 en 3 NK damjen

It Nederlânsk kampioenskip damjen gong freed fierder mei de twadde en tredde omloop. De moarns hie Alexander Baliakin syn tsjinstanner Gabriël Heerema yn it einspul te fiter. De debutanten dy’t juster noch sa goed fan ‘e ein gien wiene, moasten it no belije: Matheo Boxum tsjin Wouter Sipma en Jan van der Star tsjin titelferdigener Jan Groenendijk. Dy hie mei in handich offer syn tsjinstanner ynienen te pakken. De oare fjouwer partijen, Anton van Berkel tsjin Martijn van IJzendoorn, Wouter Ludwig tsjin Luuk Terweijden, Hein Meijer tsjin Gerlof Kolk en de partij tusken Ben Provoost en Jitse Slump rûnen nei de nedige striid allegearre kamp.

It wie in drege dei, want de middeis stie der noch in omloop op it programma. Dêryn krukte Groenendijk syn puntetal noch wat mear op troch in twadde oerwinning, no tsjin Hein Meijer. Alexander Baliakin dêrfoaroer kaam net fierder as remize tsjin Wouter Ludwig, dy’t gjin lichten die. De partijen tusken Wouter Sipma en Anton van Berkel en dy tusken Luuk Terweijden en Gabriël Heerema waarden ek kamp. Van der Star en Provoost makken der de langste sit fan. Provoost frissele der úteinliks in trúkje yn en helle yn it lange einspul de winst sa dochs noch nei him ta.

Baliakin en Groenendijk steane no yn ‘e mande oan kop. Se wurde folge troch Jitse Slump, dy’t wûn fan Gerlof Kolk, en troch Martijn IJzendoorn, dy’t nei dreech ferdigenjen noch in punt oerhold oan syn partij tsjin Boxum.

Yn ‘e twadde omloop by it Frysk damjen gong it yn ‘e posysjonele partij tusken Frederik Bos en Hein de Vries lange tiid lykop. Bos seach lykwols yn it lette middenspul in kombinaasje fan De Vries oer de holle, dat sa hold er oan syn fierders goede partij dochs neat oer.

Frans Kingma moast der tsjin de yn it damsâlt bebiten Taeke Kooistra fol tsjinoan. It die bliken dat Kooistra even in maat te grut foar him wie; Kingma rêde it dan ek net op.

De partij tusken de twa favoriten Jelle Wiersma en Marten Walinga waard op it skerpst spile. Walinga luts yn in spannend einspul fan elkmis in daam en trije skiven in lyts posysjoneel foardiel handich nei him ta, en helle sa in wichtich punt binnen.

De partij tusken Folkert Groenveld en Dicky van der Meer mei sûnder mis enervearjend neamd wurde. Van der Meer keas yn ‘e iepening al foar in offer en hy koe sa, nettsjinsteande in hout minder, in sterke posysje opbouwe. Nei in trochbraak wiene de kânsen foar Groenveld dach.

By it NK Frysk damjen geane no Taeke Kooistra en Marten Walinga oan ‘e lieding mei elkmis twa punten. 


Westriidanalist Harm Wiersma sjocht ta op it hâlden en dragen fan ‘e spilers.
(foto: G. van Dijk. )
Folkert Groenveld en Dicky van der Meer. (foto: G. van Dijk. )


doorfriesdammen

Rubryk 15-12-2023

Juster wie de earste omloop fan it Nederlânsk Kampioenskip te Drachten.De hoekse dammers spylje tagelyk harren toernooi. Frysk kampioen Jelle Wiersma en wrâldkampioen Marten Walinga hawwe harren ek kwalifisearre. Se treffe elkoar faker. Lykas by de Jorwerter Wapenpartij. Wiersma en Walinga hienen de beide earste omlopen wûn en it gie no om priis en preemje.

J.Wiersma – M.Walinga, Wapenpartij Jorwert, 3-e omloop 7-11-2023 1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17*37 4.41*32 16-21 5.26*17 12*416.46*37 11-16 7.37-31 7-11 8.42-37 Faaks is it 7. ..7-12 as 16-21 8. …1-7en Walinga wykt no al hielendal ôf.

9.31-27!  driget 27-21  9. ..16-21? 10.27×16 6×46 11.48-42! 46×28 12.32×21, dan mar 9. ..18-22! 10.32×21 19-24 11.34×12 8×46 12.27-21 46×24 13.34×30 16×27 14.48-42 25×34 15.44×24 20×29 16.38-33 29×33 17.43×21 en it is al oan it einspul ta.9.47-42 11-17 10.31-26 7-11 11.37-31 8-12 12.33-29 2-8 13.38-33 16-2112.34-30 liket better 14.42-37 21*41 15.37*46 11-16 16.32-27 17*37 17.36*38 16*36 18.46*26 19-24 19.34*14 10*19 en swart hie hjir slaan moatten 4×24. Wyt bringt de driging 45-40 yn it spul. 20.40-34 6-11

Afbeelding met bordspel, Zaalspellen en zaalsporten, Games, Bordspel

Automatisch gegenereerde beschrijving

Mei 21.48-42 wie der fan alles mooglik. 21. …11-17? 22.45-40! 25×45 23.29-24 19×30 24.34×14 45×32 25.42×2 3×1 26.14×21   as   21. …12-17? 22.45-40 25×45 23.29-24 19×30 24.34×1 45×32 25.42×2 ek net goed is 21. ..19-23? 22.16-21! 11×31 23.34-30 23×32 24.42×2 3×1 25.30×10 5×14 26.38-32 etc. as 23. ..25×32 24.42×2 3×1 25.44-40 23×34 26.34×10 5×14 27.38-32 etc. Fansels net 21. ..5-10 22.45-40 25×45 23.19-24 etc. Mar ek 21. ..4-10? 22.45-40 25×45 23.19-24 19×30 24.34×14 45×32 25.42×4 5×3 26.14×25 bliuwt as iennige 21. ..19-24 22.34×14 4×24 23.39-34 11-17 (wat oars?) 34.24×14 17-21 25.26×19 13×4 26.35-30! 25×32 27.42×13 3×34 28.44×24 20×29. Mar it swarte hout op fjild 29 stiet faai.21.38-32 11-17

Wiersma hie noch ôfwikkelje kind nei kamp troch 22.45-40! 25×45 23.32-28! 18×38 24.43×32 45×23 25.29×27 19-24! 26.34×12 8×28 22.48-42? 17-21Walinga mist 22. ..18-23! 23.29×27 19-24 34×12 8×48 25.49×47 25-30 etc.23.26*17 18*16 24.32-27? 16-21 En nei de kombinaasje is it dien. Mei 24.42-38 hie wyt noch spul hawn. 25.27*16 12-17 26.16*18 8*30 27.35*24 

De problemen binne fan Hiele Walinga.

Nû. 9 sw. 6, 8, 22, 23, 28, 30, 34 wyt 16, 31, 41-43, 50

Nû. 10 sw. 10, 19, 24, 28, 29 wyt 37, 39, 40, 41, 47

Afbeelding met Zaalspellen en zaalsporten, bordspel, Games, Bordspel

Automatisch gegenereerde beschrijving

Nû. 11 sw. 9, 10, 13, 20, 22, 33 wyt 30, 31, 42, 44, 46, 47

Nû.12 sw. 4, 8, 21, 23, 39 wyt 20, 32, 36, 41, 50

Oplossingen stjoere foar 29 desimber.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

NK Ynternasjonaal en Frysk Damjen 2023

Debutanten ferrasse op NK damjen

Yn ‘e earste omloop fan it Nederlânsk kampioenskip damjen yn Drachten ferrasten Matheo Boxum en Jan van der Star troch as debutanten harren tsjinstanners te ferslaan en harsels sa brutaal oan kop fan ‘e ranglist te setten. Boxum, pas 14 jier âld, hie syn yn it sâlt bebiten tsjinstanner Anton van Berkel te fiter mei in kombinaasje. Jan van der Star slagge it en kom tsjin Gerlof Kolk in hout foar, en dêrnei wûn er ek de partij.

Dêrnjonken wiene der noch twa oare beslissings te notearjen. Kânshawwer Marijn van IJzendoorn fersloech yn in oanfalspartij lang om let Wouter Sipma yn it einspul. Alexander Baliakin die wêr’t er goed yn is, troch in tinne stân út te melken tsjin Luuk Terweijden.

De moetings tusken titelfavoryt Jan Groenendijk en Ben Provoost en Jitse Slump tsjin Hein Meijer waarden kamp. Pleatslike favoryt Gabriël Heerema spile in sterke partij tsjin Wouter Ludwig. Neidat er de kop der even net hielendal by hie, ferwettere syn posysje en rûn de partij út yn in lykspul.

It neamen wurdich is it feit dat Hein Meyer as âldste dielnimmer al foar de 25ste kear oan it Nederlânsk kampioenskip meidocht. Dêr mei de hoed wol foar ôf.

By de earste omloop fan it NK Frysk damjen foelen der fuortdaliks al fjouwer beslissings. Frederik Bos spile in klassyk lestich iepeningsspul tsjin Frans Kingma. Bos hie him goed taret en kaam sa in skiif foar, en dy koste Kingma úteinliks de kop.

Hein de Vries naam tsjin Taeke Kooistra yn ‘e iepening in foarpost yn, mar op it stuit dat dy fuortroale waard, waard Kooistra syn posysje rillegau better en boude de Hartwerter úteinliks in winnende stelling op.

Dicky van der Meer spile in lestich sintrumspul tsjin Jelle Wiersma. Likegoed krige er noch kâns op in winnend einspul, mar dat wie te djip om dat sa mar even efter it boerd út te finen. Wiersma ferhege de druk op Van der Meer syn stelling, en wûn sa it einspul.

Yn ‘e striid tusken Groenveld en Walinga hie Groenveld de partij lange tiid yn ‘e macht. Mar yn it einspul draaide de boel om en luts Walinga oan ‘e langste ein.

Moarn giet it toernoai fierder yn hotel Van der Valk yn Drachten.


Iepeningsset troch Pieter Kooi by NK Ynternasjonaal damjen . Fotograaf: G. van Dijk (flnr.: Gabriël Heerema, Pieter Kooi, Wouter Ludwig)

Iepeningsset troch Pieter Kooi by NK Frysk damjen. Fotograaf G. van Dijk (flnr.: ) Marten Walinga, Pieter Kooi, Folkert Groenveld)

Analyse troch Harm Wiersma. Fotograaf G. van Dijk


Matheo Boxum tsjin Anton van Berkel. Fotograaf G. van Dijk

doorfriesdammen

Is Willem Schaap wer in ronde fierder yn de Fryslân Kup?

It wie fan te foaren net in útmakke saak dat Willem Schaap de tredde ronde helje soe. Op moandeitejûn lêstlyn soe dêr dúdlikheid yn komme. Twa partijen yn de Fryslân Kup soenen dan ferspile wurde. Spitich wie dat Hein de Vries as tsjinstanner fan Dicky van der Meer ôfsizze moast. En Willem Schaap dy’t ek in thúswedstryd hie, koe wol damme. Soe hy in ronde fierder komme?

Dat dat noch de fraach wie, kaam trochdat it lot him keppele hie oan klupgenoat en klupkampioen Jelle Wiersma. No dan witte jo it faak wol. As de mannen tsjin elkoar damje, dan is der ien ding wis: der komt altiten in moaie striid op it boerd mei de hûndert fjouwerkantsjes. Dizze moandei wie it idem dito. In prachtich iepen spul. Hoe’t it allegearre krekt om en ta gien is, is de skriuwer ûntkaam. Hy hat wol fan hearen en sizzen dat Willem der krekt wat better op kaam te stean en dat resultearre úteinlik yn in stân dêr’t Jelle net mear in antwurd op hie en mar ien ding te dwaan hie: Willem sukses ta winskje yn de folgjende ronde.

Dicky van der Meer dy’t him al wakker preparearre hie op de striid tsjin Hein de Vries moast yn plak dêrfan tsjin good old Sjoerd Jan Bakker. De lêste fersloech foarige wike Schaap, dus dêr die wol bliken út dat de Snitser wer aardich op gleed kommen is mei de dammerij. Mooglik siet Dicky der noch wat mei dat er no tsjin Sjoerd Jan moast. Hoe dan ek it rûn net yn dizze partij. Mooglik makket er him al wat soargen oer it kommende kampioenskip yn Drachten wêrfoar’t er him kwalifisearre hat. Wa sil it sizze, mar ien ding kin men hjir wol stelle dat de partij fierstente gau út wie en dat Bakker frij maklik syn punt pakte.

Utslaggen: Willem Schaap – Jelle Wiersma 1 – 0, Fryslân Kup; Dicky van der Meer – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Jan Castelein – Bauke Bos 0 – 1; Cor Kooistra – Bauke Dykstra 1 – 0.

ck

doorfriesdammen

Mei likefolle dammers as ferline jier dochs wer in moai Stryk ta toernoai.

It like der yn earste ynstânsje op dat it oantal dammers in stik leger wie as oars, mar in weromblik op ferline jier joech dúdlikheid: krekt likefolle dammers. Men tinkt faak: wat in lytse dielname. In wike earder sieten 40 dammers yn Jorwert, dwaande mei de miniklupkampioenskippen. Sa’n Stryk-ta wedstriid is dêr net mei te fergelykjen. Wol docht sa’n moaie folle seal werom tinken oan it momint dat it earste Stryk-ta toernoai troch in klup organisearre waard. Dêr dienen doe 72 dammers oan mei en dat wie ein tachtiger jierren yn Skearnegoutum. Dat wie wat nijs, no is it nijs der ôf, mar likegoed wie it ôfrûne freedtejûn dochs wer in moai toernoai.

It hat net folle sin om altiten efterom te sjen, mar wat brocht dat earste Stryk-ta toernoai in diskusje los. Guon fûnen dat gjin damjen, mar in geloksspultsje. Dy tiid leit fier efter ús: no binne der partijen op ynternet wêr’t by de spilers mar fiif minuten op “e klok krije Dan moatte jo hiel goed yn de teory sitte om de kop boppe wetter te hâlden.

Freedtejûn stie der op de klok 30 minuten en 10 sekonden de set derby. Dan ha jo fansels in see fan tiid.Foaral dy tsien sekonden kinne helpe om de partij te beslissen. Der is ek hast net ien dy’t op op de klok ferliest.

De fierst weikommende dammer wie nimmen minder as Auke Zijlstra út Utert. Hy is regearend kampioen Frysk, fiif tsjin fiif. Bouwe Jan Bouma fan Boazum, dy’t net by in klup oansletten is, wie op dit toernoai ek paraat. Beide neamde dammers gyngen mei eftereinfolgjend de earste en twadde priis nei hûs. De útrikking fan de oranjekoeken en steatslotten liet noch wol wat op him wachtsje, mar krekt foar de snein koenen de prizen ferparten wurde. No sieten alle spilers al foar dat se begûnen te damjen  yn de prizen: elk krige in fiifde part fen in steatslot. Deagewoan foar it oanwêzich wêzen. Dit rojale gebaar waard mooglik makke troch de twa sponsors fan de partij: Wiersma Adm. en Fisc. Dienstverlening en Dicky van der Meer mei Meer personeelsdiensten. 

It Stryk-ta toernoai like ek wol wat op in prize festifal. Ja wat hjit tsjintwurdich net in festifal dêr liket de ein ek hast fan wie. Mar hoe dan ek yn it Swettehûs wie in gesellige en sportive damjûn.

Utslaggen: Eareklasse groep 1: 1 Jelle Wiersma, Wommels en 2 Folkert Groenveld De Hommerts (It lot glimke him ta).groep 2: 1 Tsjerk Wybenga Arum en 2 Frâns Kingma Jorwert. Haadklasse A 1 Auke Zijlstra Utert 2 Sybren Dyk Jorwert. Twadde klasse: 1 Bauke Bos Sint Nyk 2 Bouwe Jan Bouma Boazum.

doorfriesdammen

Skearnegoutum pakt miniklupkampioenskip wer werom

Op freedtejûn 1 desimber wie de boppeseal fan kafee “Het Wapen van Baarderadeel” yn Jorwert it striidtoaniel fan it miniklupkampioenskip. It wie dêr gesellich fol. Mar leafst tsien ploegen diene mei; Aldegea, Skearnegoutum en it pleatslike OKK hiene sels twa ploegen ôffurdige. Dat makke dus dat der 40 man efter de buorden kamen. It aldermoaiste wie fansels dat alle klups fertsjintwurdige wiene.

Tradysjoneel waard it kampioenskip yn twa klasse ferdamme: beide telden 5 ploegen. Dat betsjutte foar elke ploech dat der ien omloop wie dat der tsjin in tsjinstanner út ‘e oare klasse spile wurde moast. De Gaastmar wie promovearre nei de heechste groep. Dêr sieten fierder yn Hartwert, Aldegea I, Jorwert I en Skearnegoutum I. De Skearnegoutumers ha in bytsje in abonnemint op dit klupkampioenskip yn it fluchdamjen, mar ferline jier hiene se de eare oerlitte moatten oan Hartwert. De twadde klasse waard befolke troch de twadde tiims fan Aldegea, Jorwert en Skearnegoutum. Mar ek troch Blauhús, mei in ploech dy’t yn ‘e bridte sterk wie, en Lollum, dat net allinne Marten Walinga opsteld hie mar ek Foeke Tiemensma. De lêste skynt foarsichtich wer wat oan it Frysk damjen te snuven, en dêr kin it Fryske damwrâldsje allinne mar bliid om wêze.

Kampioen Hartwert hie it dreech, miskien ek omdat it krekt wat minder sterke dammers opsteld hie as ferline jier? Hoe dan ek, der koe mar ien oerwinning oantekene wurde, tsjin De Gaastmar. Tsjin Skearnegoutum en Jorwert waard it in lykspul, en de ploech ferlear fan Aldegea en Lollum. Mei twa punten gjin priis dus foar Hartwert. Oars ek net foar Jorwert, dat op 3 punten útkaam omdat it wol wûn fan in twaddeklasser. Werby’t Jorwert fansels it gelok hie dat Aldegea II ek wat minder sterk wie as Lollum. Nee, de striid om it kampioenskip gong dit jier tusken Aldegea en Skearnegoutum. It moaie wie dat dy beide ploegen pas yn ‘e lêste omloop tsjininoar moasten. By it yngean hie Aldegea in heal puntsje mear, tanksij oerwinnings op Hartwert, Skearnegoutum II en De Gaastmar en in lykspul tsjin Jorwert. Mar doe’t it der op oan kaam, koene de Aldegeasters it krekt net bolwurkje, ek al skeelde it mei in ferlies fan 1,5 tsjin 2,5 ek mar neat. Likegoed fansels in hiele knappe prestaasje fan de Skearnegoutumers, namstemear omdat se har sterkste man Jelle Wiersma troch sykte ek noch misse moasten. En promovendus De Gaastmar? Dat ferlear alles, al krige it tanksij Jorwert II noch al ien lytse treastoerwinning.

Yn ‘e twadde klasse wiene de ferskillen grut tusken de twadde tiims fan klups oan ‘e iene kant en Lollum en Blauhús oan ‘e oare. Dêrom wie it namste knapper dat Aldegea II tsjin Lollum dochs noch in lykspul út it fjoer sleepte. Mar fierders joech foaral de ûnderlinge moeting hjir de trochslach. Dy wûn Blauhús oars ek mar wer mei it lytst mooglike ferskil. Mar sa kamen de Blauhústers wol op 4,5 punt út, ien mear as Lollum, dat dêrmei de twadde priis wûn. De twadde tiims wûnen fierder alle trije ien kear fan inoar, mar tanksij Aldegea syn stunt tsjin Lollum besetten sij mei oardel punt dochs noch it tredde plak.

Utslaggen

Omloop I: De Gaastmar – Skearnegoutum I 0-4; Aldegea I – Jorwert I 2-2; Hartwert – Lollum 1,5-2,5; Jorwert II – Blauhús 1,5-2,5; Skearnegoutum II – Aldegea II 3-1.

Omloop II: Hartwert – Aldegea I 1,5-2,5; Jorwert I – De Gaastmar 2,5-1,5; Skeaernegoutum I – Blauhús 2-2; Lollum – Skearnegoutum II 3-1; Aldegea II – Jorwert II 3,5-0,5.

Omloop III: Skearnegoutum I – Jorwert I 3-1; De Gaastmar – Hartwert 1-3; Aldegea I – Skearnegoutum II 3-1; Blauhús – Aldegea II 3-1; Jorwert II – Lollum 1-3.

Omloop IV: Hartwert – Skearnegoutum I 2-2; Aldegea I – De Gaastmar 3-1; Jorwert I – Aldegea II 3-1; Lollum – Blauhús 1,5-2,5; Skearnegoutum II – Jorwert II 1-3.

Omloop V: Skearnegoutum I – Aldegea I 2,5-1,5; Jorwert I – Hartwert 2-2; De Gaastmar – Jorwert II 3-1; Blauhús – Skearnegoutum II 3-1; Aldegea II – Lollum 2-2.

Einstannen (mei tusken heakjes it tal buordpunten)

earste klasse:

Skearnegoutum I 4 (13,5)

Aldegea I 3,5 (12)

Jorwert I 3 (10,5)

Hartwert 2 (10)

De Gaastmar 1 (6,5)

twadde klasse:

Blauhús 4,5 (13)

Lollum 3,5 (12)

Aldegea II 1,5 (8,5)

Jorwert II 1 (7)

Skearnegoutum II 1 (7)

doorfriesdammen

Al mear as fjirtich jier fiif tsjin fiif mei Sinteklazedamjen.

It is in aardichheid dat it fiif tsjin fiif al sa lang yn Skearnegoutum bestiet. Tsjintwurdich hat dat spultsje de namme Frysk krigen en no wurdt it wat offisjeler brûkt en wurde der sels kampioenskippen fan holden. It bliuwt in moai einspul en de Stadige Strikers ha der altiten noch aardichheid oan. Al fjirtich jier…

Mar ek it damjen op it skaakboerd is op sokke jûnen in útdaging. No damje de measte minsken op de wrâld op it lytse boerd of te wol it skaakboerd. It Fryske spul en it oerhoekse, it ynternasjonale spul, wurdt spile op it grutte boerd.  Tsjalling Goedemoed, silger, brûkte yn syn lesmetoade Frysk Spul ek it lytse boerd. Dat hat fierders net sa bot oanslein, mar it is fansels wol folle oersichtliker foar de bern. De Strikers ha har der moandeitejûn wer bot mei fernuvere. En dan fansels noch it earst kwyt. Dat is in fariant dy’t guon út de pinne behearskje. As men yn it begjin de iene nei de oare fuort jaan kin, wol dat noch net sizze dat jo de winst foar it gripen ha. It komt allegearre ferhipte krekt. Faoral as der ek noch in daam yn it spul komt. It binne fan dy spultsjes dêr’t elk wol wer sin oan hat. It giet lekker rap, want der moat ek noch in gewoan spul ferspile wurde en al dy fjouwer ferskillende spullen moatte yn tweintich minuten elk ferspile wêze.

Al mei al ha de Strikers wer in hiele gesellige spultsjejûn belibbe. De spilers wienen yn twa groepen yndield en de útslaggen seagen der sa út: groep 1: ! Willem Schaap; 2 Cor Kooistra; 3 Sjoerd Jan Bakker; 4 Ype Boelens; 5 Dicky van der Meer. Groep 2: 1 Tineke Teigeler en Bauke Bos; 3 Kees Castelein; 4 Jan Castelein. Jim kinne it fierders ek noch nei lêze op facebook Damklup de Stadige Strikers.

CK

doorfriesdammen

Rubryk 1-12-2023

Snein 12 novimber is Sjoerd Couperus op 93-jierrige leeftiid ferstoarn. Oant it lêst ta wie hy aktyf as dammer. Tiisdeimiddeis nei Hartwert wie fêste prik en op de damapp hie der noch rinnende partijen. Yn de jierren ’70 en ’80 makke hy diel út fan it achttal fan damklup Wurdum. Withoefaak waarden se kampioen en nei alle gedachten wie dit de sterkste ploech út de histoarje. Letter damde hy by ‘Nocht&Kriich’ út Aldegea en ek hjir waard der klupkampioen. Couperus damde in minskenlibben lang en kaam út in echt dam-laach. Syn omke Sjoerd Tigchelaar waard tsien kear Frysk kampioen en dy syn broer Arjen ek in kear. Lykas Jappie, in broer fan Sjoerd. Soks belibbe hy net. In tredde plak wie it heechste. Lykswols wie hy oant op hege leeftiid in dammer dy’t him mei de bêsten mjitte koe. Soks ûnderfûn ek Aleksandr Georgiev yn 2017. By it Europeesk Kampioenskip soarge Couperus foar de iennige nul fan de mearfâldich wrâldkampioen hoeks damjen. Georgiev hie him al in tal jierren talein op it Frysk damjen en waard hjir ek in topper. Ta oantinken oan de grutte leafhawwer Couperus:

A.Georgiev – S.Couperus, 20-10-2017,2-e omloop EK Frysk Spul, Amsterdam

1.34-30 20-25 2.31-26 25×34 3.40×29 Georgiev spile hieltiden dizze iepening.19-23 4.44-40 23×34 5.39×30 18-23 6.30-25 23-29 7.33×24 14×34 8.40×2915-20 9.25×14 4×31 mei de oanfal.6.40-34 14-20 7.30-25 20-24 8.34×14 10×19 9. 49-44 15-20 10.25×14 19×10 11.44-40 10-15 12.40-34 15-20 13.34-30 20×40 14. 45×34 It middenspul begjint yn in lykweardige stân. Swart stiet poerbêst yn syn dûbele hoeke. 14. ..4-10 15.32-28 23×32 16.33×31 10-15 17.34-30 17-21 18.26×17 12×21  x23 hie goed west om oerwicht oan de linkerkant te krijen. 19.31-26 7-12 20.26×17 12×21 21.38-33 8-12 22.33-29 9-14 23.30-25 12-18 24.36-31 

Earst 24. …31-26 en net bang foar it slachje 31-27 etc. nei de daam. Dan soe swart letter ien foar komme 24. ..14-19 25. 29×9 13×4 26.31-27 21×32 27.37×8 2×13 De grutmaster lit hjir in kâns op foardiel lizze. 27.42×13 wie better. 28.43-39 13-18 29.39-34 3-9 30.34-30 9-14 31.42-37 4-10 32.37-31 11-17 33.31-27 17×37 34. 41×32 16-21Beide spilers bouwe foutleas op.35.46-41 6-11 36.47-42 18-22 37.32×12 11×13 38.42-37 13-18 39.37-32 18-22 40.32×12 14-20 41.25×14 15×11 42.30-24 21-27 43.41-36 11-17 44.24-20 10×30 45.35×24 5-10 46.50-44 1-7 

Afbeelding met Zaalspellen en zaalsporten, bordspel, Games, Bordspel

Automatisch gegenereerde beschrijving

Georgiev hie no kamp meitsje moaten troch   47.24-20! 10×30 48.44-40! 30×50 49.36-31 50×46 (as 47) daamslach giet foar 50.31×2. Mar no makke de âld foks gau dien wurk.47.24-19 27-31 48.36×27 17×37 49.44-40 37-41 50.19-13 41-46 51.13-9 46×3 

De oplossingen fan de problemen

Nû. 5 1.38-32 2.29-24  3.30-25 Nû. 6 1.50-44 2.27×38 3.23-18 4.49-44 5.18-12 6.12×5 32-38 (32-43, 32-49) 7.5-37 etc.

Nû.7 1.50-44 2.25-20 3.48-42 4.42×2 10-5 5.15-10 6.46×37 26-31 7.2×5 etc.

Nû. 8 1.28-23 2.43-38 3.31-27 4.42-38

5.38×16 6.40-34 7.45×14 8.14-10 etc.

En twa nijen fan Hiele Walinga.

Nû. 9 sw. 6, 8, 22, 23, 28, 30, 34 wyt 16, 31, 41-43, 50

Afbeelding met Zaalspellen en zaalsporten, bordspel, Games, Bordspel

Automatisch gegenereerde beschrijving

Nû. 10 sw. 10, 19, 24, 28, 29 wyt 37, 39, 40, 41, 47

Oplossingen noch net stjoere.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Damtoernoai 8 desimber te Skearnegoutum

Stryk – ta damtoernoai Frysk spul op freed 8 desimber yn it Swettehûs te Skearnegoutum

Oanfang 19.30

Prizen: hearlike oranjekoeken + gokbewiis

Gjin ynlis: de partij wurdt sponsere troch Jelle Wiersma: Wiersma Adm. en Fisc. dienstverlening en Dicky van der Meer: Meer personeelsdiensten.

30 minuten en 10 sekonden de set op ’e klok

Kom allegearre ek net leden!!!

Opjaan: Ype Boelens Til:0518 451795 of eamel: twilling@kpnplanet.nl 

Op tongersdeitejûn 07 – 12  tusken 19.00 en 21.30

Bestjoer “De Stadige Strikers”

doorfriesdammen

Mei ien houtsje foar wint men faak mar net altiten.

It like allegearre sa moai foar Willem Schaap. Yn it middenspul kaam er mei in moai setsje in houtsje foar. Willem moast nei syn Ytaljaanske damaventoer der fansels wol wer wat ynkomme. Frysk damjen is hiel wat oars as de Ytaljaanske fariant. Mooglik hie it foaral ek te meitsjen mei de tsjinstanner hoe’t sa’n partij ferrinne soe. Mei ien houtsje foar dat liket moai mar it betsjut net altiten winst.

Dy tsjinstanner wie nimmen minder as Sjoerd Jan Bakker. Dizze man seach nei in houtsje efter net allegearre apen en bearen. Hy striek sa dat Schaap mooglik wol dy bisten op him ôf kommen seach. De partij gong sa: Willem helle der in moai slachje út en gefolch dêrfan wie dat er in hout mear hie as Bakker. Der stie noch folop hout op it boerd. Mear op it boerd as der nêst. Dy fan Schaap stienen eins hast allegearre yn it midden. Dêrop stelde Bakker syn taktyk fan in omsingeljende oanfal yn. Hy krige in pear houtsjes suver tsjin de kant oan. Schaap besocht der noch wat loopkes yn te krijen, mar dêrmei naam er ek nochal wat risiko’s. Bakker seach it mei ynstimming oan en lei it fjoer hieltiten mear oan ‘e skinen fan Willem syn houtsjes. Willem hie acht houtsjes yn de midden stean sûnder ankers. De steunhouten makken ek diel út fan it selsskip yn de midden. Om koart te gean: der wie gjin salve mear oan te striken. Tsjinstanner Bakker hie mei ien efter in geweldige strategy keazen dy’t wy wol faker fan him sjoen hawwe.

Sa sjocht men mar wer dat jo net altiten winne mei in houtsje foar. It hinget fansels foaral ek fan de stân ôf dy’t jo nei it winnen fan in hout oerhâlde op it boerd. Willem syn stân wie fuortendaliks al as in bosk woartels. Dan moatte jo besykje om wat foardelich ôf te ruiljen en as dat dan net slagget wurdt it in hiele toer.

Ütslaggen: Bauke Bos – Hennie de Haan 1 – 0; Sjoerd Jan Bakker – Willem Schaap 1 – 0;Tineke Tegeler – Bauke Dykstra; Dicky van der Meer – Kees Castelein 1 – 0; Cor Kooistra – jelle Wiersma 0 – 1.