Auteur archief friesdammen

doorfriesdammen

Rubryk 17-11-2023

De twa wiken foar de krystdagen is yn Drachten it Nederlânsk Kampioenskip.It is tagelyk foar it Frysk Spul en it oerhoeks. Lykas yn 2018 te Harns wurde der tagelyk twa toernooien ferdamd. It is in saneamd rûn toernooi mei folle tinktiid. Yn fjouwer foar-rûnten koenen hieltiden twa dammers harren pleatse. Dat wie mei koarte tinktiid mei sawn partijen. En die bliken dat de Friezen dochs noch wol foar master opslaan. Allinne Frederik Bos fan Grins slagge it as ienige net-Fries de finale te heljen. Dêrnjonken wienen dat yn folchoarder fan pleatsing Folkert Groenveld, Jelle Wiersma, Taeke Kooistra, Marten Walinga, Dicky van der Meer, Hein de Vries en Frâns Kingma. We sjogge nei in oantal frachminten.

Taeke Kooistra – Marten Walinga, 2-e foarrûnte NK’23, 1-e partij

De partij is yn it einspul en swart hat spile 42. ..7-12 en 43.40-34 betsjut grif dat swart oankomt. 

Wyt ferfolge lykswols mei 43.38-33?En Walinga lit kamp troch 43. ..22-27! 44.31×2 14-19  45.2×30 25×37 lizze. 43. ..14-20  44.40-34 12-18 45.31-26 20-24 46.34×14 15×13 47.35×15 18-23 48.26-21 mei winst foar Kooistra

Afbeelding met Zaalspellen en zaalsporten, bordspel, Games, Bordspel

Automatisch gegenereerde beschrijving

Marten Walinga – Frederik Bos, 2-e foarrûnte NK’23, 3-e partij

Walinga syn lêste set wie 13.31-27? 31-26 hie moatten en Bos pakte út mei13. .. 16-21 14.27×16 6×26  15.36×16 12-17 16.16×18 8×48 17.49×47 24-30 18.35×24 20×29 19.34×23 13×33 De wrâldkampioen helle it net en moast nei de tredde foarrûnte. Dat waard in ‘clean sheet’ foar him.

Dicky van der Meer – Fedde Wiersma, 3-e foarrûnte NK’23 6-e partij

Fanút de iepening gie it sa1.32-27 19-24 2.33-28 18-22 3.27×18 12×32 4.38×27 20-25 5.31-26 en nei in grouwelige misser fan Wiersma makke wyt de partij út.

Afbeelding met Zaalspellen en zaalsporten, bordspel, Games, Bordspel

Automatisch gegenereerde beschrijving

5. ..8-12? Wyt naam net daalk ien hout foar mei 6.34-30. Earst 6.37-31! 17×37 7.36×38! 16×27 8.34-30 25×34 9.39×37Ek net goed foar swart wie 5. ..15-20 6.35×15 5×25 7.40-35 10-15 8.37-31 17×37 9.36×38 16×27 10.34-30 20×40 11.150×10 9-14 12.10×19 13×24 13.39-34 4-9 14.34×14 9×20 15.35-30 20×40 16.44×35 27-31 41×21 11×31 18.49-44 5. ..17-21 hie moatten.

Yn de fjirde foarrûnte soe Wiersma mei Jouke Algra en Frâns Kingma it dield twadde plak besette. Algra en Wiersma sjogge lykswols ôf fan it NK en mei Kingma him op dat poadium bewize.

De problemen binne fan Stellinga-Baron

Nû.5 sw. 2, 4, 8, 10, 16, 26, 36 wyt 18, 28-30, 37, 38, 40

Nû.6 sw. 2, 7, 9, 10, 16, 20, 45 wyt 21, 23, 27, 30, 38, 46, 49, 50

Afbeelding met Zaalspellen en zaalsporten, bordspel, Games, Bordspel

Automatisch gegenereerde beschrijving

Nû. 7 sw. 4, 12, 18, 19, 23, 26, 36, 45 wyt 15, 25, 38, 41, 46, 48-50

Nû. 8 sw. 6, 8, 10, 11, 13, 15, 19, 26 wyt 28, 31, 37, 40, 42, 43, 45, 46

Oplossingen stjoere foar 1 desimber.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Utslaggen út it ferline telle net mear.

Der binne fan dy jûnen dan liket it wol sa dat hoe’t it altiten wie, fier efter ús leit. Yn dat gegeven sit in hiel posityf punt. De stelling resultaten út it ferline jouwe gjin garânsje foar de takomst, mei oare wurden: útslaggen út it fer4line telle net mear.

Nim no de partij tusken Kees Castelein en Tineke Teigeler. Gewoanwei siet it sa: Kees wat fluch strike en net te folle neitinke rûn it op dy wize meastal op. Tineke wist dêr wol rie mei. Moandeitejûn seagen wy in oare Kees, in Kees dy’t foar’t er struts earst goed de saken trochkipe. Dy ûntwikling hie by him al wat langer spile. Moandeitejûn seagen de dammers it no yn de praktyk. De partij tusken harren wie op himsels moai om te sjen. Mar wol sadanich dat Kees de aksje ûndernaam en Tineke min of te mear hieltiten mei in antwurd komme moast. No is dat fansels altiten sa yn it damjen, mar yn dizze partij wie dat moai waar te nimmen. De streken fan Kees mei de bedoeling om in houtsje fan Tineke fêst en op slach  te setten, wie dêr in moai foarbyld fan. De partij wie doe út en Tineke moast wol konkludearje dat al har suksessen tsjin Kees út it ferline echt ferline tiid wienen.

Net altiten, mar meastal wie de útslach tusken de bestjoersleden Bauke Bos en Cor Kooistra fan te foaren al sa’n bytsje bekend: Kooistra luts einliks altiten oan it langste ein. Resultaten út it ferline binne gjin garânsje foar hjoed-de-dei. Der moat no echt damd wurde om de suksesfolle Bos fan de winst ôf te hâlden. Dat slagge Kooistra moandeitejûn net. No kenne wy wol stelle dat dy lêste striemin spile, mar dan soene jo Bauke Bos fierstente koart dwaan.  Hy spile heel sterk en die de hele partij krekt de goeie setten. Kooistra tocht mooglik mei in slach nei foaren de partij yn syn foardiel te beslissen,  mar dat pakte ferkeard út. Hy kaam finaal fêst te sitten en koe net oars as om de hân te jaan. Moai foar it damjen dat der wer nij talint him oantsjinnet.

De partij fan de jûn wie dy tusken Bauke Dykstra en Dicky van der Meer. Se sieten de trije oeren hielendal út. It wie in spul om yn te listen. Nei in wyld tuskenspul fan Dykstra kaam Van der Meer der wat better op te stean en hy makke it hiel moai út. It is fansels al prachtich dat Dicky him klassifisearre hat foar de kamioenskippen Frysk spul by it Nederlânsk kampioenskip te Drachten. Mooglik hat dit him in ekstra “boost” jûn. Dit ferhaaltsje stiet tenei ek op facebook ûnder it kopke “de stadige strikers.

Utslaggen: Kees Castelein – Tineke Teigeler 1 – 0; Ype Boelens – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Bauke Dykstra – Dicky van der Meer 0 – 1; Cor Kooistra – Bauke Bos 0 – 1.

doorfriesdammen

Walinga wint Wapenpartij




It iepen kampioenskip fan “Het Wapen van Baarderadeel” is wûn troch Marten Walinga. De beslissing yn Jorwert foel al ier yn ‘e jûn yn ‘e tredde omloop. Walinga en Jelle Wiersma wiene op dat stuit noch sunder puntferlies, en moasten it dêrom tsjininoar opnimme. Foar de tige komplekse stân namen de mannen hiel folle tinktiid, oant Wiersma in flaterke makke. Walinga die yn ‘e lêste omloop tsjin Dicky van der Meer ek gjin misse setten mear, dat sa koe hy nei ôfrin de mânske wandelbeker tankber yn ûntfangst nimme. It wie ek al wer tsien jier lyn dat him dat foar de lêste kear barre mocht.

Wiersma makke yn ‘e fjirde omloop gjin flaters tsjin de Jorwerter Willem Dykstra, en dêrmei wie it twadde plak sines. Folkert Groenveld pakte tanksij in sterk einspul tsjin Hein de Vries it tredde plak, en Taeke Kooistra koe mei yn totaal twa oerwinnings noch krekt in fjirde pryske yn ûntfangst nimme.

Yn ‘e B-klasse wie Willem Schaap oermachtich. Dizze twadde jûn weefde er ôf mei Frans Kingma en Fedde Wiersma. Kingma kin oars op in goed toernoai weromsjen. De lêste partij wûn er nammentlik wol wer fan Jelte Dykstra. Dy Jorwerter wie ek ien fan ‘e ferrassings fan it toernoai. Foar it earst liet er him op dit nivo sjen. Hy einige yn in grutte middenmoat fan twapunters, mar tanksij in goed SB en in goed resultaat yn in ûnderlinge partij gong er wol mei de tredde priis nei hûs. Soks ten koste fan Willem Hoekstra, dy’t it mei in justjes suniger pakket dwaan moast.

In ferrassing wie der ek yn ‘e C-klasse, dy’t alhiel beset wie mei leden fan it pleatslike OKK. Nei de earste jûn hie Hindrik Terpstra, de earste helte fan it duo HiHa, en bêsten basis lein mei twa oerwinnings. De ferwachting wie dat syn wjerhelte Ha it dan wol even ôfmeitsje soe. Dêr like it yn ‘e tredde omloop tsjin Bonne Hylkema ek wol op, mar dêrnei moast Harry Kaspers noch tsjin kastlein Emke Dykstra, dy’t him ten koste fan ‘e debutant Sjoerd Theo van der Hem súntsjes omheechwrotten hie. Tsjin Dykstra gong Harry dan dochs it skip yn, en troch in minder SB kaam it duo HI sa net fierder as de twadde priis.

En doe bleau it noch lang gesellich yn Jorwert.


Utslaggen en einstannen

A-klasse, tredde omloop: Jelle Wiersma (Wommels) – Marten Walinga (Waaksens) 0-1; Dicky van der Meer (Terherne) – Folkert Groenveld (Jutryp) 0,5-0,5; Taeke Kooistra (Hartwert) – Hein de Vries (Ljouwert) 0-1; Willem Dykstra (Jorwert) – Tsjerk Wijbenga (Arum) 1-0.
Fjirde omloop: Walinga – Van der Meer 1-0; Wiersma – Dykstra 1-0; Groenveld – De Vries 1-0; Wijbenga – Kooistra 0-1.
Einstân: Walinga 4; Wiersma 3; Groenveld 2,5; Kooistra 2; Dykstra, Van der Meer en De Vries 1,5; Wijbenga 0.

B-klasse, tredde omloop: Willem Schaap (Jirnsum) – Frans Kingma (Jorwert) 1-0; Willem Hoekstra (Aldegea) – Jelte Dykstra (Jorwert) 1-0; Rinze Schukken (Hilaard) – Fedde Wiersma (Easterein) 0-1; Siebren Dyk (Jorwert) – Hidde de Vries (Langsweagen) 0-1.
Fjirde omloop: Wiersma – Schaap 0-1; Dykstra – Kingma 0-1; Hoekstra – Dyk 1-0; Schukken – De Vries 0-1.
Einstân: Schaap 4; Kingma 3; Dykstra, Hoekstra, De Vries en Wiersma 2; Schukken 1; Dyk 0.

C-klasse, tredde omloop: HiHa (Jorwert) – Bonne Hylkema (Jorwert) 1-0; Jan Nauta (Bitgummole) – Jelle Anema (Jorwert) 0-1; Emke Dykstra (Jorwert) – Sjoerd Theo van der Hem (Jorwert) 1-0.


Fjirde omloop: Anema – Hylkema 0-1; HiHa – Dykstra 0-1; Van der Hem – Nauta 0,5-0,5.
Einstân: Dykstra en HiHa 3; Hylkema 2,5; Anema 2; Nauta 1; Van der Hem 0,5.


doorfriesdammen

Italjaansk, Tsjechysk en Frysk stiene sintraal moandeitejûn.

Ferline wike gyng it yn it bysûnder om de Fryslân Kup en ôfrûne moandei waarden  hiele oare farianten beoefene. Fansels spilen de Strikers ek gewoan harren kompetysje partijen mei it Fryske Spul. En dêryn soarge ien fan de bestjoersleden foar in ferrassinkje. De fariante dammers ha dêr fêst gjin aan fan hân wat der in pear tafels fierderop geande wie, want foar harren stienen it Italjaanske en Tsjechyske spul sintraal.

Om mar by de ferrassing ts begjinnen dat gie by eintsjebeslút om it eigen spul  It moaie oer alles. De surprizedie him foar yn it spul fan Sjoerd Jan Bakker  tsjin skriuwer Bauke Bos. Gewoanwei wint bakker dat, mar de partij rûn no net bepaald flot yn it foardiel fan de Snitser. Sterker noch sa midden it spul stie Sjoerd jan der mar suterich op. En Bauke koe syn favorite streken dwaan: ien om ien of twa om twa ôfruilje en wat nei de kant strike. Sjoerd jan heardest hast net en dat is in alarmearend teken. Hoe mear as er klaget hoe better hy stiet.  Bauke kaam ek noch in houtsje foar te stean. Beide krigen yn de einfaze in daam. Bauke op lange line en Sjoerd Jan yn de koarte hoeke. It waard úteinlik remize. In moai en goed resultaat foar Bauke. No koe fansels in lien fan it omsittend laach wol beweare dat der winst yn sitten hie foar Bos, mar dat efternei net folle sin. Bauke hat de kamp as in oerwinning sjoen.

Jan Castelein begjint sa súntsjesoan al in moai poepke te damjen. Hy moast it opnimme tsjin de nestor fan de klup: Bauke Dykstra. Jan dy hold it hiel lang fol en lyk tsjin Dykstra. Yn de ein moast er noch belies jaan, mar dat is net sa frjemd as jo yn oanmerking nimme dat Dykstra in enoarme ûnderfining hat mei einspullen.Ype Boelens, wer wat opkalefatere, spile tsjin Hennie de Haan. It like in lykopgeande partij te wêzen, weryn’t Hennie wat better like te stean, mar troch in minder goeie set fan har luts se dochs oan it koartste ein.Dicky van der meer en Cor Kooistra hienen in hiele yntressante partij op it boerd. Mei moaie lopen en slachjes. Dat ferrûn foar beideb geunstich oant it momint dat Kooistra der in dûbele flypflap út helle. Dat wie in wat foarbarige aksje en hie efternei net moatten. Der hie wol in folle bettere streek yn sitten. Kooistra is wat te gau te freden, mar it levere him gjin punt op.

Undertusken bleauwen it bûnsbestjoer en Marten Walinga studearjen op foaral it Italjaansk. Oan de ein fan dizze moanne geane se nei Itaalje foar in toernoai.

Utslaggen: Hennie de Haan – Ype Boelens 0 – 1; Bauke Dykstra – Jan Castelein 1 – 0; Sjoerd Jan Bakker – Bauke Bos ½ – ½; Cor Kooistra – Dicky van der Meer 0 – 1.

CK

doorfriesdammen

Rubryk 3-11-2023

Damklup ‘De Rûge Wolf’ fan Lollum hie freed 27 oktober 2023 de primeur. De jonge Malte Schulz fan Hamburg spile syn earste partijen op it echte boerd. Nei twa jier proefdraaien op lidraughts ûnder de namme HawaiiBlue, soe it dan no heve by de jierlikse dammerij ‘It Rûge Boerd’. Soks foel noch net ta tsjin de âlde foks Cor Kooistra en Hidde de Vries dy’t oan in come-back dwaande is. Op lidraughts, mei faaks mar koarte tinktiid, leart Schulz lykswols hurd by. ‘

Malte Schulz – Marten Walinga, 10-10-2023, lidraughts ‘Daily Frisian Arena’

1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17×37 4.41×32 12-17 5.42-37 17-21 6.26×17 11×42 7.43×41 18-23 8.33-29Better is 8. 38-32 23×43 9. 44×42. Mar wrâldkampioen Walinga hie ek better8… 7-11 8… 19-24 9. 34×12 23×32 10. 31×33 8×17 11. 40-34 17-21  9.29×18 19×17 10.38-32 earst 31-26 is better.10… 17-21 11.48-43 2-7 12.34-30 25×34 13.39×30 20-25 14.44-39 25×34 15.39×30 9-14 16.43-39 21-26 17.39-34 8-12 18.49-44 12-17 19.30-25 Fan de fiif minuten tinktiid is al hast de helte brûkt. 19. …17-21 20.34-30 7-12 21.32-27 21×32 22.31×33 12-17 Schulz hat syn linkerkant frij makke.21. ..26×28? om 30-24 etc.23.33-29 17-21 24.29-24 14×34 25.44×24 1-7 26.50-44 10-14  26. .21-27 27.37×17 7×27 is foar swart better. 27.24-20 15×24 28.30×10 4×15 29.40-34 7-12 30.34-30 13-19 31.30-24 19×30 32.35×24 15×35 33.45×25 12-18 

34.24-19? Wyt ferspilet syn foardiel. Nei bgl. 34.24-20 18-23 35.20-14 23-29 36.25-20 21-27 37.37×17 11×22 38.36-31 26×37 39.41×12 wint wyt 34… 18×20 35.25×14 3-8 36.36-31 Wyt hat better 36. 44-40 8-13 37. 14×12 11×13 38. 37-31 26×37 39. 36×38 36… 8-13 37.14×12 11×13 38.31×11 16×7 39.41-36 13-19 40.36×16 6×26 41.37-31 26×37 42.47×27 7-11 42. ..19-24 is de winnende set. Mar sjoch soks mar ris mei minder as in minút op ‘e klok. 43.44-39 5-10?   Nei 43… 19-24 44.27-22 24-30 45.22-18 30-35 46.18-13 35-40 47.39-34 40×29 48.13-8 29-33 49.8-2 33-39 50. 2×16 wurdt it kamp. 44.46-41 11-16 45.41-37 Oant twa kear ta lit wyt mei 39-34 grut foardiel lizze.

Afbeelding met Zaalspellen en zaalsporten, bordspel, Games, plein

Automatisch gegenereerde beschrijving

45… 19-24? Ek Walinga mist de winst 45… 10-14 46.39-33 14-20 47.33-28 20-24 48.37-31 24-30 49.28-22 30-35 50.22-17 16×18 51.27-21 19-24  46.27-22 24-30 47.22-18 30-35 48.18-12 35-40 49.39-34 40×29 50.12-7 16-21 51.7-1? Mei de klok op fallen mist Schulz noch it winnende  51.7-2 29-34 52.2-35 34-39 53.35-49 39-44 54.49×40 10-14 55.40-29 21-27 56.29×26 14-20 51… 21-27 52.1×45 27×47 53.45-1 10-14 54.1-45 14-19 55.45-1 47-33 56.1-7 33-50 57.7-1 50-45 58. 1-6 en yn dizze kamp-stân gie swart troch de klok.

Oplossingen 

Nû.1 1.28-23 2.36×27 3.48-42 4.50-44 Nû.2 1.49-44 2.41-37 3.27-21 4.42-37 

Nû.3 1.26-21 2.18-12 48×17 3.12×21 Nû.4 1.17-12 2.44-40 3.47-41 4.12-7

Twa nije problemen fan Stellinga-Baron

Nû.5 sw. 2, 4, 8, 10, 16, 26, 36 wyt 18, 28-30, 37, 38, 40

Afbeelding met Zaalspellen en zaalsporten, bordspel, Games, Bordspel

Automatisch gegenereerde beschrijving

Nû.6 sw. 2, 7, 9, 10, 16, 20, 45 wyt 21, 23, 27, 30, 38, 46, 49, 50

Oplossingen noch net stjoere.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

Walinga en Wiersma nimme kop yn Wapenpartij

Ofrûne tiisdei wiene yn Jorwert de earste twa omlopen fan it Iepen Kampioenskip fan it “Wapen van Baarderadeel”. Der hiene 22 dielnimmers har opjûn, fjouwer mear as ferline jier. Se waarden ferparte oer trije klassen, fan respektyflik 8, 8 en 6 dammers.

De A-klasse is sterk beset, mei dammers dy’t har de lêste jierren yn de heechste regioanen bewiisd ha. Dat jildt miskien net hielendal letterlik foar de Jorwerter Willem Dykstra, mar dy hie rjocht op it eareplak op grûn fan risseltaten behelle yn it ôfrûne jier. Dykstra helle kamp tsjin Hein de Vries, en sa’n útslach hie der ek minimaal yn sitten tsjin Folkert Groenveld as dy mei de klok op fallen der net noch in moaie slach út helle hie. Groenveld hie dêrfoar al ferlern fan Jelle Wiersma, dy’t dêrnei ek mei De Vries ôfweefde.
Marten Walinga stiet mei de Wommelser as iennichste noch op ‘e folle winst. Dat gong ten koste fan Tsjerk Wijbenga en Taeke Kooistra.

Yn ‘e B-klasse foel it damjen fan ‘e pleatslike favoryt Frans Kingma op. Hoewol, ek wer net hielendal, Kingma hat him ferline jier by de persoanlike kampioenskippen knap hanthavenje kind yn ‘e twadde acht. No fersloech er Fedde Wiersma en de Hilaarder Rinze Schukken, dy’t yn ‘e earste omloop wat ferrassend Willem Hoekstra fan him ôfslein hie. De oare koprinder is hjir Willem Schaap, dy’t te sterk wie foar Hidde de Vries en Jelte Dykstra.

De grutste sensaasje wie miskien wol te belibjen yn ‘e C-klasse, alhiel beset troch leden fan ‘e pleatslike damklup OKK. It wat mysterieuze personaazje HiHa wie ien fan harren. It bliek in gearfloeiing te wêzen fan Harry Kaspers (dy’t dizze earste jûn net koe) en Hindrik Terpstra (idem foar de twadde jûn). Terpstra dammet noch net sa hiele lang, mar hy hie dochs hiel kreas de âlde rôt Jan Nauta te pakken, en hy makke dêrnei tsjin it nije OKK-lid
Jelle Anema ek gjin flater. Men soe sizze, dy twa punten moatte oare wike foar Harry Kaspers dochs genôch basis wêze om ien fan ‘e troch him sponsore prizen yn te pikken.

Utslaggen:
A-klasse, earste omloop: Marten Walinga (Waaksens) – Tsjerk Wijbenga (Arum) 1-0; Dicky van der Meer (Terherne) – Taeke Kooistra (Hartwert) 0-1; Folkert Groenveld (Jutryp) – Jelle Wiersma (Wommels) 0-1; Hein de Vries (Ljouwert) – Willem Dykstra (Jorwert) 0,5-0,5. Twadde omloop: Kooistra – Walinga 0-1; Wijbenga – Van der Meer 0-1; De Vries – Wiersma 0-1; Dykstra – Groenveld 0-1. Tuskenstân: Walinga en Wiersma 2; Groenveld, Kooistra en Van der Meer 1; Dykstra en De Vries 0,5; Wijbenga 0.

B-klasse, earste omloop: Willem Hoekstra (Aldegea) – Rinze Schukken (Hilaard) 0-1; Fedde Wiersma (Easterein) – Frans Kingma (Jorwert) 0-1; Jelte Dykstra (Jorwert) – Siebren Dyk (Jorwert) 1-0; Hidde de Vries (Langsweagen) – Willem Schaap (Jirnsum) 0-1. Twadde omloop: Schukken – Kingma 0-1; Schaap – Dykstra 1-0; Dyk – Wiersma 0-1; De Vries – Hoekstra 0-1.
Tuskenstân: Kingma en Schaap 2; Dykstra, Hoekstra, Schukken en Wiersma 1; Dyk en De Vries 0.

C-klasse, earste omloop: Jan Nauta (Bitgummole) – HiHa (Jorwert) 0-1; Jelle Anema (Jorwert) – Sjoerd Theo van der Hem (Jorwert) 1-0; Bonne Hylkema (Jorwert) – Emke Dykstra (Jorwert) 0,5-0,5.Twadde omloop: Anema – HiHa 0-1; Dykstra – Nauta 0,5-0,5; Van der Hem – Hylkema 0-1.
Tuskenstân: HiHa 2; Hylkema 1,5; Anema en Dykstra 1; Nauta 0,5; Van der Hem 0.

doorfriesdammen

Trije fan de fiif Strikers in omloop fierder yn de Fryslân Kup.

Moandeitejûn 30 ok tober wie foar de Stadige Strikers de jûn fan de Fryslân Kup. De tsjinstanners fan de thússpyljende Strikers koenen dy jûns nei it Swettehûs komme om dêr harren pot te damjen. Ien fan ús teach nei Aldegea om dêr ek yn it kader fan itselde toernoai de degens te krusen. Trije fan de fiif berikten de twadde omloop sûnder barraazje partijen.

It kaam hiel goed út dat elkenien dizze jûn damje koe. De Strikers hienen plak sot,troch wurk en sykte kamen trije man net opsetten. Twa partijen waarden der foar de kompetysje spile. Twa tachtigers namen it tsjin elkoar op: Bauke Dykstra (87) en Sjoerd Jan Bakker (82). No dan kinne jo fan tinken wol ha. dat sokke mannen in bulte dambagaazje ynbringe. Beide mannen hawwe harren hiele libben al damme. Sjoerd Jan spile earst Hollânsk sa goed as de skriuwer wit, mar gie al gau oer nei it Fryske spul en wol yn
Wurdum. Wurdum wie fansels yn it ferline in klup mei alluere. Se waarden hiel faak klupkampioen. Bauke Dykstra syn widze stie yn Hartwert en dêr wie er as jongeman ien fan de bêste dammers en in man mei leafde foar it spul. Doe’t er Hartwert ferliet om it wurk damme er ek net mear op in klup. Letter waard er lid fan de Stadige Strikers. Hy is
noch nea kampioen wurden fan de klup, mar it soe sa mar kinne. Dizze partij wûn er yn elts gefal.

Hennie de Haan hat der altiten nocht oan om tsjin Kees Castelein te damjen. Se makken der in moai spul fan. Kees hie net in al te sterk begjin mar hy werpakte him en wûn oertsjûgjend. Doe wienen de earste kup-dammers ek al út. Earst ktigen wy op de groeps- app it berjocht dat Jelle Wiersma wûn hie fan Folkert Groenveld. Op dat stuit koe Cor Kooistra nei in blunder Fedde Wiersma de hân jaan. Hy spinpoate noch wol wat tsjin, mar dat wie mear in boarterij as in echte kâns op sukses.. Willem Schaap wûn moai fan Tsjerk Wijbenga en Dicky van der Meer rekkene ôf mei de baas en organisator fan dizze Kup: Jappie de Jong fan Blauhûs. Doe siet der noch ien partij, dy tusken Bauke Bos en Gaastmarder Pierter Hoogterp. Bauke hold lang stân, mar tsjin sa’n talint as Pieter winne jo net sa mar. Oan de ein fan de rit hie de gast it yn streken en koe Bauke pipe en lipe mar dat holp neat. Hy koe Pieter lokwinskje. Trije Strikers dus nei de twadde omloop.

Utslaggen Bauke Dykstra – Sjoerd Jan Bakker 1 – 0; Hennie de haan – Kees Castelein 1 – 0; Jappie de Jong – Dicky van der Meer 0 – 1; Fedde Wiersma – Cor Kooistra 1 – 0; Willem Schaap – Tsjerk Wijbenga 1 – 0; Bauke Bos – Pieter Hoogterp 0 – 1.

doorfriesdammen

De froulju wienen der wer en hoe….

Us twa froulju sietenal ier en betiid yn ús damseal. Us damseal is tsjintwurdich it boarterslokaal fan de basisskoalle en is ferbûn mei it Swettehûs. De froulju sieten dêr net mar wat te sitten, nee se hienen alle buorden, houtsjes en klokken al te plak setten, sadat de mannen sa oanskikke koenen. De froulju ferline wike noch absint en no wienen se der
wer. Moai!

Wat de kompetysjelieder betrof mochten de beide froulju ek wol tsjin elkoar. Dat kaam goed út, want se sieten al tsjioer elkoar.Efkes om de kleur hout riede en se koenen los. Hennie mocht begjinne, want dy hie wyt lotte. Se makken der in hiel aardige partij fan. Tineke goed oan it neitinken en dan strike. Hennie rêstich en behearske de setten út wurkje en dan kalm skowe. Tineke wie yn it slaan wat rimpener en se liet ek wol goed hearre dat se sloech. Hennie pakte it wat kalmer oan. Op in bepaald stuit joech Tineke in houtsje om dêrnei trije fan Hennie te slaan. Hennie sloech en Tineke koe hast net wachtsje om te slaan en dat die se dan ek al doe’t Hennie noch dwaande wie om har sleine houtsje op te pakken. Alles gie wol neffens de regels fan it fryske spul, mar Hennie koe it sa gau net folgje en wie der suver wat mei oan. Sy fergeat of seach hielendal net dat se de daam
dy’t Tineke mei it slachje behelle hie gewoan werom slaan koe. Spitich dat de partij sa rûn, mar it wie noch net út. Al strikende en mei it offerjen fan in houtsje krige Hennie in daam. Se kaam mei de daam efter in hiel espeltsje houtsjes fan Tineke te stean. Dy lêste tocht lang nei en kaam foar harsels mei in moaie oplossing. Se liet de fijannige daam op slot slaan yn de lange-line-hoeke. Mei dy daam koe Hennie neat mear en Tineke wist hoe’t se it
út meitsje moast en dêr koe Hennie neat tsjin yn bringe.

Utslaggen: Henni de Haan – Tineke teigeler 0 – 1; Jelle Wiersma – Bauke Dykstra 1 – 0; Kees Castelein – Cor Kooistra 0 – 1; Willem Schaap – Bauke Bos 1 – 0.

doorfriesdammen

Rubryk 20-10-2023

Takom’ jier febrewaris mei Tsjerk Wijbenga fan Arum wer oantrede yn de earste acht. Faker kaam hy werom yn dizze kampioensklasse en wa wit hellet er in eareplak. Twadde fan Fryslân wie oant no ta syn heechste. De promoasje wie oertsjûchjend. Allinne tsjin de ferrassende Frâns Kingma fan Jorwert ferpierewaaide Wijbenga him. Wylts it him op de Hartwerter klup al sa faak sein is: ‘Efterstrike kin net!’ Nei 27. … 5-10  28.50-44 16-21  29. 26×17 7×38  30.39×37 kaam swartspiler Wijbenga mei de efterstreek 30. 25-30?? 

Kingma pakte it kadootsje út mei 31.40-34 (39-34 koe ek noch) 30×26 32.35-30 en doe wie it gau dien. Alle oare spullen sette Wijbenga om yn winst. Ek de partij fan de slotrûnte tsjin Pieter Hoogterp fan De Gaastmar. Beiden wienen al wis fan promoasje. 

T.Wijbenga – P.Hoogterp, 7-e omloop PK 2-e acht, De Gaastmar, 11-2-2023 1.32-27 17-21 2.31-26 21×32 3.33×31 16-21 4.26×17 18×16 5.34-30 19-24  5.31-26 as 38-32 en gjin ôfruil 6.30×19 9×29 7.39×19 13×24 8.38-32 20-25 9.31-26 14-20 10.32-27 12-17  11.43-39 24-30 12.35×24 20×29  13.39×19 25-30 14.40×20 15×13 15.37-31 17×37 16.41×32 16-21 17.26×17 7×38 18.42×33 13-19  Sa giet it al gau op in lykweardich middenspul ta.  Mei hoeden strike om de posysje. 19.44-40 3-9 20.33-29 19×39 21.40×38 11-16 22.38-32 9-14 23.32-27 8-12 24.49-44 14-20 25.44-40 10-15 26.46-41 20-25 27.48-43 5-10 28.43-39 15-20 29.39-34 1-7 30.31-26 10-15  De spilers komme elkoar wer ‘op ‘e lea’. 31.27-21 16×27 32.26×28 7-11 33.36-31 11-16 34.28-22 12×32 35.31×33 Wyt hat twa kear ferrassend oerdwers ôfruile 35. ..16-21 36.33-28 20-24 37.34×14 4×24 38.40-34 24×44 39.45×43 2-8  It giet hurd op it einspul ta.  40.41-37 15-20 41.43-39 25-30 42.28-23  41. ..20-24 is folle better. Wyt beset no it sintrum.  42. ..8-12 43.37-31 21×41  44.47×36 12-17 45.36-31 17-21 46.31×11 6×17  47.50-44? 

Swart lit de kâns op kamp slûpe.  47. ..20-24!  48.23×34 17-21 49.34-30 21-27 50.30-25 27-31 51.25-20 31-37 52.20-14 37-42 53.14-10 42-48 47. ..30-35? 48.39-33 17-21  No 48. ..20-24 ferliest. Wyt sil mei de daam de lange line besette en de houten steane goed. 49.23-18 21-26 50.18-12 26-31 51.12-7 31-37 52.7-1 37-41  52. ..37-42 53.1-45 42-48! 54.45×29 (45×24 is kamp om 48-39) 48-31  55.33-28 jout mear tsjinspul. 53.1-45 20-25 54.33-28 41-46 55.28-22 46-10 56.22-17 10-28 57.17-12 28×50 58.12-8 50-39 59.8-3 39-48 60.3-20 25×14 61.45×50  

Fjouwer problemen fan Ties Slagter. 

Nû.1 sw. 1, 3, 7, 9, 14, 17, 22, 25, 30 wyt 26, 28, 29, 36-39, 48, 50 

Nû.2 sw. 2, 4, 7, 10, 15, 16, 18, 20, 40 wyt 27, 32, 33, 38, 41-43, 47, 49 

Nû. 3 sw. 2, 4, 6-10 wyt  16, 18, 26, 27, 33, 37, 43 

Nû. 4 sw. 3, 6, 10, 14, 16, 20, 25, 30 wyt  17, 22, 23, 26-28, 44, 47 

Oplossingen stjoere foar 3 novimber. 

Folkert Groenveld 

Riperwei 6 

8623 XH  Jutryp 

groenveldf@hotmail.com 

doorfriesdammen

Gjin froulju moandeitejûn en dochs wie it stil.

Men seit dan wol ris as der froulju by binne dan binne de mannen stiller as gewoanwei. Dêrmei wol men der dan op wize dat de manlju harren altiten wat ynhâlde yn oanwêzichheid fan minsken fan it oare geslacht. Moandeitejûn skitteren ús beide frouljusleden troch ôfwêzichheid. Wat wienen dy mannen stil. Der waard suver gjin wurd sprutsen: ien en al djippe konsentraasje! Dus al dy sechjes oer it ynhâlden fan manlju as
der froulju by binne giet foar de Strikers net op. Teminsten dizze damjûn net.

Troch al dy konsintraasje is der ek fêst goed damme. No dat gie net foar elkenien op. Mooglik ek troch oerkonsintraasje waarden der ek ferskate fouten makke. Yn ien fan de spullen dêr’t twa bestjoersleden de houtsjes ferskoden, barden frjemde dingen. Ype Boelens de ponghâlder striek ien kear net op syn foardelichst en notulist Bauke Bos strafte him daliks ôf en pakte in houtsje foar. Bauke like sa mar nei de oerwinning te toffeljen,
mar dan hie er wol oare toffels oan dwaan moatten. Hy liet Ype rêstich mei twa skiven opkomme rjochting de daamline. Op it lêste momint koe er him der noch aardich útrêde, mar mear as in kampke siet der net yn.


In kampke wie altiten wer in heale punt mear as it tredde bestjoerslid, foarsitter Cor Kooistra. Hy siet tsjinoer syn angstgegner, om it mar ris yn in lienwurd te sizzen, Sjoerd Jan Bakker. De man dy’t fjirtjin dagen yn Spanje om húsmanne hie en ûndertusken sa no en dan it damboerd te tefoarskyn helle hie. Hy joech hin dan del ûnder in palmbeam. De frou siet te breidzjen oan in sok en hy sette de Tytsma-set wer ris op it boerd om te sjen as it
noch goed siet mei de teory. De partij tusken de mannen hie neat mei de Tytsma-set. Kooistra like wat sterker út de begjinsetten te kommen, mar dat wie allinne mar sa op it earste each. Bakker stûn goed yn de ferdigening en yn it middenspul kaam er út de ferdigenjende stellingen wei en doe kaam er eins wat sterker te stean. Mooglik krong dat ek yn de boppekeamer fan syn tsjinstanner troch, want dy like troch in ûnfoarstelbere set syn eigen ûndergong te mjitte te gean. It like net allinne sa: it wie sa klear as in klûntsje. De partij wie yn ien flap út.

Utslaggen:Jelle Wiersma – Dicky van der Meer 1 – 0;Ype Boelens – Bauke Bos ½ – ½; Bauke Dykstra – Willem Schaap 0 – 1;Sjord Jan Bakker – Cor Kooistra 1 – 0; Jelle Wiersma – Jan
Castelein 1 – 0.