Op himsels is it Fryslân Kup damjen tige nijsgjirrich. Der komme dan oare dammers op besite of der geane dammers nei in oare klup. By de Stadige Strikers kamen ek twa gasten op besite. Twa Blauhústers en net sa mar twa, nee de twa wienen ek noch twa broers. Hoe wie it mooglik dat it lot it sa moai betinke koe. Nei alle gedachten hat dat de magy fan Sânfurd west. Dêr waarden de dammers oan elkoar keppele.
De siktaris fan de Strikers hie as tsjinstanner Marcel Altena lotte. Mei oare wurden: Bauke Bos moast tsjin Marcel Altena. De partij wie noch jong doe’t Bauke sa mar ynienen in swarte daam tusken syn wite fredige houtsjes stean seach. Dat wie fansels net sa as Bauke dat berekkene hie. Doe begûn eins fuort it lijen al foar him. Marcel hat der fansels wol ferstân fan om goed mei sa’n daam om te gean. Bos spinpoate noch wol wat tsjin , mar foar him wie der gjin ear mear oan te beheljen.
Marcel syn broer Leo Altena hie net hielendal in goed antwurd op de Germ Terpstra teory. Hoewol’t der in moaie en nijsgjirrige partij op it boerd kaam, moast er der yn it middenspul dochs oan gelove. Foar syn tsjinstanner Cor Kooistra waard in dan ek net in poepetoer om de winst te pakken. De kombinaasje wêrmei’t er twa houtsjes foar kaam, wie op himsels wol de muoite wurdich, mar hie dêrfoar wol pareard wurde kinnen. Dat barde dus net en sa gyngen beide dammers nei de twadde ronde fan de Fryslân Kup, de iene nei de winners klasse en de oare nei de ferliezers. It liket no suver wol keatsen! Mar hawar, alle fjouwer geane nei de twadde omloop.
Yn de kompetysje liet Sjoerd jan Bakker syn tosken wer even sjen en spile wer âlderwetsk sterk tsjin de man yn foarm Ype Boelens. De lêste koe de slach net winne.
Utslaggen: Leo Altena – Cor Kooistra 0 – 1; Bauke Bos – Marcel Altena 0 – 1; Sjoerd Jan Bakkker – Ype Boelens 1 – 0; Willem Schaap – Tineke Teigeler 1 – 0; Jelle Wiersma – Dicky van der Meer 1 – 0; Hennie de Haan – Bauke Dykstra 0 – 1.
(Tekst: C. Kooistra)
Moandeitejûn wienen der mar sân dammers dy’t akte de presâns jûgen. Mar wat wie it in alderaardichst moaie damjûn en dat siet hin fral ek yn de nije talinten dy’t harren melde. De beide Casteleinen hawwe niget oan it spul en dat is prachtich om mei te meitsjen. Gelokkich dochs noch twa echte
ynwenners fan Skearnegoutum dy’t it spultsje hieltiten better yn de macht
krije.
Jelle Wiersma soe it wol opnimme tsjin de beide Casteleinen. Wy witte dat
Hiele Walinga altiten tsjin legere dammers op de klup mei ien houtsje minder begûn. Op oanrieden fan Willem Schaap die jelle dat no ek. De heit en soan mochten der beide in houtsje fan de tsjinstannerfan it boerd pakke. Kees wist wol wat er it bêste pakke koe. It rúnhout pakte hy der ôf. Dan is fuortendaliks alle teory nei fan gychem. It wie trouwens opfallend hoe’t Kees him yn it spul fêstbiet. Jelle hat mooglik tocht: hy sil aanst wol ris in foutsje meitsje. Mar Kees makke gjin fout. Hy kroep fia de rjochterkant hielendal mei fjouwer houtsjes tsjin de list. En koe úteinlik ek noch trochbrekke nei daam. Om koart tr gean: Kees brânde deryn en fersloech Jelle.
Heit Jan brocht it sa fier net as syn soan, mar hy hie ien fan Jelle syn foarste
houtsjes pakt. Hy koe it dan ek net hâlde. Wa’t it ek net hâlde koe wie Cor
Kooistra. Hy moast syn meardere erkenne yn Ype Boelens. Nei wol in
gelykopgeande partij soarge Ype derfoar dat er troch goed striken hieltiten
better kaam te stean. Kooistra loerde op in setsje, mar dat mislearrre en doe koe er de hân wol jaan. Hennie de Haan koe it fansels net rêde tsjin Willem Schaap. Dat wie in foar de hân lizzende útslach. It is fansels gweldich dat Hennie der alle moandeitejûnen wer is.
Utslaggen:Jelle Wiersma – Jan Castelein 1 – 0; Jelle Wiersma – Kees Castelein 0 – 1; Hennie de Haan – Willem Schaap 0 – 1; Cor Kooistra – Ype Boelens 0 – 1.
(Tekst: C. Kooistra)
Ties Slagter fan Den Bosch hat him yn in pear jier it Frysk Spul eigen makke. Hy damt faak op ynternet fia lidraughts. By it WK te Harns yn augustus waard hy as reserve oproppen en soarge foar in grutte ferrassing mei in fjirde plak yn de foar-omlopen en kaam sa mei de Fryske toppers Jelle Wiersma, Taeke Kooistra en Marten Walinga yn de finale. Yn de tredde foar-omloop helle Slagter kreas kamp tsjin Wiersma. Der hie noch mear yn sitten tsjin de Frysk kampioen.
T.Slagter – J.Wiersma, 3-e foar-omloop WK Harns, 17-8-2024
We komme yn it spul nei 35.40-34
35. ..20-25? 16-21 hie moatten, mar wyt strykt 36.47-42? 36.32-27 (driget 27-21) en 36. ..18-22 37.27×20 15×44 38.35×15 5×25 39.45×43 is op de set út.36… 16-21? 36… 18-22 37. 32×12 16-21 38. 26×17 19-24 39. 34×14 15×22 40. 35×15 5×25 41. 45-40 sil kamp wurde. 37.26×17 18×16 38.42-37 19-24 39.34×14 15×13 40.35×15 5×25 41.45-40 13-18 42.40-34 18-23 43.37-31 16-21 44. 31×11 6×17 45. 36-31 23-29 Swart komt earst oan en moat offerje. 46. 34×23 25-30 47. 23-19 30-34 48. 19-14 34-39 49. 14-10 39-44
50.10-5 44-50 mei kamp. Wyt kin winne troch 50.32-28 44-49 51. 10-5 49-40 in oar plak is der net 52.5-10 40-12 53.31-26 12-45 54.10-5 17-21 as bygelyks 50. ..44-50 51.28-23 50-39 52.10-5 17-22 as 17-21
T.Slagter – S.Walinga, 7-e foar-omloop WK Harns, 19-8-2024
We komme yn de partij nei 32.48-43
Nei in lyk op geand spul lit Slagter lykas swartspiler Siward Walinga kânsen lizze. 32. …8-12 4-9 is de set. 33.43-38 12-17 Wyt hie better mei 36-31 en swart 24-29 34.27×7 6×8 35.38-32 8-12 35.38-33 is de set 36.36-31 en 36.39-33 12-17 37.32-27 17×37 38.31×42 24-29 39.39×19 20×18 40.42-38 1-7 Ek swart lit wer in kâns lizze. 40. ..15-20 Troch 1-7 is der wer lykwicht kommen. 41.26-21 4-9 42.38-33 9-14 43.44-39 35×44 44.45×43 14-20 45.43-38 20-24 46.39-34 24×44 47.50×39 25-30?
Wyt pakt it kadootsje út. Moai kamp wurdt it troch 47. ..15-20 48.39-34 7-11! 49.21×1 25-30! 50.1×15 30×48 48.33-28 18-23 49.28×19 7-12 50.21-16 30-35 51.38-33 12-17 52.16×18 35-40 53.33-28 40×38 54.28×48 15-20 55.19-13 20-24 56.13-9 24-29 57.9-4 29-34 58.4×44
Twa nije problemen fan Roel Bergsma
Nû.5 sw. 7, 10, 13, 14, 17, 21, 27 wyt 25, 29, 36, 37, 42, 44
———– diagram 6 —————-
Nû.6 sw. 24, 38, 43 wyt 12, 35, 49
Oplossingen noch net stjoere.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
Ek ôfrûne moandeitejun bleau de teller fan it oantal dammers wer op acht stean. Dat betsjutte dus dat der fjouwer wienen dy’t ferstek gean lieten om ferskate legale redenen. Lykwols waard it in gesellige jûn. Wy koenen Jelle Wiersma lokwinskje mei it kampioenskip fan Sânfurd. Op dy damjûn yn it efterste ein fan Sânfurd ferskynde ek in dammer út Den Bos. Hy makke sa as alle dielnimmers in gesellige damjûn mei.
De winnende Stadige Strikers yn Sânfurd makken der yn Skearnegoutum ek wer wat moais fan mei in prachtich einspul. As wy it oer beide toppers hawwe dan bedoele wy dêr mei Jelle Wiersma en Willem Schaap. Fan Jelle wisten wy fansels al lang dat der yn him in toptalint skûl giet, mar ek Willem Schaap spilet net swak by. Beide toevje geregeld op ynternet wêrop’t se dan op in damside sitte wêr’t se it fryske spul spylje kinne en ek kinne se dêr prizen op winne.Mar op it gewoane damboerd mei houten houtsjes kinne se har ek mear as in gewoanenien rêde.
De beide hearen makken der dus in moaie partij fan en sa no en dan lieten se oan elkoar en dus ek oan de omstanners sjen wat der yn sitten hie as se dy of dat houtsje ferskood hienen. Moai om it te folgjen. En doe yn ienen offere Willem syn twa houtsjes op en ferhuze syn daam nei de oare lange hoeke. Alle houtsjes fan Jelle kamen sa’n bytsje op slach te stean op de daam nei. Sa kamp as wat. Foar de omstanners like it sa mar út de loft te fallen, mar Willem hie it in pear setten dêrfoar al yn ‘e holle.
Utslaggen: Tineke Teigeler – Bauke Bos 0 – 1; Ype Boelens – Hennie de Haan 1 – 0; Jelle Wiersma – Willem Schaap ½ – ½; Sjoerd Jan Bakker – Cor Kooistra 0 – 1.
As jo net mei sa’n soad dammers binne en der komme op in jûn sa as moandei lêstlyn nflouwer spilers net, dan sit der wol in hiel lyts groepke te damjen. Acht Stadige Strikers besochten om it punt of heale punt mei nei hûs te nimmen.
Wa dat as earste slagge, wie Jelle Wiersma. Hy fersloech mei in moaie flypflap foarsitter Cor Kooistra. De stân wie sadanich dat der wol muzyk yn siet. Foar Jelle wie dat feest en foar Cor treurmuzyk. Sa treurich wie dat no ek net wer, want it spul stie midden op it boerd. It like sa dat it alle kanten útgean koe. Jelle wist krekt de foar him foardielige kant te pakken.
De partij tusken Hennie de Haan en Sjoerd Jan Bakker gie moai gelyk op. Nei it middenspul wist Hennie it net mear en die in ferkearde streek. Dat wie ek fuort de ein fan it lietsje.
Dicky van der Meer en Bauke Bos dienen langer oer de partij. Doe’t Dicky mei in moai slachje in houtsje foar kaam, wie it eins gebeurd mei de man út Sint Nyk. Hy joech it no net fuortendaliks oer, mar mei ien hout efter hied er eins gjin kâns mear.De partij fan de jûn waard spile troch Willem Schaap en Ype Boelens. Der like sa op it earste each sa healwei de partij net folle fan te sizzen wa’t der as oerwinner út de striid komme soe. Mooglik hie Ype it gefaar fan trochbrekken nei de daamline troch Willem wat te let yn de smizen. Hoewol der moat sein wurde dat Schaap wol fakkundich te wurk gie. Doe’t hy dy wolf hie koe Ype de bakker en de slachter wol ôfsizze.
Utslaggen: Dicky – Bauke Bos 1 – 0; Hennie de Haan – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Ype Boelens – Willem Schaap 0 – 1; Cor Kooistra – Jelle Wiersma 0 – 1.
(Tekst: C. Kooistra)
Frysk kampioen Jelle Wiersma wie by it WK te Harns mear noch de favoryt as de lettere kampioen Marten Walinga. By it yngean fan de lêste dûbele omloop hie hy noch it earste plak mei in heal punt foar op dyselsde Walinga. Al wie foar him twa kear Taeke Kooistra de tsjinstanner, wylts Walinga it opnimme moast tsjin Ties Slagter. Dy’t yn de finale noch gjin punt helle hie. Sa as we de foarige kear sjoen ha pakte Walinga it folle punt, al hie dat ek samar oarsom kind. Wiersma hie kânsen tsjin Kooistra, mar it waard kamp en sa kaam alles op it lêste spul oan.
T.Kooistra – J.Wiersma, Harns 24.8.2024, 5-e omloop Finale WK
1.32-27 19-24 2.31-26 20-25 3.37-31 17×37 4.41×32 14-20 5.34×14 10×19 6.35-30 25×34 7.39×10 5×14 8.40-35 15-20 9.44-39 16-21 10.26×17 12×41 11.46×37 18-22 12.32×12 8×17 13.36-31 It spul is lykweardich, 37-31 liket better. 11-16 14.35-30 20×40 15.50×30 7-11 16.30-25 17-22 17.33-29 2-8 18.39-33 17. ..19-24 18.25×21 etc. en swart kriget in sterk hout op fjild 36. 18. ..19×28 19.38×27 8-12 20.43-38 12-17 Earst 20. ..14-20 is better. 21.27×7 11×2 22.38-33 16-21 23.31×11 1×21 24.49-44 14-19 25.44-40 19-23 Sa hellet swart de mooglike oanfal 37-31 der út. 26.48-43 21-26 27.40-34 6-11 28.33-29 11-16 29.29×18 13×22 30.34-29 9-14 31.29-23 22×24 32.25×23 16-21 Hjir lit wyt in kâns lizze. 33.42-38 is sterk. 33. ..21-27 34.37×17 2-7 35.23-18 7×27 36.18-12 as 33.2-7 34.23-18! 3-8 35.38-32 8×28 36.32×23 en wyt better. 33.45-40 2-7 34. ..3-8 mei de driging 21-27 en 8-12 is sterk. 34.43-38 14-19 35.23×14 4×24 36.38-33 Hjir lit swart de winstkâns lizze. 36. 3-8 as 3-9 wint.
36. ..3-9 37.42-38 21-27 38.37×17 7×27 en driget 27-32 mei skiif- en partijwinst. Nei 37.47-41 komt itselsde en op oare setten komt wyt oan. 36. …7-11 37.42-38 11-16 38.47-42 3-9 Foar swart is 38. ..21-27 39.37×17 16×18 folle better. 40.42-37 18-22 41.37-32 22×42 42.38×47 26-31 43.33-28 3-8 44.28-22 24-29 Swart is earder op de daam en wyt kin gjin daam helje om 1×41. Dus 43.47-41 31-36 44.40-35! 36×47 45.35-30 47×29 46.30×39 en dizze wei nei kamp is noch dreech te finen, lykas 43. ..24-29! 44.41×21 29×33 No rint it einspul nei kamp. 39.40-35 9-14 40.33-29 24×33 41.38×29 14-20 42.42-38 21-27 43.37×17 16×18 44.38-32 26-31 45.29-24 20×29 46.35-30 31×33 47.30×8
J.Wiersma – T.Kooistra, Harns 24.8.2024, 6-e omloop Finale WK
Nei in lykweardige partij sûnder kânsen fan wjerskanten komme we yn it spul nei 33. ..13-18 Swart kin no 18-22 en op 21×23 folget de trochbraak nei 12-17 en moat swart wol slaan 27×18.
Wyt kin noch wachtsje. At swart in skiif op fjild 19 as 24 kriget falt de driging fuort. Kin wyt swart oankomme litte? 34.49-43 en op 18-22 35.27×18 12×23 36.43-38 komt swart der net goed út. 34. 35-30 20×40 35. 45×34 14-20 36. 49-44 20-24 37. 34×14 4×24 38. 44-39 24-30 39. 39-33 18-22 40. 21×23 12-17 41. 27-21 17×26 42. 23-19 26-31 43. 19-14 31-37 44. 14-10 37-41 45. 33-28 41-47 46. 28-23 47-20 47. 10-5 7-11 48. 50-44 11-16 49. 44-39 16-21 50. 5-10 20-3 51. 10×50 en sa waard dit spul kamp en Marten Walinga nei winst op Slagter wer wrâldkampioen.
De problemen foar de ledderwedstriid
Nû.1 sw. 4, 7-11, 13, 17-20 wyt 27, 29, 32-34, 36-39, 41, 49
Nû.2 sw. 4, 5, 8-10, 13, 18, 19 wyt 15, 25, 28, 35, 36, 40, 42, 44
Mei twa nijen fan Stellinga-Baron
Nû.3 sw. 2, 4, 7, 10, 13, 17, 31 wyt 25, 28, 32, 34, 44, 47, 48
Nû.4 sw. 2, 4, 8, 10, 16, 26, 36 wyt 18, 28-30, 37, 38, 40
Oplossingen stjoere foar 25 oktober.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
Dat de jongeman, de jongste fan de Stadige Strikers, de daam ek fuortendaliks wer kwyt wie, docht fierders net ter sake: hy hie in daam hân. Hy hie der fierders neat oan, mar it feit fan it hawwen fan sa’n wolf die him goed. Fierders wienen der moandeitejûn njoggen fan de tolve dammers oanwêzich. De trije dy’t der net wienen, hienen dêrfoar goeie redenen.
Dicky van der Meer spile tsjin de beide Casteleinen. De soan dy’t anonym al efkes oanhelle waard yn de earste alinea koe it lang net hâlde, mar syn heit liet him net sa mar fan it boerd reagje. No is Dicky fansels in haadklasse spiler en Jan Castelein ien út de tredde klasse. Dan kin men fan tinken wol ha hoe’t soks ôfrinne sil. Dicky gie mei twa punten werom nei Terherne.
De beide bestjoersleden Bauke Bos en Ype Boelens spilen sa op it earste each wol in spannende partij. Doch soe dat net lang sa bliuwe. Ype helle der in moaie flypflap út en Bauke koe him wol ynpakke. Hy liet him trouwens net fuortendaliks ynpakke. Hy besocht der noch út te heljen wat der noch yn siet, mar dat wie net folle en hy moast him mar deljaan ûnder it ferlies.
Ynienen hearden wy it nochal hurd slaan fan in houtsje dat oer de fijânlike houtsjes sprong. Dejinge dy’t dat houtsje bestjoerde wie Tineke Teigeler. Sy makke in ein oan de partij tsjin Hennie de Haan.
De twa âld Hartwerters sieten tsjinoer elkoar: Bauke Dykstra en Cor Kooistra. De partij gyng wol hiel apart útein. Kooistra spile mei wyt tsjin alle regels yn, mar wol earlik, lit dêr gjin misferstân oer bestean. It waard dus in stân dy’t men net sa faak sjocht. Kooistra skode de rún en houtsje 49 fan de daam. Dykstra besocht om yn dy stân om te rammeljen. Hy miende dat er de slach wist, mar kaam nei it striken der achter dat it net koe. Kooistra spile ek net sa goed: hy sloech mar ien, wylst er twa pakke koe. Dochs betearde it foar him noch tige posityf en wûn fan syn âld doarpsgenoat.
Utslaggen: Jan Castelein – Dicky van der Meer 0 – 1; Dicky van der Meer – Kees Castelein 1 – 0; Bauke Bos – Ype Boelens 0 – 1; Cor Kooistra – Bauke Dykstra 1 – 0; Tineke Teigeler – Hennie de Haan 1 – 0.
(C. Kooistra)
Op ‘e nij en foar de tredde kear op in rige, earder al yn 2018 en 2021, is Marten Walinga fan Waaksens wrâldkampioen wurden. Nei in lange en fûle striid kaam hy by de einstreek in heal punt boppe Frysk kampioen Jelle Wiersma út. It toernooi, ein augustus te Harns, sette útein mei sechtjin dammers. Kwalifisearre troch it Fryslân Open en toenooien op lidraughts. De sterke Kanstantsin Nord (Wyt-Ruslân) en Mikael Batunin (Ukraïne) koene spitigernôch net komme. Sawn omlopen fierder hienen Wiersma en Taeke Kooistra 5,5 pt., wylts Walinga op 4,5 pt. stie mei grutte ferrassing Ties Slagter fan Den Bosch en Grinslanner Fedde Kramer. Nei de barraazje foel Kramer ôf en yn de finale koe Slagter it net risse en ferlear alle spullen yn de dûbele omlopen. Al hie er foar de priis noch in wichtige slach slein kind. De ûnderlinge partijen Walinga, Wiersma en Kooistra wienen dêrom beskiedend. Walinga en Wiersma pakten elk in punt mei in kombinaasje.
M.Walinga-J.Wiersma, Harns 23.8.2024 Finale WK, omloop 2A
Mei sterk spul hie Wiersma in bettere stân opboud. 29.37-31 hie moatten. Nei 29.45-40? 24-29! 30.39×17 13-18 31.17×19 9×16 spinpoate wyt noch wat troch, mar wie it spul wol dien. Lykswols pakte Walinga deselde dei yn de middeispartij in punt werom.
J.Wiersma-M.Walinga, Harns 23.8.2024 Finale WK, omloop 2B
Nei minder sterke setten fan wjerskanten 17.36-31 (better is 42-37) 14-19 (15-20!)
blundert wyt mei 18.46-41? en folget 18. ..30-35! 19.45×5 11-16 20.5×37 16×27 en it is daalk út. Nei letter bliken dwaan soe, beskiedend puntferlies foar Wiersma. Dy’t dochs wol as grutste favoryt sjoen waard en it lykas yn 2018 by de ein fan it toenooi lizze liet. Op de lêste dei moast Walinga (2,5 pt.) twa kear tsjin Slagter (0 pt.) en Wiersma (3 pt.) twa kear tsjin Kooistra (2,5 pt.).
M.Walinga-T.Slagter, Harns 24.8.2024 Finale WK, omloop 3A
Nei in lyk opgeande partij struts Walinga it foar de hân lizzende 27.32-27? en hie him grif de titel koste at Slagter taslein hie mei 27. … 35-40! 28.50×10 15-20 29.10×30 25×41 30.47-42 41×43 31.44x Mar it spul rûn oars en Walinga wûn.
Beide spullen tusken Wiersma en Kooistra waarden kamp. In oare kear sille we sjen dat Wiermsa deryn grif kânsen op winst hie. En doe’t Slagter him yn it einspul tsjin Walinga ferseach wie it tredde kampioenskip in feit. ‘Winners telle punten, ferliezers telle kânsen!’
Dan twa problemen fan Ties Slagter.
Nû.1 sw. 4, 7-11, 13, 17-20 wyt 27, 29, 32-34, 36-39, 41, 49
Nû.2 sw. 4, 5, 8-10, 13, 18, 19 wyt 15, 25, 28, 35, 36, 40, 42, 44
Oplossingen noch net stjoere.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
Yn de lêste omloop fan it Wrâldkampioenskip Frysk Damjen hiene Jelle Wiersma (3 p. ), Marten Walinga (2,5 p.) en Teake Kooistra (2,5 p.) alle trije noch kâns op ’e titel. Dat feroare nei de earste partij. Walinga wûn fan Ties Slagter (0 p.) en kaam dêrmei op 3,5 p. Dat hie nammers noch wol oars komme kind, want op ’e 27ste set seagen hy en syn tsjinstanner seagen kombinaasje oer de holle, dêr’t Slagter yn ien kear de aspiraasjes fan Walinga de grûn mei ynboarje kinnen hie. Tagelyk koe Wiersma tsjin Kooistra net fierder komme as kamp. Hy stie ferskate kearen neffens de analyze better, mar it slagge him net om it paad nei de winst te forsearjen. Dêrmei hong alles ôf fan ’e lêste twa partijen.
Hoewol ‘t it Kooistra en Wiersma oan te sjen wie, dat se it uterste fan har krêften jûn hiene en alles besocht hiene om te winnen, moasten se nei de lunch wer foarinoar oer plaknimme. Op ’en nij waard it in tige drege partij fan mear as trije oeren. Underwilens slagge Walinga oan syn twadde winstpunt tsjin Slagter. Dy lêste hâldt sûnder mis in ûnthjit yn foar de takomst, mar hy miste no noch krekt tefolle de rûtine yn it Frysk damspul. Hy hold it spul yn lykwicht oant en mei de 32ste set, mar fûn by einsluten yn Walinga syn master thús. Underwilens wrotten Kooistra en Wiersma fierder. Op in stuit joech de kompjûter op ‘en nij in foardiel oan foar Wiersma op set 34, mar de stelling wie kompleks en der waard gjin winnende fuortsetting fûn. De twa moarden noch 17 setten fierder, mar by eintsjebeslút einige de partij yn kamp. Dêrmei waard Walinga foar de tredde kear wrâldkampioen Frysk damjen.
De moarns wie op de Willem Barentszwerf it lêste njonkenevenemint: it earste ynternasjonale toernoai Maleisk damjen. Dizze foarm fan it damspul is allinnich yn in 19de-iuwsk manuskript oerlevere, mar wurdt de lêste tiid wer sporadysk beoefene. Dizze kear die bliken dat it Fryske team it sterkste wie, folge troch in ynternasjonaal gearstald team. De Poal Kosobudzki wie de sterkste yndividuele spiler.
De winner waard huldige en de dielnimmers waarden tasprutsen troch boargemaster Ina Sjerps. Hja beneamde de histoaryske bân tusken Frysk Damjen en Harns en spruts de oprjochte winsk út, dat yn ’e takomst spilers út alle kriten fan ’e wrâld ûnbehindere nei de Fryske havenstêd komme kinne om dizze unike titel op te easkjen.